Oscar foar Bêste Ynternasjonale Film
De Oscar foar Bêste Ynternasjonale Film, eins de Academy Award foar Bêste Ynternasjonale Film (Ingelsk: Academy Award for Best International Feature Film), foarhinne bekend as de Oscar foar Bêste Film yn in Bûtenlânske Taal en ek wol de Oscar foar Bêste Bûtenlânske Film neamd, is in Amerikaanske priis op it mêd fan films, dy't elts jier ein febrewaris of begjin maart útrikt wurdt foar films fan it foargeande jier. Inkeld net-Ingelsktalige langspylfilms fan bûten de Feriene Steaten komme foar dizze priis yn oanmerking. It is ien fan 'e Oscars of Academy Awards, en it wurdt beskôge as ien fan 'e wichtichste en meast prestizjeuze filmprizen fan 'e wrâld. De Oscar foar Bêste Ynternasjonale Film wurdt útrikt troch de Academy of Motion Pictures Arts and Sciences (AMPAS) by in tige formeel oanklaaide útrikkingsseremoanje yn it Dolby Theatre yn Hollywood, de wyk fan Los Angeles dêr't de Amerikaanske filmyndustry konsintrearre is.
Oscar foar Bêste Ynternasjonale Film | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
útrikt foar | bêste bûtenlânske net-Ingelsktalige langspylfilm | |
útrikt troch | Academy of Motion Pictures Arts and Sciences (AMPAS) | |
frekwinsje | 1x yn it jier | |
datum | febrewaris / maart | |
plak | Hollywood (Los Angeles) | |
ynsteld | 1956 | |
1e útrikking | 1957 | |
offisjele webside | ||
oscars.org |
Namme
bewurkje seksjeDe Oscar foar Bêste Ynternasjonale Film hiet fan 1956 oant 2019 de Oscar foar Bêste Film yn in Bûtenlânske Taal, of eins de Academy Award foar Bêste Film yn in Bûtenlânske Taal (Ingelsk: Academy Award for Best Foreign Language Film). Yn 'e folksmûle waard (en wurdt) lykwols altyd sprutsen oer de Oscar foar Bêste Bûtenlânske Film (Ingelsk: Oscar for Best Foreign Film).
Skiednis
bewurkje seksjeDoe't de earste Oscars yn 1929 útrikt waarden, wie der gjin inkele priis foar films fan bûten de Feriene Steaten. Nei de Twadde Wrâldoarloch krewearre de fan oarsprong Deenske akteur Jean Hersholt, dy't doedestiden yn it bestjoer fan 'e Academy of Motion Pictures Arts and Sciences (AMPAS) siet, foar de ynstelling fan in priis foar bûtenlânske films, om't dat neffens him helpe soe om nauwere bannen te smeien en bettere gearwurking te krijen tusken Amerikaanske en bûtenlânske filmmakkers. Tusken 1947 en 1956 waard acht kear op ûngeregelde basis oan in bûtenlânske film in Oscar takend, mar dat wiene spesjale prizen foar útsûnderlike produksjes, en der wie gjin wedstrydelemint yn behelle om't der gjin nominaasjes foar wiene.
Yn 1956 waard der in reguliere kategory ynsteld foar bûtenlânske, net-Ingelsktalige langspylfilms, wêrfoar't de earste priis by de útrikkingsseremoanje fan 1957 takend waard oan 'e Italjaanske dramafilm La Strada, fan regisseur Federico Fellini. Dy priis kaam Academy Award for Bêste Film yn in Bûtenlânske Taal te hjitten, in namme dy't er 63 jier lang behold. Op in gearkomste fan it bestjoer fan 'e AMPAS yn april 2019 waard lykwols besletten om him om te neamen ta Academy Award foar Bêste Ynternasjonale Film. It waard nammentlik ornearre dat de term 'bûtenlânsk' (foreign) yn 'e mondiale filmyndustry "net mear fan dizze tiid" wie. De nije namme soe de kategory "better fertsjintwurdigje" en teffens in "posityf en ynklusyf byld fan it meitsjen fan films" jaan.
Betingsten foar gadingmakkers
bewurkje seksjeOars as by oare kategoryen fan 'e Oscars it gefal is, hoege gadingmakkers foar de Oscar foar Bêste Ynternasjonale Film net yn bioskopen yn 'e Feriene Steaten draaid te hawwen om meitingje te meien. Betingsten dêr't wól oan foldien wurde moat, binne:
- De films moatte útbrocht wêze yn it lân dat harren yntsjinnet en dêr teminsten sân dagen efterinoar yn in kommersjele bioskoop draaid hawwe.
- De films moatte útbrocht wêze yn 'e perioade dy't dêrfoar troch de AMPAS oantsjut is. Foar de oare kategoryen is dat frijwol altyd it foargeande kalinderjier fan 1 jannewaris oant en mei 31 desimber. Foar de ynternasjonale-filmkategory jilde op dit mêd faak oanpaste betingsten, hoewol't dat per jier ferskilt. Foar de útrikking fan 2008 gou bygelyks in deadline foar publikaasje fan 30 septimber 2007, wylst foar films yn alle oare kategoryen de deadline 'gewoan' 31 desimber 2007 wie.
