The Day the Earth Stood Still (film út 2008)
The Day the Earth Stood Still is in Amerikaanske apokalyptyske science fiction-film út 2008 ûnder rezjy fan Scott Derrickson, mei yn 'e haadrollen Keanu Reeves en Jennifer Connelly. De titel betsjut "De Dei dat de Ierde Stil Stie". It ferhaal giet oer Klaatu, in bûtenierdsk wêzen dat op 'e Ierde arrivearret om te beoardieljen hoe't it ûnder it minsklik bewâld steld is mei de steat fan it miljeu fan 'e planeet en oft der yn ferbân dêrmei maatregels nommen wurde moatte. Hy moetet wittenskipster Helen Benson, dy't efter syn bedoelings besiket te kommen. De film is in remake fan 'e film mei deselde namme út 1951, wêryn't de driging fan in kearnoarloch yn it ramt fan 'e Kâlde Oarloch it sintrale euvel wie ynstee fan miljeufersmoarging. The Day the Earth Stood Still krige fan 'e filmkritisy oer it algemien negative resinsjes, mar wie in grut kommersjeel súkses yn 'e bioskopen.
The Day the Earth Stood Still | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Scott Derrickson | |
produsint | Erwin Stoff Gregory Goodman Paul Harris Boardman | |
senario | David Scarpa | |
basearre op | de film út 1951 fan Robert Wise | |
kamerarezjy | David Tattersall | |
muzyk | Tyler Bates | |
filmstudio | 20th Century Fox 3 Arts Entertainment Dune Entertainment | |
distribúsje | 20th Century Fox | |
spilers | ||
haadrollen | Keanu Reeves Jennifer Connelly | |
byrollen | Jaden Smith John Cleese Jon Hamm Kathy Bates Robert Knepper | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 12 desimber 2008 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | science fiction-film | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 103 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $80 miljoen | |
opbringst | $233,1 miljoen | |
prizen | 1 × Saturn Award |
Plot
bewurkje seksjeYn 1928 stjit in ienlike berchbeklimmer yn it Karakorumberchtme yn Britsk-Ynje op in gloedzjende bol. Hy ferliest it bewustwêzen en wannear't er neitiid wer by besleur komt, is de bol poater en hat er in groede op 'e hân dêr't in meunster fan syn DNA ôfnommen wurden is.
Yn 'e tsjintwurdige tiid wurde astronomen in objekt gewaar dat fan oarekant de baan dy't de planeet Jupiter om 'e sinne folget, mei hege faasje op 'e Ierde ta komt. Der wurdt in asteroïdeynslach yn Manhattan foarsein. De mienskiplike feart fan it objekt en de Ierde is sa grut dat de ynslach alle libben op 'e Ierde útrûgje sil. It regear fan 'e Feriene Steaten ropt mei tûzen hasten in selskip fan wittenskippers gear, ûnder wa astrobiologe Helen Benson en har freon Michael Granier, om wat te betinken sadat de minskheid it oankommende barren oerlibje sil. De wittenskippers, dy't ek gjin izer mei hannen brekke kinne, bejouwe har nei New York om 'e botsing mei it objekt ôf te wachtsjen.
As it objekt de Ierde berikt, remmet it lykwols hommels ôf, sadat it kalmkes lânet yn Central Park. It blykt in bolfoarmich romteskip te wêzen, dat fuortendaliks besingele wurdt troch plysjes fan it New York Police Department. Dyselden krije al rillegau fersterking fan rimpen optromme en swierbewapene troepen fan it Amerikaanske Leger. Wannear't in bûtenierdsk wêzen it romteskip ferlit, stapt Helen nei foarren ta om dy gast te ferwolkomjen. Yn alle betizing hellet in senuweftige soldaat lykwols de trekker oer en sjit it bûtenierdske wêzen del. Dêrop komt in reuseftige bûtenierdske robot foar it ljocht, dy't tydlik alle minsken yn 'e neite fan it romteskip útskeakelet troch in tige lûd, tige heechtoanich leven út te stjitten. It ferwûne bûtenierdske wêzen lit de definsive reäksje fan 'e robot lykwols hohâlde troch him in befel ta te roppen.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
It bûtenste fan it bûtenierdske wêzen blykt in biologysk romtepak te wêzen, besteande út in plasinta-eftich materiaal dat in wêzen mei it stal fan in minske bedekt. Nei't de kûgel by in operaasje ferwidere is, ferâlderet it wêzen fluch oant it as twa drippen wetter op 'e berchbeklimmer út 1928 liket. Wylst er fêstholden wurdt, hat it wêzen, dat Klaatu hjit, kontakt mei Helen Benson, dy't by it ûndersyk nei him belutsen is. Klaatu ynformearret de Amerikaanske minister fan Definsje Regina Jackson dat er in fertsjintwurdiger is fan in kloft gearwurkjende bûtenierdske beskavings, en dat er stjoerd is om mei de lieders fan 'e minskheid te praten oer hoe't se de Ierde rêde kinne fan ekoside: de ferneatiging troch miljeufersmoarging en oare negative ynfloeden fan 'e minskheid sels. Jackson negearret dat boadskip en lit him ynstee ûnderfreegje troch har minsken. Dêrop ûntkomt Klaatu sûnder muoite út 'e swierst befeilige basis fan it Amerikaanske Leger.
