Guy Gavriel Kay
Guy Gavriel Kay (Weyburn (Saskatchewan), 7 novimber 1954) is in Kanadeesk skriuwer en dichter, dy't him benammen taleit op it skriuwen fan romans fan it sjenre fan 'e fantasy. Nettsjinsteande syn eigen útsprutsen foarkar om sjenreklassifikaasjes te mijen, is er dêrby fral ferneamd wurden om syn histoaryske fantasy, wêrby't er û.m. fuortborduerret op 'e skiednis fan it Byzantynske Ryk, de Spaanske Reconquista, it Angelsaksyske Ingelân fan Alfred de Grutte en de Sineeske Tang-dynasty. Foarôfgeande oan syn eigen karriêre as skriuwer wie Kay as redakteur belutsen by postume útjeften fan it wurk fan 'e grutte Ingelske fantasy-auteur J.R.R. Tolkien.
Guy Gavriel Kay | ||
skriuwer | ||
Guy Gavriel Kay yn 2011. | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Guy Gavriel Kay | |
nasjonaliteit | Kanadeesk | |
berne | 7 novimber 1954 | |
berteplak | Weyburn (Saskatchewan) | |
etnisiteit | Ingelsk | |
wurk | ||
taal | Ingelsk | |
sjenre | fantasy, poëzij | |
bekendste wurk(en) |
The Fionavar Tapestry The Sarantine Mosaic Under Heaven | |
útjouwer | Eos, Roc Books, Voyager, Simon & Schuster | |
prizen | World Fantasy Award 2008 | |
jierren aktyf | 1984 – no | |
offisjele webside | ||
www.brightweavings.com |
Libben en karriêre
bewurkje seksjeJonkheid en oplieding
bewurkje seksjeKay waard yn 1954 berne yn Weyburn, yn 'e Kanadeeske provinsje Saskatchewan, mar groeide op yn Winnipeg, de haadstêd fan 'e oanbuorjende provinsje Manitoba. Nei't er de middelbere skoalle ôfrûne hie, studearre er filosofy oan 'e Universiteit fan Manitoba. Doe't Christopher Tolkien ferlet hie fan in assistint by it redigearjen fan it noch net útjûne wurk fan syn heit, de ferneamde Ingelske fantasyskriuwer J.R.R. Tolkien silger, keas er foar Kay. Dy ferfear dêrop yn 1974 nei Oxford ta, en wie as redakteur behelle yn it reemeitsjen foar publikaasje fan wat The Silmarillion waard.
Karriêre as jurist
bewurkje seksjeYn 1975 kearde Kay werom nei Kanada, dêr't er foar abbekaat learde oan 'e Universiteit fan Toronto. Nei it beheljen fan syn masterskip yn 'e rjochten, waard er yn 1981 talitten ta de oarder fan abbekaten fan Ontario. Neitiid fûn Kay wurk by de Kanadeeske steatsomrop Canadian Broadcasting Corporation (CBC), en waard er redakteur en assistint-produsint fan it radioprogramma oer wet en rjocht The Scales of Justice. Yn 1985 waard him foar dat wurk de Scales of Justice Award takend troch de Canadian Law Reform Commission, foar de bêste berjochtjouwing troch de media oer in juridyske kwestje.
Skriuwkarriêre
bewurkje seksjeUnderwilens wie Kay úteinset mei syn karriêre as skriuwer. Syn earste wurk wie de trilogy The Fionavar Tapestry, in miks fan urban fantasy en hege fantasy dy't sterk op it wurk fan Tolkien linet. Yn 1984 kaam it earste diel út, dat as titel The Summer Tree hie. Dêryn waard de lêzer yn 'e kunde brocht mei fiif jonge minsken út ús wrâld, dy't út Toronto wei nei in parallelle wrâld reizgje en dêr oan kop en earen ta belutsen reitsje by in striid tusken goed en kwea. It twadde diel wie The Wandering Fire (1986), dat bekroane waard mei in Prix Aurora, en de trilogy einige mei The Darkest Road (1986).
Yn it grutste part fan syn lettere wurk soe Kay syn ferhalen hielendal yn in selsbetochte wrâld spylje litte. Nettsjinsteande syn eigen útsprutsen foarkar om sjenreklassifikaasjes te mijen, kinne dy boeken dúdlik yndield wurde by it subsjenre fan 'e histoaryske fantasy, mei't de skriuwer dêryn in ôfspegeling jout fan beskate perioaden út 'e skiednis fan ús eigen wrâld sûnder dy as sadanich te beneamen. De oerienkomsten binne lykwols oerdúdlik, en boppedat hat Kay nea in geheim makke fan syn boarnen fan ynspiraasje.
Yn 1990 publisearre er syn fjirde roman, Tigana, in op himsels steand fantasywurk dat yn in lân spilet dat sterk de sfear en kultuer fan it Itaalje út 'e Renêssânse opropt. Dit boek waard nominearre foar de World Fantasy Award yn 'e kategory bêste roman. A Song for Arbonne (1992), dat ek alhiel op himsels stiet, is winliken in werjefte (en oanpassing) fan it hichtepunt fan 'e kultuer fan 'e Provâns út 'e Hege Midsiuwen en de Albiginzyske Krústocht (tsjin 'e kataren) dy't oan dy kultuer in ein oan makke. Foar dit wurk krige Kay syn twadde Prix Aurora.
Mei The Lions of Al-Rassan begûn Kay yn 1995 in rige romans dy't wol op harsels stiene, mar yn in mienskiplike wrâld spylje, dat in alternative ferzje fan ús eigen wrâld is. Sa is The Lions of Al-Rassan basearre op 'e Reconquista fan Spanje troch de kristenen op 'e moslims yn 'e Midsiuwen. The Sarantine Mosaic is in duology fan twa boeken: Sailing to Sarantium (1998) en Lord of Emperors (2000). Dêryn beskriuwt Kay it hichtepunt fan in ryk dat ynspirearre is troch it Byzantynske Ryk út 'e tiid fan 'e keizer Justinianus I. Beide dielen waarden nominearre foar in World Fantasy Award. The Last Light of the Sun (2004) spile ek wer dizze selde wrâld, en dêryn beskreau Kay in alternative ferzje fan it Angelsaksyske Ingelân út 'e tiid fan kening Alfred de Grutte.
Ysabel, út 2007, wie in hiel oar boek, ien fan it urban fantasy-sjenre dy't yn ús wrâld spilet. It ferhaal giet oer in opslûpen jonge dy't yn 'e Provâns yn oanrekking komt mei figueren út it fiere ferline. Yn 'e tekst wurdt dit wurk ferbûn mei The Fionavar Tapestry, mar dy bân stelt net folle foar en is boppedat ek net wichtich foar de plot. Mei Ysabel wûn Kay sawol de White Pine Award fan 2007 as de World Fantasy Award foar bêste roman fan 2008. Ek waard it boek nominearre foar in Mythopoeic Award yn 'e kategory bêste literatuer foar folwoeksenen.
Yn 2011 waard Kay fannijs nominearre foar in Mythopoeic Award, en teffens foar de fjirde kear foar in World Fantasy Award, foar de roman Under Heaven (2010). Dat ferhaal is basearre op 'e achtste-iuwske Tang-dynasty yn Sina en de foarfallen dy't oanlieding joegen ta de An Shi-opstân. River of Stars, út 2013, kin hiel dizenich as in ferfolch op Under Heaven beskôge wurde, mei't it yn deselde wrâld spilet (mar iuwen letter) en ynspirearre is troch de foarfallen om 'e Jin-Song-oarloggen hinne, ûnder de Sineeske Song-dynasty út 'e tolfde iuw. Yn 2016 folge Children of Earth and Sky, dat Kay basearre op it Kroaasje út 'e sechstjinde iuw.
Ein 2016 hie Guy Gavriel Kay in oeuvre fan trettjin romans op syn namme stean. Dêropta hat er yn 2003 in dichtbondel publisearre, mei as titel Beyond This Dark House. Syn wurk is yn mear as fiifentweintich ûnderskate talen oerset, wêrûnder it Nederlânsk. Yn 2014 waard Kay beneamd yn 'e Oarder fan Kanada "foar syn bydragen op it mêd fan 'e spekulative fiksje as in ynternasjonaal fierd auteur."
Wurk
bewurkje seksje- The Fionavar Tapestry-trilogy
- 1984 – The Summer Tree
- Nederlânske oersetting: De Zomerboom (fert. Renée C. Vink, 1989)
- 1986 – The Wandering Fire
- 1986 – The Darkest Road
- 1984 – The Summer Tree
- yn in mienskiplike wrâld
- 1995 – The Lions of Al-Rassan
- The Sarantine Mosaic-duology
- 1998 – Sailing to Sarantium
- 2000 – Lord of Emperors
- 2004 – The Last Light of the Sun
- 2010 – Under Heaven
- 2013 – River of Stars
- 2016 – Children of Earth and Sky
- 2019 – A Brightness Long Ago
- 2022 – All the Seas of the World
- op harsels steande wurken
- 1990 – Tigana
- 1992 – A Song for Arbonne
- 2003 – Beyond This Dark House (dichtbondel)
- 2007 – Ysabel
Prizen en nominaasjes
bewurkje seksjeJier | Priis | Resultaat | Kategory | Foar |
---|---|---|---|---|
1985 | Scales of Justice Award (fan 'e Canadian Law Reform Commission) | wûn | bêste mediaberjochtjouwing oer in juridyske kwestje | Second Time Around |
1987 | Prix Aurora | wûn | bêste Ingelsktalige roman | The Wandering Fire |
Casper Award | wûn | bêste spekulative fiksje | The Wandering Fire | |
1991 | World Fantasy Award | nominearre | bêste roman | Tigana |
1993 | Prix Aurora | wûn | bêste Ingelsktalige roman | A Song for Arbonne |
1999 | World Fantasy Award | nominearre | bêste roman | Sailing to Sarantium |
2001 | World Fantasy Award | nominearre | bêste roman | Lord of Emperors |
2005 | Geffen Award | nominearre | bêste oersetting yn it Hebriuwsk | The Lions of Al-Rassan |
Sunburst Award | nominearre | n.f.t. | The Last Light of the Sun | |
2007 | White Pine Award | twadde plak | n.f.t. | Ysabel |
2008 | Mythopoeic Award | nominearre | bêste literatuer foar folwoeksenen | Ysabel |
World Fantasy Award | wûn | bêste roman | Ysabel | |
2011 | IMPAC/Dublin Literary Prize | nominearre | n.f.t. | Under Heaven |
Mythopoeic Award | nominearre | bêste literatuer foar folwoeksenen | Under Heaven | |
Sunburst Award | wûn | n.f.t. | Under Heaven | |
World Fantasy Award | nominearre | bêste roman | Under Heaven |
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |