Sean Patrick Hannity (New York (New York) 30 desimber 1961 is in Amerikaanske radiopersoanlikheid en in konservatyf polityk kommentator. Hy is de presintator fan syn praatprogramma op de radio The Sean Hannity Show en it praatprogramma Hannity op de nijsstjoerder op keabeltillefyzje Fox News.

Sean Hannity
tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid
Sean Hannity yn 2020
Sean Hannity yn 2020
persoanlike bysûnderheden
echte namme Sean Patrick Hannity
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 30 desimber 1961
berteplak New York (New York)
etnisiteit Iersk
wurkpaad
wurksum as radiokommentator
tillefyzjekommentator
skriuwer
medium radio, tillefyzje
jierren aktyf 1982 – hjoed-de-dei
offisjele webside
hannity.com

Sean Hannity hat ferskate boeken skreaun en wie ien fan de earste oanhingers fan it presidintskip fan Donald Trump. Hy hat ferskate gearspanningsteoryen de loft yn smiten. Hy is ien fan de meast beharke en besjoene radio-en tillefyzjepersoanlikheden, foar yn part troch't er goed befreone is mei Trump.

Jonkheid en oplieding bewurkje seksje

Sean Hannity waard berne yn New York (New York) as de soan fan Hugh en Lillian (famkesnamme: Flynn) Hannity. Syn heit wie in feteraan fan de Twadde Wrâldkriich en wurke yn de finzenis fan de county. Syn mem wurke as in stenograaf en wie in agint yn de finzenis fan de county. Hy wie de jongste fan de bern fan syn âlden en de iennichste jonge. Syn paken en beppen fan beide kanten emigrearren fan Ierlân nei de Feriene Steaten. Hy woeks op yn Franklin Square op Long Island.

Yn syn jonkheid wurke er as in krantejonge. Syn âlden wiene ynearsten oanhingers fan presidint John F. Kennedy, mar waarden stadichoan mear republikeinsk yn harren stânpunten, mar se bestegen net al tefolle omtinken oan polityk. Hja wiene roomsk-katolyk.

Sean Hannity gie nei de Sacred Heart Seminary yn Hampstead (New York) en St. Pius X Preparatory Seminary yn Uniondale (New York). Dêrnei gie er nei New York University en Adelphi University, mar hat se allebeide net dienmakke.

Karriêre bewurkje seksje

 
Sean Hannity ynterviewt fise-presidint Dick Cheney yn 2006
 
Sean Hannity ynterviewt fise-presidint Mike Pence yn 2020

Yn 1982 sette er útein mei in hûsskildersaak en in pear jier letter wurke er as in konstruksje-oannimmer yn Santa Barbara (Kalifornje). Hy presintearre syn earste praatprogramma foar KCSB-FM, de radiostjoerder fan UC Santa Barbara, wylst er noch as in oannimmer wurke. It programma stjoerde 40 oeren út. Oangeande syn earste programma sei er oer himsels: :Ik wie der net goed yn. Ik wie striemin".

Syn programma dêre waard nei krapoan in jier skrast, om't er kontroverjele útspraken oer rjochten fan homo's en lesbiënnen die. It bestjoer fan de universiteit kaam letter op dy beslissing werom, nei't de American Civil Liberties Union harren der op wiisd hie dat er yn syn rjocht op mieningsutering neffens it Earste Amindemint fan de Amerikaanske grûnwet stie. Hannity easke fan it bestjoer in iepenbiere ferûntskuldiging en mear stjoertiid, mar hja giene dêr net op yn. Hannity besleat net wer nei de stjoerder werom te kommen.

Dêrnei gie er op 'e syk nei oare radiostjoerders en waard oannommen by WVNN yn Athens (Alabama), dêr't er in middeispraatprogramma presintearre. Yn 1992 gie er nei WGST yn Atlanta. Yn septimber 1996, doe't er noch net hiel bekend wie, waard er troch Roger Ailes, de algemien direkteur fan de nije nijsstjoerder op keabeltillefyzje Fox News, oannommen om in tillefyzjeprogramma te presintearjen dat ynearsten ûnder de namme Hannity and LTBD ("liberal to be determined", betsjut: "liberaal noch bekend te meitsjen") stie. Alan Colmes waard oannommen om mei Hannity Hannity & Colmes te presintearjen. Hannity presintearre it konservative stânpunt en Alan Colmes it progressive.

