Grutte Oseaan

oseaan
(Trochferwiisd fan Pasifiskyske Oseaan)

De Grutte Oseaan, Stille Oseaan of Pasifyske Oseaan, ek wol Stille Súdsee neamd, is in wrâldsee dy't tusken East-Aazje, Noard- en Súd-Amearika en Austraalje leit. De oseaan grinzet yn it noarden oan de Noardlike Iissee en yn it suden oan de Súdlike Oseaan. De Stille Oseaan is de grutste oseaan op ierde. Dy beslacht in oerflak fan 165,2 miljoen km², koartsein 32% fan it ierdoerflak; mei de seeën om de Stille Oseaan hinne beslacht de wettermassa 35% fan it ierdoerflak.

Grutte Oseaan
of Stille Oseaan
geografy
type wetter oseaan
lokaasje tusken Aazje, Austraalje,
   en de Amearika's
lân ferskaat, sjoch hjirre
koördinaten 0° N, 160° W
sifers
maks. lingte 19.800 km
maks. breedte 15.500 km
oerflak 165.250.000 km²
djiptegemiddelde 4.280 m
djipste punt 10.928 m
wetterfolume 710.000.000 km³
In reliëfkaart fan 'e oseaanboaium fan 'e Grutte Oseaan.
In reliëfkaart fan 'e oseaanboaium fan 'e Grutte Oseaan.

Lannen en territoaria oan de Grutte Oseaan en syn râneseeën

bewurkje seksje
Aazje
Noard-Amearika
Súd-Amearika
Oseaanje

De neikommende eilannen lizze yn dizze oseaan:

De temperatoeren fan it wetter yn 'e Stille Oseaan lizze om de 0 °C yn 'e poalgebieten oant sa'n 29 °C by de evener hinne. De sâltens fan it wetter is op alle poalhichten oars. It wetter by de evener is minder sâlt as op oare plakken, fanwege tefolle ekwatoriale presipitaasje. Om de poalen is it wetter net sa sâlt, omdat dêr net folle ferdamping fan it seewetter is.

De streamrjochting fan it wetter fan de Stille Oseaan rint oer it generaal mei de wizers fan de klok mei op it noardlik healrûn, op it súdlike healrûn krekt oarsom.

 
De opgeande sinne boppe de Stille Oseaan

Allinnich de lannen dy't fier fan de oseaan ôf lizze hawwe gjin ynfloeden fan it Stille Oseaanklimaat. Binnen it oseaangebiet binne der fiif skiften fan klimaatgebieten:

  1. de evenredige westlike sône,
  2. de passaatsône,
  3. it Moessongebiet,
  4. it orkaangebiet en
  5. de stiltegurdel.

De mylde westlike sône wurdt, yn it noarden en it suden, skaaimerkt troch dúdlike seizoensferskillen wat de temperatoer oanbelanget. Deunby de evener, dêr't de measte eilannen lizze, waait in passaatwyn dy't it hiele jier foar in ridlik konstakte temperatoer (21 - 27 °C) noed stiet.

It moessongebiet leit yn 'e westlike Stille Oseaan tusken Japan en Austraalje yn. Skaaimerk fan dat klimaatgebiet is de wyn dy't winterdeis fan it kontinintale binnenlân nei de oseaan waait en simmerdeis de oare kant op waait. De measte tyfoans komme foar yn it gebiet tusken Japan, de sintrale Filipinen en eastlik Mikroneezje.

Der binne twa wichtige stiltegordels yn de oseaan, ien by de westkust fan Midden-Amearika en de oare by de evener yn de westlike Stille Oseaan. Beide gebieten binne bekend om de wiete loften en stadige winen út alle rjochtingen wei.

De Andesytline foarmet de wichtichste regionale swette yn de Grutte Oseaan. It skiedet it djippere stollingsstiente fan it sintrale Pasifyske bekken fan de kontinintale gebieten mei soerhâldend stollingsstiente dy't foar in part ûnder it wetter leit.

Oseanen fan de Ierde

Atlantyske Oseaan - Yndyske Oseaan - Noardlike Iissee - Stille Oseaan - Súdlike Oseaan

  ·   ·