Ienris frij nimt er wer kontakt op mei Helen, dy't it hâlden en dragen fan it Amerikaanske regear ûnferantwurdlik fynt. Helen is de allinnichsteande mem fan har negroïde styfsoan Jacob, waans heit ferstoarn is. Mei de jonge Jacob by har helpt se Klaatu om út New York te ûntkommen, nei't er har ferteld hat dat er syn misje om 'e Ierde te rêden foltôgje moat. Underwilens soargje de oanwêzigens fan 'e grutte bol yn Central Park en in grut tal lytsere bollen op in ferskaat oan oare plakken oer de hiele wrâld foar it útbrekken fan panyk ûnder de wrâldbefolking, wat liedt ta algemiene opskuor en plonderings.
Op harren flecht hâlde Klaatu, Helen en Jacob ho yn in restaurant, dêr't Klaatu in moeting hat mei dhr. Wu, in oar bûtenierdsk wêzen, dat al santich jier as spion op 'e Ierde libbet. Wu, dy't it oansjen fan in âldere Sineesk-Amerikaanske man hat, rapportearret oan Klaatu dat de minskheid destruktyf en koppich is en ûnwillich om him oan te passen. Dat is krekt de yndruk dy't Klaatu al hie. Dêrom hat er de lytsere bollen opdracht jûn om eksimplaren fan alle biste- en plantesoarten op 'e Ierde yn har op te nimmen, sadat dy beholden bliuwe sille om op 'e Ierde reyntrodusearre te wurden nei't de minskheid útrûge is. As er dat oan Wu fertelt, is dy it dêr wol mei iens en dochs tagelyk ûnwillich om 'e Ierde te ferlitten om himsels yn feilichheid te bringen. Hy leit oan 'e yn betizing rekke Klaatu út dat er yn syn tiid op 'e Ierde fan 'e minsken begûn is te hâlden, nettsjinsteande al harren flaters, en dat er wisberet is om mei harren te stjerren.
Oan Helen, dy't ûnder de yndruk ferkeart dat it rêden fan 'e Ierde itselde is as it rêden fan 'e minskheid, fertsjutsket Klaatu letter dat er kommen is om 'e Ierde te rêden fan de minskheid. Nei't er in plysjeman deade hat, dy't him besocht te arrestearjen, en de man dêrnei daliks wer út 'e dea opwekke hat, beseft Helen dat se him net tsjinkeare kin. It iennichste dat se dwaan kin is by him bliuwe en besykje om him op oare gedachten te bringen. Dêrta nimt se him mei nei it hûs fan professor Karl Barnhardt, in Nobelpriiswinnend natuerkundige. Mei him bepraat Klaatu hoe't syn eigen ras yn in fier ferline in drastyske, kollaborative evolúsje trochmakke hat om 'e ferneatiging fan 'e eigen planeet foar te kommen. Barnhardt wol hawwe dat de Ierde op itselde punt yn syn ûntwikkeling is en dat de minsken de kâns krije moatte om te beseffen dat sy ek feroarje moatte. Wylst de folwoeksenen yn petear binne, skillet Jacob temûk de plysje op om Klaatu oan te jaan.
It Amerikaanske Leger docht in wraam mei drones op 'e grutte bol, mar de robot slacht dy oanfal ôf. Dêrop prebearret men in wapenfrij alternatyf út, wêrby't de robot omjûn wurdt troch in stielen sarkofaach, om dêrnei ôffierd te wurden nei it Needoperaasjesintrum Mount Weather yn Firginia. Wylst it leger de robot ûndersiket, transformearret dy yn in swaarm wjukte, ynsekt-eftige nano-masines, dy't mear fan harrensels produsearje troch alle minsken en elts fan minskehannen produsearre objekt yn harren paad 'op te fretten'. De swaarm ferneatiget op dy wize de hiele legerbasis, en set dan ôf werom nei Manhattan.
Nei it tillefoantsje fan Jacob wurdt Helen troch militêren finzen nommen, wylst Klaatu geandefoets mei de lytse Jacob ûntkomt. Wylst se tegearre fierder geane, leart Klaatu mear oer de minskheid fan Jacob as er ea fan in folwoeksene leare kinnen hie. Wannear't Jacob kontakt opnimt mei Helen en beävensearret dat se harren by syn heite grêf treffe sil, lit minister Jackson Helen gean om Klaatu te bepraten, mei't se troch it fiasko mei de robot einlings en te'n lêsten foar it ferstân krigen hat dat de macht fan 'e Amerikaanske Striidkrêften neat is yn ferhâlding ta de bûtenierdske technology fan Klaatu. By it grêf brekt Jacob syn hert as Klaatu him útleit dat er inkeld minsken wer ta libben wekje kin dy't noch mar krekt dea binne, en dat er dêrom foar syn heit neat mear dwaan kin. Wannear't Helen arrivearret, is Klaatu tsjûge fan in mei triennen mank geande weriening tusken styfmem en styfsoan, dy't earder foar syn eagen mar in kâlde relaasje hiene. Dat jout foar him de trochslach om 'e ferneatiging fan 'e minskheid tsjin te hâlden.
Granier, dy't Helen brocht hat, bringt it hiele selskip nei Central Park, dêr't de swaarm ûnderwilens reuseftige proporsjes oannommen hat. Klaatu wâdet der dwers trochhinne om 'e bol te berikken. Dat slagget him krekt foar't syn eigen (minsklike) lichem troch de swaarm ferslynd wurdt. De bol de-aktivearret de swaarm en sa wurdt de minskheid rêden, mar tagelyk wurdt ek alle elektroanika op 'e Ierde foargoed útskeakele. Dat befêstiget de warskôging fan Klaatu dat der in priis betelle wurde moat foar it fuortbestean fan 'e minskheid. De grutte bol ferlit de Ierde, neisjoen troch Helen en Jacob.
Rolferdieling
bewurkje seksje- haadrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Klaatu | Keanu Reeves |
dr. Helen Benson | Jennifer Connelly |
- byrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Jacob Benson | Jaden Smith |
prof. Karl Barnhardt | John Cleese |
Michael Granier | Jon Hamm |
Amerikaansk minister fan Definsje Regina Jackson | Kathy Bates |
kolonel Addelman | Robert Knepper |
John Driscoll | Kyle Chandler |
dhr. Wu | James Hong |
dr. Myron | John Rothman |
doeltechnikus | Brandon T. Jackson |
Produksje en distribúsje
bewurkje seksjeProduksje
bewurkje seksjeThe Day the Earth Stood Still waard regissearre troch Scott Derrickson nei in senario fan David Scarpa, dy't syn wurk mear as fjirtich kear werskreau. De film is in remake fan The Day the Earth Stood Still út 1951, ûnder rezjy fan Robert Wise, dat sels wer basearre wie op it koarte ferhaal Farewell to the Master, út 1940, fan Harry Bates.
It earste siedsje foar de remake waard lein yn 1994, doe't filmprodusint Erwin Stoff mei akteur Keanu Reeves gearwurke hie oan 'e aksjefilm Speed, fan 'e Nederlânske regisseur Jan de Bont. Yn in kantoar yn it studiokompleks fan 20th Century Fox seach Stoff doe in âlde filmposter fan it oarspronklike The Day the Earth Stood Still hingjen, en dat brocht him op it idee om in remake te meitsjen mei Reeves yn 'e rol fan it bûtenierdske wêzen Klaatu. Senarioskriuwer Scarpa fûn dat alles oan 'e oarspronklike film noch relevant wie, útsein de driging fan in kearnoarloch yn it ramt fan 'e Kâlde Oarloch, dy't er dêrom ferfong troch de ferneatiging fan 'e wrâld troch miljeufersmoarging.
As produsinten wiene behalven Stoff ek Gregory Goodman en Paul Harris Boardman by it projekt belutsen foar de filmstudio's 20th Century Fox, 3 Arts Entertainment en Dune Entertainment. Foar de film wie in budget beskikber fan $80 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan David Tattersall, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Tyler Bates.
Opnamen
bewurkje seksjeDe opnamen foar The Day the Earth Stood Still setten op 12 desimber 2007 útein en duorren oant en mei 19 maart 2008. Se fûnen plak yn it Kanadeeske Vancouver. It meastepart fan 'e sênes waard opnommen yn 'e soundstages fan 'e Vancouver Film Studios, mei't it bûtendoar op dat stuit winter wie. Oare opnamelokaasjes wiene it Vancouver Forum, it Deer Lake, it Jericho Park en de Simon Fraser Universiteit. De measte special effects yn 'e film waarden produsearre troch it Nijseelânske bedriuw Weta Digital.
Distribúsje
bewurkje seksjeDe distribúsje fan The Day the Earth Stood Still waard fersoarge troch 20th Century Fox. Oarspronklik soe de film op 9 maaie 2008 yn premiêre gean, mar dat waard likernôch in healjier útsteld om't de opnamen folle letter úteinset wiene as de bedoeling west hie. Sadwaande iepene de film pas op 12 desimber 2008 yn 'e Amerikaanske bioskopen. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde op 16 desimber 2008 by platemaatskippij Varèse Sarabande. The Day the Earth Stood Still waard op 7 april 2009 útbrocht op dvd en blu-ray.
Untfangst
bewurkje seksjeFan 'e filmkritisy krige The Day the Earth Stood Still oer it algemien negative resinsjes. Sa hie A.O. Scott fan The New York Times in protte krityk op 'e film, dy't him benammen taspitste op it senario. Hy heakke dêroan ta: "Sels Klaatu sjocht der ferfeeld en ôflaat út, krekt sa't er dat wie doe't we him noch koene as Neo." (In ferwizing nei in oare film mei Keanu Reeves yn 'e haadrol: The Matrix.) Yn 'e Chicago Sun-Times skreau Roger Ebert dat The Day the Earth Stood Still de oarspronklike film út 1951 "sa serieus nimt dat de plot ek stil stiet." Hy joech de film 2 fan 4 stjerren.
Yn 'e Seattle Post-Intelligencer krige de film in lau ûnthaal fan William Arnold. Hy skreau: "It is in fatsoenlik genôch prebearsel om te wêzen wat de âlde film foar syn tiid wie, mei fierhinne deselde plot, fol fan respektfolle ferwizings nei [de oarspronklike film], by de tiid brocht mei in galery fan ridlik ferbyldingsrike special effects." Kenneth Turan fan 'e Los Angeles Times sloech in oare toan oan: fral foar de rol fan Reeves wied er fol lof. Sa skreau er: "Dizze hjoeddeistige remake fan 'e science fiction-klassiker wist wat er die doe't er Keanu Reeves caste". Bruce Paterson fan 'e Australyske Feriening fan Filmkritisy betreure de oer it algemien negative ûntfangst fan The Day the Earth Stood Still, dat er omskreau as "in drôvich lot foar in ferrassend oprjochte hulde oan 'e klassiker fan Robert Wise út 1951."
Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat The Day the Earth Stood Still in tige leech goedkarringspersintaazje fan 20%, basearre op 195 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Mei oermjitte folle special effects, mar sûnder in gearhingjend ferhaal as basis is [dizze film] in ûndermaatske werferbylding fan 'e science fiction-klassiker út 1951." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet The Day the Earth Stood Still in goedkarringspersintaazje fan 40%, basearre op 34 resinsjes.
Resultaat
bewurkje seksjeOpbringst
bewurkje seksjeThe Day the Earth Stood Still brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $79,4 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $153,7 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $233,1 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $80 miljoen betsjut dat in winst fan $153,1 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte.
Prizen
bewurkje seksjeJaden Smith (de soan fan Will Smith en Jada Pinkett-Smith) wûn foar syn rol fan Jacob Benson yn The Day the Earth Stood Still de Saturn Award yn 'e kategory bêste optreden fan in jongere akteur. De film waard ek nominearre foar de Saturn Award foar bêste science fiction-film en de Satellite Awards foar bêste fisuele effekten en bêste lûd.
Keppelings om utens
bewurkje seksje- (in) Offisjele webside fan The Day the Earth Stood Still
- (in) Ynformaasje oer The Day the Earth Stood Still yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |