Hotel Mumbai is in Australysk-Amerikaansk-Yndiaaske aksje-skriller út 2018 ûnder rezjy fan Anthony Maras, mei yn 'e haadrollen Dev Patel en Nazanin Boniadi. De film is basearre op 'e wierbarde oanslaggen dy't yn 2008 troch islamistyske terroristen útfierd waarden yn 'e Yndiaaske stêd Bombay (Mumbai). Yn 'e plot fan Hotel Mumbai giet de oandacht benammen út nei de oanslaggen op it Taj Mahal Palace Hotel en de gizeling fan hotelgasten dêre, wêrby't in oansjenlik diel fan it hotelpersoniel op syn post bleau en helddedieden ferrjochte om 'e hotelgasten te beskermjen. Hotel Mumbai waard foar it earst fertoand op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Toronto, yn septimber 2018, en draaide datselde jiers ek op it Filmfestival fan Adelaide, hoewol't de film pas yn 2019 yn 'e bioskopen kaam. Fan 'e filmkritisy krige Hotel Mumbai oer it algemien positive resinsjes. Yn 'e bioskopen die de film it lykwols midsmjittich en kaam er nei alle gedachten net út 'e kosten.

Hotel Mumbai
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Anthony Maras
produsint Basil Iwanyk
Gary Hamlilton
Andrew Ogilvie
Jomon Thomas
Mike Gabrawy
Julie Ryan
Brian Hayes
Shivani Rawat
senario John Collee
Anthony Maras
basearre op oanslaggen yn Bombay (2008)
kamerarezjy Nick Remy Matthews
muzyk Volker Bertelmann
filmstudio Thunder Road Films
Arclight Films
Electric Pictures
Xeitgeist Entertainment Group
ShivHans Pictures
Screen Australia
distribúsje Icon Productions (Austraalje)
Bleecker Street (Feriene Steaten)
Purpose Entertainment (Yndia)
spilers
haadrollen Dev Patel
Nazanin Boniadi
byrollen Jason Isaacs
Anupam Kher
Tilda Cobham-Hervey
Armie Hammer
Amandeep Singh
skaaimerken
lân/lannen Austraalje
Feriene Steaten
Yndia
premiêre 7 septimber 2018 (TIFF)
foarm langspylfilm
sjenre aksje-skriller
taal Ingelsk en Oerdû (ek wat Hindy)
spyltiid 125 minuten
budget en resultaten
budget $17,3 miljoen
opbringst $21,2 miljoen
prizen AACTA Award

Op 26 novimber 2008 giet de jonge ober Arjun nei syn wurk yn it Taj Mahal Palace Hotel yn Bombay. Hy is let om't de oppas foar syn jonge dochterke net opdaagjen kommen is en hat yn 'e haast syn wurkskuon fergetten. Yn it Taj tsjinnet er ûnder de strikte sjef-kok Hemant Oberoi, dy't de obers yn 't sin bringt dat yn it hotel "de gast God is". As Arjun op slippers oansetten komt, wol Oberoi him nei hûs stjoere, mar Arjun hat it salaris fan eltse tsjinst bitter nedich om syn jonge gesin fan te ûnderhâlden, dat hy smeekt Oberoi om bliuwe te meien. Uteinlik kriget de sjef-kok moederaasje mei him en lient er him syn eigen reserveskuon, dy't Arjun lykwols in maat te lyts binne. Under de gasten fan dy dei binne de rike Britsk-Iraanske erfgenamte Zahra Kashani mei har Amerikaanske man David en harren soan Cameron, in poppe dy't fersoarge wurdt troch bernefamke Sally, en teffens Vasili Gordetsky, in ûnbehouwen âld-kommando fan 'e Russyske Spetznaz, dy't no in rike sakeman is.

Underwilens arrivearje mei in rubberboat oer see yn Bombay tsien jonge islamistyske terroristen fan 'e yn Pakistan fêstige organisaasje Lashkar-e-Taiba, dy't har út 'e haven wei yn taksys oer it súdlike diel fan 'e stêdekloft fan Bombay ferspriede. Hja wurde oer de mobile tillefoan oanstjoerd troch in opdrachtjouwer dy't himsels "Broer Bolle" neamt. Dy jûns sette de mannen útein mei in rige koördinearre oanslaggen op tolve ûnderskate lokaasjes, te begjinnen mei it Spoarstasjon Chhatrapati Shivaji, dêr't twa fan 'e mannen mei mitrailleurs yn it wylde wei om har hinne begjinne te sjitten en dêrby 58 reizgers deadzje en 104 oaren ferwûnje. De pleatslike plysje set in klopjacht yn op dy beide terroristen, dy't dwers troch de oangrinzgjende wiken giet. Wylst de plysje yn dat diel fan 'e stêd gearlutsen wurdt, begjinne de oare terroristen mei oanfallen op oare plakken. Yn it Leopold Café sjitte se 10 minsken dea.

De Australyske backpackers Eddie en Bree witte út it Leopold Café te ûntkommen en flechtsje yn panyk mei in kloft oare omstanners troch strjitten fan Bombay oant se foar de doarren fan it Taj Mahal Palace Hotel bedarje. De portiers besykje de wanhopige kliber earst tsjin te kearen, mar se krije al rillegau opdracht om eltsenien binnen te litten. Mei de echte flechtlingen komme ek de terroristen Imran en Abdullah it Taj binnen, dêr't se yn 'e lobby mitrailleurs en hangranaten út harren rêchsekken foar 't ljocht helje en begjinne te sjitten op 'e alle kanten út spattende oanwêzigen. De beide terroristen krije net folle letter fersterking fan in pear trewanten. De sitewaasje groeit de pleatslike plysje alhiel boppe de holle, mei't se net traind of tarist binne om mei terroristyske oanslaggen om te gean en boppedat te krijen hawwe mei ferskate soartgelikense gefallen ferspraat troch de stêd. Se kinne sadwaande inkeld in kordon om it Taj hinne lizze en wachtsje oant in spesjale kommando-ienheid arrivearret út 'e Yndiaaske haadstêd New Delhi, dat tûzenen kilometers fierderop leit.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Yn it hotel is it klearebare gaos. Arjun hat op it momint dat de oanfal begjint, tsjinst yn it restaurant fan it hotel, dêr't ûnder de iters David en Zahra binne en teffens Gordetsky. Hja ferskânzje har yn it restaurant, dêr't Arjun alle lampen út en de doar fan op 't slot docht. Underwilens stiet Sally sûnder euvelmoed yn 'e hotelkeamer fan David en Zahra ûnder de dûs wylst se op 'e lytse Cameron past, en is se sadwaande ûnberikber foar de har wanhopich opskiljende âlden fan it jonkje. Backpacker Eddie wit út in finster op 'e earste ferdjipping te springen, wêrby't er in skonk brekt. Hy wurdt troch de plysje yn feilichheid brocht, mar hy is by harren flecht troch it hotel syn freondinne Bree út it each ferlern.

As Sally einlings ûnder de dûs wei komt en har mobile tillefoan opnimt, kringt der op datselde stuit in beblette âldere frou de hotelkeamer binnen, flechtet by de fernuvere Sally lâns en slút harsels op yn 'e badkeamer. In pear terroristen komme it minske efternei, en Sally wit, mei Cameron op 'e earm, krekt op 'e tiid in skûlplak te finen yn in ynboude kleankast by de keamersdoar. Hja sjocht troch de skreven yn 'e lûvredoar fan 'e kast mei ôfgriis ta hoe't de mannen de badkeamersdoar iepenbrekke en de frou koelbloedich fermoardzje foar't se eefkes nei it húske geane en har dan wer ôfjouwe. David beslút dat er besykje moat om Sally en Cameron te berikken. Hy lit Zahra yn it restaurant efter en glûpt nei boppen ta. Hy belibbet ûnderweis ferskate nuodlike aventoeren, mar wit ûnskansearre Sally en Cameron te berikken.

Underwilens ropt sjef-kok Oberoi de kokenstêf en de obers byinoar en kundiget oan dat er fan doel is de gasten te helpen om te ûntsnappen. Hy freget de oare leden fan it personiel om help, mar jout dêrby daliks oan dat it neat is om harren foar te skamjen as se derfoar kieze út te piken; se hawwe ommers allegear in eigen húshâlding dêr't se om tinke moatte. Guon kieze der yndie foar om troch de kokendoar út it hotel fuort te glûpen, mar de measten beslute te bliuwen. Under lieding fan Oberoi sammelet de kokenstêf safolle mooglik hotelgasten yn 'e Chambers Lounge, in tige eksklusive heareklub yn it hotel, dy't gjin ynterne finsters hat, mar wol tarist is mei in grutte dûbele doar fan massyf hout, foarsjoen fan in stevich slot en in pear skoattels. Oberoi skillet Arjun op en riedt him mei klam oan om 'e gasten út it restaurant ek nei de Chambers Club te bringen. Arjun liedt dêrnei in stik as fyftjin hotelgasten, ûnder wa Zahra Kashani en Vasili Gordetsky, fia de betsjindetreppen nei de Chambers Lounge ta.

Yn 'e lobby hawwe twa fan 'e terroristen in pear resepsjonistes finzen nommen dy't op harren post bleaun wiene, ferskûle efter de baalje. Se hâlde ien fan harren in pistoal tsjin 'e holle oan, wylst se de oare de gasten opskilje litte dy't harren yn har eigen hotelkeamer ferskânze hawwe, mei it boadskip dat de plysje by harren foar de doar stiet om harren yn feilichheid te bringen. Wannear't de hotelgasten de doar iependogge, wurde se lykwols deasketten troch it oare pear terroristen. As de resepsjonistes dat hearre, wegerje se noch fierder mei te wurkjen, en wurde se allebeide fermoarde.

Zahra stjoert David in tekstberjocht wêryn't se him opropt om ek nei de Chambers Lounge ta te kommen. Sadwaande set David mei Sally en Cameron dêrhinne, mar hy wurdt opmurken troch ien fan 'e terroristen. Hy hat noch tiid om Sally, dy't Cameron op 'e earm hat, yn in kast mei handoeken en bêdrêding te triuwen foar't de terrorist om 'e hoeke komt en him oermânsk wurdt. Mei't se op dat stuit op 'e siik binne nei rike hotelgasten om as gizelders te brûken, wurdt David net deasketten, mar finzen nommen. Nei't er fuortfierd is, ûntdekt Sally dat de kastdoar inkeld fan bûtenôf iepene wurde kin en dat se no opsletten sit. David wurdt nei in hotelkeamer brocht dy't de terroristen as provisoarysk haadkertier brûke. Dêr wurdt er twongen om mei de hannen op 'e rêch fêstbûn op 'e búk op 'e flier lizzen te gean en him stil te hâlden.

Underwilens wurdt bûtendoar, by it plysjekordon, dúdlik dat de kommandotroepen út New Delhi net foar de oare moarns arrivearje sille. Hoewol't se opdracht krigen hawwe om ôf te wachtsjen en inkeld yn te gripen as de terroristen nei bûten ta komme, beslute resjersjeur Vam en syn partner Kanu dat se sa lang net wachtsje kinne. Mei de pleatslike plysje sa oerwurke, meitsje se gjin kâns om it hotel te weroverjen, mar Vam ornearret dat it al in slok op in boarrel skele soe as se de befeiligingskeamer witte soene te berikken, dêr't de bylden fan 'e befeiligingskamera's yn it hiele hotel binnenkomme; dan soene se de bewegings fan 'e terroristen yn 'e gaten hâlde kinne. Dat, Vam, syn partner en fjouwer unifoarmearre plysjes kringe it Taj binnen, dêr't se lykwols yn 'e lobby mei hangranaten bekûgele wurde. De unifoarmearre plysjes komme om, mar Vam en Kanu witte te ûntkommen, djipper it hotel yn.

In resepsjoniste bringt nochris ferskate tsientallen gasten nei de Chambers Lounge, ûnder wa de Australyske backpackster Bree, dy't swier ferwûne rekke is troch in skot yn it boarst, krekt boppe it hert. As dúdlik wurdt dat se it sûnder medyske help net oerlibje sil, biedt Arjun him oan as frijwilliger om te besykjen har it hotel út te helpen. Op 'e betsjindetreppen nei ûnderen ta komt it duo de beide plysjeresjersjeurs tsjin. Bree sjocht twa Yndiaaske manlju mei fjoerwapens en flechtet yn panyk fuort, wêrnei't se frijwol daliks in echte terrorist tsjin it liif rint en deasketten wurdt.

Arjun liedt de beide plysjeminsken nei de befeiligingskeamer ta. Dêr sjogge se op 'e bylden fan in befeiligingskamera hoe't in terrorist, dy't it identiteitsbewiis fan ien fan 'e fermoarde plysjes út 'e lobby brûkt, Oberoi besiket te bepraten om 'e doarren fan 'e Chambers Lounge te iepenjen. As Arjun de beide resjersjeurs fertelt dat dêr mear as fyftich hotelgasten sammele binne mei tsientallen leden fan it personiel, geane de beide resjersjeurs daliks dy kant út, ek al binne se mar bewapene mei pistoalen, wylst de terroristen mitrailleurs ta har foldwaan hawwe. Arjun skillet Oberoi op en warskôget him krekt op 'e tiid om 'e doarren net iepen te dwaan. De terrorist besiket dan de doarren iepen te brekken troch in ornaminteel stânbyld as stoarmraam te brûken, mar de swiere doarren jouwe gjin krimp. Twa oare terroristen komme opdaagjen, en foar't se op it idee komme kinne om in hângranaat te brûken, wurde se oanfallen troch Vam en Kanu. It slagget harren net om 'e terroristen te deadzjen, mar se witte ien te ferwûnjen troch him yn 'e skonk te sjitten. Kanu rekket ferwûne, dat Vam skuort him mei en pykt út. De trije terroristen geane efter de flechtsjende plysjes oan en litte de Chambers Lounge fierders gewurde. Vam en Kanu witte it hotel wer út te kommen.

De yn 'e skonk sketten terrorist is Imran. Mei't er kwealk noch rinne kin, wurdt hy neitiid troch de oaren oanwiisd as bewekker fan 'e gizelders. As er allinne mei harren is, skillet er syn heit op. It docht bliken dat de terroristen by harren ôfreis út Pakistan, om 'e oanslaggen yn Bombay te dwaan, har famylje wiismakke hawwe dat se yn training giene foar it leger. It wurdt ek dúdlik dat "Broer Bolle" ûnthjitten hie om in oansjenlik bedrach ta kompinsaasje oer te meitsjen oan harren famyljes, mar dat er dat net dien hat, ta argewaasje fan Imran, dy't almar mear desyllúzjonearre rekket mei de hiele sitewaasje.

Mei't se David net mear berikke kin, sit Zahra o sa yn noed. Yn 'e mande mei Gordetsky, dy't himsels opwurpen hat as har beskermer, en fjouwer oare hotelgasten stiet se der by Oberoi op oan om harren út 'e Chambers Lounge te litten. De sjef-kok fynt dat in tige min idee, mar it binne op 't lêst folwoeksen minsken dy't er net bêst tsjin har wil finzen hâlde kin, dat hy lit harren gean. Wylst de oare fjouwer besykje it hotel fia de lobby en de haadyngong te ferlitten, en dêrby op ien fan 'e terroristen stjitte en delmeand wurde, besiket Zahra de hotelkeamer fan har en David te berikken. Gordetsky giet har tsjin betterwitten yn efternei. Ien fan 'e terroristen komt it twatal oer it mad, nimt harren finzen en bringt harren nei de keamer dêr't David en ferskate oare hotelgasten gizele wurde. Zahra en Gordetsky wurde dêr ek fêstbûn, en Zahra komt njonken David oer de flier te lizzen. Se wol him freegje nei Cameron, mar hy flústeret har fluch ta: "Do kenst my net," bang as er is dat de terroristen harren leafde foarinoar tsjin harren brûke sille, mochten se ûntdekke dat Zahra en hy troud binne.

Allinnich efterbleaun yn 'e befeiligingskeamer sjocht Arjun op in stuit op 'e befeiligingsbylden in groep fan inkele tsientallen hotelgasten troch de gongen slûpen, dy't streekrjocht yn 'e earms fan in pear terroristen driigje te rinnen. Hy ferlit de feilige keamer en hastiget him nei de gasten ta, dy't er de oare kant út liedt, by de terroristen wei. Underweis, by it oerstekken fan in haadgong, heart ien fan 'e hotelmeiwurkers yn 'e groep in poppe gûlen; hy folget it lûd en treft Sally mei Cameron yn 'e kast oan. Hja jout har by de kloft en berikt sa de Chambers Lounge.

Uteinlik, mear as tolve oeren nei it begjin fan 'e oanslach op it hotel, krije de terroristen fan "Broer Bolle" te hearren dat de langferwachte kommando's út New Delhi yn Bombay oankommen binne. (Hy hat dat op CNN en oare nijsmedia sjoen.) Dêrop sette se útein mei de einfaze fan harren plan: it platbaarnen fan it hotel. Se stiftsje dêrta oeral yn it reuseftige gebou brân. As de gizelders yn 'e hotelkeamer reek rûke, wurde se ûngeduerich. David wit syn hannen los te krijen en beslút te besykjen om Imran te oermasterjen, dy't sa foar it each yn 'e sliep wei is. Hy flústeret Zahra it nûmer fan 'e hotelkeamer ta dêr't Sally mei Cameron fuort njonken yn 'e kast sit. Imran blykt lykwols net te sliepen, en David rekket swier ferwûne as Imran him delsjit foar't er goed en wol oerein komme kinnen hat.

It is de bedoeling fan "Broer Bolle" dat de gizelders stânrjochtlik eksekutearre wurde sille foar it finster fan 'e hotelkeamer en de kamera's fan 'e media. Yn tarieding dêrta lit er de terroristen yn 'e klean fan 'e gizelders sykje nei identiteitsbewizen. Sa ûntdekke se dat Gordetsky eins in feteraan út 'e Russysk-Afgaanske Oarloch is, dy't yn Afganistan tsjin 'e mûdjahediin, it islamitysk ferset, fochten hat. Dat, syn ûnwil om mei te wurkjen en respektleaze antwurden op harren fragen liede derta dat se warleaze man in flink wan bruien jouwe.

Underwilens rûke Oberoi, Arjun en de oaren yn 'e Chambers Lounge de reek fan 'e brannen ek. Oberoi beslút dat de rêding te lang op him wachtsje lit; as se de hotelgasten net sels it hotel út krije, is de ûntsnappingsrûte aansten ôfsletten troch it fjoer. Ien fan 'e gasten, de waanwize sakeman Vijay Goswani, fynt dat it hotel him net de service jout dêr't er foar betelle hat, en skillet op syn mobile tillefoan de nijsmedia op om dêroer syn beklach te dwaan. Dêrby fertelt er persiis wêr't de groep hotelgasten him befynt, foar't Arjun him tillefoan ôfkriget en it ding stikken slacht. Mei Arjun foarop en Oberoi hielendal efteroan giet de hiele kloft gasten en personielsleden út 'e Chambers Lounge fia de personielsyngong de betsjindetreppen del. Underwilens heart "Broer Bull" op 'e tillefyzje, tanksij de ûntefreden hotelgast, dat in kloft gasten út 'e Chambers Lounge besiket út te brekken. Hy stjoert trije fan 'e terroristen dêr daliks op ôf, mar de mannen wurde opholden om't har eigenoanstutsen brân har it paad tichtset en se in omwei sykje moatte.

Underwilens kriget de efterbleaune Imran fan "Broer Bolle" opdracht en meitsje alle gizelders yn 'e hotelkeamer ôf. Hy sjit trije fan harren dea, ûnder wa David, dy't mei syn lêste wurden syn leafde oan Zahra betsjûget. As Imran Zahra deasjitte wol, rôlet Gordetsky nei him ta en byt him yn 'e haksine fan syn ferwûne skonk. Hy lit net wer los en it duorret in hoart ear't de omfallen en pinige Imran syn wapen yn 'e ûnhandige hoeke krije kin dy't nedich is om 'e Rus dea te sjitten. Wylst er leit te bekommen, begjint Zahra de ṣalāẗ op te sizzen, it islamitysk gebed. Imran, dy't alle hotelgasten en Ynjers as ûnleauwigen beskôget, fynt dat tige ûntrêstgjend en raast har ta op te hâlden, wat se wegeret. Hy skillet "Broer Bolle" wer op en seit dat der in frou mank de gizelders is dy't islamitysk is, mar "Broer Bolle" hjit him om har likegoed dea te sjitten. Imran kin himsels dêr lykwols net ta bringe en sjit twaris by Zahra lâns, foar't er mankepoatsjend de hotelkeamer ferlit.

De oare trije terroristen berikke einlings de Chambers Lounge, dêr't se mei in hangranaat de swiere doarren opblaze. As se dat hearre, feroaret de hoedene slûptocht fan 'e hotelgasten en it personiel fia de betsjindetreppen yn in wylde flecht. Uteinlik wurde hotelgasten en personielsleden yn 'e kokens ynhelle troch de trije terroristen. Dyselden sjitte ferskaten fan 'e flechtsjenden del, mar wurde dan sels op 'e flecht jage as Yndiaaske kommando's it hotel fia de kokenyngong binnenkringe en weromsjitte, wêrby't ien fan 'e terroristen de dea fynt.

Zahra, allinnich mei de deaden efterlitten yn 'e hotelkeamer, wit har hannen los te krijen. Se tutet David ta ôfskie en giet dan út 'e hotelkeamer wei, op 'e siik nei Sally en Cameron. Se siket de hotelkeamer op dy't David neamd hat, en sjocht dêr yn 'e kast, mar dy is leech, op in efterlitten romperke fan Cameron nei. Neitiid rekket Zahra ynsletten troch de brân. Se giet in lege hotelkeamer binnen, dêr't se it finster iepenbrekt om net troch de reek te stikken. Uteinlik wurdt se dêr troch de brânwacht mei in heechwurker rêden. Ienris bûtendoar siket Zahra fertwifele nei Sally en Cameron, en as se harren úteinlik fynt, folget in weriening yn triennen.

Underwilens kringe de kommando's djipper it hotel yn. As se in doelleas troch de gongen doarmjende Imran tsjinkomme, sjitte se him dea. De oare beide terroristen wurde ynsletten yn 'e lobby, efter de baalje fan 'e resepsje. De kommando's smite dêr in eksplosyf efter en bringe dat ta ûntploffing, wêrmei't se de beide terroristen deadzje. Arjun giet alhiel yn shock op 'e scooter werom nei hûs. Dêr wurdt er weriene mei syn frou, dy't de hiele nacht om him yn noed sitten hat, en harren dochterke. In tekst dy't foar it begjin fan 'e ôftiteling yn byld brocht wurdt, fertelt dat de einferantwurdliken foar de oanslaggen, lykas "Broer Bolle", nea pakt binne. It Taj Mahal Palace Hotel wie lykwols binnen in fearnsjier wer iepen.

Rolferdieling

bewurkje seksje
 
Dev Patel.
 
Nazanin Boniadi.
 
Jason Isaacs.
 
Anupam Kher.
haadrollen
personaazje        akteur/aktrise
ober Arjun Dev Patel
Zahra Kashani Nazanin Boniadi


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Vasili Gordetsky Jason Isaacs
sjef-kok Hemant Oberoi Anupam Kher
Sally Tilda Cobham-Hervey
David Armie Hammer
Imran Amandeep Singh
Abdullah Suhail Nayyar
butler Jamon Alex Pinder
resepsjoniste Lani Naina Sareen
Bree Natasha Liu Bordizzo
Eddie Angus McLaren
resjersjeur Vam Nagesh Bhonsle
resjersjeur Kanu Vitthal Kale
Houssam Manoj Mehra
Rashid Dinesh Kumar
Sanjay Gaurav Paswala
Vijay Goswani Sachin Jaob
"Broer Bolle" Pawan Singh (stim)
lady Wynn Carmen Duncan
Layla (eachdokter) Ansuya Nathan
Dimple Adithi Kalkunte
Ajmal Kasab Kapil Kumar Netra
Ismail Khan Amrit Singh
Dilip Vipin Sharma
portier Sandeep Bhojak

Produksje en distribúsje

bewurkje seksje

Hotel Mumbai waard regissearre troch Anthony Maras nei in senario fan himsels en John Collee op basis fan 'e wiere foarfallen yn it Taj Mahal Palace Hotel yn Bombay ûnder de oanslaggen dêre yn 2008. As produsinten wiene Basil Iwanyk, Gary Hamlilton, Andrew Ogilvie, Jomon Thomas, Mike Gabrawy, Julie Ryan, Brian Hayes en Shivani Rawat by it projekt belutsen foar de filmstudio's Thunder Road Films, Arclight Films, Electric Pictures, Xeitgeist Entertainment Group, ShivHans Pictures en Screen Australia. Dêrmei wie de film in Australysk-Amerikaansk-Yndiaaske ko-produksje. Der wie foar Hotel Mumbai in budget beskikber fan 25 miljoen Australyske dollar, wat omrekkene delkomt op 17,3 miljoen Amerikaanske dollar. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Nick Remy Matthews, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Volker Bertelmann.

De opnamen setten yn augustus 2016 útein. De binnendoarsênes waarden fierhinne filme yn 'e Adelaide Film Studios fan 'e South Australian Film Corporation yn Adelaide. Bûtendoarsênes waarden opnommen op lokaasje yn Bombay. Der wurdt yn 'e film sawol Ingelsk sprutsen (troch de hotelgasten en it personiel), as Oerdû (troch de terroristen).

Distribúsje

bewurkje seksje

De distribúsje fan Hotel Mumbai waard yn Austraalje fersoarge troch Icon Productions; yn 'e Feriene Steaten troch Bleecker Street; en yn Yndia troch Purpose Entertainment. De Amerikaanske distribúsjerjochten waarden oarspronklik bemachtige troch The Weinstein Company, mar doe't eigner Harvey Weinstein troch seksueel oer de grins geand hâlden en dragen yn it ramt fan it #MeToo-skandaal yn opspraak rekke, waard troch de produsinten fan Hotel Mumbai it kontrakt mei syn bedriuw yn april 2018 opsein. Yn Yndia en oare dielen fan Súd-Aazje hie de distrbúsje dien wurde sillen troch Netflix, mar dat bedriuw loek him út himsels werom nei't der spul oer it kontrakt ûntstie mei de ûnderoannimmer foar Yndia, Plus Holdings.

Hotel Mumbai waard foar it earst fertoand op 7 septimber 2018 yn Kanada, op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Toronto. Op 8 oktober fan dat jier wie de film ek te sjen op it Filmfestival fan Adelaide, yn it Australyske Adelaide, dêr't de film ek foar in grut part opnommen wie. Hotel Mumbai gie op 14 maart yn 2019 yn premiêre yn 'e Australyske bioskopen. Yn 'e Feriene Steaten kaam de film op 22 maart fan dat jier út, en yn Yndia pas op 29 novimber 2019.

 
It Taj Mahal Palace Hotel yn Bombay.

Fan 'e filmkritisy krige Hotel Mumbai oer it algemien positive resinsjes. Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Hotel Mumbai in goedkarringspersintaazje fan 76%, basearre op 204 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Hoewol't de ôfskildering fan wierbarde ferskrikkings guon as eksploitatyf oankomme sil, is [de film] dochs in knaphandich makke dramatisearring fan tragyske foarfallen." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Hotel Mumbai in goedkarringspersintaazje fan 62%, basearre op 33 resinsjes.

Hotel Mumbai brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $9,7 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $11,5 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $21,2 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $17,3 miljoen betsjut dat in winst fan $3,9 miljoen. Mei't dêr de marketingkosten noch ôf moatte, liket it ûnwierskynlik dat Hotel Mumbai yn 'e bioskopen út 'e kosten kommen is.

Hotel Mumbai waard by de AACTA Awards, de wichtichste Australyske filmprizen, yn 2019 nominearre yn 13 ûnderskate kategoryen, wêrûnder bêste film, bêste regisseur, bêste akteur (Dev Patel), bêste aktrise (Nazanin Boniadi), bêste byrol fan in aktrise (Tilda Cobham-Hervey), bêste senario, bêste kamerarezjy, bêste filmmuzyk, bêste lûd, bêste produksje-ûntwerp, bêste kostúmûntwerp en bêste casting. De film wûn lykwols mar 1 AACTA Award, foar bêste filmmontaazje.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.