Barry Atsma (Londen, 29 desimber 1972) is in Nederlânsk film- en tillefyzje-akeur, dy't behalven de Nederlânske ek de Britske nasjonaliteit hat. Hy waard bekend troch syn rol as Bob Ensink yn 'e dramasearje Rozengeur & Wodka Lime en wûn yn 2010 sawol in Gouden Keal as in Rembrandt Award foar syn haadrol yn 'e film Komt een Vrouw bij de Dokter. Oare bekende rollen fan sines binne Vincent van Gogh yn Van Gogh: Een Huis voor Vincent, Wigbolt Ripperda yn Kenau, Johan de Witt yn Michiel de Ruyter en Hugo Warmond yn Knel.

Barry Atsma
akteur
persoanlike bysûnderheden
echte namme Barry Atsma
nasjonaliteit Nederlânsk
Britsk
berne 29 desimber 1972
berteplak Londen (Ingelân)
etnisiteit Nederlânsk
jierren aktyf 1993 – no
prizen Gouden Keal 2010
Rembrandt Award 2010
offisjele webside
www.barryatsma.nl

Libben en karriêre

bewurkje seksje

Jonkheid en oplieding

bewurkje seksje

Atsma waard yn 1972 berne yn 'e Londenske wyk Bromley, dêr't syn âlden doe wennen om't syn heit foar de multinational Unilever wurke. Fanwegen syn berteplak hat Atsma behalven de Nederlânske ek de Britske nasjonaliteit. Om't it gesin omreden fan it wurk fan syn heit gauris ferhúzje moast, brocht Atsma syn jonkheid troch yn ferskate lannen, wêrûnder net allinnich Ingelân en Nederlân, mar ek Grikelân en Brazylje. Nei't er de middelbere skoalle ôfrûne hie, begûn er mei in rjochtestúdzje, mar hy stapte al rillegau oer nei in oplieding oan 'e Hegeskoalle foar de Keunsten Utert, dêr't er yn 1996 ôfstudearre.

Aktearkarriêre

bewurkje seksje

Atsma sette yn 1993 útein mei in wurkpaad as akteur mei in weromkearende rol as Philip Harinxma yn 'e soapsearje Goede Tijden, Slechte Tijden. Fierders spile er ier yn syn karriêre Bob Voskuil jr. yn Bureau Kruislaan en hied er gastrollen yn 'e plysjesearje Baantjer en yn 'e komeedzjesearje Ben Zo Terug. Atsma briek troch mei de rol fan Bob Ensink, dy't er fan 2001 oant en mei 2005 fertolke yn 'e dramasearje Rozengeur & Wodka Lime. Fan 2002 oant 2012 makke er diel út fan 'e Toanielgroep Amsterdam, dêr't er net inkeld foar aktearre, mar ek regisearre.

Op 'e tillefyzje hie Atsma yn 2005-2006 de rol fan Felix Waltz yn 'e dramarige Waltz, oer in sirkusfamylje, en yn 2007-2008 de rol fan Jeffrey Woesthoff yn 'e dramasearje Voetbalvrouwen. Hy spile yn 2006 yn 'e minysearje Fok Jou! en hie yn 2007 weromkearende rollen as de tenniscoach yn acht ôfleverings fan Willemspark en as Stag Hartman yn trije ôfleverings fan Gooische Vrouwen. Yn 'e minysearje De Prins en het Meisje, ek út 2007, fertolke Atsma de rol fan prins Constantijn fan Oranje-Nassau fan Amsberg, en yn 'e minysearje Van Gogh: Een Huis voor Vincent, út 2013, spile er keunstskilder Vincent van Gogh. Fierders wied er te sjen yn û.m. Hart tegen Hard (2011) en Het Sinterklaasjournaal (2016), en yn tillefyzjefilms as HannaHannah (2007), Ooit (2008) en Amsterdam (2009).

Op it wite doek makke Atsma yn 2003 syn debút yn De Passievrucht. Letter spile er û.m. yn films as Ik Omhels Je met 1000 Armen (2006), nei it boek mei deselde namme fan Ronald Giphart, Nachtrit (2006), Morrison Krijgt een Zusje (2008) en De Storm (2009). Foar syn haadrol as Stijn yn Komt een Vrouw bij de Dokter (2009), nei de bestseller mei deselde namme fan Raymond van de Klundert, ûntfong Atsma yn 2010 in Gouden Keal en in Rembrandt Award, beide yn 'e kategory bêste akteur. Neitiid spile er yn films as Loft (2010) en Taped (2012), en hied er de rol fan Dennis yn Mannenharten (2013), wêrmei't er syn twadde Rembrandt Award foar bêste akteur wûn.

Yn 'e histoaryske oarlochsfilm Kenau, út 2014, fertolke Atsma de rol fan Wigbolt Ripperda, de kommandant fan it oranjesinnige garnizoen ûnder it Belis fan Haarlim (1572-1573). Datselde jiers spile er ek de rollen fan Jaap van Hoensbroeck yn 'e film Lucia de B. en fan Michael yn 'e Britsk-Dútsk-Kanadeesk-Súdafrikaanske film Hector and the Search for Happiness. Yn 2015 wie Atsma as de Hollânske riedpinsjonaris Johan de Witt te sjen yn 'e histoaryske spektakelfilm Michiel de Ruyter, oer de santjinde-iuwske Nederlânske seeheld mei dy namme, en teffens spile er dat jier jitris de rol fan Dennis, yn 'e ferfolchfilm Mannenharten 2.

Yn 2016 spile Atsma yn Knielen op een Bed Violen, de ferfilming fan 'e bestseller mei deselde namme fan Jan Siebelink. Yn 2017 hied er in rol yn 'e Amerikaanske aksjekomeedzje The Hitman's Bodyguard. Yn 2018 wied er te sjen yn 'e titelrol as fersetsman Walraven van Hall, yn 'e film Bankier van het Verzet. Njonken syn aktearwurk die Atsma yn 2010 voice-overs as de stjoerderstim fan Net 5, en ek presintearre er de dokumintêrerige Down voor Dummies (2014) oer trije famkes mei it syndroom fan Down. Yn 2017 en 2018 hie Atsma ien fan 'e haadrollen yn 'e dramasearje Klem, as belestingynspekteur Hugo Warmond, in widner mei twa dochters, dy't tsjin wil en tank by de ûnderwrâld belutsen rekket.

Priveelibben

bewurkje seksje

Atsma hie fan 1994 oant 2011 in relaasje mei aktrise Izaira Kersten, mei wa't er twa dochters krige. Neitiid sette er him nei wenjen yn Utert en sûnt novimber 2015 hat er in nije relaasje mei aktrise Noortje Herlaar. Atsma is ambassadeur fan it Diabetes Fûns en it Wilhelmina Bernesikehûs. Ek set er him yn foar bern mei it syndroom fan Down.

