Harlequin Enterprises

(Trochferwiisd fan LUNA Books)

Harlequin Enterprises is in Kanadeeske útjouwerij dy't fêstige is yn Toronto, en him taleit op 'e publikaasje fan romantyske fiksje en chicklit. It bedriuw wie foarhinne eigendom fan 'e Torstar Corporation, de grutste deiblêdútjouwerij fan Kanada, mar kaam yn 2014 yn 'e hannen fan it Amerikaanske News Corp-concern, dat Harlequin ûnderbrocht by syn eigen útjouwerstûke, HarperCollins Publishers.

Harlequin Enterprises Ltd
algemien
nasjonaliteit Kanadeesk
type privaat
sektor útjouwerij
haadkertier Toronto (Ontario)
oprjochte 1949
oprjochter Jack Palmer en Doug Weld
eigner News Corp
mem HarperCollins Publishers
dochters sjoch ûnder Ymprints
offisjele webside
www.harlequin.com

Harlequin waard yn 1949 yn Winnipeg, de haadstêd fan Manitoba, oprjochte as in útjouwerij fan paperbacks. It bedriuw wie yn 't earstoan in joint venture fan Jack Palmer, it haad fan it distribúsjebedriuw fan kranten as de Saturday Evening Post en it Ladies' Home Journal, en Doug Weld fan Bryant Press. Richard Bonnycastle waard oansteld as haad produksje, wylst Palmer sels de marketing die.

De earste jierren publisearre Harlequin in breed skala oan sjenres, mar it waard nea in grut súkses, en it bedriuw gie ferkate kearen hast oer de kop. Tsjin 'e midden fan 'e jierren fyftich besleat Bonnycastle, dy't nei Palmer syn dea dy syn oandiel yn it bedriuw oernommen hie, om him ta te lizzen op romantyske fiksje, yn 't earstoan benammen doktersromantsjes. Om't Bonnycastle syn frou graach de boeken fan 'e Britske útjouwerij Mills & Boon lêze mocht, trune hja har man oan om 'e Noardamerikaanske rjochten op dat wurk te keapjen. Dat bliek in boppeslach, want dy giene as waarme broadsjes oer de toanbank.

Nei de dea Bonnycastle, yn 1968, naam syn soan Richard Bonnycastle jr. de útjouwerij oer. Dy sleat yn 1970 in distribúsjekontrakt mei de Amerikaanske útjouwer Simon & Schuster om 'e Mills & Boon-boeken ek yn 'e Feriene Steaten op 'e merk te bringen (mei't oant doe ta 78% fan 'e ferkeap beheind bleau ta Kanada). Troch dy partnerskip waarden tsjin 1975 70% fan 'e boeken yn 'e Feriene Steaten ferkocht. Mei om't de boekhannels yn Noard-Amearika derfoar tebekskrillen om in protte frouljusromans yn te keapjen, keas Harlequin derfoar om 'e boeken te ferkeapjen "dêr't de froulju binne", d.w.s. yn supermerken, drogisterijen en oare winkels. Yn 1971 naam Harlequin Mills & Boon hielendal oer, sadat de útjouwerij ek de rjochten oer Jeropa yn 'e hannen krige.

Yn 1976 sei Harlequin it kontrakt mei Simon & Schuster op, wêrnei't Simon & Schuster yn 1980 Silhouette Books oprjochte, in eigen ymprint op it mêd fan romantyske fiksje. Dat late ta de saneamde 'Romantykoarloggen' tusken de beide útjouwerijen, dy't yn 1984 einigen doe't Harlequin Silhouette Books oernaam. Underwilens wie Harlequin yn 1981 sels yn 'e hannen kommen fan 'e Torstar Corporation, de grutste deiblêdútjouwerij fan Kanada, ferneamd nei de krante de Toronto Star. Sadwaande waard it haadkertier fan it bedriuw doe ferhuze nei Toronto. Op 1 augustus 2014 ferkocht Torstar Harlequin oan it Amerikaanske News Corp-concern, dat Harlequin ûnderbrocht by syn eigen útjouwerstûke, HarperCollins Publishers.

 
Harlequin Nocturne-searje.
 
Skriuwster Josine Moussy by in presintaasje fan Harlequin-romans fan 'e Bouquetreeks yn 1988.
  • Carina Press (sûnt 2010)
  • Gold Eagle
  • Harlequin American Romance
  • Harlequin Bestselling Author Collection
  • Harlequin Blaze
  • Harlequin Desire
  • Harlequin Historicals
  • Harlequin Intrigue
  • Harlequin Medical Romance
  • Harlequin Nocturne
  • Harlequin Nonfiction
  • Harlequin Presents
  • Harlequin Presents Extra
  • Harlequin Romantic Suspense
  • Harlequin Showcase
  • Harlequin Special Edition
  • Harlequin Superromance
  • Harlequin TEEN
  • HQN Books (sûnt 2004)
  • Kimani Press (sûnt 2005)
    • Kimani Press Arabesque
    • Kimani Press Kimani Romance
    • Kimani Press Special Releases
    • Kimani Press TRU
  • Love Inspired
    • Love Inspired Classics
    • Love Inspired Historical
    • Love Inspired Suspense
  • LUNA Books
  • MIRA Books (sûnt 1994)
  • Rogue Angel
  • Silhouette Books (opheft)
  • Silhouette Special Releases
  • Spice
  • Worldwide Mystery

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Footnotes en References, op dizze side.