De Temaside Fryske sport jout in oersjoch fan siden dy't mei Fryske sporten en sport yn Fryslân te krijen hawwe. Fragen en opmerkings kinne jo kwyt op de [[Oerlis:Tema:Fryske sport|oerlisside]].
Keatsen is in spul wêrby’t in lytse bal mei de hân of fûst (al as net beskerme troch bygelyks in want) sa slein wurde moat, dat de tsjinstanner de bal net (jildich) retoernearje kin. Keatsen is nei alle gedachten ien fan de âldste balspullen fan de wrâld. Op de Olympyske Spullen fan 1928 yn Amsterdam wie it ien fan de net-offisjele demonstraasje sporten. De wichtigste wedstriid yn it keatsen is de jierlikse PC yn Frjentsjer. Lês fierder...list