Feemerk fan Ljouwert

(Trochferwiisd fan Ljouwerter feemerk)

De feemerk fan Ljouwert is in feemerk dy't fan âlds eltse wike op freed yn 'e Fryske haadstêd Ljouwert holden waard.[1] Tsjintwurdich is er útsmaard oer trije dagen, fan tiisdei oant en mei tongersdei.[1] Der wurdt fee út hiel Noard-Nederlân ferhannele.[1] Op jierbasis giet it anno 2018 om 150.000 bisten, benammen kij, skiep en keallen, wêrmei't de feemerk fan Ljouwert de grutste feemerk fan Nederlân is.[1] De organisaasje fan 'e feemerk fan Ljouwert is yn 'e hannen fan 'e Stifting Feehannelsintrum Noard-Nederlân (offisjeel: Stichting Veehandelcentrum Noord-Nederland, SVNN).[1]

feemerk fan Ljouwert
Filmke fan it Polygoonsjoernaal út 1949, ta gelegenheid fan it 75-jierrich bestean fan 'e Ljouwerter feemerk op it âlde plak by it stasjon fan Ljouwert.
plak en tiid
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Ljouwert (gemeente)
plak Ljouwert (stêd)
holden yn WTC Expo
datum 1× yn 'e wike
bysûnderheden
oanlieding hannel
soarte evenemint feemerk
bestean 1500 – no
org. troch SVNN
offisjele webside
www.veemarkt.nu/leeuwarden

Foaroarlochske ûntwikkeling

bewurkje seksje

De feemerk fan Ljouwert ûntstie yn 'e fyftjinde iuw en hie yn 't earstoan de foarm fan in jiermerk.[1][2] Fan 1500 ôf waarden yn Ljouwert wykmerken foar de hannel yn fee holden.[1] Yn 'e santjinde iuw woeks de feemerk sa, dat der sneons ferkearsopstoppings yn 'e stêd ûntstiene. Dêrfandinne waard yn 1697 besletten om 'e feemerk nei de stedsrâne te ferpleatsen, sadat de binnenstêd ûntlêstge waard.[1]

Tusken útbraken fan 'e feepest en oare sykten, oarloch en wettersneden troch groeide de Ljouwerter feemerk stadich grutter.[1] Yn 1874 waard dêrom foar ƒ78.000 skean foar it stasjon fan Ljouwert oer in nij merkplein oanlein, dat letter bekend kaam te stean as de Alde Feemerk (likernôch op it plak dêr't de Avérotoer no stiet).[1] Yn dy tiid hie Ljouwert in ynternasjonaal oriïntearre feemerk, mei't bargen en keallen in soad nei Ingelân ferkocht waarden. De lokaasje deunby it spoar wie datoangeande ideaal.[1]

Fan 1945 oant de 21e iuw

bewurkje seksje

Nei ôfrin fan 'e Twadde Wrâldoarloch woe men eins ôf fan 'e feemerk by it stasjon, dy't dêr doe troch útwreiding fan 'e stêd al lang net mear oan 'e râne lei. Der waard troch de Gemeente Ljouwert in kommisje ynsteld dy't it fraachstik bestudearre, en doe mei it advys kaam om 'e feemerk op 'e nij te ferpleatsen, diskear nei de westlike stedsrâne.[1] Sadwaande waard dêr yn 1963 foar ƒ10 miljoen de Fryslânhal boud, dêr't de feemerk foar it earst binnendoar holden wurde koe.[1] De hal bea romte foar 4.000 kij en keallen, 2.000 skiep en 800 bargen.[1]

Yn 1996 gie de âlde Fryslânhal by in brân fierhinne ferlern.[1] Neitiid waard op itselde plak it Friesland Expo Center boud, dat letter de namme WTC Expo krige.[1] Yn 2001 kaam de feemerk fan Ljouwert tydlik stil te lizzen fanwegen de Tongblierkrisis.[1][2] Foar in protte oare feemerken yn Nederlân betsjutte dat de deastek, net inkeld fanwegen it ferlies oan ynkomsten trochdat der langere tiid gjin feemerken organisearre wurde mochten, mar fral ek fanwegen de neitiid tige oanskerpe regels foar it hâlden fan feemerken.[1][2] Sa mocht der inkeld noch fee foar de slacht ferhannele wurde.[2] Sûnt de Tongblierkrisis besteane der sadwaande noch mar trije feemerken yn Nederlân: ien yn Ljouwert, ien yn Poarmerein en ien yn Utert dy't letter ferpleatst is nei Bunnik.[2]

Om't partikuliere feemerkeksploitanten gjin brea mear seagen om te ynvestearjen yn in krimpende merk, naam de frije feehannel de organisaasje fan 'e feemerk fan Ljouwert sels op. Sa ûntstie der in unike sitewaasje yn Nederlân, wêrby't fanút it Frysk Bûn fan Feekeaplju (FBV), de Fryske ôfdieling fan it Nederlânsk Bûn foar Hannelers yn Fee (NBHV), in achtkoppich bestjoer foar de feemerk oprjochte waard ûnder de namme Stifting Feehannelsintrum Noard-Nederlân (offisjeel: Stichting Veehandelcentrum Noord-Nederland, SVNN).[1] Fan dy tiid ôf waard der trije kear yn 'e wike feemerk holden: op tiisdei foar skiep, op woansdei foar kij, en op tongersdei foar keallen en skiep.[1]