Op 10 septimber 2001 sette er útein mei syn nasjonale radioprogramma The Sean Hannity Show, dy't op mear as 500 radiostjoerders yn de Feriene Steaten te beharkjen wie.

Wylst Hannity syn stânpunten almeast polityk en sosjaal konservatyf fan aard binne, hat er him foar it brûken foar foarbehoedmiddels útsprutsen, itjinge tsjin syn katolike leauwen yn gie.

Yn jannewaris 2007 sette Hannity útein mei in tillefyzjepraatprogramma op sneintejûn: Hannity's America. Yn novimber 2008 makke Alan Colmes buorkundich dat er ophâlde woe mei Hannity & Colmes. Nei de lêste ôflevering fan it programma op 9 jannewaris 2009, sette Hannity it programma allinnich fuort as Hannity. Dat programma waard ien fan de meast besjoene programma's op de keabeltillefyzje, en nei't The O'Reilly Factor fan Bill O'Reilly skrast waard, waard Hannity de nûmer ien programma mei in trochsneed fan 3,3 miljoen sjoggers. Syn radioprogramma is nei Rush Limbaugh de meast beharke praatprogramma.

Hannity wie fan 2003 oant 2010 ek warber mei de Freedom Concerts, dat in rige country muzykoptredens wie dêr't er jild ophelle foar famyljes fan soldaten dy't yn de krigen yn Afganistan en Irak sneuvele wiene. Kritisy lykas de Citizens for Responsibility and Ethics in Washington (CREW) seine lykwols dat der mar in lyts persintaazje fan dat sammele jild nei it doel, Freedom Alliance, gie, en dat Hannity it ferkearde idee joech dat al it jild nei it goede doel gie, en se beklagen harren by de Federal Trade Commission en de Internal Revenue Service (IRS, de Amerikaanske belestingtsjinst). De optredens holden om dy tiid hinne ek op.

Opfettings bewurkje seksje

Hannity syn opfettings binne almeast polityk en sosjaal konservatyf fan aard. Neffens The Washington Post brûkt er ferhalen dy't gauris net alhiel wier binne en feroaret er syn stânpunt om de tiid. Neffens The New York Times sit Hannity op de grins fan opiny en gearspanningsteoryen. Hy smyt gauris gearspanningsteoryen de loft yn sûnder se wurklik te ûnderskriuwen.

Barack Obama bewurkje seksje

Yn it tiidrek fan it regear fan presidint George W. Bush bliek Hannity Bush syn belied oan te hingjen, wylst er it regear fan presidint Barack Obama algeduerigen ôfkreake. Alhoewol't er leaut dat Obama yn de Feriene Steaten berne waard, rôp er him hieltyd mar wer op syn bertebewiis sjen te litten om it idee, dat der by guon konservativen wie, op te stokeljen dat Obama net yn de Feriene Steaten berne wêze soe en dan dus gjin presidint wêze koe.

Donald Trump bewurkje seksje

 
Sean Hannity mei Donald Trump

Doe't Donald Trump foar presidint rûn, wie Hannity ien fan syn earste oanhingers en brûkte er syn programma as sprekbuis foar Trump syn kampanje en letter foar syn regear. Ek ferdigene Hannity Trump nei't in lûdsopname fan him oan it ljocht kaam dêr't er denigrearjende útspraken foar froulju oer die, en ek wer doe't Trump falsk bewearde dat er it grutste publyk hie by syn ynauguraasje.

Hannity waard bekritisearre om't er te geunstich foar Trump syn kandidatuer oer stie en him mear stjoertiid joech as de oare kandidaten. Der waard sels oppenearre dat Hannity net allinnich geunstich foar Trump oer wie, mar ek syn net-offisjele adviseur wie. Hannity krige ek krityk fan in soad oare konservative kommentators, dy't tsjin Trump wiene.

Hillary Clinton bewurkje seksje

By de presidintsferkiezings fan 2016 smiet Hannity gauris gearspanningsteoryen oer Hillary Clinton yn de rûnte. Hannity sei dat Clinton earnstige sûnensproblemen hie, en dat de media dat ferbergje liet. Hy krige syn "ynformaasje" gauris fan de nepnijswebstee The Gateway Pundit. Yn maaie 2017 spruts er de gearspanningsteory dat Hillary Clinton en de Demokratyske Partij in meiwurker, Seth Rich, fermoardzje liet. Hy krige dêrby in soad krityk fan lofts en rjochts. Yn maart 2018 spanden de âlden fan Seth Rich in rjochtsaak oan tsjin Fox News, om't dy gearspanningsteoryen oangeande harren soan syn dea de loft yn smieten foar politike redens. Op 12 oktober 2020 bea Fox News harren miljoenen dollars oan foar skeafergoeding.

WikiLeaks bewurkje seksje

Yn 2010 sei Hannity dat de stifter fan WikiLeaks, Julian Assange, op kriichspaad wie tsjin de Feriene Steaten, en dat WikiLeaks Amerikaanske libbens oer de wrâld hinne yn gefaar brocht hie. Hy bekritisearre it regear fan Obama derfan dat dy Assange net oppakke koe. Yn 2016, doe't WikiLeaks emails fan de Demokratyske Nasjonale Kommitee útlekte, priizge er Assange dat er sjen litten hie "hoe korrupt, ûnearlik en ferrifele ús oerheid is". Yn in ynterview mei Assange yn septimber 2016 sei er tsjin him: "Ik hoopje dat jo werris frijkomme meie. Ik winskje jo it allerbêste". Yn febrewaris 2017 die Hannity fannijs in tweet fan WikiLeaks dy't keppele wie oan in ferhaal fan The Gateway Pundit dat John McCain in "globalistyske kriichskrimineel" wie. In wurdfierder fan McCain easke Hannity de "wierheid te fertellen" en Hannity wiske dy tweet.

Djippe steat bewurkje seksje

 
Sean Hannity doe't er it Conservative Political Action Conference taspriek

Hannity hat ferskate kearen pleite foar de QAnon- en de djippe steat-gearspanningsteoryen. De djippe steat is neffens him in "skaadregear" fan oerheidsamtners en meiwurkers fan it regear fan Obama dy't it regear fan presidint Trump dwersbongelje en omsmite woene. In artikel skreaun troch konservative kommentator Bret Stephens yn The Wall Street Journal fersmiet dy teoryen fan Hannity.

Homoseksualiteit bewurkje seksje

Yn 1989, doe't er noch by KCSB yn Santa Barbara wurke, die Hannity anty-homo-útspraken. Hy neamde AIDS in "homosykte" en sei dat de media ynformaasje foar it publyk oan it ferbergjen wie. Hy sei dat AIDS ferspraat waard om't homo's harren trochgong ynnamen, dat homoseksualiteit in "leger foarm fan gedrach" wie en dat geslachtsmienskip fan homo's "boartsjen yn húskeguod" is. Ek sei er dat "eltsenien dy't nei dit programma harket en tinkt dat homoseksulateit normaal is, is harsenspield". Hannity krige troch dy útspraken dien fan de radiostjoerder, mar de American Civil Liberties Union wiisde it bestjoer derop dat Hannity yn syn rjocht fan mieningsutering neffens it Earste Amindemint fan de Amerikaanske grûnwet stie. It bestjoer naam Hannity werom, mar dy easke in publike ferûntskuldiging en twa kear safolle stjoertiid, mar dy giene dêr net yn mei. Hannity kearde dêrnei net werom.

Yn 2017 tsjûge Hannity syn spyt oer dy útspraken en sei dat se "ûnkundich en beskamsum" wiene.

Emigraasje bewurkje seksje

Hannity is tsjin op amnesty foar yllegale emigranten, mar yn 2012 wie er dêroer fan gedachten feroare en wie foar in "paad ta boargerskip". Letter wie er der wer op tsjin en yn 2018 waard er troch CNN, The Washington Post en it tydskrift New York omskreaun as in hardliner oangeande yllegale emigraasje. Yn augustus 2018 advisearre er Trump dat hy de federale oerheid slute moast om it Kongres der ta te twingen om finansiering fan de muorre mei de grins mei Meksiko rûn te krijen.

Islaam bewurkje seksje

Hannity hat der foar warskôge dat sharia-wet nei de Feriene Steaten oan it kommen is. Yn 2006 wie er tsjin de ferkiezing fan Keith Ellison, de earste moslim ta it Amerikaansk Kongres keazen, en bekritisearre er him doe't dy syn eed op de koraan die.

Klimaatferoaring bewurkje seksje

Hannity fersmyt de wiitenskip oer it opwaarmjen fan de ierde. Yn 2001 omskreau er it as "ferrifele wittenskip fan polityk lofts". Yn 2004 bewearde er falsk dat wittenskippers der net oer iens wiene oft de opwaarming fan de ierde in "wittenskiplik feit of fiksje" wie. Hannity nûget gauris klimaatskeptisy út yn syn programma.

Koroanafirus bewurkje seksje

Yn febrewaris 2020, doe't it koroanafirus him yn de Feriene Steaten oan it sprieden wie, sei Hannity dat "in soad fan lofts wolle dat koroana gaos skept yn de Feriene Steaten. Wêrom? Om goedkeape ôfwearzige politike punten te winnen". Yn maart 2020 neamde er it firus in hoax en sei dat de koroanafirus in fraude wie dy't troch de djippe steat dien waard. Letter yn maart fan dat jier, doe't it firus yn in pandemy feroare wie en Trump de needtastân útroppen hie, begûn Hannity it firus mear serieus te nimmen. Hannity sei letter dat syn programma de koroanapandemy altyd al serieus nommen hie.

Persoanlik libben bewurkje seksje

Houlik en famylje bewurkje seksje

Sean Hannity moete Jill Rhodes yn 1991 doe't er foar WVNN yn Huntsville (Alabama) wurke. Hja wie doe in kollumnist foar de Huntsville Times. Hja trouden yn 1993.

Hannity hat twa bern út syn houlik mei Rhodes; in soan Patrick, berne yn 1998 en in dochter Merri, berne yn 2001.

Yn juny 2020 hie it pear buorkundich makke dat se it foargeande jier skaat wiene, mar al jierren earder útinoar wiene. Hannity begûn dêrnei út te gean mei Ainsley Earhardt in meiwurker fan Fox News.

Yn 2018 rûsde Forbes dat Hannity syn jierlikse ynkommen $36 miljoen wie. Yn 2014 sei er dat hy in wapen droech "mear as de helte fan myn folwoeksen libben".

Neffens Hannity, hat er in brûne bân yn fjochtkeunst en oefenet fjouwer dagen yn de wike.

Leauwe bewurkje seksje

Hannity ferliet de roomsk-katolike tsjerke yn 2019 om't er fûn dat der "tefolle ynstitusjonele korrupsje" geande wie. Hy sei dat syn kristlike leauwe lykwols grutter wurden wie en dat er God yn syn libben hawwe wol nedich hat.

Boeken fan Sean Hannity bewurkje seksje

  • Let Freedom Ring: Winning the War of Liberty over Liberalism (2002), New York: ReganBooks, ISBN 0-06-051455-8.
  • Deliver Us from Evil: Defeating Terrorism, Despotism, and Liberalism (2004), New York: ReganBooks, ISBN 0-06-058251-0.
  • Conservative Victory: Defeating Obama's Radical Agenda (2010), New York: Harper Paperbacks, ISBN 0-06-200305-4.
  • Live Free or Die: America (and the World) On the Brink (2020), New York: Simon & Schuster, ISBN 978-1-982-14-9970.

Keppeling om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch nei References op dizze side.