Ramon (pornografysk akteur)
Ramon, echte namme: Raúl Armenteros (yn súdlik Floarida, 2 febrewaris 1965), is in Amerikaansk pornografysk akteur fan Kubaansk etnysk komôf. Hy sette yn 2003 útein mei in wurkpaad yn 'e Amerikaanske pornoyndustry en spile yn frijwat films. Hy waard benammen bekend troch syn wurk foar de webside BangBros en rollen yn films mei transseksuële aktrises.
Ramon | ||
persoan yn de seksyndustry | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Raúl Armenteros | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 2 febrewaris 1965 | |
berteplak | súdlik Floarida | |
etnisiteit | Kubaansk | |
wurkpaad | ||
wurksum as | pornoakteur | |
jierren aktyf | 2003 – no | |
offisjele webside | ||
gjint |
Libben en karriêre
bewurkje seksjeRamon waard yn 1965 berne yn it suden fan 'e Amerikaanske steat Floarida en groeide op yn 'e stêdekloft fan Miami. Hy is in Latino fan etnysk Kubaansk komôf. Yn 2003 begûn er in karriêre as pornoakteur yn 'e tsjinst fan 'e webside BangBros, wêrby't er benammen opfoel fanwegen syn grutte penis (fan 33 sm). Hy wûn grutte populariteit as fêste akteur yn 'e Monsters of Cock-rige fan BangBros.
Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hie Ramon ein 2016 yn mear as 300 pornografyske films spile, û.m. foar sokke foaroansteande labels as New Sensations, Digital Sin, Red Light District, The Score Group, ClubJenna, Vivid Entertainment en Pure Play Media. Dêrnjonken hat er ek in protte yn 't spier west foar pornowebsiden op it ynternet, wêrûnder net inkeld BangBros, mar ek Reality Kings en Brazzers.
Yn syn karriêre hat Ramon gearwurke mei aktrises as Asia, Britney Amber, Brandi Belle, Julia Bond, Angelina Castro, Renae Cruz, Sophie Dee, Ava Devine, Lacey Duvalle, Havana Ginger, Savannah Gold, Jenny Hendrix, Sara Jay, Kayme Kai, Leyla Lei, Shawna Lenée, Mia Lina, Rebeca Linares, Chastity Lynn, Gianna Michaels, Mariah Milano, Mya Nichole, Alexa Nicole, Aletta Ocean, Olivia O'Lovely, Bree Olson, Priya Rai, Kristina Rose, Natalia Rossi, Rachel Roxxx, Faye Runaway, Hillary Scott, Misty Stone, Delilah Strong, Shyla Stylez, India Summer, Juelz Ventura, Kelly Wells en Ricki White.
Behalven heteroseksuële pornografy hat Ramon ek films mei pre-operative transseksuële aktrises makke, fral foar de filmstudio Trans500. Yn dat ferbân hat er fiif kear nominearre west foar in AVN Award (de Oscar fan 'e pornowrâld) yn 'e kategory bêste transseksuële sekssêne.
Prizen en nominaasjes
bewurkje seksjejier | priis | resultaat | kategory | foar syn optreden yn |
---|---|---|---|---|
2013 | Transgender Erotica Award | nominearre | bêste net-transseksuële artyst | n.f.t. |
2014 | AVN Award | nominearre | bêste transseksuële sekssêne (mei Brittany St. Jordan) | I Kill It TS 1 |
nominearre | bêste transseksuële sekssêne (mei Ariel Everitts en Castro Supreme) | I Kill It TS 2 | ||
2015 | AVN Award | nominearre | bêste transseksuële sekssêne (mei Wendy Williams) | I Kill It TS 6 |
nominearre | bêste transseksuële sekssêne (mei Vaniity en Castro Supreme) | I Kill It TS 8 | ||
Transgender Erotica Award | nominearre | bêste net-transseksuële artyst | n.f.t. | |
2016 | AVN Award | nominearre | bêste transseksuële sekssêne (mei Kelli Lox) | I Kill It TS 12: Monster Ass Fucks |
Keppelings om utens
bewurkje seksje- (in) Biografy en filmografy fan Ramon yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
- (in) Biografyske gegevens en filmografy fan Ramon yn 'e Internet Adult Film Database (IAFD)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |