Stasjon Ljouwert
Stasjon Ljouwert (Lw) is it wichtichste treinstasjon yn Ljouwert en drokste stasjon fan Fryslân mei goed 10.300 passasjiers deis.
Stasjon Ljouwert | ||
Stasjon Ljouwert yn 2018 | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
Provinsje | Fryslân | |
Gemeente | Ljouwert | |
plak | Ljouwert | |
adres | Stasjonsplein 1 | |
koördinaten | 53° 11' 45" NB, 5° 47' 35" EL | |
arsjitektuer | ||
stasjonskoade | Lw | |
type | type SS tredde klasse | |
iepening | 27 oktober 1863 | |
boujier | 1863 | |
arsjitekt | Karel Hendrik van Brederode | |
monumintale status | Ryksmonumint | |
monumintnûmer | 24369 | |
oare ynformaasje | ||
perrons | 5 | |
perronspoaren | 7 | |
spoarline | Steatsline A, Steatsline B, Swol - Ljouwert Ljouwert - Starum | |
offisjele webside | ||
NS stasjonsynformaasje | ||
kaart | ||
Gebou
bewurkje seksjeIt stasjon fan Ljouwert waard yn de jierren sechtich fan de njoggentjinde iuw boud. It is boud as in standertstasjon fan de Steatsspoarwegen, in stasjon fan it type SS tredde klasse.
Fan de fjouwer noch besteande stasjons fan dat type, steane der trije oan de line Harns – Nijeskâns. Dat binne Harns (1863), Ljouwert (1863) en Wynskoat (1865).
Oars as de beide oare stasjons, dy't noch foar it grutste part yn âlde steat binne, is it stasjon fan Ljouwert letter yngeand ferboud. Yn 1890 kaam der oan de eastkant in nije fjouwerkante oanbou, de sydfleugels waarden yn 1924 ferboud. Yngeander wie de fernijing fan it middeldiel yn 1904. Op it plak fan it oarspronklike gebou kaam in hege nije hal mei in grut healrûn finster. Yn 2000 is it stasjon nochris ferboud en modernisearre.
Steatsspoar
bewurkje seksjeIt station waard yn gebrûk nommen op 27 oktober 1863 mei de iepening fan it spoar fan Harns nei Ljouwert. Dat spoar wie it twadde spoar dat troch de Maatskippij ta Eksploitaasje fan Steatsspoarwegen (SS) yn gebrûk naam waard. Yn 1866 waard de line ferlinge mei it spoar fan Ljouwert nei Grins. It trajekt makke diel út fan de troch de Steat fan 'e Nederlannen oanleine Steatsline B, fan Harns nei Nijeskâns, dy't ree kaam yn 1868.
Yn 1868 kaam ek it spoar fan Swol nei Ljouwert ta stân, wêrtroch't de Fryske haadstêd in streekrjochte spoarferbining mei de rest fan Nederlân krige. It wie in part fan de yn 1865-1868 troch de Steat fan 'e Nederlannen oanleine Steatsline A, fan Arnhim nei Ljouwert. It spoar fan Swol nei Ljouwert waard yn 1952 elektrifisearre.
Hollânske Spoar
bewurkje seksjeIt spoar fan Ljouwert nei Starum waard yn 1883-1885 yn gebrûk nommen troch de Hollandsche IJzeren Spoorweg-Maatschappij (HSM) as ûnderdiel fan de ferbining tusken Amsterdam en de Fryske haadstêd, fia de rûte Amsterdam – Inkhuzen – Starum – Ljouwert. Tusken Inkhuzen en Starum wie in fear oer de Sudersee.
Dokkumer Lokaeltsje
bewurkje seksjeAs lêste waard út Ljouwert wei yn 1901 noch in spoar yn noardlike rjochting oanlein. Dat waard it spoar fan Ljouwert nei Eanjum fan de Noard-Fryske Lokaalspoarwei-Maatskippij (NFLS) dat oer Stiens ferbinings fersoarge mei ûnder oare Dokkum, en dêrom ek bekend as it Dokkumer Lokaeltsje stie. It lêste part fan dat lokaalspoar, de ferbining Ljouwert – Stiens, waard op 1 maart 1997 offisjeel bûten gebrûk steld, mar foar it meastepart leit it der noch.
