De kukri (útspr.: ['kukri], likernôch: "-kry") is it tradisjonele iensnedige mês fan 'e Goerka's út Nepal en noardeastlik Yndia. De namme is eins in ferbastering út it Hindy fan it oarspronklike Nepaleeske wurd खुकुरी, khukuri (útspr.: ['kʰukuri], likernôch: "k'hû-kû-ry"). It mês wurdt brûkt as wapen, mar ek as stik ark, en it is maklik werom te kennen oan 'e karakteristike kromming fan it limmet, wêrby't de holle kant de snijkant is. De kukri is as tsjinstwapen yn gebrûk by it Nepaleeske Leger, de Keninklike Goerka Fuseliers fan it Britske Leger, de Goerka-rezjiminten fan it Yndiaaske Leger en ferskate lytsere Goerka-kontinginten yn oare lannen. It wurdt yn sa'n hege mjitte mei de Goerka's assosjearre, dat it yn 'e Westerske wrâld gauris it Goerka-mês neamd wurdt. De kukri komt ek faak foar yn 'e heraldyk fan Nepal en noardeastlik Yndia, en wurdt yn dy kriten ek brûkt by tradisjonele rituëlen, lykas brulloftsseremoanjes.

kukri
algemiene ynformaasje
offisjele namme kukri
oare namme(n) khukuri
nasjonaliteit Nepaleesk
type wapen mês
tsjinstskiednis
brûkt troch Feriene Keninkryk
Yndia
     Nepal
tsjinstwapen 1815 – no (Britsk Leger)
konflikt(en) ferskaat (sjoch tekst)
ûntwerpskiednis
ûntwerper ûnbekend
ûntwurpen <1550
fabrikant ferskate
yn produksje 1810 – no
spesifikaasjes
gewicht 450-900 g
lingte 40-45 sm
lingte limmet 26-38 sm
breedte ±5 sm
tsjûkte 5-10 mm

De kukri stammet ôf fan 'e gewoane sichte dy't foarhinne brûkt waard foar it rispjen fan nôt. Op it Yndyske subkontinint waard sok ark ek brûkt as wapen en foar it offerjen fan bisten. Guon fan 'e âldste noch besteande kukri binne dy fan in Dabrya Shah, dy't út omtrint 1559 stamje en no op 'e noed binne fan it Nasjonaal Museum fan Nepal yn Kathmandu. De kukri krige yn 'e Westerske wrâld bekendheid doe't de Britske Eastyndyske Kompanjy oan it begjin fan 'e njoggentjinde iuw yn konflikt kaam mei it úttynjende Keninkryk Nepal. Dat late ta de Britsk-Nepaleeske Oarloch fan 1815-1816, dy't ek wol de Goerka-oarloch neamd wurdt.

De Nepaleeske soldaten dy't bekendstiene as Goerka's makken dêrby sa'n yndruk op 'e Britten, dat de Kompanjy al wylst de oarloch mei Nepal noch geande wie, sels Goerka's yn 'e tsjinst naam. Behalven mei gewearen wiene dy ek bewapene mei de kukri. It mês waard sadwaande yn ferskate koloniale oarloggen yn Britsk-Ynje brûkt, wêrûnder de Earste Sikhoarloch (1845-1846), de Twadde Sikhoarloch (1848) en de Yndyske Opstân fan 1857. Nei it ûnderdrukken fan dy lêste opstân naam de oerheid fan it Feriene Keninkryk it bestjoer oer Ynje oer fan 'e Britske Eastyndyske Kompanjy, en waarden de Goerka-rezjiminten opnommen yn it reguliere Britske Leger.

 
In Goerka-rezjimint fan it Britske Leger wurdt ynspektearre yn Frankryk yn 'e Earste Wrâldoarloch.

De Goerka's en harren kukri tsjinnen dêrnei foar de Britten û.m. op Malta ûnder de Tsiende Russysk-Turkske Oarloch (1877-1878), yn 'e Twadde Britsk-Afgaanske Oarloch (1878), de Trêde Britsk-Birmeeske Oarloch (1885), de Bokseropstân yn it Keizerryk Sina (1900-1901), de Earste Wrâldoarloch (1914-1918), de Trêde Britsk-Afgaanske Oarloch (1919) en de Twadde Wrâldoarloch (1939-1945). Foar it Nepaleeske Leger tsjinnen de Goerka's mei harren messen yn 'e Sineesk-Nepaleeske Oarloch (1788-1789) en de Nepaleesk-Tibetaanske Oarloch (1855-1856).

