Strjitten yn Easterwâlde

Wikimedia-list

De Strjitten fan Easterwâlde:

Register: A - B - D - E - F - G - H - I - J - K - L - M - N - O - P - R - S - T - U - V - W - Y

  • 't Oost - wie eartiids it hert fan it doarp, sa't bliken docht út it plak fan de tsjerke.
  • 't Weer - wie in stik lân oan 't Oost.
  • 13 Aprilstrjitte - Op 13 april 1945 is Easterwâlde befrijd.
  • Assepot - ûntliend oan de histoarje en stiet oanjûn op de kaart fan "Fryske Plaknammen" fan de Fryske Akademy.
  • Assessorleane - in assessor wie in wethâlder.
  • Bareldsburglaan - Bareldsburch wie in lângoed fan doarpsrjochter Barelds (1658) en leit oan de Jardingea oant en mei de kampen. Letter is dat Oostenburg wurden.
  • Bentemaden - Bentemaden is in buorskip. In made is in âlde namme foar miede, faak in stik healân. Benten komt fan de gerssoarte binteen dat op wiete lannen groeit. Bintepôlen.
  • Bergwei - By de hjoeddeiske krusing "Trije Stellingenwei - Houtwâl" wie eartiids in ferheging fan wol in pear meter. Dee bult waard yn de folksmûle wol "'t bergien" neamd.
  • Biezenkamp - hji stie earder it pand de "Biezenhutte".
  • Blauwmaad - âlde fjildnamme, mieden mei blaugerzen.
  • Boekhorst - nei it buorskip Boekhorst. Hjir stie eartiids in folmole. In stik boulân hjit noch "Mole- of Meertenkamp"
  • Boekhorsterwei - rjochting Boekhorst.
  • Boelenkamp - in los stik lân mei pleats Nanningea nr. 13 by de Duistereweg. (Soe dit komme fan Ayzo van Boelens? 1768 heal eigener, 1714 Boelenmaad, 1720 Bollemaad, 1726 Roelemaad)
  • Boereweide -lânnamme
  • Bonghaer - sjoch "De Haer".
  • Boskamp - fjildnamme
  • Breikom - in leech stik lân
  • Brink - âlde kearn fan in doarp, hiet earst Middenbuorren.
  • Brinkstrjitte - strjitte nei de Brink
  • Brugkampwei - grut stik lân by de brêge.
  • Butjeskamp - stik lân
  • Buttinga - nei it buorskip en lânhûs Buttinga. Yn 1640 hie Buttinga 4 stimhawwende pleatsen.
  • Buttingapaad - paad nei Buttingea.
  • Buttingasingel - sânpaad mei beammen rjochting lânhûs Buttingea
  • Buurstede - sjoch ek Solstede. Wie in hiem. Eigeners hienen it rjocht om rjochter te wurden of it amt fan stelling út te oefenjen.
  • Coendringaweg - wei nei Coendringastate, dêr't ek lân oan de Buttingeaster kant fan easterwâlde by hearde.
  • Dorprichterstrjitte - in dorprichter is in rjochter.
  • Dwarshaer - sjoch "De Haer".
  • De Elzen - Elsje wie in stik lân.
  • De Fenne - in finne is in stik healân.
  • De Geere - namme fan in stik lân
  • De Goorn - stik lân
  • De Haer - "Haeren"wienen hege sânrêgen, ûnder are bekend út Weper en Fochtelerfean
  • De Hegen - stikje greide
  • De Hieming - stikje lân
  • De Logten - stik lân by it lân de Loften en it 19e mad.
  • De Muynhorn - stik greide
  • De Poel - waard eartiids in state fan Ap van Weperen neamd. DE Alde Poel sûnt 1543.
  • De Slatten - stik lân by Jardingea
  • De Stripe - smel stik lân
  • De Zegge - stik lân
  • Elsjeshof - fan de elzebeammen
  • Evertsmaad -
  • Et Mientepad - ôflieden fan kultureel sintrum "de Miente".
  • Gijenham - lânnamme
  • Goldhaer - sjoch "De Haer".
  • Grytmansleane - in grytman weie in eartiidske boargemaster.
  • Groote Singel - Foarme foar de komst fan de Opsterlânske Kompanjonsfeart de ferbining mei de mole by de noch besteande "Molenhoeve". De namme wie doe Molesingel. Nei it graven fan it kanaal is dizze ferbining ferbrutsen. Doe is de namme Groote Singel opkomd. It leantsje justjes fierder waard doe ta ûnderskieding Lytse Singel neamd.
  • Hege Haar' - sjoch "de Haer".
  • Hege Esch - lânnamme
  • Hegeduerswâld - Hegeduerswâld is in buorskip, letter opsplitst yn Hegeduerswâld en Legeduerswâld.
  • Hornleger - In hoarnleger wie it plak by in pleats dêr't it fee nachts by elkoar dreaun waard foar de feilichheid. Slaat op it hiem, de Zoltstede is de pleats sels.
  • Hoogengaardeleane - komt fan "Hoogengaarde".
  • Horst - stik lân dat wat heger leit.
  • Houtwâl - by kafee "De Zon" wie earder in oanlissteiger. Dêr leinen ûnder oaren de byuertskippers oan. Op it plak fan de ytseal fan dit restaurant stie destiids de weinmakkerij fan Jan Albert Russchen.
  • It Hege Stik - heger lizzend stik lân.
  • It Holt - lânnamme
  • Iris - Plantenamme en reinbôgeflues yn it each. Iris wie de boade fan de goaden: de reinbôge.
  • Irisplein - omdat de râne Iris neamd is waard it plein yn de midden Irisoplein neamd.
  • It Mad - stik lân fan in mêd. Der wie 4½ mêd, 2 mêd, 3 mêd.
  • Jan Frankensingel - Jan Frankes fan Weperen wie earste foarsitter fan it koöperative molkfabryk yn Easterwâlde.
  • Jardinga - Jardingea is in buorskip.
  • Jardingapaad - komt fan Jardingea.
  • Johannes Koeneswei - Johannes Koenes wie de earste grytman fan Eaststellingwerf.
  • Kampingerhof - namme fan de pleats (ek wol "kamper: sate Camper)
  • Karnakkers - greide en healân.
  • Klazingawei - nei it buorskip Klazingea
  • Klein Diep - rivierke west fan Easterwâlde.
  • Kleine singel - fuotpaad.
  • De Knolle - De Knolle is in buorskip en in sate (pleats) mei lannen. Rûn fan it Grootdiep yn Easterwâlde nei it easten ta oant de grins mei Drinte. Yn de gevel fan it hûs hong in izeren knol.
  • Koemaad - namme fan in healân.
  • Kringgreppelstaat - nei in grêffjild út de lette brûnstiid. Oerbliusels wurde ek wol "rûntegreppels neamd"
  • Kuipenstreek -
  • Kuunderhof - nei de Kuunder as Stellingwerver namme foar Tsjonger.
  • Laak - streeknamme
  • Lager Esch - âlde namme
  • Lege Haar -
  • Lange Ikker - âld boulân
  • Langekamp - in kampe is in net al te grut stik lân.
  • Leegemaad - healân
  • Lijnakker - eardere boulannen
  • Martenskamp - greidlân
  • Mastenbroek - in broek is in leech lân.
  • Menninge - In menning(e) is in heawei.
  • Meulemaad - Stik healân oan it Grootdiep op de hichte fan de útgong fan de Vogelrijd dêr't in mole stien hat.
  • Meuleveldwei - nei de mole dy't hjir stie.
  • Molewei - nei de mole dy't hjir stie op nûmer 44..
  • Moskampwei - Nei "moskamp"as lânnamme. Op it twadde stik lân fan de brêge ôf stie it earste bûterfabryk.
  • Nanninga - in pleats en buorskip Nanninga fan twa pleatsen
  • Nanningawei - wei nei Naanninga.
  • Noordmaad - Stik healân by de splitsing Tsjonger/Grutdjip.
  • Oerkampweg - Lân mei de namme it "Oertje" dat ûnder de grutte kamp lei.
  • Oldemaad - healân
  • Oostenburch -
  • Oosterbrink - Gie fan 't Oost oer de Brink. 't Oost hiet eartiids "algemene drift".
  • Pasveer - streeknamme
  • Ploeggang - Sjoch ek Buurstede. De eigeners fan in ploechgong of "buurstede" wienen eigenerfden. Oan harren eigendom wie it rjocht ferbûn op it rjochtskip, it amt fan stelling, yn de Stellingwerven om eigenerfde boeren of rolboer te wêzen moast men lykas yn Easterwâlde in bepaald oandiel yn de "markegrûn", in saneamd "waardeel" besitte.
  • Poorthof - namme fan in stik lân.
  • Prakkenleane - Opsjenners fan de kompanjons dy't turf grave lieten út de earste helte fan de 19e iuw.
  • Prandinga - Prandingea is in buorskip
  • Prandingawei - dyk nei Prandinga.
  • Prinsenstrjitte - Earst Lange Esch. Oan begjin en ein skynt in famylje Prinsen wenne te hawwen.
  • Quadoelenwei - Quadoele is in stik grûn (ek: Kadoele)
  • Rindyk - algemiene namme foar in mienskiplike wei nei de mieden (healannen). Yn de weperpolder leinen ferskeidene Rindiken. Dizzen leinen op de skieding fan leger lizzende lannen en heidefjilden.
  • Rijweg - komt fan Rydwei, omdat dizze nei de Fûgelryd rûn.
  • Rikkingahof - Rikkinga is in âlde namme fan in boerespultsje ferdield yn Lyts- en grut Rikkinga.
  • Rozendael - By de pleats "de Nanningahoeve" wie eartiids in boskje dat dizze namme hie. De namme Van Rozen komt hjir ek fan. Earst berne wie Andrys, († 9 oktober 1842)
  • Sander Albertskleane - Sander Alberts fan Weperen wie ien fan de oprjochters fan it bûterfabryk (± 1890)
  • Scholdenwei - nei in oergong oer it Lyts Djip, net fier fan it plak oan dizze strjitte.
  • Schottelenburch - nei de pleats en buorskip Skottelenburch.
  • Schrappinga - - Skrappingea is in buorskip.
  • Skieppekamp - namme út 1648.
  • Snellingerdyk - namme út 1883.
  • Somerwei - de âlde wei fan Legeduerswâld nei Easterwâlde. De wei waard allinnich simmerdeis brûkt.
  • Stasjonsplein - (1948) nei it NTM-tramstasjon
  • Stasjonsstrjitte - strjitte nei itstasjon.
  • Stegingawei - "Steginga" wie in pleats mei in soad lân der by. Komt fan Steege of Steegne. Sjoch ek Appelskea ûnder Steegde.
  • Stipepassaazje -
  • Stipeplein -
  • Stoppelmaad - ûntliend oan de âlde fjildnammen "Schrieversronte".
  • Súdmaad - ûntliend oan de âlde fjildnammen "Schrieversronte".
  • Ten Hooringerleane - Komt fan Ter Hoor of Ter Hoore en hie in grutte pleats dêr't rjocht sprutsen waard. By de oanls fan de rioelearring yn de Sander Albertsleane is in bol- of kûgelpôt fûn, dy't ± 700-800 jier âld wie. Fermoedlik ôfkomstich fan Sathe Ter Hoor. De nûmering fan dizze strjitte begjint net mei 1 of 2 mar mei in folle heger nûmer. Dit komt trochdat de strjitte earder fierder troch rûn oant restaurant "De Pits". Dêroan stienen nammentlik de wenten fan de NTM. Dizze wenten waarden yn de folksmûle de "tramwenningen" neamd.
  • Ter Borgleane- Hermannus ter Borg wie bestjoerslid fan de VVV. De "bosk" waard op in iepenbiere ferkeaping op 16 juny 1921 oankocht. Ter Borg silger wie ien fan de betsjoersleden dy't de oankeap wisten te realisearjen en sadwaande ûntginning te foarkommen. Troch rinteleaze foarskotten kin de keapsom foldien wurde. Yn de folksmûle wurdt dizze dan ek wol "Keutelkampselaene" neamd.
  • Tilmaad - healân
  • Trije Stellingenwei - Stellingen wienen bestjoerders. Dizzen treden op as in kolleezje fan trije persoanen.
  • Trije Tolhikken - Trije Tolhikken is in buorskip op hast itselde stee as it eardere tolhûs. mei in doar nei elk fan de trije tollen. It is boud by de oanlis fan diken nei Donkerbroek en Makkingea.
  • Tsjusterewei - Wei mei dûnkere bûkebeammen rjochting Noardwâlde. Yn it Stellingwerfsk hiet er de Duustere weg.
  • Tsjongerhof - Nei rivier de Tsjonger, omdat de âldereinflat Kunderhof hjit en dit plan dêrefter leit.
  • Trambaan - It besteande kompleks stiet op de âlde trambaan. De tram en de frachttrein fan de NTM (Nederlânske Tramwei Maatskippij) hawwe oant 1962 riden. De reels hawwe der oant ± 1965 lein. Hjir stienen ek de huzen foar de wurknimmers fan NTM, de tramhúskes.
  • Tusken de Hoven - namme fan in stik lân
  • Veengang - namme ûntstien nei oerlis mei bougroep en brûkers.
  • Veenhofwei - De hear Veenhof (*1897) wie ien fan de oprjochters fan DIO yn 1925.
  • Venekoten - buorskip Fenekoaten wie nei alle gedachten de jongste fan de delsettings om Easterwâlde.
  • Venekoterweg - wei nei Fenekoaten.
  • Verwerstrjitte - mr. LOadewyk Guillaume Verwer fan Zorgvliet.
  • Vossehaer - sjoch "de Haer".
  • Vosselwei - Vossel wie in poel yn it gebiet "Duuzend Koelen". Dit gebiet wie in heidefjild dat tsjin Hegeduerswâld en Buttinga oan lei. De Vossel waard earder as iisbaan brûkt.
  • Waardeel - om eigenerfde of folboer wêze te kinnen moast men, lykas yn Easterwâlde in bepaald oandiel yn de markegrûnen besitte. Dit waard in saneamd waardiel neamd.
  • Weemewei - Weeme is in famyljenamme en boerepleats. Weeme komt fan Wedemje, yn de betsjutting fan 'wije oan". In kampke lân by in hûs lâns waard ek wol in weeme neamd omdat it brûkt waard as greide foar it hynder fan de dûmny.
  • Weidemaad - ûntliend oan de fjildnammen fan de Schrieversronte.
  • Weper - fan it Fryske wurd wapul of wepel dat poel betsjut. Weper is in buorskip dat op in skiereilân leit tusken Tsjonger en Grut Djip. "Bertelân"fan de famylje Van Weperen.
  • Weperpolder - polder by Weper út 1879. Wie earder it Weperfean en hier dêrfoar Veendijk. Yn 1852 waard begûn mei de ûntginning.
  • Westermaad - stik healân
  • Winkelmaad - stik healân
  • Zoltstede - Soal- of soltstede wie de pleats fan de eigenerfden op in stimhawwende pleats. Se koenen stimme of keazen wurde.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Hoe komen wij aan onze straatnamen - Gemeente Eaststellingwerf