Sarah Chronis (Amsterdam, 27 augustus 1986) is in Nederlânsk aktrise. Hja is benammen bekend fan har rol as Eva Persijn yn 'e soapsearje Onderweg naar Morgen.

Sarah Chronis
akteur
persoanlike bysûnderheden
echte namme Sarah Chronis
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 27 augustus 1986
berteplak Amsterdam (Noard-Hollân)
etnisiteit Gryksk
Nederlânsk
jierren aktyf 2001 – no
offisjele webside
Sarah Chronis yn 'e IMDb

Libben en karriêre bewurkje seksje

Jonkheid en oplieding bewurkje seksje

Chronis waard yn 1986 yn Amsterdam berne as de dochter fan aktrise Adriënne Kleiweg en de Grykske[1] ûntwerper en keunstner Jorgos Chronis. Hja is de suster fan aktrise Iwana Chronis en fan DJ Mason (Iason Chronis). Chronis folge op 'e middelbere skoalle in HAVO-oplieding. Nei't se slagge wie foar har eineksamens, wurke se in fearnsjier as frijwillichster yn in weeshûs yn Brazylje. Werom yn Nederlân liet Chronis har ynskriuwe oan it konservatoarium om sang te studearjen, mar nei in jier besleat se dat dy oplieding tefolle talein wie op jazz, en hold se dermei op. Neitiid folge se aktearoplieding oan 'e Toanielakademy Maastricht.

Karriêre bewurkje seksje

As teenager siet Chronis op it Kinderen voor Kinderen-koar. Letter hie se û.m. in gastrol yn 'e komeedzjesearje Oppassen!!! en spile se de rol fan Loretta Danze yn tolve ôfleverings fan 'e rige Rozengeur & Wodka Lime. Yn 2005, fuort nei't se út Brazylje weromkommen wie, krige se de fêste rol fan Emma Romein yn 'e soapsearje Het Glazen Huis, dy't lykwols fanwegen ôffallende sjochsifers nei in pear moanne al fan 'e tillefyzje helle waard. Fan 2006 oant 2009 fertolke se fierders de rol fan Eva Persijn yn in oare soapsearje, Onderweg naar Morgen.

Chronis spile ek yn tillefyzjesearjes as Shouf Shouf!, Flow en Kinderen Geen Bezwaar. Fierders stie se op 'e planken as de boasaardige Sharpay Evans yn 'e reizgjende musical High School Musical, en hie se in rol yn it toanielstik De Vagina Monologen fan 'e Amerikaanske skriuwster Eve Ensler. Har debút as filmaktrise makke Chronis yn 2012 yn 'e komeedzjefilm Alleen Maar Nette Mensen. Yn 2014 spile se in ûntfieringsslachtoffer dat fereale rekket op ien fan har ûntfierders yn 'e rouwe dramafilm Bloedlink. Ek wie se yn 2015 te sjen as Hannah Hamel yn 'e searje Meiden van de Herengracht.

Yn 2019 die Chronis mei oan it njoggentjinde seizoen fan it realitytillefyzjeprogramma Wie is de Mol?, wêryn't se presintatrise Merel Westrik ûntmaskere as de mol, en sa it spul wûn. Fan maaie 2019 ôf spile Chronis in pearke yn 'e dramasearje Nieuwe Burenmei akteur Kay Greidanus, mei wa't se ek yn it echte libben in relaasje hat.

Filmografy bewurkje seksje

Filmografy as aktrise
jier titel rol of funksje opmerkings
tillefyzje
1997 Oppassen!!! Karen gastrol; ôfl. Oppasopa's
1997 Kinderen voor Kinderen harsels sjongster yn it Kinderen voor Kinderen-koar
2002 Oppassen!!! Katja gastrol; ôfl. Stilte A.u.b.
2004 Rozengeur & Wodka Lime Loretta Danze weromkearende rol; 12 ôfl.
2005 Het Glazen Huis Emma Romein fêste rol yn in soapsearje
2006 Onderweg naar Morgen Dionne van Dam gastrol; 1 ôfl.
2006–2009 Onderweg naar Morgen Eva Persijn fêste rol yn in soapsearje
2007 Shouf Shouf! Chantal gastrol; ôfl. Autorijschool Mussi
2007 Jensen! harsels gast yn in praatprogramma
2008 Flow Lana fêste rol
2008 Taxi 656 sjongend famke tillefyzjefilm
2009 Ik Kom bij Je Eten harsels dielnimster oan in realitytillefyzjeprogramma
2011 Kinderen Geen Bezwaar Lidewij gastrol; ôfl. Vrouwelijk Richtingsgevoel
2011 Truman harsels dielnimster oan in realitytillefyzjeprogramma
2011 Seinpost Den Haag Natascha weromkearende rol; 8 ôfl.
2014 Flikken Maastricht Evelyn Keus gastrol; ôfl. Ciao
2015 Meiden van de Herengracht Hannah Hamel weromkearende rol; 8 ôfl.
2015 Divorce Fleur gastrol; ôfl. Het Einde van het Begin
2015 Bureau Raampoort Nadine van Haaften minysearje
2017 Flikken Rotterdam Sylvia van Dijk gastrol; ôfl. All-in
2017 Centraal Medisch Centrum Lana Vos gastrol; 2 ôfl.
2018 Suspects Aleid van Rossum gastrol; ôfl. Missie Mali
2019 Wie is de Mol? harsels dielnimster oan in realitytillefyzjeprogramma
2019 Goede Tijden, Slechte Tijden    Romy Dublois gastrol
2019 Nieuwe Buren Sophie van Velzen fêste rol
2019 DNA Josje de Wit gastrol; ôfl. #1.10
2020 Het Sinterklaasjournaal juf Marjolijn gastrol; 1 ôfl.
films
2012 Alleen Maar Nette Mensen famke yn restaurant   
2014 Bloedlink Laura Temming
2015 Dames 4 Rosa
2017 Alles voor Elkaar Nicole
2018 Zwaar Verliefd! Marleen
2018 Bon Bini Holland 2 mem fan gesin / klant by FC Kip
2020 Zwaar Verliefd! 2 Marleen

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Beheinde biografy fan Jorgos Chronis op syn eigen webside

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch: dizze side.