- De dialooch moat (fierhinne) yn in oare taal as it Ingelsk wêze. Films mei tefolle Ingelsk deryn wurde diskwalifisearre. Dat oerkaam yn 2019 bygelyks de Nigeriaanske film Lionheart. De Algerynske film Le Bal, dêr't hielendal net yn praat waard, mocht yn 1984 dan wol wer meitingje.
- De films meie gjin Amerikaanske produksjes wêze. Op dit punt ferskille de betingsten foar de Oscar foar Bêste Ynternasjonale Film fan dy foar de Golden Globe foar Bêste Film yn in Bûtenlânske Taal. Foar dy priis meie nammentlik ek Amerikaanske films meitingje, salang't de fiertaal mar net Ingelsk is. Sadwaande koe de Amerikaanske mar Japansktalige film Letters from Iwo Jima yn 2007 de Golden Globe foar Bêste Film yn in Bûtenlânske Taal winne, wylst de film fan kompetysje foar de Oscar foar Bêste Film yn in Bûtenlânske Taal útsletten wie om 'e simpele reden dat it in Amerikaanske produksje wie. Dy regel jildt net inkeld foar de Feriene Steaten sels, mar ek foar alle Amerikaanske territoaria. Foarhinne koene films út it Spaansktalige Porto Riko wol meidwaan foar dizze Oscarkategory, mar yn 2011 besleat de AMPAS om ek Portorikaanske films út te sluten.
- De films meie foarôfgeande oan har premiêre yn 'e bioskopen net útstjoerd west hawwe op 'e tillefyzje of oer it ynternet. Dat kritearium waard yn 2005 it Nederlânske Bluebird fataal.
- Der mei mar ien film per lân yntsjinne wurde. (Ek op dat punt ferskille de betingsten foar de Oscar foar Bêste Ynternasjonale Film fan dy fan 'e Golden Globe foar Bêste Film yn in Bûtenlânske Taal.)
- It lân dat de film ynstjoert, moat ek (fierhinne) ferantwurdlik wêze foar it meitsjen fan 'e film. As bliken docht dat lju út dat lân net genôch mei it meitsjen fan 'e oangeande film te krijen hân hawwe, is dat reden foar diskwalifikaasje. Sa waard de film Un Lugar en el Mundo yn 1991 diskwalifisearre doe't oan it ljocht kaam dat it ynstjoerende lân, Oerûguay, der eins suver neat mei te krijen hân hie, en dat it hast folslein om in Argentynske produksje gie. (Dat is noch altyd de iennichste film dy't diskwalifisearre is, neidat er al nominearre wie foar de Oscar foar Bêste Ynternasjonale Film.)
- Oant en mei 2004 (de útrikkingsseremoanje fan 2005) moasten de meitingjende films yn in offisjele taal fan it ynstjoerende lân wêze. Dat kritearium soarge derfoar dat de Italjaanske film Private yn 2004 útsletten waard fan dielname om't der benammen Arabysk en Hebriuwsk yn sprutsen waard: talen dy't yn Itaalje gjin offisjele status hawwe. Yn 2005 (de útrikkingsseremoanje fan 2006) waard dy regel lykwols ôfskaft. Sadwaande koe Kanada yn 2005 nominearre wurde foar de film Water, dy't fierhinne Hindytalich is hoewol't it Hindy yn Kanada gjin offisjele status hat.
- Sûnt de nammeferoaring fan 2019 meie foar de Oscar foar Bêste Ynternasjonale Film ek lange animaasjefilms en lange dokumintêres meidwaan.
Krityk
bewurkje seksjeDer is in protte krityk op it idee dat der in kategory bestean moat foar Bêste Ynternasjonale Film njonken in kategory foar Bêste Film. De Britske krante The Guardian skreau yn 2016 dat soks in "foarûnderstelling mei in fundamintele flater" fertsjintwurdiget, en dat de Oscar foar Bêste Ynternasjonale Film (doe noch de Oscar foar Bêste Film yn in Bûtenlânske Taal) "de meast kritysk ferhune kategory is fan alle Oscar-kategoryen." De krante skreau ek: "Yn in perfekte wrâld – of, alteast, in sa perfekt mooglike wrâld dêr't noch altyd pronkerige filmpriis-seremoanjes besteane – soe gjin ferlet wêze fan in aparte Oscar foar bêste film yn in bûtenlânske taal. It feit dat de Academy [of Motion Pictures Arts and Sciences] nei 87 jier de earste film dy't net foar it meastepart yn it Ingelsk is noch earje moat as bêste film, seit alles oer de eigen beheinings [fan 'e organisaasje], en neat oer de wrâldwide filmyndustry." (Yn 2019 barde dat, doe't de Súdkoreaanske film Gisaengchung, ynternasjonaal bekend as Parasite, de Oscar foar Bêste Film wûn.)
Winners
bewurkje seksjeDe Oscars wurde útrikt oan it begjin fan it jier, foar films út it hiele foargeande jier. Yn 'e tabel hjirûnder wurdt de offisjele jiertelling fan 'e Oscars oanholden. Mar it jier dat oanjûn stiet is it jier dêr't de priis foar takend waard, en net it jier dêr't de priis yn takend waard. Dus dêr't bgl. stiet "1956", fûn de útrikking fan dy priis plak yn begjin 1957.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeSjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |