Renee O'Connor (folút: Evelyn Renee O'Connor; Katy (Teksas), 15 febrewaris 1971) is in Amerikaansk aktrise, regisseur, tillefyzjeprodusinte en senarioskriuwster fan etnysk Iersk komôf, dy't benammentlik bekend wurden is fan har rol as Gabrielle yn 'e tillefyzjerige Xena: Warrior Princess.

Renee O'Connor
akteur
Renee O'Connor op 'e Xena-konvinsje yn 'e Amerikaanske steat Nij-Jersey, yn 2007.
Renee O'Connor op 'e Xena-konvinsje yn 'e
Amerikaanske steat Nij-Jersey, yn 2007.
persoanlike bysûnderheden
echte namme Evelyn Renee O'Connor
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 15 febrewaris 1971
berteplak Katy (Teksas)
etnisiteit Iersk
jierren aktyf 1989 – no
offisjele webside
www.reneeoconnor.net

Libben en karriêre bewurkje seksje

Jonkheid en oplieding bewurkje seksje

O'Connor waard yn 1971 berne yn 'e Amerikaanske steat Teksas, en groeide op yn it foarstedske Katy, deunby Houston. Se genoat fuortset ûnderwiis oan 'e Kinder High School for the Performing and Visual Arts yn Houston, in middelbere skoalle dy't spesifyk talein is op ekstra ûnderwiis yn 'e poadiumkeunsten. Op har tolfde sette se dêrnjonken útein mei in oplieding yn aktearjen oan it Alley Theatre, ek yn Houston. O'Connor makke har profesjonele debút op jonge leeftyd as dûnseresse yn in Porky Pig-kostúm yn it ferdivedaasjepark Six Flags AstroWorld yn Houston.

Karriêre bewurkje seksje

Nei't se mei sechstjin jier ferhuze wie nei Los Angeles, yn Kalifornje, sette O'Connor útein mei har karriêre as aktrise mei in hiele rige reklamespotsjes en lytse roltsje yn tillefyzjesearjes en B-films. Yn 1993 spile se de rol fan Julia Wilks yn The Adventures of Huck Finn, nei in jeugdroman fan Mark Twain. Datselde jiers hie se ek in gastrol yn in ôflevering fan 'e plysjesearje NYPD Blue.

Yn 1994 krige O'Connor de rol fan 'e jonge Deïaneira, de (lettere) frou fan 'e Grykske held en healgod Herkules, yn 'e tillefyzjefilm Hercules and the Lost Kingdom. Dat wie sa'n súkses, dat produsinten Robert G. Tapert en Sam Raimi har it jiers dêrop casten yn in fêste rol yn 'e fantasytillefyzjesearje Xena: Warrior Princess. O'Connor spile yn dy rige de rol fan Gabrielle, de fêste selsskipsfrou fan haadpersoan Xena (spile troch de Nijseelânske aktrise Lucy Lawless) De searje rûn fan 1995 oant 2001, en besoarge Lawless en O'Connor in grutte kliber fêste fans. Dy skaaide boppemjittich út nei homo's en fral lesbiënnes, mei't de dûbelsinnige relaasje fan Xena en Gabrielle as lesbysk opfet waard.

Fierders hie O'Connor gastrollen yn fjouwer ôfleverings fan 'e searje Hercules: The Legendary Journeys, dêr't Xena: Warrior Princess in spin-off-rige fan wie. Nei't Xena yn 2001 stopset waard, spile O'Connor wer yn ferskate B-films, en op 'e tillefyzje hie se û.m. in gastrol yn in ôflevering fan 'e plysjesearje Criminal Minds. Yn 2002 stie se yn Los Angeles op 'e planken yn Shakespeare syn toanielstik Macbeth, yn 'e drege rol fan frouwe Macbeth.

Njonken har aktearjen regissearre O'Connor yn 1999 en 2001 twa ôfleverings fan Xena, en letter noch ferskate tillefyzjefilms. Fan 2008 ôf wie se ek wurksum as tillefyzjeprodusinte, en yn 2010 skreau se it senario foar de koarte film Words Unspoken, dy't se sels ek regissearre en produsearre. Mei Words Unspoken wûn se yn 2010 de earste priis yn 'e kategory foar koarte films op it Filmfestival fan Las Vegas. Sûnt 2002 is O'Connor eigneresse fan har eigenoprjochte tillefyzje- en filmstudio ROC Productions (de ôfkoarting is gearstald út har inisjalen).

Yn 'e twadde helte fan 'e 2010-er jierren kearde O'Connor werom nei it toaniel en spile û.m. yn 'e toanielstikken Romeo en Julia (2018) fan Shakespeare en Omke Vanja fan Tsjechov, en yn 'e musicals Annie (2017), Mary Poppins (2018) en The Wizard of Oz (2019). Yn dat lêste stik hie se de rol fan 'e Boaze Hekse fan it Westen. O'Connor besiket noch altiten trou alle Xena-konvinsjes en ek mear algemiene science fiction- en fantasy-konvinsjes.

Priveelibben bewurkje seksje

Fan 1998 hie O'Connor in relaasje mei restauranthâlder Steve Muir, mei wa't se in soan krige, Miles Muir. Dyselde wie yn maaie 2018 sechstjin jier, doe't de media der ferslach fan diene dat er as akteur yn deselde produksje fan Romeo en Julia spile as syn mem. It houlik fan O'Connor en Muir einige yn 2005 yn in skieding, wêrnei't O'Connor in relaasje krige mei akteur Jed Sura. Hja rekke al rillegau swier en brocht yn 2006 in dochter te wrâld, dy't de namme Iris Sura O'Connor krige. Yn 2017, nei't se al mear as tsien jier gearwenne hiene, trouden O'Connor en Sura.

Filmografy bewurkje seksje

Filmografy as aktrise en regisseur
jier titel rol of funksje opmerkings
films
1989 Night Game Lorraine Beasley
1990 Black Snow Jennifer Winslow
1990 False Identity Angela Errickson
1991 Changes Jessica Adams
1991 Stone Cold Tinselteeth
1993 The Adventures of Huck Finn Julia Wilks
1995 Darkman II: The Return of Durant Laurie Brinkman
1997 Hercules & Xena: Wizards of the Screen Gabrielle koarte film
1998 Hercules and Xena – The Animated Movie: The Battle for Mount Olympus Gabrielle
2001 Accidents Don't Happen Ashton
2004 One Weekend a Month Meg McDermott koarte film
2007 Ghost Town: The Movie Little Jack
2007 Boogeyman 2 dokter Jessica Ryan
2008 Diamonds and Guns Ashley ek mei-regisseur en útfierend produsinte
2009 Bitch Slap suster Batril
2010 Words Unspoken Sue koarte film; ek regisseur, produsinte, útfierend produsinte en senarioskriuwster
2010 2010: Moby Dick dokter Michelle Herman
2011 Deadrise Paula
2011 Infinity Elizabeth koarte film; ek produsinte
2011 Are You Kidding Me? n.f.t. regisseur
2013 Stranded from an Island n.f.t. koarte film; útfierend produsinte en assistint-filmeditor
2015 Beyond the Farthest Star Maureen Wells
2015 Broken Things n.f.t. regisseur
2016 The Usual frou Ford koarte film; ek útfierend produsinte
2017 Watch the Sky Shannon ek produsinte
2017 A Question of Faith Mary Danielson
tillefyzje
1989 Match Point Robin tillefyzjefilm
1989 Teen Angel Nancy Nichols gastrol; ôfl. ûnbekend
1990 Tales from the Crypt servearster gastrol; ôfl. The Switch
1991 ABC Afterschool Specials Linda gastrol; ôfl. The Less Than Perfect Daughter
1992 FBI: The Untold Stories plysje Renee Lanot / Tina Marie Risico weromkearende rol; 3 ôfl.
1993 NYPD Blue Rebecca Sloane gastrol; ôfl. Oscar, Meyer, Weiner
1993 Sworn to Vengeance ? tillefyzjefilm
1993 The Flood: Who Will Save Our Children? Leslie tillefyzjefilm
1994 Hercules and the Lost Kingdom Deïaneira tillefyzjefilm
1995 Follow the River Bettie Draper tillefyzjefilm
1995 The Rockford Files: A Blessing in Disguise Laura Sue Dean tillefyzjefilm
1997–1999 Hercules: The Legendary Journeys Gabrielle weromkearende rol; 4 ôfl.
1995–2001 Xena: Warrior Princess Gabrielle fêste rol; 134 ôfl.
2002 Mataku Amerikaanske keapster ôfl. The Heirloom
2005 Alien Apocalypse Kelly tillefyzjefilm
2008 Criminal Minds Pam Baleman gastrol; ôfl. A Higher Power
2008 Monster Ark dr. Ava Greenway tillefyzjefilm
2010 Ark Connie Miller weromkearende rol; 9 ôfl.
2015 Last Chance Carrie tillefyzjefilm; ek útfierend produsinte

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.