Sintraal stasjon (Amsterdam)

(Trochferwiisd fan Amsterdam Sintraal)

Stasjon Amsterdam Sintraal (Asd) is it sintraal stasjon fan de Nederlânske haadstêd Amsterdam. It is boud tusken 1881 en 1889 troch arsjitekt P.J.H. Cuypers en yngenieur/arsjitekt A.L. van Gendt. It waard boud as ferfanging fan Stasjon Amsterdam Willemspoarte dat tsjinoer de Haarlimmerpoarte stie.

Stasjon Amsterdam Sintraal
station Amsterdam Centraal
Sintraal stasjon Amsterdam yn 2016
Sintraal stasjon Amsterdam yn 2016
lokaasje
lân Nederlân
Provinsje Noard Hollân
Gemeente Amsterdam
plak Amsterdam
adres Stationsplein 17a
arsjitektuer
stasjonskoade Asd
type Trochgongsstasjon
iepening 15 oktober 1889
boujier 1889
arsjitekt 1889
P.J.H. Cuypers
yngenieur 1889
A.L. van Gendt
monumintale status Ryksmonumint
monumintnûmer 5681[1]
oare ynformaasje
perrons 6
perronspoaren 11
spoarline Alde line
Steatsline K
Easterspoarwei
Rhijnspoarwei
Westtak Ringspoarbaan
metroline Amsterdamske metro
stedsbus Amsterdamsk busnet
tramline Amsterdamske tram
192.178 (2018)
de trije stasjonskappen
de trije stasjonskappen
offisjele webside
NS stasjonsynformaasje
kaart
Sintraal stasjon (Amsterdam-Binnenstêd)
Sintraal stasjon

It stasjon telt seis perrons dy 't fia trije gongen ûnder de 15 spoaren troch (wêrfan 11 perronspoaren) berikber binne. Alle dagen telt Amsterdam Sintraal likernôch 160.000 yn- en útstappers, wêrmei't it nei Stasjon Utert-Sintraal it drokste stasjon fan Nederlân is. Reizgers kinne gebrûk meitsje fan treinen, metro's, trams, bussen en fearren. It stasjon leit op it spesjaal foar it stasjon yn it IJ oanleine Stasjonseilân.

Cuypers de arsjitekt fan it stasjon ûntwurp ek it yn 1885 iepene Ryksmuseum, dêr't it Sintraal Stasjon sterk op liket. yngenieur Van Gendt wie belútsen by de ûntwurpen fan alle stasjons oan de steatsline K en yn Amsterdam sels ûntwurp Van Gendt ûnder oare de Hollandsche Manege, it Konsertgebou en it Boargersikehûs.

It stasjon is it earste stasjon yn Nederlân dat troch in ferneamde arsjitekt ûntwurpen waard. Dêrfoar wiene it faak yngenieurs en minder ferneamde arsjitekten, mar de omjouwing en oansjen fan it te bouwen pân fregen neffens de bestjoerders om in ferneamde arsjitekt. Troch de oanlis fan de spoaren en it stasjon op trije keunstmjittige eilannen yn in part fan it IJ, waard it Iepen Havenfront ôfsletten fan iepen wetter, mar sa waard wol foarkaam dat de âlde stêd trochsnien waard mei spoarlinen.

Oan de eastkant fan it stasjon is it Keningspaviljoen (hjoed-de-dei de Keninklike wachtkeamer) te finen, kompleet mei ynpanich parkearplak foar in koets as foar in auto. it paviljoen befettet dekoraasjes fan de hân fan keunstskilder Georg Sturm, mei as tema it keningshûs en it gesach.

Cuypers woe mei de twa tuorren oan wjerskanten fan de kap oanjaan dat it stasjon in "nije stedspoarte" wie. It stasjonsgebou fertoant dan ek sterke gelikenis mei it yn 1885 oplevere Ryksmuseum, dat troch deselde arsjitekt oan de súdkant fan de binnenstêd boud is.

útwreidings en fernijingen

bewurkje seksje

Yn de fyftiger jierren waard de stasjonshal ferboud en modernisearre. De loketten yn de hal fan Amsterdam Centraal Station; foar de ûnderskate rjochtingen hie men aparte loketten. Dit stie wol bekend as it oargel. waarden ferfongen troch doe moderne loketten. Fierder kaam der yn 1955 in fuotgongerstunnel fan it VVV-gebouke ôf op it Stasjonsplein ûnder de wei foar it stasjon troch dy't útkaam yn de stasjonshal. Yn ferbân mei de bou fan it einstasjon fan de metro ferdwûn dizze tunnel yn 1980. De rydbaan soe doe dochs, yn ferbân mei in werynrjochting fan it stasjonsplein, ferfalle. It ferwiderjen fan de rydbaan dy't flak foar it stasjon del rûn wie mooglik troch trams, bussen, taksy's en auto's tenei nei de eastlike óf de westlike helte fan it stasjonsplein ride te litten. De fuotgongers (ûnder oare de rap groeiende groep toeristen) koene tenei feilich tusken dizze twa ferkearsstreamen yn rinne nei it iennige oerstekplak dat it stasjon doe fan it Damrak skiede. Yn 2020 is op it plak fan de âlde tunnel in nije tunnel mei roltreppen ferezen, dizze ferbynt de sintrale hal mei de sintrale metrohal ûnder it Stasjonsplein.

Tusken 1980 en 1984 binne de sintrale hal en middentunnel foars ferbrede en modernisearre. De reden wie dat de middentunnel doe al frij drok wie, dy wie destiids kwa grutte fergelykber mei de hjoeddeistige easttunnel en mei it each op de komst fan mear treinen, troch iepening fan inkelde nije spoarlinen wie útwreiding nêdich.

It perron fan spoar 1 hat yn 1992 syn oerkaping krigen. Ek is it perron yn dy tiid ferlinge sadat it foar reizgerstreinen geskikt waard. It waard tenei brûkt foar treinen nei Haarlim en fierder. Yn 1996 waarden de trije ûnoerdekte spoaren (8, 9 en 10) tusken de twa oarspronklike kappen dochs noch oerdutsen, sadat dy perrons better oan ynternasjonale kwaliteitsstanderts foldogge. Fierder is it perron lâns spoar 15, dat ek foar frachtferfier brûkt waard, ferboud ta in folweardich reizgersperron sadat it ek oan de eastlike kant foar reizgerstreinen geskikt wie, sûnder de treinen op spoar 14 te hinderjen. Yn 1998 waard it perron lâns spoar 15 ek oan de westkant ferlinge. Dêrta moasten in tal gebouwen njonken it stasjon oan de De Ruijterkade ûnteigene en ôfbrutsen wurde.

Yn 1995 waard troch de NS in nije ferkearsliedingspost yn gebrûk nommen. Dizze leit oan de westkant, by it Westerdok, foarhinne siet de post yn it stasjon sels. Ek boude NS oan útwreiding fan it westlike emplacement en oan de útwreiding fan fjouwer nei seis spoaren westlik fan it stasjon. Dizze oanpassing waard útfierd tusken 1991 en 1996.

Ein jierren 90 waard de westtunnel ferbrede en modernisearre om't de middentunnel foar in part bûten gebrûk gie foar de oanlis fan de Noard/Súdline. De ferbrede westtunnel waard yn 2000 iepene. Yn neifolging fan de middentunnel krige ek de westtunnel roltreppen. Ek binne der yn dizze tunnel liften pleatst om dit part fan it stasjon better tagonklik te meitsjen foar reizgers mei in rolstoel. Fierder kamen der winkels yn dizze ferbrede westtunnel. Dêrnei waard úteinset mei it ferlingjen fan de perronspoaren 10 -15 yn de westlike rjochting. Wêrtroch 't der romte kaam om ynternasjonale en hegesnelheidstreinen op dit part fan it stasjon te ûntfangen.

Nei it klearkommen fan de rûchbou fan de metrobuizen fan de Noard/Súdline koe de middentunnel nei in renovaasje en werynrjochting yn desimber 2013 weriepene wurde: dizze hat ûngefear deselde breedte behâlden mar wol binne der folle mear winkels ûnderbrocht. Troch it ferpleatsen fan de yn de jierren 80 oanleine treppen, fan it midden nei de sydkant fan de tunnel is de rinromte yn dizze tunnel grutter wurden, en is der mear romte kreëarre op de perrons boppe.

It gebiet oan de foarside fan it stasjon is tusken 2018 en 2022 yngreven oanpakt. Sa is de Prins Hendrikkade op 'e hichte fan it Sintraal Stasjon sûnt de simmer fan 2018 ôfsletten foar autoferkear. It Iepen Havenfront, Sa it wetter foar it stasjon neamd wurd is fergrutte troch it diels ôfgraven fan de Prins Hendrikkade en it eardere Prins Hendrikplantsoen. En it hiele gebiet om it Stasjonseilân hinne is it domein wurden fan fuotgongers, fytsers en trams.

Treinferbinings

bewurkje seksje
Ynternasjonale treinen
Searje Treintype Rûte Tsjinstroaster
100
ICE 43
Intercity-Express
(NS International)
Amsterdam SintraalUtert SintraalArnhim SintraalOberhausen HbfDuisburg HbfDüsseldorf Hbf / Hannover HbfMindenHerfordBielefeld Hbfütersloh HbfHammHagen HbfWuppertal HbfKöln HbfSiegburg/BonnFrankfurt am Main Flughafen FernbahnhofMannheim HbfKarlsruhe HbfOffenburgFreiburg (Breisgau) HbfBasel Bad BhfBasel SBB Ien kear deis tusken Amsterdam en Basel.
140/240
IC 77
Intercity
(NS International
DB Fernverkehr)
Amsterdam SintraalHilfertsomDuivendrechtHilfertsomAmersfoart SintraalApeldoarnDimterAlmeloHengeloBad BetnheimRheineOsnabrück HbfHannover HbfWolfsburg HbfStendalBerlin-SpandauBerlin HbfBerlin Ostbahnhof Rydt om 'e twa oeren, stoppet om 'e fjouwer oere te Bünde en twa oeren letter om 'e fjouwer oere te Bad Oeynhausen. Net alle treinen hâlde halt yn Apeldoarn.
400 ÖBB Nightjet (ÖBB) Amsterdam SintraalUtert SintraalArnhim SintraalInnsbruck Hbf / Wenen Hbf / Zürich HB
9200
IC 35
Intercity direct
(NS International)
Amsterdam SintraalSkiphol AirportRotterdam SintraalBredaNoorderkempenAntwerpen-SintraalMechelenBrussels Airport-ZaventemBrussel-NoardBrussel-SintraalBrussel-Súd Fia HSL, tusken Skiphol en Rotterdam Sintraal, moat der by in reis binnen Nederlân ekstra betelle wurde.
Eurostar 9100 Eurostar
(SNCF
NMBS)
Amsterdam SintraalRotterdam SintraalBrussel-SúdLille-EuropeLondon St Pancras International Lille-Europe wurdt ûnregelmjittich betsjinne.
Thalys 9300 Thalys
(NS International)
Amsterdam SintraalSkiphol AirportRotterdam SintraalAntwerpen-SintraalBrussel-SúdParis Nord Ferskate ritten allinnich tusken Amsterdam en Brussel-Súd
Thalys 9900 Thalys
(NS International)
Amsterdam SintraalSkiphol AirportRotterdam SintraalAntwerpen-SintraalBrussel-SúdAéroport Charles-de-Gaulle 2 TGVMarne la Vallée-Chessy / Chambéry-Challes-les-EauxAlbertvilleMoûtiers - Salins - Brides-les-BainsAime-La PlagneLandryBourg-Saint-Maurice / Valence-Rhône-Alpes-Sud TGVAvignon TGVAix-en-Provence TGVMarseille Saint-Charles Marne la Vallée-Chessy 2 kear deis.
Bourg-Saint-Maurice 1 kear yn 'e wike yn 'e winter.
Marseille Saint-Charles 1 kear yn 'e wike yn 'e simmer.
Intercity's
Searje Treintype Rûte Tsjinstroaster
800 Intercity (NS) MaastrichtSittardRoermondWeertEindhoven Sintraal's-HertogenboschUtert SintraalAmsterdam SintraalAlkmar – (De Helder) Rydt net jûns, wol op sneintejûn. Rydt allinnich yn de spits twa ritten fan em nei De Helder yn de spitsrjochting. Ryd yn it wykein inkeld tusken Maastricht en Amsterdam Sintraal en werom. Wurdt yn de jûnsoeren tusken Maastricht en Amsterdam Sintraal ferfongen troch de searje 2900.
900 Intercity direct
(NS)
Amsterdam SintraalSkiphol AirportRotterdam Sintraal Tusken Skiphol en Rotterdam Sintraal, moat der by in reis binnen Nederlân ekstra betelle wurde. Fia HSL. Rydt net jûns en yn it wykein. Foarmet in skeve kertiertsjinst mei searje 1000.
1000 Intercity direct
(NS)
Amsterdam SintraalSkiphol AirportRotterdam Sintraal Tusken Skiphol en Rotterdam Sintraal, moat der by in reis binnen Nederlân ekstra betelle wurde. Fia HSL. Rydt net jûns en yn it wykein. Foarmet in skeve kertiertsjinst mei searje 900. De lêste trein fan Amsterdam Sintraal ôf rydt fan Rotterdam Sintraal troch nei Breda.
1400 Nachtnet Intercity
(NS)
Utert SintraalAmsterdam Bijlmer ArenAAmsterdam SintraalSkiphol AirportLeien SintraalDe Haach HSDelftRotterdam Sintraal De treinsearje 21400 foar de trajektferlingingen Rotterdam Sintraal - Eindhoven Sintraal en Utert Sintraal - Eindhoven ride allinnich yn freed en sneon te nacht. Yn it earste part fan woansdei en tongersdei te nacht stoppet de trein yn Gouda yn plak fan Delft op. Dêrneist wurde bussen ynset op it trajekt Rotterdam Sintraal - Delft – De Haach HS.
1500 Intercity
(NS)
Amsterdam SintraalHilfertsomAmersfoart SintraalApeldoarnDimter Rydt op wurkdagen yn de spits fan en nei Dimter. Yn de dal oeren is dat 1x de 2 oeren.
2100 Intercity
(NS)
Amsterdam SintraalHaarlimLeien SintraalDe Haach Sintraal Rydt allinnich yn de spits fan moandei oant en mei tongersdei.
2200 Intercity
(NS)
Amsterdam SintraalAmsterdam SloterdijkHaarlimLeien SintraalDe Haach HSDelftSkiedam SintrumRotterdam SintraalDoardtRoosendaalMiddelburchFlissingen
2600 Intercity
(NS)
Almere SintrumAmsterdam Sintraal
12600 Intercity
(NS)
GrinsAssenSwolLelystêd SintrumAlmere SintrumAmsterdam Sintraal In oeretsjinst
2900 Intercity
(NS)
InkhuzenHoarnAmsterdam SintraalUtert Sintraal's-HertogenboschEindhoven SintraalWeertRoermondSittardMaastricht Rydt allinnich yn 'e iere moarn en yn 'e jûnsoeren.
3000 Intercity
(NS)
NimwegenArnhim SintraalEde-WageningenVeenendaal-De KlompDriebergen-ZeistUtert SintraalAmsterdam SintraalSaandamAlkmarDe Helder Veenendaal-De Klomp wurdt allinnich nei 20:00 en yn it wykein betsjinne troch dizze searje.
3900 Intercity
(NS)
InkhuzenHoarnAmsterdam SintraalUtert Sintraal's-HertogenboschEindhoven SintraalWeertRoermondSittardHeerlen Rydt op freed oant en mei snein oant 18:00 oere, net tusken Amsterdam Sintraal en Heerlen. Tusken Eindhoven Sintraal en Heerlen rydt dan de 13900. Wurdt yn de jûnsoeren ferfongen troch searje 2900.
4500 Intercity
(NS)
Amsterdam SintraalHoarnInkhuzen Rydt allinnich yn de spitsrjochting, rydt net op freed.
22200 Intercity
(NS)
Amsterdam SintraalHaarlim Rydt twa kear deis, yn de nachten fan freed op sneon, en sneon op snein yn beide rjochtingen.
Sprinters
Searje Treintype Rûte Tsjinstroaster
4000 Sprinter (NS) UitgeestSaandamAmsterdam SintraalBreukelenWoerdenGoudaRotterdam Sintraal
4600 Sprinter (NS) De Haach SintraalLeien SintraalSkiphol AirportAmsterdam SloterdijkAmsterdam SintraalWeespAlmere SintrumAlmere BûtenLelystêd SintrumSwol Ryd alline yn de jûnsoeren en it wykein ek fan en nei Den Haach Sintraal. Troch de wike is it ein en begjinpunt Leien Sintraal.
4800 Sprinter (NS) Amsterdam SintraalHaarlimAlkmarHoarn Rydt fan 20.00 oere ôf ien kear yn de oere tusken Alkmar en Hoarn.
5400 Sprinter (NS) Amsterdam SintraalHaarlimZandvoort aan Zee Ryd jûns nei 20:00 en yn it wykein net tusken Amsterdam Sintraal en Haarlim.
5800 Sprinter (NS) Amersfoart VathorstAmersfoart SintraalHilfertsomWeespAmsterdam SintraalAmsterdam SloterdijkSkiphol AirportHoofddorp Ryd allinnich yn 'e betide moarnsoeren, yn 'e spits en yn it wykein troch fan Amsterdam Sintraal nei Hoofddorp.
7400 Sprinter (NS) UitgeestSaandamAmsterdam SintraalBreukelenUtert SintraalDriebergen-Zeist

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: