The Last Light of the Sun
The Last Light of the Sun is in fantasy-roman fan 'e hân fan 'e Kanadeeske skriuwer Guy Gavriel Kay. De titel betsjut: "It Lêste Ljocht fan de Sinne", en ferwiist nei de westlike râne fan 'e (bekende) wrâld, dêr't it ferhaal spilet, en dêr't yn 'e optyk fan 'e haadpersoanen de sinne it lêst skynt. The Last Light of the Sun heart ta it subsjenre fan 'e histoaryske fantasy en spilet tsjin 'e eftergrûn fan in trijetal fiktive lannen dy't dúdlik op Midsiuwske foarmen fan Ingelân (of om persiis te wêzen it Keninkryk Wesseks), Wales en Skandinaavje basearre binne. It boek waard yn 2004 publisearre troch de útjouwerij Simon & Schuster. Yn 2005 waard de The Last Light of the Sun nominearre foar in Sunburst Award.
The Last Light of the Sun | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | Guy Gavriel Kay | |
taal | Ingelsk | |
foarm | roman | |
sjenre | fantasy | |
1e publikaasje | 2004, Toronto | |
oarspr. útjwr. | Simon & Schuster | |
kodearring | ||
ISBN | 0 14 30 51 482 |
Ferbân mei oare wurken fan Kay
bewurkje seksjeKay lit The Last Light of the Sun spylje yn deselde wrâld dêr't ek ferskaten fan syn oare wurken spylje, lykas de duology The Sarantine Mosaic en de romans The Lions of Al-Rassan, Under Heaven, River of Stars en Children of Earth and Sky.
Hoewol't The Last Light of the Sun folslein op himsels stiet, komt der in keapman út Al-Rassan yn foar, en wurdt yn in petear tusken kening Aeldred en Ceinion fan Llywerth in tekst oer genêskunde neamd dy't skreaun is troch Rustem fan Esperaña, in personaazje út Lord of Emperors, wylst Aeldred ek fertelt dat er as bern mei syn heit Batiara (Itaalje) besocht hat, dêr't er yn in bygebou fan in hillichdom yn Varena (Ravenna) twa mozaïken sjoen hat fan it Keizerlik Hof fan Sarantium (Byzantium). Dit binne dúdlik de beide mozaïken dy't Crispin fan Varena dêr oan 'e ein fan Lord of Emperors makke.
Om in byld fan de pleatsing yn 'e tiid te jaan: as de tekst fan Rustem fan Esperaña op 't aljemint komt, wurdt der sein dat Rustem goed trije iuwen lyn libbe. Fierders wurdt út de ferwizings nei it Kalifaat Al-Rassan (basearre op it Moarske Andalûsje) ek dúdlik dat The Last Light of the Sun spilet foarôfgeande oan 'e foarfallen yn The Lions of Al-Rassan, dy't de ein fan it kalifaat beskriuwe.
Eftergrûn
bewurkje seksjeThe Last Light of the Sun spilet yn Midsiuwsk dekôr oan 'e westlike râne fan 'e (bekende) wrâld, yn in gebiet dat basearre is op Noardwest-Jeropa en Skandinaavje. Dêr wenje de Anglcyn (basearre op 'e Angelsaksen) en de Cyngael (basearre op 'e Welsen), dy't jaddisten (basearre op 'e kristenen) binne en de Sinnegod Jad (God) ferearje, en de Erlingen (basearre op 'e Wytsingen), dy't noch heidens binne en as wichtichste goaden Ingavin (Odin) en Thünir (Thor) hawwe. Oare religyen, ntl. dy fan 'e ashariten (moslims) en de Kindath (joaden) wurde neamd, mar spylje yn dit boek gjin rol fan betsjutting. Fierders binne Inkele personaazjes basearre op histoaryske figueren, lykas kening Aeldred fan 'e Anglcyn, dy't oerdúdlik in fiktive foarm fan Alfred de Grutte is, wylst de geastlike Ceinion fan Llywerth, út 'e lannen fan 'e Cyngael, fuorkomt út 'e histoaryske biskop Asser.
