Into the Grave (Ingelsk foar: "It Grêf Yn") is in muzykfestival fan trije dagen dat elts jier op in freed en de dêropfolgjende sneon en snein yn 'e simmer holden wurdt yn 'e Fryske haadstêd Ljouwert.[1] It is wijd oan it hardrock-subsjenre heavy metal.[1] Elts jier komme der, op 'e beide dagen dat Into the Grave holden wurdt, sa'n 5.000 minsken op it festival ôf.[1]

Into the Grave
Into the Grave festival 2016
Into the Grave festival 2016
plak en tiid
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Ljouwert (gemeente)
plak Ljouwert (stêd)
holden yn Aldehoustertsjerkhôf
tiid fan it jier mids augustus
bysûnderheden
ôfkoarting ITG
soarte evenemint muzykfestival
sjenre heavy metal
bestean 2011 – no
offisjele webside
intothegrave.nl

Nei't de plande edysje fan Into the Grave fan 2010 troch boargemaster Ferd Crone fan Ljouwert ferbean waard út eangst foar ûngeregeldheden, waard it evenemint foar it earst organisearre yn 2011.[2] Sûnt fynt it elts jier plak op it Aldehoustertsjerkhôf, yn 'e Ljouwerter binnenstêd. Hoewol't organisators Tjerk Maas en Paul van Berlo dat noch altyd in "supertoffe lokaasje" fine, hawwe ferskate swierrichheden al de kop opstutsen, benammen foar de edysje fan 2018.[1]

Yn it ramt fan it projekt Kulturele Haadstêd fan Jeropa 2018 waard nammentlik oan 'e eastein fan it Aldehoustertsjerkhof it paviljoen Obe boud. It gefolch dêrfan wie dat de romte dy't foar it hâlden fan Into the Grave beskikber is, flink ynkoarte waard. It festival koe sadwaande yn 2018 minder besikers talitte as de foargeande jierren, wylst it eins krekt grutter groeie woe.[1] Oan 'e wurknimmers fan Obe of fan Tresoar, oarekant de Grienedyk, lei it neffens de organisators net; dy letten en setten harren op alle mooglike manieren. It wie krekt de gearwurking mei de Gemeente Ljouwert dy't stûke.[1]

Sa woe Into the Grave graach in twadde poadium en in eigen camping hawwe dêr't de besikers oan it twadeiske evenemint oernachtsje koene. Sels seagen se beide graach yn 'e Prinsetún, fuortby it Aldehoustertsjerkhôf,[1] in idee dêr't kollumnist Pieter de Groot yn 'e Ljouwerter Krante tsjin fanwegen kaam.[3] De gemeente hie anno 2018 (noch) gjin thús jûn yn reaksje op dizze plannen fan Into the Grave, wat troch de organisators ynterpretearre waard as in faai teken.[1] Neffens Van Berlo beriedt de organisaasje him sadwaande serieus op in eventuele ferpleatsing fan it muzykfestival. Der wurdt bygelyks tocht oan it fleanfjild fan Drachten.[1] Neffens De Groot soe Into the Grave mei sa'n ferhuzing sawol de Gemeente Smellingerlân as de Gemeente Ljouwert in tsjinst bewize.[3]

Begjin novimber 2018 waard lykwols bekendmakke dat Into the Grave foarearst gewoan op it Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert bliuwe soe.[4] Dat kaam mei om't de gemeente ûnderwilens oanjûn hie it festival graach foar Ljouwert behâlde te wollen. Der wie dêrom ôfpraat dat der fan 'e edysje fan 2019 ôf njonken it poadium op it Aldehoustertsjerkhôf in twadde poadium komme soe fierder eastlik oan 'e Grienewei, op 'e hichte fan 'e Popbunker yn 'e Prinsetún. Van Berlo joech oan dat er dêrmei "de kommende twa jier wol foarút" koe.[4] Foar de edysje fan 2021 waard noch in nij plak socht, mooglik op 'e Werpsterhoeke of op it parkearterrein by it nije Cambuurstadion efter it WTC.[4] Fierders waard tagelyk ek bekendmakke dat Into the Grave mooglik al yn 2019 útwreide wurdt mei in trêde dei.[4] Dat waard ein jannewaris 2019 befêstige: foar de edysje fan 2019 kaam der in trêde dei, dy't fergees tagonklik wie foar publyk fan 'e oare beide dagen dy't in 'combiticket' sjen litte koene. Op dy wize woe Into the Grave neffens it parseberjocht fan 'e organisaasje "wat weromdwaan" út tank oan Ljouwert en syn ynwenners.[5]

Optredende bands

bewurkje seksje
Jier Datum Bands Opm.
2011 13 augustus Devin Townsend Project · Aborted · Mnemic · In Solitude · Karma to Burn · Debauchery · Disintegrate · I Chaos I Chaos waard ferpleatst fan de afterparty nei it haadpoadium en ferfong Waking the Cadaver, en Gama Bomb waard ferfongen troch Karma to Burn.
2012 11 augustus Bolt Thrower · Enslaved · Grave · Hell · Obscura · Corrosion of Conformity · Dew-Scented · Nom De Plume
2013 10 augustus Paradise Lost · Satyricon · DevilDriver · Sodom · Jungle Rot · Heaven's Basement · Bliksem · Stonehawk
2014 9 augustus Megadeth · Vader · Schirenc plays Pungent Stench · Flotsam & Jetsam · Sólstafir · Havok · Vanderbuyst · Hacride · Teethgrinder Gorguts sei ôf en waard ferfongen troch Schirenc plays Pungent Stench. Ek Dagoba liet ferstek gean.
2015 8 augustus Sabaton · Sepultura · Cannibal Corpse · Obituary · Ensiferum · Avatar · Audrey Horne · Betraying the Martyrs · Cornered
2016 12 augustus Slayer · Airbourne · Amaranthe · Scar Symmetry · Vektor · Gruesome Alestorm sei ôf en waard ferfongen troch Korpiklaani
13 augustus Kreator · Carcass · Exodus · Korpiklaani · Voivod · The Black Dahlia Murder · Unearth · Tribulation · Evil Invaders
2017 11 augustus Saxon · Powerwolf · Alestorm · Metal Church · Flotsam & Jetsam · The Charm The Fury
12 augustus Amon Amarth · Arch Enemy · Overkill · Life of Agony · Whitechapel · Sodom · Textures · Pro-Pain · Ember Falls
2018 10 augustus Gojira · Delain · Decapitated · Orden Ogan · Toxic Holocaust · Toxic Shock Nails wie befêstige mar blykte dochs net te kommen. ek Metal Allegiance sei ôf en waard ferfongen troch Decapitated
11 augustus Behemoth · Children of Bodom · At the Gates · Paradise Lost · Suicidal Tendencies · Dying Fetus · Gloryhammer · Goatwhore · Dust Bolt
2019 9 augustus Anthrax · Sick of It All · Hypocrisy · Dog Eat Dog · Soilwork · No Turning Back · Prong · Sworn Enemy · For I Am King Black Peaks soe de sneins spylje mar moast ferfongen wurde troch Prognosis.
10 augustus Powerwolf · Sacred Reich · Meshuggah · Lacuna Coil · Testament · Ost+Front · Queensrÿche · Jinjer · TesseracT · Alien Weaponry · Battle Beast · Crystal Lake · God Dethroned · Crobot
11 augustus Opeth · Death Angel · The Vintage Caravan · Prognosis · Klone
2022 10 juny Carcass · Peter Pan Speedrock · Decapitated · Heathen · Toxik · Legion of the Damned · Cryptosis · Graceless · Baldrs Draumar Obituary, 1914, Spiritbox en Paradise Lost seinen ôf en waard ferfongen troch Death To All, Sisters of Suffocation, Cobra The Impaler en Carcass.
11 juny Alestorm · Gloryhammer · Dark Funeral · Orange Goblin · Flotsam & Jetsam · Cobra The Impaler · Wind Rose · Destruction · Heidevolk · Midnight · Ingested · Night Demon · Sisters of Suffocation · Enforced
12 juny Emperor · Death To All · Orden Ogan · High on Fire · Evil Invaders · Space Chaser · Red Fang · Gatecreeper · Carnation · Ad Infinitum · Urne
2023 9 juny Amorphis · Evergrey · Trollfest · DragonForce · Angus McSix · Blackbriar · Cobra The Impaler · Famyne · Warkings The Sword wie befêstige mar gie yn oktober 2022, rom foar it festival by inoar wei, en waard ferfongen troch Monster Magnet. Bloodywood sei om logistike redenen ôf en waard ferfongen troch Halipron, Exodus sei twa wiken foar it festival ôf fanwege famylje omstannigheden en waard ferfongen troch Cradle of Filth. Cane Hill Sei krekt foar it optreden ôf om't se yn Dútslân fêst stiene yn it ferkear.
10 juny Testament · Cradle of Filth · Bloodbath · Scar Symmetry · The Vintage Caravan · Vreid · Halipron · Psychonaut · Omnium Gatherum · Jungle Rot · Undeath · Necrotted · Kryptos
11 juny Jinjer · Clutch · Monster Magnet · Municipal Waste · Born of Osiris · Orbit Culture · Angelus Apatrida · Earthless · Xenos · Spirit Adrift · Chemicide
2024 7 juny Fear Factory · Orden Ogan · Fleshgod Apocalypse · Arion · Crypta · Vengeance · Mars Red Sky · Vio-lence · Nephylm
8 juny Slaughter to Prevail · Ne Obliviscaris · Crystal Lake · Halocene · Our Hallow Our Home · Nervosa · Hammok · Hellripper · Brujeria · Bütcher · Sanguisugabogg · Svalbard · Lokust · Ter Ziele
9 juny Paradise Lost · Brutus · Nanowar of Steel · Whiplash · Avatarium · Devastator · Dymytry · Conjurer· Endseeker · The Callous Daoboys · Dvne
2025 13 juny Gloryhammer · Wind Rose · Feuerschwanz · Rotting Christ · Orange Goblin · Bewitcher · Vulture · Insanity Alert · Exodus · Powerwolf · Death Angel · W.A.S.P. · Cattle Decapitation · Phil Campbell · Municipal Waste · 3 Inches of Blood · Cobra The Impaler · High Parasite · Revnoir · Hiraes · F.K.Ü. · Martyr
14 juny
15 juny


Online edysje 2020

bewurkje seksje

De edysje fan 2020 gie net troch ta gefolch fan de koroana-krisis. Waard earst útsteld oant 2021, mar stiet no foar 2022 op de planning. Yn poppoadium Neushoorn waard yn 2020 in online edysje organisearre. Der wiene in beheind tal kaartsjes beskikber foar de optredens sels.

Datum Bands
7 augustus Sisters of Suffocation · Atmoran
8 augustus Famyne · Bring on the Bloodshed · Insurrection
9 augustus Dead Lord · Bodyfarm · The Heritance

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,0 1,1 1,2 1,3 1,4 1,5 1,6 1,7 1,8 Haagsma, Jacob, Into the Grave ontgroeit Leeuwarden, yn: de Ljouwerter Krante, 10 augustus 2018, s. 33.
  2. ——, Metalfestival mag dit jaar doorgaan, yn: de Ljouwwerter Krante, 22 juny 2011.
  3. 3,0 3,1 Groot, Pieter de, Nu de Prinsentuin nog festivaliseren? Nooit!, yn: de Ljouwerter Krante, 11 augustus 2018, s. 16.
  4. 4,0 4,1 4,2 4,3 ——, Into the Grave weer op Oldehoofsterkerkhof, yn: de Ljouwerter Krante, 8 novimber 2018, s. 34.
  5. ——, Derde dag van festival Into the Grave, yn: de Ljouwerter Krante, 26 jannewaris 2019, s. 42.