Kyrsten Sinema
Kyrsten Sinema (folút: Kyrsten Lea Sinema; Tucson (Arizona), 12 juny 1976) is in Amerikaansk politika fan Frysk komôf. Hja hat foar de Demokratyske Partij yn it Hûs fan Offurdigen fan Arizona en de Senaat fan Arizona sitten. Fan 2012 oant 2019 fertsjintwurdige se it 9e Distrikt fan Arizona yn it Amerikaanske Hûs fan Offurdigen. By de midtermynsferkiezings fan 2018 wûn se in sit yn 'e Amerikaanske Senaat dy't earder yn 'e hannen fan 'e Republikeinske Partij west hie.
Kyrsten Sinema | ||
politikus | ||
echte namme | Kyrsten Lea Sinema | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
bertedatum | 12 juny 1976 | |
berteplak | Tucson (Arizona) | |
etnisiteit | Angelsaksysk Amerikaansk Frysk | |
partij | Demokratyske Partij (oant 2022) ûnôfhinklik | |
lid fan de Amerikaanske Senaat foar Arizona | ||
amtsperioade | 2019 – .... | |
foargonger | Jeff Flake | |
lid fan it Amerikaanske Hûs fan Offurdigen foar it 9e Distrikt fan Arizona | ||
amtsperioade | 2013 – 2019 | |
foargonger | ― (kiesdistrikt oprjochte) | |
opfolger | Greg Stanton | |
lid fan de Senaat fan Arizona foar it 15e Distrikt | ||
amtsperioade | 2011 – 2012 | |
foargonger | Ken Cheuvront | |
opfolger | David Lujan | |
lid fan it Hûs fan Offurdigen fan Arizona foar it 15e Distrikt (mei David Lujan) | ||
amtsperioade | 2005 – 2011 | |
foargonger | Wally Straughn en Ken Clark | |
opfolger | Lela Alston en Katie Hobbs | |
offisjele webside | ||
sinema.house.gov |
Libben en karriêre
bewurkje seksjeJonkheid en oplieding
bewurkje seksjeSinema waard yn 1976 berne yn Tucson, yn 'e Amerikaanske steat Arizona. Hja is fan mingd Angelsaksysk Amerikaansk en Westerlauwersk Frysk etnysk komôf. Har betoerpake Lieuwe Jacobs Sinnema (1863–1941) emigrearre yn 1867 as jonkje mei syn heit Jacob Jans Sinnema (1830–1903) út Bitgum nei de Feriene Steaten, dêr't syn efternamme al rillegau de twadde n ferlear. Se setten har nei wenjen yn Sioux City, yn 'e steat Iowa, dêr't in soad Fryske emigranten bedarren. Lieuwe Jacobs Sinnema ferfear neitiid nei Twin Falls, yn Idaho, dêr't er in gesin stifte. Ien fan syn seis bern, Jacob Sinema (1892-1963) waard heit fan Gerald Alan Sinema (1929-1991). Dy lêste ferhuze fan Twin Falls nei Phoenix, yn Arizona, dêr't yn 1949 Dan Sinema berne waard. Dy Dan en syn frou Marilyn krigen trije bern: in soan en twa dochters; de âldste dochter waard Kyrsten Lea neamd.
Sinema har heit Dan wie abbekaat. Se waard grutbrocht as lid fan 'e Tsjerke fan Jezus Kristus fan de Hilligen fan de Lêste Dagen. Har âlden skieden doe't se noch lyts wie, wêrnei't har mem fâdij oer de bern krige. Dy wertroude, en Sinema ferfear doe mei mem, styfheit, broer en suster út Arizona nei DeFuniak Springs, in lyts plak yn 'e Florida Panhandle. Doe't har styfheit wurkleas rekke en de bank beslach lei op 'e wente fan it gesin, wennen Sinema-en-dy trije jier lang yn in ferboud benzinestasjon yn Floarida, dêr't se nei Sinema har eigen sizzen gjin elektrisiteit, wetterlieding of húske hiene. Oer dy bewearing ûntstie twifel doe't der gerjochtlike papieren út dy snuorje opdoeken wêryn't Sinema har mem en styfheit opjûn hiene dat se eltse moanne fêste lêsten ôfdroegen foar gas, elektrisiteit en tillefoan. Doe't se dêroer ûnderstien waard, antwurde Sinema: "Ik haw mei jimme dield wat my fan myn bernetiid bystiet. Ik wit wat ik meimakke haw."
Mei 16 jier slagge Sinema foar de eksamens fan 'e middelbere skoalle oan 'e Walton High School. Se learde fierder oan 'e Brigham Young Universiteit yn Provo (Utah), dêr't se yn 1995 mei 18 jier in bachelorgraad behelle. Koart dêrnei sei se har lidmaatskip fan 'e Tsjerke fan Jezus Kristus fan de Hilligen fan de Lêste Dagen op. Yn 1999 studearre se mei in mastergraad yn sosjaal wurk ôf oan 'e Steatsuniversiteit fan Arizona yn Tempe (Arizona). Neitiid die se in rjochtestúdzje oan deselde universiteit en fan 2004 ôf mocht se harsels master yn de rjochten neame. Ek dêrnei learde se noch yn dieltiid troch, en yn 2012 waard se doktor yn 'e rjochtswittenskippen.
Karriêre
bewurkje seksjeFan 1995 oant 2002 wie Sinema aktyf as sosjaal wurkster. Yn 2000 wie se belutsen by de kampanje fan Ralph Nader, de kandidaat fan 'e Griene Partij, foar de Amerikaanske presidintsferkiezings. Nei 2002 wurke se in skoft as dosint rjochten oan 'e Arizona Summit Law School. Yn 2005 waard se abbekate. Teffens wie se yn dy snuorje aktyf as dosinte sosjaal wurk oan 'e Steatsuniversiteit fan Arizona.
Yn 2002 stelde Sinema har foar it earst ferkiesber foar it Hûs fan Offurdigen fan Arizona, as kandidate foar de Griene Partij. Se einige as lêste fan 'e fiif gadingmakkers, mei 8% fan 'e stimmen. Dêrnei besefte se dat se har oanslute moast by ien fan 'e beide grutte Amerikaanske politike partijen as se yn 'e polityk ea ienich ferskil meitsje woe. Dêrom waard se yn 2004 lid fan 'e Demokratyske Partij. Dat jiers die se foar har nije partij yn it 15e disktrikt mei oan 'e ferkiezings foar it Hûs fan Offurdigen fan Arizona. Diskear behelle se 37% fan 'e stimmen, wylst har partijgenoat David Lujan 34% behelle. Dêrmei wûnen sy de ferkiezings (yn Arizona binne der twa sitten yn elts kiesdistrikt). Sinema waard twaris werkeazen en siet fan 2005 oant 2011 yn it Hûs fan Offurdigen fan Arizona.
Sinema har earste taspraak as folksfertsjintwurdiger, yn 2005, wie in hertstochtlike reäksje op 'e útspraken fan in Republikeinske amtgenoat, dy't minsken mei in oare seksuële oriïntaasje as heteroseksualiteit misledige hie. "Wy binne gewoan minsken lykas eltsenien, dy't respektearre wurde wolle en dat ek fertsjinje," sei se. Doe't se neitiid troch sjoernalisten befrege waard oer har gebrûk fan 'e earste persoan inkeltal, antwurde se: "Ja, hèhè, ik bin biseksueel." Under har lidmaatskip fan it Hûs fan Offurdigen fan Arizona kante Sinema har allegeduerigen oan tsjin it besykjen fan 'e Republikeinske Partij om by wet fêstlein te krijen dat it homohoulik yn Arizona nea ynfierd wurde meie soe. Yn 2009 waard se troch presidint Barack Obama belutsen by de White House Health Reform Task Force, in groep folksfertsjintwurdigers fan 'e ôfsûnderlike Amerikaanske steaten dy't holpen by it skriuwen fan 'e Affordable Care Act, better bekend as 'Obamacare'.
Yn 2010 stelde Sinema har ferkiesber foar de sit fan it 15e Distrikt yn 'e Senaat fan Arizona. Hja fersloech har Republikeinske tsjinstanner Bob Thomas mei 63% fan 'e stimmen. Se bleau lykwols mar in jier lid fan 'e Senaat fan Arizona, mei't se har begjin 2012 ferkiesber stelde foar it Amerikaanske Hûs fan Offurdigen yn Washington, D.C. Hoewol't se dêrfoar net har lidmaatskip fan 'e Senaat fan Arizona hoegde op te sizzen, die se dat al, mei't se har folslein op har kampanje konsintrearje woe. Op 28 augustus fan dat jier sette Sinema de Demokratyske foarferkiezings nei har hân mei krapoan 42% fan 'e stimmen (der wiene trije kandidaten). Yn 'e algemiene ferkiezings naam se it op tsjin 'e Republikein Vernon Parker, de eardere boargemaster fan Paradise Valley. De kampanje wie in aaklik, ferbittere gefjocht. Parker liet reklamespotsjes útstjoere wêryn't Sinema omskreaun waard as in "anty-Amerikaanske hippy" dy't "heidenske rituëlen" praktisearre. Uteinlik wûn Sinema de ferkiezings mei 48,7%, oftewol in marzje fan goed 10.000 stimmen.
By de midtermynsferkiezings fan 2014 waard Sinema werkeazen. By de Demokratyske foarferkiezings wie hja de iennichste kandidaat, en yn 'e algemiene ferkiezings hie se net folle muoite om (mei 54,6% fan 'e stimmen) ôf te weven mei de Republikeinse Wendy Rogers. By de algemiene ferkiezings fan 2016 waard Sinema fannijs werkeazen. By de Demokratyske foarferkiezings wie se wer de iennichste kandidaat, en yn 'e algemiene ferkiezings wûn se mei 60,9% fan 'e stimmen fan 'e Republikein Dave Giles. Al mei al siet Sinema fan 2013 oant 2019 foar it 9e Distrikt fan Arizona yn it Amerikaanske Hûs fan Offurdigen. Yn dy snuorje hold se har benammen mei ekonomyske ûnderwerpen dwaande; sa wie se lit fan it Komitee fan it Amerikaanske Hûs fan Offurdigen oangeande Finansjele Tsjinsten. Fierders betoande se har in foarstanner fan homorjochten, it rjocht op abortus, in betelbere syktekostefersekering foar alle Amerikanen en beheining fan wapenbesit yn de Feriene Steaten.
Op 28 septimber 2017 makke Sinema bekend dat se har foar de midtermynsferkiezings fan 2018 ferkiesber stelde foar de sit yn 'e Amerikaanske Senaat dy't doe noch beset waard troch de Republikein Jeff Flake. Dyselde joech in moanne letter oan dat er net werkiesber wêze soe. Yn maart 2018 joech Sinema de $33.800 wei oan goede doelen, dy't se as kampanjebydragen ûntfongen hie fan it foaroansteand lid fan 'e Demokratyske Partij Ed Buck, dy't yn opspraak rekke nei't in dakleaze prostituee ein 2017 yn syn wente yn Kalifornje kaam te ferstjerren oan in oerdoazis drugs. Earder hie se ek al de $53.400 weijûn dy't se as kampanjebydragen ûntfongen hie fan lju mei bannen mei Backpage, in webside dy't platlein waard troch it Amerikaansk Ministearje fan Justysje nei't der beskuldigings dien wiene dat men dêr wittens en mienens advertinsjes akseptearre hie foar seks mei minderjierrige famkes.
Nettsjinsteande it weifallen fan dy bedraggen hie Sinema yn april 2018 neffens gegevens fan 'e Federale Ferkiezingskommisje (FEC) in kampanjekas gearfandele fan $8,2 miljoen, mear as har trije Republikeinske tsjinstanners byinoar. Hoewol't se wegere om mei har tsjinstanner, de abbekate en aktiviste Deedra Abboud, yn debat te gean, wûn Sinema yn augustus 2018 de Demokratyske foarferkiezings. Yn 'e algemiene ferkiezings naam se it dêrnei op tsjin 'e winner fan 'e Republikeinske foarferkiezings, Martha McSally, in lid fan it Hûs fan Offurdigen fan Arizona. Yn in steat dêr't Demokraten en Republikeinen inoar likernôch yn lykwicht holden, besocht Sinema ûnder har kampanje sa min mooglik de namme fan 'e polarisearjende presidint Donald Trump te neamen. Op ferkiezingsdei, 8 novimber, koe de útslach yn Arizona net jûn wurde om't de marzjes tusken it tal stimmen fan Sinema en dat fan McSally te lyts wie. Pas op 12 novimber waard dúdlik Sinema wûn hie mei 49,7%, oftewol in ferskil fan krapoan 40.000 stimmen.
Yn 'e Amerikaanske Senaat ûntjoech Sinema har ta in eigensinnich lid fan 'e Demokratyske Partij en befûn se har kwa stânpunten op 'e uterste rjochterfleugel fan har partij. Under it regear fan 'e Demokratyske presidint Joe Biden, dy't yn 2021 oan 'e macht kaam, wie Sinema mei tegearre mei in oare tige konservative Demokratyske senator, Joe Manchon fan West-Firginia, gauris dejinge dy't de progressive plannen fan 'e presidint blokkearre yn in Senaat dy't gelikens ferdield wie yn Demokraten en Republikeinen en dêr't de presidint dus de stipe fan al syn partijgenoaten nedich wie. Yn desimber 2022 makke Sinema bekend dat se út 'e Demokratyske Partij stapte om't se har der net mear thús fielde. Se joech oan net lid wurde te wollen fan 'e Republikeinske Partij, mar fierder te gean as ûnôfhinklik politika. Yn 'e nijsmedia waard spekulearre dat Sinema, dy't yn 2024 werkeazen wurde moast, mei dizze set foarkomme woe dat se foarôfgeande dêroan yn 'e foarferkiezings troch in progressivere Demokraat ferslein wurde soe.
Priveelibben
bewurkje seksjeSinema wie yn it ferline troud in Blake Dain, dy't yn deselde klasse siet op 'e Brigham Young Universiteit. Harren houlik einige yn in skieding. Sinema omskriuwt harsels as biseksueel en sekulier. Mei dy lêste oantsjutting bedoelt se dat se non-teïstysk of mooglik ateïstysk is, hoewol't se sokke labels sels ôfwiist. Ynsafier bekend is Sinema it iennichste lid fan it Amerikaanske Kongres dat net yn in god leaut. Ek is se it earste (iepentlik) biseksuële lid fan it Amerikaanske Kongres, en de earste froulike senator foar Arizona.
Op 17 novimber 2013 lei Sinema de Ironman Triatlon ôf yn goed 15 oeren. Op 25 desimber fan dat jier beklom se de Kilimanjaro, yn Tanzania, de heechste berch fan Afrika. Yn jannewaris 2018 waard in man út New York arrestearre op beskuldiging fan it stalken fan Sinema.
Boeken skreaun troch Kyrsten Sinema
bewurkje seksje- 2009 – Unite and Conquer: How to Build Coalitions That Win and Last
- 2015 – Whot Must Die in Rwanda's Genocide? The State of Exception Realized
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|