Sint-Syriakustsjerke (Mendig)

De Sint-Syriakustsjerke (Dútsk: Pfarrkirche St. Cyriakus) is in roomsk tsjerkegebou yn 'e Dútske stêd Mendig. De romaanske tsjerke stiet yn it stedsdiel Niedermendig en waard yn 'e 12e iuw boud. Tusken 1852 en 1857 waard oan 'e noardlike kant fan de midsiuwske parochytsjerke in neogoatyske útwreiding tafoege neffens de plannen fan Vincenz Statz, dy't oan de hilligen Syriakus en Barbara wijd waard. By de renovaasje fan 'e âlde tsjerke kamen yn 'e jierren 1886-1888 âlde fresko's foar it ljocht, dy't sûnt 1897 wer bleatlein binne.

Sint-Syriakustsjerke (Mendig)
Lokaasje
lân flagge fan Dútslân Dútslân
dielsteat Rynlân-Palts
plak Mendig
adres Kirchberg
koördinaten 50° 22' N 7° 16' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Roomsk-Katolike Tsjerke
bisdom Trier
patroanhillige Sint-Syriakus
Arsjitektuer
boujier 12e iuw, 19e iuw
boustyl Romaanske en neogoatyske arsjitektuer
Kaart
Sint-Syriakustsjerke (Rynlân-Palts)
Sint-Syriakustsjerke
 
Boetekrús

Neffens dendrogronologysk ûndersyk en stylferlikening mei oare tsjerken wurdt de bou fan 'e Syriakustsjerke op likernôch 1180 datearre. Yn it middenskip fan 'e âlde tsjerke binne noch alve romaanske ikehouten spanten oanwêzich, dy't tusken 1175 en 1195 slein waarden. In oare balke yn it westlike diel fan 'e tsjerke stamt út 'e tiid tusken 1166 en 1186, doe't de westlike toer boud waard, wêrfan de earste twa ferdjippings yn 1216 foltôge binne. In earste skriftlike fermelding fan 'e tsjerke en de parochy datearret fan 1215.

De toer waard yn 1474 ferhege en mei in spits ôfsletten, dat betocht wurdt mei in ynskrift oan 'e bûtenmuorre. Ek waard yn 'e twadde helte fan 'e 15e iuw in goatyske kapel oan it koer boud.

Yn 'e Tritichjierrige Kriich hie de tsjerke te lijen fan geweld en yn 1620 baarnde de toer ôf. Oant 1802 wie de Syriakustsjerke in eigentsjerke fan it domkapittel fan Trier, dat de ynkomsten krige en de tsjerke ûnderhold.

De bûtenmuorren fan 'e midsiuwske tsjerke hawwe wyt stúkwurk. De goatyske kapel dy't op it plak fan 'e súdlike apsis boud waard, hat steunbearen fan fjouwerkante blokken basaltlava. De muorre fan it koer hat trije bline bôgen, dy't op lisenen rêste. De bline bôge yn it midden dêre krige yn 'e barokke tiid in rûnbôgich finster. De twa bûtenste bline bôgen binne yn klaverblêdfoarm en hawwe grutte likenis mei dy yn it koer fan 'e Sint-Kastorbasilyk yn Koblenz, dêr't soks foar it earst yn 1160 tapast waard. In oare klaverblêdbôge is oanbrocht yn it heechste diel fan 'e muorre, wêryn trije rûnbôgige nissen oanbrocht binne.

De ljochtbeuk fan it middenskip hat fjouwer rûnbôgige finsters. Yn it súdlike sydskip is de romaanske tagong, dy't fan dûbele rûne staven omfieme wurdt. De staven einigje nei boppe ta net yn kapitelen, mar yn knopen. De doar fan ikehout mei izerbeslach is romaansk. De barokke list om 'e doar stamt út 1717, itjinge ek jildt foar it ynskrift Hingeht das Leben, herkombt der Tot, o Mensch thue recht vnd forchte Gott (It libben giet foarby, de dea komt, minske wêz dochs earlik en libje yn 'e freze fan God).

By de tsjerke stiet op it earder tsjerkhôf in 16e-iuwsk boetekrús.

Ynterieur âlde tsjerke

bewurkje seksje
 
Ynterieur âlde tsjerke

De trijeskippige tsjerke hat in middenskip fan twa traveeën mei oan it eastlik ein in rjochhoekich koer. De sydskippen wurdt mei healrûne apsissen ôfsletten. De súdlike apsis waard yn 'e 15e iuw yn in goatyske kapel yntegrearre. Rjochthoekige lege pylders skiede it middenskip fan 'e sydskippen. De gurdlebôgen fan 'e middenskiptraveeën rêste op heale pylders mei kapitelen, dy't fersierd binne mei palmetten. It middenskip en it koer hawwe in krúsgraatferwulft

De goatyske kapel hat maaswurkfinsters en in yn 'e muorre ynboude piskina. Op 'e slútstien fan de ferwulftribben en de op in troch in ingel droegen konsole is it wapen fan it grevehûs Virneburg te sjen.

 
Romaanske alter mei piëta

It romaanske haadalter stiet hjoed-de-dei yn it súdlike sydskip. Dêr stiet in piëta op út it midden fan 'e 18e iuw. Yn 'e westlike muorre fan it middenskip en yn 'e flier binne ferskillende epitaven fan basaltlava út de 17e en 18e iuw ynbrocht.

Muorreskilderings

bewurkje seksje

De muorreskilderings fan de midsiuwske tsjerke ûnstiene yn twa fazes.

 
Krúsridder

De earste faze datearret fan foar 1200, dus fuort nei it foltôgjen fan 'e tsjerke. Yn 'e fjilden fan it ferwulft wurde de symboalen fan it lijen fan Kristus útbylde: de lantearne as symboal foar it finzennimmen fan Kristus yn 'e hôf, de hoanne dy't stiet foar it ferrie troch Sint-Piter, de toarnenkroan, de gisel, it krús, de lâns, de spûns en de leider. Ta neitins oan 'e krústochten is in foarstelling fan in ridder oanbrocht, dy't op likernôch 1300 datearre wurdt. Dêrûnder is de hillige Laurentius te sjen, dy't, wylst er op in roaster bret wurdt, de hannen nei God ferheft. Op in arkade fan 'e súdlike muorre sit Marije mei in leelje yn 'e hân op 'e troan, mei dêrnjonken it bern Jezus. Op in oare arkade is Marije Magdalena te sjen, dy't foar Jezus op 'e knibbels leit. Jezus wurdt dêr mei de skeppe yn 'e hân as túnker foarsteld. Dêrboppe is in foarstelling oanbrocht fan 'e doop fan Jezus troch Jehannes de Doper mei loft fan Jezus in ingel en dêrboppe in ûnbidich grutte do. De tredde foarstelling toant de hillig Jakobus mei pylgershoed en stêf njonken in kening.

 
Krusiging

De twadde faze fan 'e beskildering fan de tsjerke datearret út 'e twadde helte fan 'e 13e iuw. Ut dy tiid stamme de seis meter hege Kristoffel oan 'e noardlike muorre, de tolve apostels op de beide kanten fan it middenskip en de foarstelling fan it Lêste Oardiel boppe de koerbôge. Kristus troant op in wolk, njonken him in knibbeljende Marije en Jehannes de Doper en twa ingels, dy't op in trompet blaze.

 
Jongste Gerjocht

De feroardielden wurde dêrûnder nei de hel dreaun, dêr de duvel harren opwachtet. De silligen dêrfoaroer rinne mei de hannen gear de heuvel op nei de hân fan God. De apostels drage in swurd en/of in boek en in tal drage ek de martelwurktúgen fan harren martlersskip. Sa hâldt Mattias de bile, Jehannes in oaljefet en Judas Taddéus in kneppel yn harren hân en Bartoloméus syn ôfstrûpte fel oer de earm. Yn in foarstelling yn 'e ljochtbeuk fan 'e noardlike muorre is de hillige Jakobus mei in grutte Jakobsskelp op it boarst te sjen. In foarstelling fan de krusiging ûnder Sint-Kristoffel is yn 'e earste helte fan 'e 13e iuw makke. Lofts fan it krús binne Jehannes en Marije te sjen, rjochts fan it krús de patroanhillige Syrakius. De foarstelling fan Anna Trijerisom giet werom op it jier 1470. Yn it noardlike sydskip is in bôge fersierd mei florale motiven en in foarstelling fan de hillige Margareta mei de draak. Njonken har stiet noch in hillige. Fierder is yn it súdlike sydskip noch in 14e-iuwske fresko fan de hillige Nikolaas, dy't in fermoarde en dêrnei pikele learling wer ta libben rop.

Nije tsjerke

bewurkje seksje

Healwei de 19e iuw waard oan de besteande tsjerke in nije, trijeskippige tsjerke boud neffens it foarbyld fan de Keulske minoritetsjerke. De nijbou is twa kear sa lang en in stik heger as de âlde bou. Yn de nije tsjerke stiet it heechalter, dat om 140 hinne troch de skilder Derick Baegert (1440–1515) út Wezel makke waard.

It oargel mei 36 registers op twa manualen en pedaal waard yn 1925 troch de oargelbouwer Klais út Bonn boud. Yn 1963 waarden der by in renovaasjes feroarings oanbrocht.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:St. Cyriakus (Niedermendig)