Ferhuzing nei De Himrik

bewurkje seksje

Nei 2010 waard de lokaasje fan 'e Ljouwerter feemerk yn it WTC Expo almar minder gaadlik fanwegen oangeande ynvestearrings om mear detailhannel en horeka dêrhinne te heljen, lykas it WTC-hotel, Holland Casino, boumerken, in bioskoop en ek in fêstiging fan middelbere skoalle Friese Poort. Yn augustus 2018 waard bekend dat de feemerk fan Ljouwert wierskynlik ferpleatst wurde soe nei in perseel oan 'e Siriuswei by it Wâldmansdjip, op it yndustryterrein De Himrik, dêr't er tusken in gruthannel yn ferve en in útjouwerij anneks drukkerij yn komme soe te sitten. It wie de bedoeling dat it dêr ek wer trije kear yn 'e wike feemerk wêze soe.[3][4]

Yn novimber 2019 gie de takomstige buorman fan 'e feemerk, Pol Holding B.V., nei de rjochter om 'e komst fan 'e Ljouwerter feemerk op De Himrik tsjin te hâlden. Neffens Pol hie de Gemeente Ljouwert de ferkearde proseduere folge (want it bestimmingsplan hie oanpast wurde moatten) en wie de ferliende fergunning dêrom ûnjildich. In feemerk hearde neffens Pol, dat stankoerlêst freze, boppedat net thús op in yndustryterrein.[5] Neffens de gemeente wie der neat mis mei de ferliende fergunning en wie der yn dit gefal op it mêd fan it bestimmingsplan inkeld in "binnenplanske ôfwiking" makke, dy't ta it foech fan it Kolleezje fan B. & W. heart.[5] De rjochtsaak drige de plande ferhuzing fan 'e feemerk foàr 1 april 2020 op te kearen.[5]

Troch de rjochtsaak, mar ek troch de koroanafiruspandemy, dy't ein 2019 begûn en de hiele wrâld fertrage, fûn de úteinlike ferhuzing fan 'e feemerk fan it WTC Expo nei De Himrik pas begjin maaie 2021 plak.[6] Op 4 maaie waard der yn it WTC Expo foar it lêst keallemerk holden, en op 5 maaie wie de iepening fan 'e nije feemerk.[6]

Hjoeddeistige sitewaasje

bewurkje seksje

It grutste part fan it nije feemerkkompleks op De Himrik bestiet út in earder pakhûs, dat foarhinne fan Koopmans Meelfabrieken wie, mar dêr binne bygebouwen tsjinoan set, û.m. in loshal en in opslach foar it strie.[6] Nij is dat de metalene stekken allegear rûne spilen hawwe en dat de flier net fan beton, mar fan rou asfalt is. Dat is om ferwûning fan 'e bisten foar te kommen, en is útfierd yn oerlis mei de bistewolwêzensorganisaasje Eyes on Animals.[6] Fierders binne de rinpaden smeller, mar de hokken krekt rommer as earder.[6] Ek nij binne de dûsen, in fernijing op fersyk fan 'e frachtweinsjauffeurs.[6] De nije feemerk hat ek wer syn eigen kafee, al bleau dat ticht salang't de beheinings yn it ramt fan 'e koroanafiruspandemy gouwen.[6] Fierders is der in filtersysteem foar it ôffalwetter.[6]

De hannel is troch de Koroanakrisis sterk feroare: ynstee fan dat der hantsjebakt wurdt, moatte de keaplju it no dwaan mei in knikje nei inoar ta.[6] En nije hygiëneregels easkje it rinnen op learzens ynstee fan dat men noch klompen oanhawwe mei.[6]

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,00 1,01 1,02 1,03 1,04 1,05 1,06 1,07 1,08 1,09 1,10 1,11 1,12 1,13 1,14 1,15 1,16 1,17 1,18 1,19 Ynformaasje oer de feemerk fan Ljouwert fan 'e eigen webside.
  2. 2,0 2,1 2,2 2,3 2,4 Schroor, Meindert (haadred.), Nieuwe Encyclopedie van Fryslân, De Gordyk/Ljouwert, 2016 (Utjouwerij Bornmeer/Tresoar), ISBN 978-9 05 6153 755, s. 2734..
  3. Meulen, Aan Dirk van der, Veemarkt naar De Hemrik, yn: de Ljouwerter Krante, 16 augustus 2018, s. 1.
  4. Meulen, Aan Dirk van der, Wethouder in zijn nopjes met behoud veemarkt, yn: de Ljouwerter Krante, 16 augustus 2018, s. 2.
  5. 5,0 5,1 5,2 Jonker, Ines, Verhuizing veemarkt vertraagd door procedures, yn: de Ljouwerter Krante, 5 novimber 2019, s. 23.
  6. 6,00 6,01 6,02 6,03 6,04 6,05 6,06 6,07 6,08 6,09 Overduin, Irene, Een nieuwe, stankvrije veemarkt, yn: de Ljouwerter Krante, 5 maaie 2021, s. 13.