Penguin Group
De Penguin Group is ien fan 'e grutste en meast foaroansteande Britske útjouwerijen, dy't bestiet sûnt 1935. It haadkertier is fêstige yn it Londenske Westminster. It bedriuw is eigendom fan it útjouwersconcern Pearson PLC, en makket sûnt 2013 ûnderdiel út fan Penguin Random House, in joint venture fan Pearson en it Dútske Bertelsmann AG.
Penguin Group | ||
algemien | ||
hist. namme | Penguin Books | |
nasjonaliteit | Britsk | |
type | privaat | |
sektor | útjouwerij | |
haadkertier | Londen (Ingelân) | |
oprjochte | 1935 | |
oprjochter | Allen Lane | |
eigner | Pearson PLC | |
mem | Penguin Random House | |
dochters | sjoch ûnder difyzjes en ymprints | |
offisjele webside | ||
www.penguingroup.com |
Skiednis
bewurkje seksjePenguin (de namme betsjut "pinguin", dêrfandinne it logo) sette yn 1935 as bedriuw útein, doe't it ûnder de namme Penguin Books oprjochte waard troch de Britske útjouwer Allen Lane. Yn 1970 waard de útjouwerij oernommen troch Pearson PLC. Yn 1996 ûntstie de hjoeddeiske Amerikaanske difyzje troch de fúzje tusken it oarspronklike Penguin Books USA en G.P. Putnam's Sons. Yn 2003 waard Penguin Books omneamd ta de Penguin Group, dêr't alle Penguin-bedriuwen by ûnderbrocht waarden. Penguin Books is sûnt de namme fan 'e Britske difyzje. De ûnderskate Penguin-difyzjes brûke withoefolle ymprints, wêrfan't de measten foarhinne selsstannige útjouwerijen wiene.
Yn 2012 sleat Pearson PLC in oerienkomst mei syn Dútske konkurrint Bertelsmann AG. Dêrby waard fêstlein dat de Penguin Group in joint venture oangean soe mei de Amerikaanske útjouwerij Random House, in difyzje fan Bertelsmann. De útfiering fan dat kontrakt krige yn 2013 syn beslach, en it nije bedriuw kaam Penguin Random House te hjitten. Mei't sawol de Penguin Group as Random House al ta de seis grutste útjouwerijen fan 'e Ingelsktalige wrâld hearden, is Penguin Random House in abslute reus yn útjouwerslân. Pearson hat in belang fan 47% yn it bedriuw, wylst de oare 53% yn it besit fan Bertelsmann is.
Difyzjes en ymprints
bewurkje seksjeDe Penguin Group hat autonoom operearjende difyzjes yn 9 lannen:
- Penguin Books (Grut-Brittanje)
- Penguin Books Australia (Austraalje, sûnt 1946)
- Penguin Books Canada (Kanada, sûnt 1974)
- Penguin China (Sina, sûnt 2005)
- Penguin India (Yndia, sûnt 1985)
- Penguin Ireland (Ierlân, sûnt 2003)
- Penguin Group NZ (Nij-Seelân, sûnt 1973)
- Penguin Group (South Africa) (Súd-Afrika, sûnt 1970)
- Penguin US (Feriene Steaten, sûnt 1939)
Dêrnjonken beslacht de Penguin Group de folgjende ymprints:
- Alpha Books
- Avery Publishing
- Awa Press
- Blue Rider Press
- Current
- Dial Books for Young Readers
- E.P. Dutton
- Frederick Warne & Co.
- Gotham Books
- G.P. Putnam's Sons
- HP Books
- Hudson Street Press
- New American Library
- Pelican Books
- Penguin Books
- Perigee Books
- Philomel
- Portfolio
- Prentice Hall Press
- Price Stern Sloan
- Puffin Books
- Peacock Books (yn ûnbrûk)
- Firebird Books
- Razorbill Books (foarhinne Puffin Plus)
- Speak
- Riverhead Books
- Sentinel HC
- Jeremy P. Tarcher
- Viking Press
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes and references, op dizze side. |