Filmografy as akteur
jier titel rol of funksje opmerkings
tillefyzje
1993 Bureau Kruislaan Bob Voskuil jr. gastrol; 2 ôfl.
1993 Goede Tijden, Slechte Tijden Philip Harinxma weromkearende rol; 4 ôfl.
1999 Baantjer Jelle van Delft gastrol; ôfl. De Cock en de Pianomoord
2000 Ben Zo Terug Rick gastrol; ôfl. Positief Denken
2001–2005 Rozengeur & Wodka Lime Bob Ensink fêste rol; 52 ôfl.
2002 Baantjer Vincent gastrol; ôfl. De Cock en de Moord in Club Exotica
2005–2006 Waltz Felix Waltz minysearje
2006 Fok Jou! Frans minysearje
2006 De Afdeling Anton gastrol; ôfl. A Perfect Match
2007 Willemspark tenniscoach weromkearende rol; 8 ôfl.
2007 Gooische Vrouwen Stag Hartman weromkearende rol; 3 ôfl.
2007 De Prins en het Meisje Constantijn fan Oranje-Nassau fan Amsberg   minysearje
2007 HannaHannah Wim tillefyzjefilm
nom. Gouden Keal foar bêste byrol fan in akteur
2007–2008 Voetbalvrouwen Jeffrey Woesthoff fêste rol; 16 ôfl.
2008 Ooit Jos tillefyzjefilm
2009 Amsterdam pedofyl direkt-op-fideo útbrocht
2010 n.f.t. voice-over stjoerderstim fan Net5
2011 Het Gordijnpaleis van Ollie Hartmoed Dimitri gastrol; ôfl. De Vlinderworp
2011 Hart tegen Hard Paul Smit fêste rol; 12 ôfl.
2013 Van Gogh; Een Huis voor Vincent Vincent van Gogh minysearje
2014 Down voor Dummies as presintator dokudrama oer 3 famkes mei it syndroom fan Down
2014 Penoza Maik Kneefel weromkearende rol; 7 ôfl.
2014 Alles muß raus: Eine Familie rechnet ab   Oskar Etsch minysearje
2014 Göttliche Funken Jan tillefyzjefilm
2015 Tatau Dries weromkearende rol; 7 ôfl.
2015 Begierde: Mord im Zeichen des Zen Richard Landen tillefyzjefilm
2015 Episodes Arjen van der Linden weromkearende rol; 2 ôfl.
2016 Sinterklaasjournaal ûnderwizer gastrol; ôfl. 16.12
2017 Die letzte Spur Mark Reeve tillefyzjefilm
2017–2020 Klem Hugo Warmond fêste rol; 30 ôfl.
2018–2019 The Split Christie Carmichael fêste rol; 17 ôfl.
2018–2020 Bad Banks Gabriel Fenger Dútsk-Lúksemboarchske searje
2019 Tatort Maarten Jansen gastrol; ôfl. Das Monster von Kassel
2020 Lieve Mama Lex van der Ven minysearje
2021 Du sollst nicht lügen Hendrik Voss minysearje
2021 Make Up Your Mind Bobbi Bambam dragshow
2021 Blackout Axel Kjær minysearje
2022 The Serpent Queen Oane fan Montmorency fêste rôl; 8 ôfl.
films
2002 Rita Koeling Freddy koarte film
2003 De Passievrucht skilder
2004 Bos is Back Triple W
2004 Le Ciambelle gasthear koarte film
2005 Lepel Max
2006 Ik Omhels Je met 1000 Armen barkeeper
2006 Nachtrit resjersjeur Nijdam
2007 Hotel Paradijs Christiaan koarte film
2008 Morrison Krijgt een Zusje Steven
2009 De Storm Aldo Hendriks nom. Rembrandt Award foar bêste Nederlânske akteur
2009 Nagelaten Erik
2009 Komt een Vrouw bij de Dokter Stijn Gouden Keal foar bêste akteur
Rembrandt Award foar bêste Nederlânske akteur
2009 Remains Erik koarte film
2010 Zwart Water Paul
2010 Loft Matthias Stevens nom. Rembrandt Award foar bêste Nederlânske akteur
2012 Taped Johan
2012 Quiz Leo
2013 Mannenharten Dennis Rembrandt Award foar bêste Nederlânske akteur
2014 Kenau Wigbolt Ripperda
2014 Lucia de B. Jaap van Hoensbroeck
2014 In Jouw Naam Ton
2014 Hector and the Search for Happiness Michael
2015 Michiel de Ruyter Johan de Witt
2015 Mannenharten 2 Dennis
2016 Knielen op een Bed Violen Hans
2016 Siv Sover Vilse Bastiaan
2017 HHhH Karl Hermann Frank ek bekend as The Man with the Iron Heart
2017 The Hitman's Bodyguard oanklager fan it ICC Moreno
2018 Bankier van het Verzet Walraven van Hall
2020 Engel heit Engel
2021 The Hitman's Wife's Bodyguard oanklager fan it ICC Moreno
2023 Klem Hugo Warmond

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.