Haadpersoanen
bewurkje seksje- de Anglcyn
- Aeldred, kening fan 'e Anglcyn
- Elswith, syn (tige fromme) keninginne
- Athelbert, syn âldste soan en erfgenamt
- Judit, syn eigensinnige âldste dochter dy't úthylke wurde sil oan 'e kroanprins fan Rheden (basearre op it Keninkryk Mersia)
- Kendra, syn yntroverte jongere dochter
- Gareth, syn jongste soan, in lêzer fan boeken
- Osbert, soan fan Cuthwulf, Aeldred syn freon en seneskalk
- Burgred, greve fan Denferth, Aeldred syn freon en de kommandant fan syn leger
- de Cyngael
- Ceinion fan Llywerth, hege geastlike fan 'e lannen fan 'e Cyngael, yn syn skreaune wurken 'Cingalus' neamd
- Alun ap Owyn, jongste soan fan prins Owyn fan Cadyr
- Brynn ap Hywll fan Brynnfell yn Arberth, byneamd 'De Flok fan 'e Erlingen', oarlochslieder fan 'e Cyngael dy't de Volgan deade yn in twagefjocht by de see
- Enid, syn frou
- Rhiannon mer Brynn, syn dochter
- Eirin, Helda en Rania, Rhiannon har tsjinstfammen
- Siawn, oanfierder fan Brynn syn eigen troep krigers
- de Erlingen
- Thorkell Einarson, byneamd Reade Thorkell, dy't earder mei de Volgan fear, no foar moard ferballe fan it eilân Rabady
- Iord, de sjenneresse fan Rabady, yn it frouljushûs op 'e útein fan it eilân
- Anrid, in jongfaam dy't as tsjinster yn it frouljushûs libbet en wurket
- Halldr Tinskonk, foarhinne gûverneur fan Rabady, no ferstoarn
- Sturla Ulfarson, byneamd Sturla Ienhân, de hjoeddeiske gûverneur fan Rabady
- Carsten Friddson, in hierling fan Jormsvik
- Garr Hoddson, in hierling fan Jormsvik
- Brand Leofson, in hierling fan Jormsvik
- Guthrum Skallson, in hierling fan Jormsvik
- Gurd Thollson, in hierling fan Jormsvik
- Thira, in prostituee bûten de muorren fan Jormsvik
- Kjarten Vidurson, dy't regearret yn Hlegest mei plannen hiele Vinmark ûnder syn bewâld te bringen
- Siggur Volganson, byneamd 'de Volgan', ferneamd oerfaller en plonderder fan plakken oersee, goed 25 jier lyn yn in twagefjocht yn 'e lannen fan 'e Cyngael deade troch Brynn ap Hywll
- Mikkel Ragnarson, syn pakesizzer, dy't út is op wraak foar de dea fan syn pake
- Ivarr Ragnarson, syn pakesizzer, in lichaamlik en geastlik misfoarme man
- Ingemar Svidrirson, dy't Gademar, de heit fan Aeldred, deade; no as fazal fan Aeldred regearjend yn Erlond
- Hakon Ingemarson, syn soan
- oaren
Ynhâld
bewurkje seksjeOp it eilân Rabady, foar de kust fan Vinmark yn 'e lannen fan 'e Erlingen (basearre op 'e Wytsingen), is de jonge Bern Thorkellson alles kwytrekke nei't syn heit yn dronken razernij in oare man deasloech yn in kroech. Syn heit sels waard ferballe fan it eilân, alle besit fan it gesin waard yn beslach nommen, Bern syn mem Frigga waard as twadde frou jûn oan Halldr Tinskonk, de gûverneur fan it eilân, en sels is Bern foar syn heite misdie feroardiele ta trije jier bodzjen as feint yn 'e tsjinst fan dyselde Halldr Tinskonk. No't Halldr koartby stoarn is (troch sûnensproblemen dy't neat te dwaan hawwe mei Bern syn haat foar de man) beslút Bern op in nacht ympulsyf om út te naaien mei Gyllir, de prachtige swarte hynst fan Halldr Tinskonk, dy't no bedoeld is om offere te wurden by de kremaasje fan 'e eardere gûverneur.
It stellen wat feitliks in grêfgeskink is, wat liede kin ta in soad swierrichheden foar Rabady as it eilân teheistere wurdt troch de lulke geast fan Halldr Tinskonk, dy't by libben dochs al in neat te noflik man wie, is in slimme misdie. Bern beseft dat er it libben der net fan ôfrêde sil as er pakt wurdt, en dêrom moat er sjen dat er fan it eilân ôf komt. Hy beslút nei it frouljushûs op 'e útein fan it eilân te gean en help te freegjen oan 'e âlde sjenneresse, Iord. Dyselde makket lykwols misbrûk fan 'e sitewaasje troch him, sabeare as ûnderdiel fan in ritueel dat him ûnsichtber meitsje moat, seksueel te misbrûken.
As Bern it frouljushûs ferlit mei as doel om, ûnsichtber as er no is, nei de haven fan Rabady te riden en dêr oan board te gean fan in skip út Al-Rassan dat him nei it fêstelân bringe sil, wurdt er oansprutsen troch Anrid, in fanke dat as tsjinneresse yn it frouljushûs libbet en wurket. Behalven dat Iord har tige min behannelet, is har broer op it fêstelân mei Bern syn suster Anthira troud, dat se binne hast famylje. Dêrom fertelt se Bern dat de sjenneresse him foarliigd hat: hy is hielendal net ûnsichtber en sadree't er de haven binnenriidt, sil er oppakt wurde om terjochtsteld te wurden. Neitiid sil Iord fertelle dat sy dejinge is dy't derfoar soarge hat dat hy pakt wurde koe, sadat se in wyt fuotsje helje kin by de nije gûverneur, Sturla Ulfarson. As Bern dat heart, fielt er him goed stom dat er ea de sjenneresse leaud hat. Ynstee fan nei de haven te gean, riidt er Gyllir op it strân deunby it frouljushûs de see yn om te besykjen en swim nei it fêstelân ta.
Om dyselde tiid hinne reizget oare kant de see, yn 'e lannen fan 'e Cyngael (basearre op 'e Welsen), de jonge prins Alun ap Owyn mei syn âldere broer Dai, harren neef Gryffeth ap Luth en in achttal oare jongemannen, út it prinsdom Cadyr nei it oanbuorjende prinsdom Arberth, dêr't se fee stelle wolle, sa't de jongemannen út 'e trije prinsdommen fan 'e Cyngael dat fan âlds byinoar dogge. Djip yn Arberth is Gryffeth lykwols pakt troch de bewenners fan in grutte boerepleats, en wylst Alun en Dai de gebouwen bespionearje om te betinken hoe't se him befrije kinne, komt immen har oer it mad. It docht bliken dat it Ceinion fan Llywerth is (basearre op Asser), de hege geastlike fan alle lannen fan 'e Cyngael, dy't allinnich ûnderweis is nei it hûs fan syn freon Brynn ap Hywll, in oarlochsheld út 'e striid tsjin 'e ynfallen fan 'e Erlingen. Hy fertelt de beide prinsen dat de pleats dy't se op it each hawwe, Brynnfell is, de wente fan Brynn ap Hywll. Alun en Dai beseffe dat se foar in grutte flater behoede binne, want as se by nacht Brynnfell oanfallen wiene, sa't se fan doel wiene, dan wie dat harren perfoarst raar bekommen en wiene der grif in soad deaden fallen.
Ceinion nimt Alun- en Dai-en-dy mei nei Brynnfell, dêr't er harren yntrodusearret as syn eskorte (wêrmei't er trouwens nimmen foar de gek hâldt, mar sa komt eltsenien der sûnder gesichtsferlies fanôf). Dai falt as in blok foar Rhiannon, de tsjeppe dochter fan Brynn ap Hywll, mar as Alun dy jûns foar it selskip sjongt wylst er himsels begeliedt op 'e harpe, rekket Rhiannon fereale op him. Let op 'e jûn stjoert Rhiannon ien fan har tsjinstfammen om te freegjen oft Alun, Dai en Gryffeth yn har fertrekken komme wolle, sadat Alun foar har sjonge en spylje kin. Dai beseft dan wat der bard is, en giet ynstee út 'e hûs, krekt op it stuit dat Brynnfell oanfallen wurdt troch in groep Erlingen ûnder lieding fan 'e bruorren Mikkel en Ivarr Ragnarson. Dyselden binne út op wraak foar de dea fan harren pake Siggur Volganson, byneamd de Volgan, dy't in fearnsiuw earder yn in twagefjocht by de see troch Brynn ap Hywll deade is.
Yn 'e striid dy't folget, komt Dai ap Owyn om. Alun ap Owyn, Gryffeth ap Luth en Siawn, de lieder fan Brynn syn krigerstroep, ferdigenje de frouljusfertrekken en twinge ien fan 'e beide Erlingen dy't dêr nei binnen krongen is, in âldere readhierrige man, ta oerjefte. Dat blykt Thorkell Einarson te wêzen, Bern syn heit, dy't foarhinne ien fan 'e selskipslju fan 'e Volgan wie, en dy't him no, yn ballingskip, by de pakesizzers fan syn deade freon jûn hat, lang nei't er tocht hie foar it lêst op plondertocht west te hawwen. Thorkell hie him nei de dea fan 'e Volgan oerjûn oan 'e Cyngael en wist nei ferrin fan tiid út te piken en dwers troch de lannen fan 'e Cyngael en de Anglcyn nei hûs ta te ûntkommen. Hy is derfan oertsjûge dat er ek in twadde kriichsfinzenskip oerlibje kin. As de oare, jongere Erling Rhiannon mer Brynn yn gizeling nimt en har om hals driget te bringen, deadet Thorkell him troch syn kriichshammer te smiten, om't er net troch oarmans stommiteiten sels dea wol. Underwilens is de oanfal ôfslein; de Erlingen hiene der net op rekkene dat der safolle Cyngael-krigers op Brynnfell oanwêzich wêze soene. Mikkel Ragnarson wurdt deade troch Brynn sels, mar dêrnei rêdt Thorkell it libben fan Brynn en dy syn frou Enid troch mei in skyld in mei fergif ynsmarde pylk op te fangen dy't út 'e fierte wei ôfsketten is Mikkel syn broer Ivarr. Lykwols wegeret er te fertellen wêr't de skippen lizze dêr't de Erlingen mei arrivearre binne, om't dat it ferrieden fan reismaten wêze soe. Brynn, dy't alhiel breinroer is, wol him dêrfoar deadzje, mar syn frou Enid wjerhâldt him dêrfan en rêdt Thorkell it libben om't er harres en dat fan har dochter rêden hat.
Alun set de efterfolging op 'e ûntkommen Ivarr Ragnarson yn, mar yn it Geastewâld east fan Brynnfell rekket er op in hillich plak út it heidenske ferline fan 'e Cyngael bestrûpt yn 'e (oars ûnsichtbere) Healwrâld en sjocht er hoe't de elven yn in optocht foarby tsjogge. Ta syn ôfgriis riidt de siel fan syn broer Dai oan 'e rjochterhân fan 'e elvekeninginne; dy is nammentlik fuort nei it gefjocht by Brynnfell fongen troch in elvinne ear't er nei it hjirneimels ôfsette koe, mei't it de earste sneuvele siel op in moanneleaze nacht wie. Ivarr Ragnarson wit troch dit opûnthâld te ûntkommen en úteinlik de kust te berikken, dêr't er wei weromkeart nei Vinmark. Werom te Brynnfell jout Alun oan Rhiannon (dy't smoarfereale op him is), de skuld fan 'e dea en fan 'e finzenskip fan 'e siel fan syn broer Dai. Yn it wâld boppe de pleats moetet er de elvinne dy't de siel fan syn broer fongen en by har keninginne brocht hat, mar dat is sa'n folslein oar wêzen (dy't net begrypt wat se misdien hat) dat er it har net kwea-ôf nimme kin. Alun is sa rekke troch it ferlies fan syn broer, dy't ek syn bêste freon wie, dat er suver mei de elvinne nei de Healwrâld giet, oant Brynn ap Hywll him dêrfan wjerhâldt, dy't ek alris gedoente mei de elven hân hat en harren dêrom ek sjen kin.
Neitiid soarget Ceinion derfoar dat de depressive Alun him in healjier letter beselskippet nei it Keninklik Hof yn Esferth, dêr't Aeldred (basearre op Alfred de Grutte) as kening oer de Anglcyn (basearre op 'e Angelsaksen) regearret. Dêr komt Alun yn 'e kunde mei de bern fan 'e kening, dy't likernôch fan syn jierren binne: de kroanprins Athelbert, dy syn jongere broer Gareth en de beide prinsessen Judit en Kendra. De bosk noard fan Esferth is it Geastewâld dat hielendal trochrint oant Brynnfell, en ûnder syn ferbliuw dêre giet Alun op in nacht it wâld yn, dêr't er de elvinne wer moetet en diskear de leafde mei har bedriuwt. Ut harren petear docht bliken hoefier't hja faninoar ôf steane, mei't de elvinne gjin begryp hat fan leafde of fertriet. Diskear is it prinsesse Kendra, dy't har nuveraardich ta Alun oanlutsen fielt, dy't him neitiid helpt om 'e Healwrâld wer efter him te litten.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Dyseldichste jûn wachtet Thorkell Einarson, dy't troch Enid, de frou fan Brynn ap Hywll, as tsjinstfeint en liifwacht mei Ceinion meistjoerd is nei it lân fan 'e Anglcyn, bûten in kroech yn Esferth in man op dy't er weromkoe doe't se earder dy deis de stêd ynkamen. It blykt syn soan Bern te wêzen, dy't syn nachtlike oertocht fan Rabady nei it fêstelân oerlibbe hat en him neitiid by de ferneamde hierlingen fan Jormsvik jûn hat. Fiif skippen fol Jormsvikingen binne ynhierd troch Ivarr Ragnarson, om in wraam op 'e Anglcyn te dwaan. By oankomst oan 'e kust is Bern útstjoerd as ferkenner, mar it hat bliken dien dat der neat wier is fan Ivarr syn ferhalen fan maklike bút. Kening Aeldred hat oeral by de kust lâns forten bouwe litten, dy't troch in systeem fan brânsteapels op heuveltoppen mei-inoar kommunisearje. It leger is goed treend en it is merktiid, dat de wegen binne fol folk. Thorkell helpt syn soan om út 'e stêd te kommen en leit him út wat der oan 'e hân is. Ivarr Ragnarson sint op wraak op 'e Cyngael. Mar yn 'e lannen fan 'e Cyngael is net folle te heljen, dat dêrfoar soed er oaren nea gek genôch krije. Dêrom hat er de Jormsvikingen foarliigd dat de rike Anglcyn in maklike proai wêze sille. No't dat net sa blykt te wêzen, sil er grif foarstelle om dan mar in ynfal by de oanbuorjende Cyngael te dwaan.
Earder dy jûn wie Burgred, de greve fan Denferth en de kommandant fan it leger fan 'e Anglcyn, mei in tsiental mannen útriden om geroften oer Erlingen te ûndersykjen. Hy ferwachte der net folle fan, oars hied er wol mear mannen meinommen. Hy ûntdekt lykwols yndie in grutte kloft Erlingen, en dan sit der foar him neat oars op as om him oer te jaan. De lospriis fan in greve is genôch om 'e ynfal ta in grut súkses te meitsjen, mar Ivarr Ragnarson wol krekt dat it spul mislearret. Dêrom sjit er Burgred mei in pylk dea nei't dy himsels oerjûn en syn namme bekendmakke hat, ta grutte lulkens fan 'e oanwêzige Jormsvikingen. It wurdt noch helte slimmer as ien fan Burgred syn mannen wit te ûntkommen en de heuveltoppen begjinne te baarnen mei it nijs fan 'e ynfal en de dea fan Burgred. De kloft Erlingen moat dan halje-trawalje werom nei de skippen, dêr't harren haadmacht wachtet, mar wurdt, foar't se dy feilichheid berikke kinne, ynhelle en oan 'e lêste man ta útrûge troch de kavalery fan 'e Anglcyn ûnder lieding fan kening Aeldred sels.
De genipige Ivarr Ragnarson wit lykwols op 'e nij te ûntkommen en de kust te berikken, dêr't ûnderwilens ek Bern Thorkellson arrivearre is. Ienris op see bringt dy Ivarr syn plannen oan it ljocht. Ivarr wurdt dêrop troch Brand Leofson, de lieder fan 'e Jormsvikingen, deade om't er ferantwurdlik is foar de dea fan 'e sechstich man dy't ôfslachte binne troch Aeldred-en-dy. Om syn dieden te ferantwurdzjen, lykwols, hat Ivarr sein dat it syn doel wie om it suver legindaryske swurd fan 'e Volgan werom te heljen út Brynnfell, eat dat de ûnôfhinklikens fan Jormsvik beskermje kin tsjin 'e ambysjes fan Kjarten Vidurson, dy't regearret yn Hlegest, en plannen hat om hiele Vinmark ûnder syn bewâld te bringen. Om noch wat fan dizze desastreuze tocht te rêden, beslute Brand Leofson en de oare Jormvikinger lieders om yndie in wraam op Brynnfell te dwaan en it swurd fan 'e Volgan werom te heljen.
Underwilens sitte Ceinion en Alun, dy't ek útfigelearre hawwe dat Brynnfell yn gefaar is, yn noed om harren freonen. Oer lân kinne se fanwegen de omwei dy't om it Geastewâld hinne makke wurde moat, nea Brynnfell berikke ear't de Jormsvikingen dêr arrivearje, mar wylst de Jormsvikingen om 'e súdlike kusten fan 'e lannen fan 'e Anglcyn en de Cyngael hinne farre nei de westkust en dêrwei it lân yn marsjearje op Brynnfell oan, beslute Alun en Thorkell it derop te weagjen en dwers troch it Geastewâld hinne in wei te sykjen nei Brynnfell, eat dat noch nea earder dien is. Hja krije selskip fan prins Athelbert. Alun docht it omreden fan syn broer, Athelbert om út it skaad fan syn grutte heit te kommen, en Thorkell om syn soan te rêden. Der is in reden dat nimmen it Geastewâld yngiet, dat in Godswâld hiet yn tiden dat de minsken earliker mei harsels wiene. Djip yn it wâld hawwe de trije mannen by nacht in njoere en oangripende konfrontaasje mei in oerâlde godheid yn 'e foarm fan in bist, dy't se inkeld oerlibje troch Thorkell syn fluch tinkwurk en it offer dat er makket fan syn kriichshammer. As de godheid har gewurde litten hat, komme der grienich strieljende wêzens dy't spruaugh hjitte, mar dy wurde ferjage troch Alun syn elvinne, dy't koart nei harren ferskynt. Alun freget har oft se net foar harren út reizgje wol nei Brynnfell om Brynn ap Hywll te warskôgjen, dy't ommers ek elven sjen kin. Hja stimt dêryn ta, mar elven kinne net op plakken ferkeare dêr't izer is, en it duorret trije nachten ear't Brynn de moed byinoar siket om it wâld yn te gean en de ljocht útstrieljende elvinne te freegjen wat se wol.
De warskôging komt sadwaande op 'e tiid om noch beskate risselwaasjes te meitsjen, mar te let om in leger fan krigers by Brynnfell gear te lûken. As Thorkell, Alun en Athelbert wûnder boppe wûnder harren tocht troch it Geastewâld oerlibje, treffe se by Brynnfell in grutte kloft bewapene lju oan, mar de measten binne boeren en boere-arbeiders. Hoewol't de Cyngael by de konfrontaasje mei de Jormsvikingen yn 'e mearderheid binne, hawwe de Jormsvikingen it foardiel dat se allegear goed belearde kriichslju binne. Likegoed is dúdlik dat de Jormsvikingen sels by in oerwinning nea it lân fan 'e Cyngael libben ferlitte sille, mei't harren wei werom nei de kust ôfsnien is. Op oanrieden fan Thorkell stelt Brynn dêrom foar om in twagefjocht tusken twa foarfjochters te hâlden: wint de Jormsviking, dan meie se sûnder mear ôfsette nei hûs, mar wint de Cyngael, dan moatte de Jormsvikingen harren wapens en twa fan harren fiif skippen ôfstean en gizelders efterlitte foar't se nei hûs geane – en sûnder wapens sille se nei alle gedachten nea wer thúskomme, mei't se sa in warleaze proai binne foar de Anglcyn en al harren oare fijannen. Brynn wol sels de foarfjochter foar de Cyngael wêze, mar hy is âld en fet wurden, en syn frou wit it him te ûntpraten. Ynstee stapt Thorkell nei foarren ta. Hy nimt it op tsjin Brand Leofson, dy't mar ien each hat en om dat te kompensearjen de holle skean hâldt as er it swurd ûnderhellet. Thorkell sjocht dat, mar lit himsels mei opsetsin troch Leofson syn swurd trochstekke, om sa it libben fan syn soan te rêden.
Neitiid geane de Jormsvikingen op hûs oan, mar ûnderweis beseft Bern dat it lêste wurd dat syn heit tsjin him spriek, wylst er yn 't stjerren lei, "Champierres" wie, de namme fan in ryk jaddistysk hillichdom yn Ferrieres (basearre op Frankryk), dat Thorkell jierren lyn mei de Volgan plondere hie. Hy oerleit mei Brand Leofson, en dêrom stekke de Jormsvikingen de see oer nei it fêstelân fan it kontinint en geane yn Ferrieres oan lân. It hillichdom fan Champierres is noch altyd (of wer) like ryk as foarhinne, en de bút dy't de Jormvikingen dêr plonderje, makket de hiele mislearre reis dochs noch goed.
Nei de konfrontaasje mei de Jormsvikingen freget Alun ab Owyn oan Brynn om it swurd fan 'e Volgan brûke te meien, dat oarspronklik ek út Champierres kaam, en net fan izer mar fan sulver is. Hy brûkt it om 'e spruaugh, dat de ôftanke sielen fan eardere stjerlike minners fan 'e elvekeninginne blike te wêzen, út harren healbestean te ferlossen en nei it hjirneimels te stjoeren. De keninginne sels komt dan by him en lit de siel fan syn broer Dai gean, mar yn ruil dêrfoar mei Alun gjin fierdere omgong mei syn elvinne mear hawwe. Alun stimt dêr mei yn en stjoert syn broer nei it plak dêr't er thúsheart, wylst syn elvinne no einlings begrypt wat 'fertriet' betsjut, wat se as in geskink fan ûnskatbere wearde beskôget.
Letter freget Alun ferjeffenis oan Rhiannon mer Brynn foar de wize dêr't er har op behannele hat, en sy skinkt him dat, mar nettsjinsteande it feit dat se noch altyd fereale op him is, wurdt har dúdlik dat it nea mear wat tusken harren beiden wurde kin. Dyselde jûns begjint prins Athelbert fan 'e Anglcyn har it hof te meitsjen, en Rhiannon sjocht dan in takomst foar har dêr't se mei libje kin. Werom yn it lân fan 'e Anglcyn wurdt koarte tiid letter it houlik fierd fan prinsesse Judit, de âldste dochter fan kening Aeldred, mei de jongere (trettjinjierrige) kroanprins fan Rheden (basearre op it Keninkryk Mersia), dy't spûkbenaud fan syn fjurrige breid is. Tsjin dy tiid hat Kendra, de jongere en nei't men tocht hearrige dochter fan kening Aeldred, har heit dúdlik makke dat sy mei Alun ap Owyn trouwe sil, en oft er dat mar even regelje wol.
Nei de winter lûkt Bern Thorkellson him werom út Jormsvik. Hy keart werom nei Rabady mei trije doelen: om ôf te weven mei de sjenneresse Iord, om syn mem te besykjen en om 'e tsjinstfaam Anrid te betankjen foar it rêden fan syn libben. It docht lykwols bliken dat Iord, de sjenneresse, al in skoft dea is, nei't Anrid oan Sturla Ulfarson, de nije gûverneur, ferteld hie dat Bern mei it hynder fan Halldr Tinskonk fan it eilân kommen wie trochdat Iord him ûnsichtber makke hie. De mislearre rispinge en oare misse foarfallen dy't it eilân neitiid troffen, wiene dúdlik it gefolch fan it omspûkjen fan 'e lulke geast fan Halldr, en foar har oanpart dêryn waard Iord stiennige. De nije sjenneresse wie Anrid, dy't yn it frouljushûs letter ûnderdak bea oan Bern syn mem Frigga. Oan 'e ein fan it boek lykje Bern en Anrid te besluten om tegearre Rabady te ferlitten, of oars om harren as man-en-wiif op it eilân te fêstigjen, wylst Frigga de posysje fan sjenneresse fan Anrid oernimme sil.
Untfangst
bewurkje seksjeThe Last Light of the Sun waard troch de resinsinten tige goed ûntfongen. Yn it online-tydskrift January Magazine waard The Last Light of the Sun omskreaun as Kay syn "tsjusterste en op beskate manearen meast ambysjeuze roman oant no ta."[1] In boekbesprek op SF Site neamde de roman "in aldertigest ta de ferbylding sprekkend ferhaal".[2] In twadde besprek op dyselde webside murk op: "It is alwer in libben, yngewikkeld fantasyboek fan 'e hân fan Kay. It hat it foar him gewoanlike gefoel dat der mear is, safolle mear, yn 'e eftergrûn fan dit ferhaal as dat oan 'e lêzer ferteld wurdt – it gefoel dat je in pear strieljende triedden yn folle grutter weefwurk gewaarwurde. In boek om fan te genietsjen."[3]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|