Letter ûntjouwings
bewurkje seksjeYn 2013 waarden der liften yn it stasjonsgebou pleatst. Yn 2016 kaam it ProRail yn it sin dat de oerkappings oer de perrons net goed wiene, en besleat doe om se fuort te heljen en te ûndersykjen. Hja fûnen út at de getten izeren konstruksje fertutearze wie en ferfongen wurde moat. ProRail woe ynearsten nije oerkappings sette litte, dochs foel by de gemeente ferkeard. Dy woe restauraasje fan de âlde oerkappings. Lang om let keas ProRail foar restauraasje fan alle perronoerkappings, mei de trije grutten ynbegrepen. Begjin 2024 wie it wurk dien.[1][2]
Hjerstmis 2020 sette ProRail útein mei it wurk foar it ferlingen fan de spoaren 5 en 8 yn it ramt fan it projekt ekstra flugge trein Grins nei Ljouwert. Dêrby wurdt perron 5b ferbrede, dêr't spoar 6 út ûntstie. Ek perron 8 waard ferlinge oant de oergong by de Skrâns. Dêrtroch kaam der in dûbeld spoar oer de oergong. Yn ier 2021 wie it wurk dien.[3]
Yn de simmer fan 2024 sette ProRail útein mei wiidweidige wurksumheden oan it opstelterrein by it stasjon.[4] Spoaren wurde fernijd, in tal neffens ProRail oerstallige wiksels en opstelspoaren wurde fuorthelle, en de boppelieding wurdt útwreide.[5][6]
Treinferbinings
bewurkje seksjeSearje | Treintype | Rûte | Tsjinstroaster |
---|---|---|---|
600 | Intercity (NS) | Ljouwert - Meppel - Swol - Amersfoart-Sintraal - Utert-Sintraal - Rotterdam Sintraal | Tusken Rotterdam-Sintraal en Swol in healoeretsjinst mei searje 500. Tusken Swol en Ljouwert in healoeretsjinst mei searje 1800. Stoppet tusken Swol en Ljouwert allinnich moarns betiid en jûns let op alle stasjons. Guon treinen stopje net yn Meppel. |
1800 | Intercity (NS) | De Haach Sintraal – Schiphol Airport – Amsterdam Súd – Almeare Sintrum – Lelystêd Sintrum – Swol – Meppel – Ljouwert | In healoeretsjinst tusken De Haach Sintraal en Swol mei searje 700 en tusken Swol en Ljouwert mei searje 600. |
9000 | Sprinter (NS) | Ljouwert - Meppel - Swol | Rydt om 'e healoere. Rydt jûns en wikeins allinnich tusken Ljouwert en Meppel (ienris yn 'e oere). |
37000 RS 3 RE 3 |
Stoptrein (Arriva) Flugge trein (Arriva) |
Ljouwert - Snits | Rydt ienris yn 'e oere. Rydt yn de rêstige oeren en sneons oerdeis as stoptrein RS3, dy't al yn Mantgum stoppet.
Rydt yn de spits as flugge trein RE3, dy't net yn Mantgum stoppet. Rydt jûns nei 20:00 en sneins net. |
37100 RS 3 |
Stoptrein (Arriva) | Ljouwert - Snits - Starum | Rydt ienris yn 'e oere |
37200 RS 2 |
Stoptrein (Arriva) | Ljouwert - Harns-Haven | Rydt eltse healoere |
37300 RS 1 |
Flugge trein (Arriva) | Ljouwert - Grins | Stoppet twaris yn 'e oere yn Feanwâlden en om barten yn Bûtenpost en Súdhorn. |
37400 RS 1 |
Stoptrein (Arriva) | Ljouwert - Grins | Rydt om 'e healoere. Jûns ride moandeis o/m sneons guon ekstra treinen tusken Súdhorn en Grins. |
Inselzug
bewurkje seksjeSimmerdeis, fan maaie oant septimber, rydt de trein nei Grins freeds en sneons twaris deis troch nei Lier yn East-Fryslân. De trein út Grins wei rydt twaris eis troch nei Harns-Haven, sa't reizgers makliker troch reizgje kinne nei Flylân en Skylge. Dy trein hjit de Inselzug (eilântrein), dy't it foar Dútske toeristen makliker makket nei de Waadeilannen te reizgjen. Dy treinen binne troch Arriva yn it tsjinstroaster opnommen.
Oare stasjons
bewurkje seksje- Stasjon Ljouwert-Kammingabuorren
- Stasjon Ljouwert Achter de Hoven, sleat op 31 augustus 2018
- Stasjon Ljouwert-Werpsterhoeke, sil oanlein wurde oan it spoar nei Swol en neffens planning iepenje yn 2025.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeLiteratuer
bewurkje seksje- Stasjon Ljouwert op Stasjonsweb
- H. Romers, De Spoarwei-arsjitektuer yn Nederlân, 1841-1938, Sutfen 1981
- C. Douma, Stasjonarjitektuer yn Nederlân, 1938-1998, Sutfen 1998
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Stasjon Ljouwert fan Wikimedia Commons. |
Spoarstasjons yn Fryslân | ||
---|---|---|
Hjoeddeiske stasjons: Akkrum | Bûtenpost | Deinum | Drylts | Dronryp | Feanwâlden | Frjentsjer | Grou-Jirnsum | Harns | Harns-Haven | It Hearrenfean | Hylpen | Hurdegaryp | Koudum-Molkwar | Ljouwert | Ljouwert-Kammingabuorren | Mantgum | Snits | Snits-Noard | Starum | Warkum | De Westereen | Wolvegea | ||
Eardere stasjons (Steatslinen): Ljouwert - Achter de Hoven | It Hearrenfean-Iisstadion | ||
Takomstige stasjons (Steatslinen): Ljouwert-Werpsterhoeke | ||
· · |