Teatergroep SULT
Teatergroep SULT (SUdwesthoeke LokaasjeTeater) wie in teätergroep út Molkwar, dy't toanielopfierings fersoarge yn 'e hiele Súdwesthoeke fan Fryslân. De teätergroep waard yn 1996 stifte troch in tal toanielleafhawwers om de teäterkultuer fan de Súdwesthoeke te ferbetterjen en te stypjen. De artistike lieding wie jierrenlang yn hannen fan Pieter Stellingwerff.
SULT besocht en organisaarje alle jierren in stik op lokaasje, wêrby't tige bysûndere plakken brûkt waarden. Der waard wurke mei amateurtoanielspilers, wêrby't SULT dan profesjonele help levere. By it meitsjen fan de foarstellings wie it útgongspunt om safolle mooglik minsken út de omkriten fan it plak dêr't spile waard by de produksje te belûken.
Yn augustus 2023 waard bekendmakke dat SULT nei 27 jier besletten hie en hef himsels op. De foarstelling fan dat jiers wie sadwaande de lêste.[1]
Foarstellings
bewurkje seksje- 1996 - Serenade fan Slawomir Mrozek yn de Teatertún yn Riis
- 1997 - De Bloedbrulloft fan Federico García Lorca op Skarl
- 1998 - Ajaks fan Sofokles op it Murnser Klif
- 1999 - SULT Op Sjou op fjirtjin plakken:
- De man yn 'e bus fan Suzanne van Loohuizen yn in bus
- De stille besoarger fan Harold Pinter yn in kafee of doarpshûs
- 2001 - Duvelsied fan Tankred Dorst yn Warns
- 2002 - Kyp Kwaiut fan Slawomir Mrozek yn Molkwar
- 2003 - Hinne & Wer yn 'e sylskoalle yn Himmelum:
- Hinne fan Suzanne van Loohuizen
- Wer fan Ytsje Hettinga
- 2004 - Rûn Rjocht, nei Der kaukasische Kreidekreis fan Bertolt Brecht yn it âld suvelfabryk fan Sint-Nyk
- 2005 - Mem nei Rob de Graaf yn 'e busgaraazje fan NoardNed yn Snits
- 2006 - In Wintermearke fan William Shakespeare yn de Sândobbe, de sporthal fan Koudum
- 2008 - Rinoseros
- 2009 - Heksershol
- 2010 - Moardwiif
- 2011 - Redbad
- 2012 - Ja, ik wol
- 2014 - De held en syn sokken
- 2015 - Krang
- 2017 - Hauken en hazzen
- 2018 - Zout West
- 2019 - De Bûsedokter
- 2021 - It Grutte Swijen: yn ferbân mei Korona gie dizze foarstelling net troch
- 2023 - Tiid fan Libjen yn Starum
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|