Nachtwache

film út 1949 fan Harald Braun

Nachtwache is in Westdútske kristlike dramafilm út 1949 ûnder rezjy fan Harald Braun, mei yn 'e haadrollen Luise Ullrich en Hans Nielsen. De titel betsjut "Nachtwacht" en ferwiist nei predikanten dy't yn it metafoaryske tsjuster de wacht hâlde foar harren leauwenden. It ferhaal giet oer in dûmny dy't kunde kriget oan in froulike dokter. Der groeit wat tusken harren, mar sy hat yn it ferline in dochterke ferlern en dêrnei is har bân mei God en mei de tsjerke tige problematysk wurden. Nachtwache krige doedestiden tige positive resinsjes fan 'e Dútske filmkritisy, en hie grut kommersjeel súkses yn 'e bioskopen. Tsjintwurdich wurdt de film folle leger wurdearre.

Nachtwache
film
(Filmposter yn 'e IMDb)
makkers
regisseur Harald Braun
produsint Harald Braun
Hans Abich
senario Harald Braun
Paul Alverdes
kamerarezjy Franz Koch
muzyk Mark Lothar
filmstudio Neue Deutsche Filmgesellschaft
Filmaufbau GmbH
distribúsje Neue Deutsche Filmgesellschaft
spilers
haadrollen Luise Ullrich
Hans Nielsen
byrollen René Deltgen
Dieter Borsche
Angelika Voelkner
skaaimerken
lân/lannen West-Dútslân
premiêre 21 oktober 1949
foarm langspylfilm
sjenre dramafilm
taal Dútsk
spyltiid 110 minuten

De lutherske dûmny Johannes Heger, in widner, komt mei syn tsienjierrige dochter Lotte te wenjen yn it doarp Burgdorf, dêr't er predikant wurdt. Yn in sikehûs dêr yn 'e buert kriget er kunde oan 'e froulike dokter Cornelie Badenhausen. Se kinne fan it begjin ôf oan al goed mei-inoar opsjitte, mar út harren petearen merkt Heger dat Cornelie tige ôfhâldich is foar God en de tsjerke oer. (Dat komt, sa docht letter bliken, om't se by de Alliëarde bombardeminten yn 'e Twadde Wrâldoarloch in dochterke kwytrekke is, en dat ferlies kin se net goedkrije mei har oarspronklike leauwe.) Cornelie, fan har kant, stelt oan 'e hân fan har omgong mei Heger fêst, dy't in rotsfêst fertrouwen yn God hat, dat der wat yn har libben ûntbrekt dat se sels net opfolje kin.

Heger rekket al rillegau befreone mei syn roomske amtgenoat yn Burgdorf, kapelaan Von Imhoff. Se wurde ûnderling ferbûn troch harren ynstelling dat se de leauwenden sa goed mooglik troch dizze drege nei-oarlochske snuorje hinne helpe wolle. Koarte tiid letter arrivearret de akteur Stefan Gorgas yn it doarp, dy't dêr in rol yn in foarstelling krigen hat. Hy is boppedat in goede freon fan Von Imhoff, mei wa't er yn 'e Twadde Wrâldoarloch as piloat yn deselde ienheid fan 'e Luftwaffe tsjinne hat. Gorgas blykt de âlde frijer fan Cornelie en de heit fan har omkommen dochterke te wêzen. Hy hat har geandewei de oarloch út it each ferlern. No't er har troch tafal hjir wer treft, wol er harren relaasje wer oppakke. Dêr wol Cornelie lykwols út noch yn wat fan witte.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Yn syn teloarstelling oer har hâlding lokket Gorgas in skandaal út, en it wurdt bekend dat Cornelie sûnder troud te wêzen in bern krigen hat (yn in tiid dat soks maatskiplik út noch yn net akseptearre wurdt). De lieding fan it sikehûs jout har dêrop te ferstean dat fan har ferwachte wurdt dat se ûntslach nimme sil. Heger bemuoit him om 'e nocht mei de kwestje om troch bemiddeling ta in foar alle partijen akseptabele oplossing te kommen. Mar Cornelie wol allinne noch mar fuort en pakt har koffers om mei ûnbekende bestimming op 'e trein te stappen.

Underweis nei it treinstasjon falt der lykwols in tragysk ûngemak foar. De lytse Lotte Heger, dy't mei Gorgas oan it touterjen is, sjocht Cornelie foarbykommen en wol har tawiuwe. Se lit dêrta ien hân los, ferliest har lykwicht, falt fan 'e touter ôf en komt ûngelokkich del. Yn it sikehûs docht Cornelie neitiid war om it libben fan it famke te rêden, mar it mei net bate. Heger is alhiel telider slein. Von Imhoff besiket syn freon by te stean, mar syn wurden fan treast binne oan dôvemansearen rjochte as Heger yn fertwifeling syn leauwe begjint te befreegjen. Gorgas, dy't by Lotte wie doe't it needlot tasloech, jout himsels de skuld fan it ûngemak en wol in ein oan syn libben meitsje. Heger wit him dat idee te ûntpraten en fynt sa tagelyk syn eigen leauwe werom. Cornelie, dy't tsjûge fan alles is, rekket djip ûnder de yndruk fan 'e ynderlike krêft fan Heger. Troch syn foarbyld te folgjen, slagget it ek har einlings om har mei God te fermoedsoenjen.

Rolferdieling

bewurkje seksje
 
Luise Ullrich.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
dokter Cornelie Badenhausen Luise Ullrich
dûmny Johannes Heger Hans Nielsen


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Stefan Gorgas René Deltgen
kapelaan Von Imhoff Dieter Borsche
Lotte Heger Angelika Voelkner
mem-oerste fan Heiliggeist Käthe Haack
suster Jakobe Gertrud Eysoldt
de knineman Nikolai Kolin
de boargemaster Herbert Kroll
assistinte Annette Schleiermacher

Nachtwache hie eins Die Nachtwache hjitte moatten, mar it lidwurd waard út 'e titel skrast, nei alle gedachten om dy algemiener klinke te litten. It wie de sânde film fan regisseur Harald Braun. Dyselde wurke op basis fan in senario dat er sels, tegearre mei Paul Alverdes, skreaun hie. Braun wie fierders mei Hans Abich ek as produsint by it projekt belutsen, foar de filmstudio's Neue Deutsche Filmgesellschaft út München en Filmaufbau GmbH út Göttingen. It oarspronklike idee fan 'e film kin weromtrasearre wurde nei Göttingen. It wie de earste nei-oarlochske film dy't finansjeel stipe waard troch de lutherske Evangelische Kirche in Deutschland (EKD).

De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Franz Koch, wylst de filmmuzyk fersoarge waard troch Mark Lothar. De opnamen fûnen plak yn it Filmatelier Göttingen, mar ek op lokaasje yn Einbeck en Göttingen sels. Nachtwache wie it filmdebút fan 'e njoggenjierrige Angelika Voelkner, dy't fan 1955 oant 1957 bekender wurde soe as Dick yn 'e Immenhof-filmsearje. Nachtwache gie op 21 oktober 1949 yn premiêre yn Hannover.

Troch de Westdútske filmkritisy waard Nachtwache yn 1949 goed ûntfongen. De film wie ek kommersjeel súksesfol yn 'e bioskopen en wie net sûnder ynfloed op 'e lettere Dútske filmyndustry. Tsjintwurdich wurdt Nachtwache lykwols minder wurdearre. Sa't it Lexikon des internationalen Films it omskriuwt: "Op in distânsje fan tiid en emoasje binne de sentimintaliteit, de spirituele healhertigens en it kletspraat fan dit oekumenyske drama dúdliker werom te kennen. Ek it aktearjen kin, nettsjinsteande dúdlike bemuoienissen fan 'e regisseur, net alhiel oertsjûgje."

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.