Underwilens krige de kukri ek literêre oandacht, dy't begûn mei de klassike horrorroman Dracula, fan 'e Ierske skriuwer Bram Stoker, út 1897. Nettsjinsteande it byld dat yn 'e popkultuer libbet fan greve Dracula dy't op 'e klimaks fan it ferhaal in houtene staak troch it hert hammere kriget, kaam de fampier yn it oarspronklike boek eigentlik oan syn ein trochdat er mei in Bowiemês yn it hert stutsen waard op itselde stuit dat him mei in kukri de kiel trochsnien waard. De kukri waard lykwols pas ferneamd yn 'e bredere Westerske kultuer troch it gebrûk fan it wapen troch Goerka-soldaten yn 'e Twadde Wrâldoarloch. De wearde fan it mês yn man-tsjin-mangefjochten waard bewiisd troch it ferslach fan in skermutseling tusken Goerka's en in ienheid fan it Dútske Afrikakorps yn 'e Sahara, dat koart mar krêftich stelde: "Ferliezen fan 'e fijân: tsien ombrocht; ús ferliezen: nul. Munysje fersketten: nul."

Doe't yn 1947 Britsk-Ynje in ûnôfhinklik lân waard ûnder de namme Yndia, waarden de Goerka-rezjiminten opdield tusken it Feriene Keninkryk, Yndia en Nepal by it saneamde Tripartite Akkoart. De Britske Brigade Goerka's waard oarspronklik stasjonearre yn Malakka. Se fochten mei yn de Yndonezysk-Maleiske Konfrontaasje (1963-1966) en yn 'e Falklânoarloch (1982), en tsjinnen yn ferskate fredesmisjes fan 'e Feriene Naasjes, û.m. yn Bosnje, Kosovo, East-Timor en Sierra Leöane. De Goerka-rezjiminten fan it Yndiaaske Leger tsjinnen yn 'e Earste Yndiaask-Pakistaanske Oarloch (1947-1948), de Sineesk-Yndiaaske Oarloch (1962), de Twadde Yndiaask-Pakistaanske Oarloch (1965), de Trêde Yndiaask-Pakistaanske Oarloch (1971) en de operaasjes yn 'e Srylankaanske Boargeroarloch tsjin 'e Tamyltigers yn Sry Lanka yn 'e 1980-er en 1990-er jierren. Behalven it Feriene Keninkryk, Yndia en Nepal hawwe ek Singapoer en Brûnei mei kukri bewapene ienheden Goerka's yn 'e tsjinst. Alle hjoeddeiske Goerka-soldaten krije twa kukri taparte: in tsjinstnûmer 1 (foar seremonieel gebrûk) en in tsjinstnûmer 2 (foar training en militêre operaasjes).

 
In agint fan it Goerka Kontingint fan 'e Singapoereeske Plysjemacht mei de opfallende goerkahoed op en in kukri dy't yn 'e skie oan 'e efterkant fan syn mulrym hinget.

Op 2 septimber 2010 fersloech Bishnu Shrestha, in ôfswaaid Goerka-soldaat fan it Yndiaaske Leger, wylst er allinne wie en inkeld bewapene mei syn kukri, in binde fan tritich banditen dy't in passazjierstrein oanfoel dêr't hy op reizge. Neffens de berjochten deade er trije fan 'e banditen, ferwûne er nochris acht oaren en jage er de rest op 'e flecht. Ut in artikel dat om dy tiid hinne yn 'e Times of India ferskynde en in fraachpetear mei Shrestha befette, kin opmakke wurde dat de boppeneamde ferzje fan it barren oerdreaun is, mar dat nimt net wei dat ien man mei kukri in oansjenlik oermacht oan kweawillige lju twong om fan har plannen ôf te sjen.

De kukri wurdt tradisjoneel makke troch leden fan 'e Nepaleeske Kami-kaste. It wapen is primêr ûntwurpen om mei te hakken. Dêrta is de útein fan it limmet ferswierre, sadat it wapen sels 'meiwurket' oan in hakkende beweging. De foarm fan it limmet rint frijwat útinoar, fan krekt net hielendal rjocht oant goed krom. De kromming is lykwols altyd lykas dy fan in sichte: de holle kant is de snijkant fan it limmet, en de bolle kant is de rêch. De kukri is in iensnedich mês, wat sizze wol dat inkeld de holle kant skerp is. De rêch is dus stomp, en kin in stadige kromming hawwe dy't rûn is, of in hommels kromming mei in hoeke. Oan 'e snijkant is de kromming altyd rûn(ich).

Der besteane oansjenlike ferskillen yn 'e tsjûkte fan it limmet fan in kukri. Oer it algemien sil it blêd lykwols by de rêch 5-10 mm (3/16-3/8 inch) tsjûk wêze, wat nei de mêspunt ta belúnje kin oant 2 mm (1/16 inch). De lingte fan it limmet bedracht 26-38 sm (10-15 inch). It wapen as gehiel, dus mei sawol limmet as hânsel, is oer it algemien 40-45 sm (16-18 inch) lang, mei in gewicht fan likernôch 450-900 g. Gruttere kukri komme wol foar, mar binne ûnpraktysk foar aldendeisk gebrûk en hawwe dêrom almeast inkeld in seremoniële funksje. Ek lytseren komme foar, mar hoewol't dy makliker by jin droegen wurde kinne, binne dy beheind yn 'e mooglikheden ta wat ek in gewoan bûsmês dwaan kinne soe. Kukri kinne opdield wurde yn twa soarten: eastlike kukri en westlike kukri. Eastlike kukri soene oarspronklik út it easten fan Nepal komme, mar beide soarten komt men tsjintwurdich oeral yn Nepal foar. It wichtichste ferskil is dat westlike kukri in breder limmet hawwe; se wurde dêrom ek wol budhuna neamd (ferwizend nei in fisk mei in grutte kop) of baspate (letterlik: "bamboeblêd"), wylst "gewoane" eastlike kukri wol oantsjut wurde as sirupate (letterlik: "gersblêd").

 
In skie (boppe), mei in kukri (dêrûnder), in karda (dêr wer ûnder) en in chakmak (hielendal ûnderoan). De karda wurdt brûkt as bûsmês, en de chakmak as hotte.

Kukri hawwe gauris in ynkerving (karda, kauda, kaudi, kaura of cho) oan 'e basis fan 'e snijkânt fan it limmet. Dêrfoar wurde ferskate redens jûn, sawol praktysk as seremonieel. Sa soe dêrtroch bloed en plantesop fan it limmet ôfdrippe sûnder it hânsel te besmodzgjen en glêd te meitsjen, soe it it punt oanjaan oant wêr't it limmet slipe wurde moat, soe it in symboal wêze dat de god Shiva foarstelt, of soe yn 'e ynkerving by in messegefjocht it limmet fan it mês fan 'e tsjinstanner fongen wurde kinne. Fierders wurdt ek wol sein dat it in kowepoat of in kowejaar foarsteld by wize fan oantinken dat it mês net brûkt wurde mei om kij te deadzjen, mei't dat yn it hindoeïsme hillige bisten binne. De ynkerving kin ek brûkt wurde om 'e kukri (foar eefkes) oan in mulrym of oan in tou te hingjen.

It hânsel fan 'e kukri wurdt almeast makke fan hurdhout of fan hoarn fan wetterbuffels. Oare materialen dy't soms brûkt wurde, binne ivoar, bien en metaal. It hânsel hat meastal in útein dat wat tsjûker is as de rest, sadat it mês de brûker net maklik út 'e hannen glydzje kin. De ûnderkant fan 'e hânselsútein hat faak in metalen plaatsje fan brûns of stiel. De toarne (de pjuk oan 'e basis fan it limmet dêr't it hânsel omhinne sit) rint yn 'e measte tradisjonele kukri mar oant rûchwei de helte fan it hânsel troch. Modernere militêre kukri hawwe lykwols in toarne dy't hielendal trochrint nei de basis fan it hânsel en dêr wider wurdt, sadat it hânsel sa stevich mooglik fêstsit. De skie fan 'e kukri is makke fan hout dat fersierd is mei houtsnijwurk, of fan hout dat omwuolle is mei lear. Tradisjoneel sitte der yn 'e skie fan in kukri ek in karda, in lytser meske dat brûkt wurde kin as bûsmês, en in chakmak, in lytse hotte dy't bedoeld is om 'e kukri mei te slypjen.

 
In kukri mei byhearrende skie útstald yn it Imperial War Museum North yn Trafford.


As wapen is de kukri it effektyfst as it brûkt wurdt om hakkende bewegings mei te meitsjen. Dat komt om't de kromme foarm en it gewicht fan 'e mêspunt foar ekstra krêft soargje by soksoarte bewegings, mei as gefolch dat it wapen djipper trochkringt yn it doelwyt as dat in like grut mês dwaan soe dat in rjocht limmet hie. De kromming fan it limmet soarget der ek foar dat de brûker by it meitsjen fan in hakbeweging syn pols net hoecht te bûgen. Wylst de snijrâne troch it oerflak fan it doelwyt glidet, ferliest de kukri troch syn gewichtsferdieling mar hiel stadich syn momint (oftewol faasje). Dat jout de kukri in penetrative krêft dy't disproporsjoneel is yn ferhâlding ta syn lingte. It ûntwerp fan it wapen makket dat de brûker sûnder in protte ynspanning djippe wûnen feroarsaakje en sels troch bonken hinne houwe kin.

Hoewol't de kukri syn bekendheid te tankjen hat oan it gebrûk troch militêre striidkrêften, binne de measte kukri, ek hjoed de dei noch, stikken ark foar in breed ferskaat oan putsjes dy't brûkt wurde op it plattelân fan Nepal en oangrinzgjende dielen fan noardeastlik Yndia (it saneamde Goerkalân). Yn dy kontekst wurde kukri ynset foar bouwurk, as bile foar houtkap, as masjete foar fuorthakjen fan ûnderhout, as pikhouwiel of lytse skeppe foar graafwurk, as mês foar it slachtsjen en strûpen fan bisten en it tameitsjen fan griente, en sels as blikiepener. Der wurdt faak oanhelle dat der in taboe op rêste soe om in kukri wer yn 'e skie te dwaan sûnder dat der bloed op it limmet kommen is; it algemiene gebrûk as stik ark op it Nepaleeske plattelân bewiist dat dat in ferhaal sûnder basis is.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.