Mitchell Museum fan de Amerikaanske Yndiaan

It Mitchell Museum fan de Amerikaanske Yndiaan (Ingelsk: Mitchell Museum of the American Indian), faak simpelwei it Mitchell Museum neamd, is in museum wijd oan 'e kultuer, skiednis en keunst fan 'e Yndianen yn Noard-Amearika. It stiet yn Evanston (Illinois), in wichtige foarstêd fan Chicago, dêr't it fêstige is oan 3001 Central Street. It Mitchell Museum waard yn 1977 oprjochte en wie oant 2005 fêstige yn in gebou op 'e kampus fan it Kendall Kolleezje. De kolleksjes fan it museum omfiemje fjouwer permaninte en twa wikseljende útstallings. It Mitchell Museum is lid fan 'e Chicago Cultural Alliance, in konsortium fan 25 kulturele sintra en museä mei etnyske tema's yn 'e stêdekloft fan Chicago.

Mitchell Museum fan de Amerikaanske Yndiaan
Mitchell Museum of the American Indian
  museum
Lokaasje
lân Feriene Steaten
steat Illinois
plak Evanston (Illinois)
adres 3001 Central Street
koördinaten 42°03′53″N 87°43′5″W
Algemiene gegevens
ôfkoarting Mitchell Museum
type skiedkundich
wurkmêd Yndiaanske kultuer en skiednis
oprjochting 1977
Offisjele webside
www.mitchellmuseum.org
Kaart
Mitchell Museum fan de Amerikaanske Yndiaan (Chicago)
Mitchell Museum fan de Amerikaanske Yndiaan
Lokaasje yn 'e stêdekloft fan Chicago.

De kolleksje fan it Mitchell Museum bestiet út mear as 9.000 foarwerpen dy't datearje fan it Paleo-Yndiaanske Tiidrek oant de dei fan hjoed. Der binne fjouwer permaninte útstallings oer de ferskate kultueren fan:

Dêrnjonken binne der twa wikseljende útstallings, dy't hieltyd in beskaat tema hawwe en mar in healjier te sjen binne.

Spesjaliteiten fan it Mitchell Museum binne:

Permaninte Galeryen

bewurkje seksje

Wâldlângalery

bewurkje seksje

De Wâldlângalery (Woodlands Gallery) leit him ta op 'e Yndiaanske folken dy't oarspronklik eastlik fan 'e Mississippy libben, yn 'e krite fan 'e Grutte Marren en dêrwei nei it easten ta, oant en mei Nij-Ingelân. In sintraal plak nimt dêrby in bjirkebastene kano fan wiere grutte yn. Fierders binne te sjen: drinkreau en itensiedersbakjes makke fan bjirkebast, sieraden makke fan glêzene kralen en oerzonstikels, en elandhierren borduerwurk. In aparte útstalling yn deselde romte giet oer de folken fan it Amerikaanske Súdeasten, wêrûnder de Seminoalen (Seminole), Sjeroky (Cherokee) en Tsjoktou (Choctaw). Fan harren is ûnder mear in seldsum ferwielen big shirt fan in Seminoalske man te sjen, dat opmakke is út alderhanne lapkes. De Wâldlângalery omfiemet ek in model fan in tradisjoneel langhûs en fotografyske essays oer it meitsjen fan in kano en it rispjen fan wylde rys.

Flaktegalery

bewurkje seksje

De Flaktegalery (Plains Gallery) ûndersiket de libbenswize fan 'e Yndiaanske folken fan 'e Grutte Flakten en it oangrinzgjende Plato. Op moccasins, tekkens en in ferskaat oan draachpûden binne de ûnderskate patroanen fan kraleriuwen te sjen fan 'e Lakota, Sjajinnen (Cheyenne), Swartfuotten (Blackfeet) en Krieën (Crow). Poppen, wêrûnder twa makke troch de hjoeddeistige Lakota-ambachtslju en -keunstners Charlene en Rhonda Holy Bear, litte detaillearre foarbylden sjen fan manljus- en frouljusklean. De jacht- en krigerstradysjes fan 'e Flakten wurde fertsjintwurdige troch in fearretoai fan earnenfearren, in ferskaat oan wapens en in skyld. Ek omfiemet de útstalling in stikmannich stiennene pipekoppen.

Súdwestgalery

bewurkje seksje

De Súdwestgalery (Southwest Gallery) yllustrearret de kultuer en keunst fan 'e ûnderskate folken fan 'e Pueblokultuer út Nij-Meksiko en Arizona, mar ek fan 'e Navaho, Papago en Pima. Utstallingkasten binne wijd oan it pottebakken fan 'e Pueblo-Yndianen, fan prehistoarysk diggelguod fan 'e Anasazy oant hjoeddeistich wurk, wêrûnder ferskate stikken fan 'e ferneamde pottebakster Maria Martinez út 'e Pueblo fan San Ildefonso. Fierders binne der sulveren en turkoaizene juwiellen te sjen fan 'e Navaho, Sûny en Hopy en út 'e Pueblo fan Santo Domingo. Ek mear as fjirtich ferskillende kachina-poppen, datearjend fan 'e lette njoggentjinde en iere tweintichste iuw, dy't ôfkomstich binne út 'e Pueblo fan Acoma en de Pueblo fan Laguna, hearre ta de kolleksje, krekt as in grut ferskaat oan weve tapiten fan 'e Navaho.

Noardwestkust- en Arktyske Galery

bewurkje seksje

De Noardwestkust- en Arktyske Galery (Northwest Coast and Arctic Gallery) jout ynsjoch yn 'e libbenswize fan 'e Yndiaanske folken en de Eskimo's fan 'e Noardwestkust en it Arktysk Gebiet, d.w.s. de kusten fan 'e Stille Oseaan fan 'e Amerikaanske steaten Oregon, Washington en Alaska en de Kanadeeske provinsje Britsk-Kolumbia, en it noarden fan Alaska en Kanada. Kuorren, maskers en oare foarbylden fan houtfykjen binne te bewûnderjen, krekt as in dûnsskerm op folle grutte, dat foar it museum beskildere is troch in hjoeddeiske Tlingit-keunstner. Ek te sjen binne in Tsjilkat-tekken, weve fan geitehier en sederbast. Fierders omfiemet de galery in wiid ferskaat fan it ark en reau dat troch de Inûyt en Atapaskyske folken fan it Arktysk Gebiet brûkt waard of wurdt by it deistich libben, wêrûnder in sniebril makke fan rindierhoef, bonke en hout, en in parka út 'e iere tweintichste iuw, makke fan 'e terms fan in walrus. Ferskate poppen litte de tradisjonele dracht sjen fan 'e krite om Kotzebue hinne en fan 'e bewenners fan it eilân St. Lawrence, yn 'e Beringstrjitte.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.