Noortje Herlaar (Flaardingen, 22 april 1985) is in Nederlânsk toaniel-, tillefyzje-, film-, musical- en stimaktrise. Hoewol't se al sûnt 2003 as aktrise aktyf wie, waard se yn 2010 bekend by in breder publyk doe't se de finale wûn fan 'e talintejacht op tillefyzje Op Zoek naar Mary Poppins. Dêrtroch mocht sy de titelrol op har nimme yn 'e musical Mary Poppins, dy't yn 2010 en 2011 yn it Circustheater yn Skeveningen te sjen wie.

Noortje Herlaar
akteur
persoanlike bysûnderheden
echte namme Noortje Herlaar
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 22 april 1985
berteplak Flaardingen (Súd-Hollân)
etnisiteit Nederlânsk
jierren aktyf 2003 – no
offisjele webside
www.noortjeherlaar.nl

Libben en karriêre

bewurkje seksje

Jonkheid en oplieding

bewurkje seksje

Herlaar waard yn 1985 berne yn it Súdhollânske Flaardingen. Hja groeide op yn Maasslûs en siet dêr fan har fjirde ôf op 'e pleatslike balletskoalle. Se gie nei de middelbere skoalle oan it Stedsk Gymnasium Skiedam, dêr't se yn ferskate skoallefoarstellings spile. Underwilens folge se yn har frije tiid seis jier lang lessen oan 'e Jeugdteäterskoalle Hofplein yn Rotterdam. Yn 2003 begûn Herlaar oan in oplieding oan 'e Muzykteäterakademy fan it Rotterdamsk Konservatoarium. Se studearre dêre yn juny 2007 ôf mei har solofoarstelling La Vie en Rose, dêr't se û.m. mei te sjen wie yn it Comedy Theater yn Amsterdam.

Aktearkarriêre

bewurkje seksje

Nei it ôfrûnjen fan har stúdzje gie Herlaar as aktrise oan it wurk by it toanielselskip Theater Terra, dêr't se har earste rol hie yn 'e omreizgjende famyljefoarstelling Matroos in de Doos, nei in boek fan Daphne Deckers. Yn 2008 waard se cast as Lisa Houseman yn 'e musical Dirty Dancing, fan Joop van den Ende Theaterproducties. Dy rol soe se mear as in jier spylje yn it Beatrix Theater te Utert. Yn septimber en oktober 2009 wie se te sjen yn ien fan 'e haadrollen fan 'e musical Urinetown – Zeikstad.

Yn 2010 wûn Herlaar de troch de AVRO op 'e tillefyzje útstjoerde talintejacht Op Zoek naar Mary Poppins, wêrby't in haadrolspylster foar de musical Mary Poppins fan Joop van den Ende Theaterproducties socht waard. Dêrtroch mocht sy de titelrol op har nimme yn dy musical, dy't yn 2010 en 2011 yn it Circustheater yn Skeveningen te sjen wie. Op 7 juny 2010 waard bekendmakke dat Herlaar foar har rollen yn Urinetown en Mary Poppins de John Kraaijkamp Musical Award wûn hie yn 'e kategory oanstoarmjend talint.

 
Noortje Herlaar yn 2010.

Mei û.o. Johnny Kraaijkamp jr. spile Herlaar yn 2011 yn 'e musical De Producers, dy't lykwols flopte en in wike nei de premiêre stopset waard. Yn 2012 hie se de rol fan Stephanie Mangano yn Saturday Night Fever, op 'e nij in musical fan Joop van den Ende Theaterproducties. En yn 2014 en 2015 fetolke se de titelrol yn 'e musical Agnes van God, in produksje fan Albert Verlinde.

Op 'e tillefyzje wie Herlaar al sûnt har stúdzjetiid te sjen yn reklamespotsjes fan û.m. Reebok, Danone en KPN. Yn 2009 liende se har stim oan ien fan 'e personaazjes yn 'e tekenfilmsearje My Little Pony: Vriendschap is Betoverend. As live-action-tillefyzje-aktrise makke se har debút yn 2010, mei in gastrol yn 'e searje ’t Spaanse Schaep. Yn 2012 waard se bekend by in breder publyk troch har rol as Jeanne van Woerkom yn 'e populêre rige Moeder, Ik Wil bij de Revu. Dêrfoar waard se yn 2013 nominearre foar in Gouden Keal.

Foar har fertolking fan sjongster Liesbeth List, yn 'e minysearje Ramses, út 2014, wûn Herlaar yn 2015 ien fan De TV-Beelden. Oare tillefyzjesearjes dêr't Herlaar yn spile, wiene û.m. Bloedverwanten, Het Sinterklaasjournaal en De Zaak Menten. Yn 2016 spile se de rol fan 'e dokter yn 'e searje De Mannen van Dokter Anne. Fierders spile se yn febrewaris 2016 mei û.o. Jeroen Spitzenberger yn 'e telefilm Bouquetreeks De Film: Trots en Verlangen. Fierders wie se ek te sjen yn 'e searjes De 12 van Oldenheim (2017) en Zuidas (2018).

Op it wite doek makke Herlaar har debút yn 2014, yn 'e film Wonderbroeders. Oare films dêr't se yn te sjen wie, wiene Paradise Trips (2015), De Zevende Hemel (2016) en Toen Mijn Vader een Struik Werd (2016). Yn Knielen op een Bed Violen (2016), de ferfilming fan 'e bestseller mei deselde namme fan Jan Siebelink, en yn 'e Amerikaanske aksjekomeedzje The Hitman's Bodyguard spile Herlaar mei har freon Barry Atsma. Yn 2020 wûn se in Gouden Keal foar har rom as Margot yn 'e film Kapsalon Romy.

Fierders ferliende Herlaar as stimaktrise har meiwurking oan 'e Nederlânsktalige neisyngronisaasje fan tekenfilms as Toy Story 3 (2010), Hawaiian Vacation (2011), Gnomeo & Juliet (2011), Frozen (2013), La Belle et la Bête (2014), Rio 2 (2014), Kubo and the Two Strings (2016), Ralph Breaks the Internet (2018) en Frozen 2 (2019).

Priveelibben

bewurkje seksje

Herlaar hat sûnt novimber 2015 in relaasje mei akteur Barry Atsma. It pear hat twa bern.

Filmografy as akteur
jier titel rol of funksje opmerkings
tillefyzje
2008 Slim Pig Muis as stimaktrise
2008 Dibo, the Gift Dragon Annie as stimaktrise yn in bernesearje fan Nickelodeon
2008 The Saddle Club Deborah as stimaktrise, realitytillefyzjesearje fan Nickelodeon
2009 My Little Pony: Vriendschap is Betoverend   Cheerilee as stimaktrise yn 'e Nederlânsktalige neisyngronisearring
2009 Phineas and Ferb ûnbekend gastrol as stimaktrise yn 'e Nederlânsktalige neisyngronisearring
2009 The Troop Hayley as stimaktrise yn 'e Nederlânsktalige neisyngronisearring fan
2010 ’t Spaanse Schaep Debbie gastrol, 1 ôfl.
2012 Moeder, Ik Wil bij de Revue Jeanne van Woerkom minysearje
nom. Gouden Keal foar bêste byrol fan in aktrise yn in tillefyzjeprogramma
2013 Charlie Melissa gastrol; 1 ôfl.
2014 Ramses Liesbeth List minysearje
2014 Bloedverwanten Sanne Mok fêste rol yn seizoen 3
2014 Crossing Lines Anke Joosten minysearje
2016 Sinterklaasjournaal juf Katrijn gastrol; 1 ôfl.
2016 De Zaak Menten Betty Knoop minysearje
2016 De Mannen van Dokter Anne dokter Anne Hazenberg haadrol
2017 B.A.B.S. Renate (Noortje Herlaar-lookalike)   weromkearende rol; 4 ôfl.
2017 De 12 van Oldenheim Peggy Jonkers minysearje
2018 Zuidas Lavinia Vermeer weromkearende rol; 8 ôfl.
2018 Lois Lois Elzinga minysearje
2020 The Masked Singer foks tillefyzjekwis
2022 The Passion Marije tillefyzjespecial, musical
films
2006 Het Kleine Spookje Laban Labolina as stimaktrise
2010 Toy Story 3 Barbie as stimaktrise yn 'e Nederlânsktalige neisyngronisearring
2011 The Muppets resepsjoniste fan Miss Piggy as stimaktrise yn 'e Nederlânsktalige neisyngronisearring
2011 Hawaiian Vacation Barbie as stimaktrise yn 'e Nederlânsktalige neisyngronisearring
2011 Gnomeo & Juliet Juliet as stimaktrise yn 'e Nederlânsktalige neisyngronisearring
2013 Frozen Anna as stimaktrise yn 'e Nederlânsktalige neisyngronisearring
2014 Wonderbroeders Jessica
2014 La Belle et la Bête Belle as stimaktrise yn 'e Nederlânsktalige neisyngronisearring
2014 Rio 2 Gabi as stimaktrise yn 'e Nederlânsktalige neisyngronisearring
2015 Hotwax frou koarte film
2015 Paradise Trips Miranda
2016 Knielen op een Bed Violen Margje
2016 De Zevende Hemel Julia
2016 Toen Mijn Vader een Struik Werd Toda's mem
2016 Trots en Verlangen Dominique
2016 Kubo and the Two Strings de susters as stimaktrise yn 'e Nederlânsktalige neisyngronisearring
2017 The Hitman's Bodyguard griffier fan it ICC
2018 Mary Poppins Returns Mary Poppins as stimaktrise yn 'e Nederlânsktalige neisyngronisearring
2018 Ralph Breaks the Internet Anna as stimaktrise yn 'e Nederlânsktalige neisyngronisearring
2019 Het Irritante Eiland heks Amarantha
2019 Kapsalon Romy Margot Gouden Keal foar bêste aktrise
2019 Frozen 2 Anna as stimaktrise yn 'e Nederlânsktalige neisyngronisearring
2020 Op Gepaste Afstand Eef koarte film
2021 Just Say Yes Estelle
2022 Soof 3 dokter Dickhoff
2022 The Takeover Linde van Erp
2022 Ome Cor kassiêre fan 'e supermerk

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side.