Sailing to Sarantium
Sailing to Sarantium is in fantasyroman fan 'e hân fan 'e Kanadeeske skriuwer Guy Gavriel Kay. De titel betsjut: "Skipsreis nei Sarantium". It boek heart ta it subsjenre fan 'e histoaryske fantasy en spilet yn in wrâld dy't basearre is op it Middellânske-Seegebiet út 'e sechsde iuw, yn 'e tiid fan it hichtepunt fan it Byzantynske Ryk ûnder keizer Justinianus I. De titel is ûntliend oan it gedicht Sailing to Byzantium, fan 'e Ierske dichter William Butler Yeats. Sailing to Sarantium fertelt it ferhaal fan Caius Crispus, in mozayklizzer út Varena, dy't troch keizer Valerius II nei Sarantium ûntbean wurdt en dêr oan kop en earen behelle rekket yn 'e yntriizjes fan it Keizerlik Hôf. De roman foarmet it earste diel fan 'e duology The Sarantine Mosaic, dy't fierder giet yn it ferfolch Lord of Emperors. Sailing to Sarantium waard yn 1998 publisearre troch útjouwerij Simon & Schuster, en kaam neitiid út yn ferskate werprintingen. It boek waard yn 1999 nominearre foar de World Fantasy Award yn 'e kategory bêste roman.
Sailing to Sarantium | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | Guy Gavriel Kay | |
taal | Ingelsk | |
foarm | roman | |
sjenre | fantasy | |
1e publikaasje | 1998, Toronto | |
oarspr. útjwr. | Simon & Schuster | |
rige | ||
rige | The Sarantine Mosaic | |
● foarich diel | – | |
● folgjend diel | Lord of Emperors | |
kodearring | ||
ISBN | 0 74 34 50 094 |
Ynhâld
bewurkje seksjeProlooch
bewurkje seksjeKeizer Apius fan it Sarantynske Ryk (basearre op it Byzantynske Ryk) is ferstoarn sûnder opfolger, en de stêd Sarantium (basearre op Byzantium oftewol Konstantinopel) ferkeart in dei lang yn slimme ûnwissichheid oer de takomst. Der binne ferskate troanpretendinten, mei as wichtichsten Adrastus, de master fan 'e amtnerij, en de aristokraat Flavius Daleinus, dy't stipe wurdt troch Gesius, de kânselier (Gesius kin sels net keizer wurde om't er in eunuch is). Valerius, de kommandant fan 'e Ekskubitoaren (de Keizerlike Garde) is in boeresoan út Trakesia (basearre op Grikelân, hoewol't de namme mear nei Traasje ferwiist), dy't him troch militêr ynsjoch en bodzjen ta syn hjoeddeistige posysje opwurke hat. Hy hat ambysje om sels op 'e troan, en dêrta hat er syn útsûnderlik fernimstige (en ûnmeilydsume) omkesizzer Petrus nei de stêd ta roppen.
Troch snoad it folk fan 'e stêd te bespyljen wit Petrus stipe te kweekjen foar it keizerskip fan syn omke. As Flavius Daleinus syn wente ferlit mei in klaad oan dat in poarperne streek hat (poarper is de kleur fan keizers), lit Petrus Daleinus en syn selskip bespuitsje mei Sarantynsk fjoer. Dêrby wurde Daleinus, ien fan syn trije soannen, in omkesizzer en ferskate oaren libben ferbrând. In twadde soan, Lecanus Daleinus, rekket blyn en foar it libben skeind. As Gesius fan dit barren heart, feroaret er daliks fan partij en slút er him by Valerius oan, dy't dyselde deis noch ta keizer oansteld wurdt.
Boek
bewurkje seksjeFyftjin jier letter regearret Petrus yn Sarantium as opfolger fan syn omke ûnder de namme fan Valerius II (basearre op Justinianus I). Hy is troud mei syn eardere mêtresse, de tsien jier jongere dûnseresse (en, sa wurdt suggerearre, koertisane) Aliana, dy't sadwaande keizerinne wurden is ûnder de namme Alixana (basearre op Teodoara). Nei't in belestingferheging twa jier earder ta in grutte opskuor yn 'e stêd laat hie, wêrby't it grutte hillichdom fan Jad (God) ôfbaarnd is, hat Valerius II it nije Hillichdom fan 'e Godlike Wiisheid fan Jad (basearre op 'e Aya Sofia) bouwe litten. Om dat gebou foechsum te fersieren, wurde hantwurkslju út alle wynstreken oanlutsen. Mank dyselden is ek Martinian fan Varena, in ferneamd mozayklizzer, dy't helpe moat om 'e binnenkant fan 'e ûnbidich grutte koepel fan it hillichdom te fersieren.
It keizerlik fersyk (eins in befel) wurdt ferstjoerd fia de Keizerlike Post, mar it treft sa dat de koerier dy't dermei belêstge wurdt in Pronobius Tilliticus is, dy't gjin hast makket en himsels ûnderweis oerjout oan alderhanne plezierkes. Dat liedt ta wer oar opûnthâld (wêrûnder in behanneling foar in geslachtssykte), mei as gefolch dat de ôflevering fan it keizerlik brief in wikenlange fertraging oprint. As Tilliticus úteinlik Varena (basearre op Ravenna) berikt, yn it fiere Batiara (Itaalje), fart der wat tige ûnkarakteristyks yn 'e âlde Martinian, dat de man derta bringt om te ûntkennen dat er himsels is en Tilliticus ynstee troch te wizen nei syn jongere freon en kollega Caius Crispus. Om syn freon Martinian net yn ferlegenheid te bringen, nimt Crispus, dy't Crispin neamd wurdt, publyklik it brief yn ûntfangst.
Crispin fielt der neat foar om yn it plak fan Martinian nei Sarantium ta, mei't er alle nocht yn it libben kwytrekke is doe't twa jier earder syn frou en beide jonge dochterkes omkommen binne by in útbraak fan de pest. Syn mem en freonen miene lykwols dat sa'n fiere reis krekt is wêr't er ferlet fan hat om syn ferlies te boppe te kommen. Uteinlik lit er him troch harren beprate. Dêrop stjoert Martinian him nei kunde fan him ta, in Zoticus, dy't yn syn jonkheid in protte reizge hat, mei as bedoeling dat dy man him rie jaan sil oer syn reis. It docht lykwols bliken dat Zoticus in algemist is, dy't it geheim ûntdutsen hat hoe't er syn meganyske fûgels bejeftigje kin mei in minsklike siel dêr't er telepatysk mei kommunisearje kin. As Crispin oanjout dat er de stim fan ien fan 'e fûgels yn syn holle hearre kin, jout Zoticus him dy fûgel mei, dy't Linon hjit. Teffens jout er him de namme mei fan Shirin, in dochter fan him dy't yn Sarantium wennet.
De jûns foar't er ôfsette sil, wurdt Crispin mei geweld ûntfierd en nei it keninklik paleis yn Varena brocht. Dêr residearret Gisel (basearre op Amalasunta), de keninginne fan 'e barbaarske Antae (basearre op 'e Ostrogoaten), dy't trije generaasjes earder Batiara oerweldige hawwe. Gisel hat twa jier earder har heit, kening Hildric, oan 'e pest ferlern, en sûnt hat se har troan inkeld witten te behâlden om't de oare, manlike, troanpretendinten allegear bang binne om inoar yn 'e kaart te spyljen as se it besteande, wiffe machtslykwicht ferbrekke. Gisel har libben hinget lykwols oan in rottich toutsje, en dêr is se har goed fan bewust. No't se heard hat dat Crispin nei Sarantium ta sil, sjocht se har kâns skoan om him temûk in boadskip mei te jaan dat er oerbringe moat fan Valerius II. Mei't hja wit dat Valerius derfan dreamt om Batiara by it Sarantynske Ryk te foegjen, biedt se him har hân oan yn in houlik, eat dat har libben rêde en Batiara in nije oarloch besparje soe. Dêrfoar soe de keizer fansels wol earst syn dûnseresse Alixana oan 'e kant sette moatte.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
De oare deis set Crispin einlings ôf. Troch Tilliticus syn tadwaan is de hjerst no te fier hinne om noch nei Sarantium farre te kinnen, dat hy sil it hiele ein rinne moatte. By de grins mei it Sarantynske Ryk hiert er in tsjinstfeint yn, in Vargos, om him te begelieden troch de noch heal-barbaarske Sarantynske provinsje Sauradia (likernôch Illyrje). Zoticus hie him warskôge foar de saneamde Dei fan 'e Deaden yn Sauradia, en hie him sterk oanret om dan net te reizgjen, mar in rêstdei yn in herberge te hâlden. De jûns foar dy dei arrivearje Crispin en Vargos yn 'e herberge fan Morax, dêr't lykwols de wanhopige jonge slavinne Kasia him om help freget.
Kasia is fan berte in Inici, dat in heidenske stamme út it noarden fan Sauradia is. Nei't twa jier lyn by de pestepidemy har heit en broer omkommen binne, stie har mem oan it begjin fan 'e ôfrûne winter foar de kar om mei har beide dochters te ferhongerjen of om ien fan beiden as slavinne te ferkeapjen. Om't Kasia it fernimstichst is, en dus better yn steat achte waard om harsels te rêden as har suster, wie sy it dy't ferkocht waard. De slavekeaplju ferkochten har troch oan Morax, yn waans herberge oft se no krapoan in jier swier wurk docht en as hoer oan 'e gasten ferkocht wurdt. Mar op 'e Dei fan 'e Deaden wurdt yn Sauradia in jonge frou as minske-offer oan 'e heidenske god Ludan fan it Wâld offere, en Kasia hat útfigelearre dat Morax en de doarpsbewenners fan doel binne om dit jier har te offerjen. Hja hat de ôfrûne dagen al ferskate herberchgasten om help frege, mar waard útlake of fuorthúnd, dat se hat der net mear folle fidúsje yn as se Crispin freget har te helpen.
Crispin, lykwols, betinkt in yngewikkeld plan dat Morax twingt om Kasia dyselde jûns noch oan him te ferkeapjen. Om't sy net yn 'e herberge bliuwe kin, set er de oare moarns, op 'e Dei fan 'e Deaden, mei har ôf. Vargos, dy't fan berte ek in Inici is, mar dy't him oars as de measten fan syn folk út oertsjûging (ynstee fan út praktyske omtinkens) ta it jaddisme (basearre op it kristendom) bekeard hat, beslút om harren te helpen. Trijeresom reizgje se yn tichte mist fierder, dêrby efterneisitten troch de doarpelingen, dy't Kasia weromhawwe wolle foar it offer. As se ynsletten wurde en op it punt steane om finzen nommen of deade te wurden, ferskynt ynienen de zubir, de manifestaasje fan Ludan fan it Wâld yn 'e foarm fan in reuseftige bizon, dy't de lieder fan 'e efterfolgers deadet en de rest sa de stupen op it liif jaget dat se útnaaie. Dêrnei liedt de zubir Crispin, Kasia en Vargos nei it plak yn it wâld ta dêr't it minske-offer dien wurdt. Dan docht bliken dat de sielen dêr't Zoticus syn meganyske fûgels mei bejeftige hat, de sielen fan fammen binne dy't oan Ludan fan it Wâld offere binne, en dat de god dy weromhawwe wol. Mei tsjinnichheid lit Crispin him dan troch Linon beprate om har op dat plak efter te litten, sadat de god himsels, Kasia en Vargos gean litte sil.
Koarte tiid letter berikke Crispin-en-dy in âld hillichdom fan 'e Oarder fan de Sliepeleazen, dêr't Crispin in ymposant mozayk bewûnderet as dêr in ôfdieling Sarantynske kavalery arrivearret dy't útstjoerd is om in langferwachte mozayklizzer út Varena te sykjen. De lieder fan 'e soldaten is Carullus, de tribún fan it Fjirde Sauradyske Kavaleryrezjimint, mei wa't Crispin frijwol daliks in skelpartij begjint dy't einiget mei himsels bewusteleas op 'e flier. Nei dat net gâns ûnthjittende begjin docht lykwols bliken dat Carullus bêst in sympatike keardel is, en meitiid reitsje hy en Crispin sels befreone. Carullus begeliedt Crispin en Kasia, op wa't er fereale rekket, nei Sarantium ta, sadat it fierdere ferrin fan 'e reis troch de ynset fan hynders folle flugger giet. Om't Vargos troch syn help oan Crispin en Kasia syn skippen yn Sauradia efter him ferbaarnd hat, beslút ek hy om mei te kommen nei de stêd.
Yn Sarantium arrivearre, bringt Carullus Crispin en Vargos yn 'e kunde mei it weinmennen, in sport dy't dêre frijwol alle fasetten fan it iepenbiere libben behearsket. Der binne fjouwer partijen: Blau, Grien, Read en Wyt, mar dy beide lêste kleuren spylje in ûnderhearrige rol, en de wiere striid giet altyd tusken de Blauwen en Grienen. De deis nei syn oankomst yn 'e stêd sjocht Crispin yn it stadion it Hippodrome hoe't de grutte weinmenner Scortius, dy't foarhinne foar de Grienen ried, mar koartby oerstapt is nei de Blauwen, nettsjinsteande in tige ûngeunstige startposysje tsjin alle ferwachtings yn dochs in wedstryd wint. As er tsjin 'e jûn weromkomt by syn herberge, wurdt Crispin dêr opwachte troch boadskippers fan kânselier Gesius, dy't him fertelle dat hy, Martinian, oan it Keizerlik Hôf ûntbean wurdt.
Op syn audiïnsje makket Crispin fuortendaliks syn eigen namme bekend, wêrmei't er de deastraf riskearret om't er ûnder in falske namme tagong ta de keizer krigen hat. It docht lykwols bliken dat spionnen de keizer en keizerinne dêr al oer berjochte hiene, en syn bedroch wurdt him ferjûn. As er ûnderfrege wurdt oangeande syn fakbekwamens, antwurdet Crispin op syn eigen, net bepaald subtile, suver botte wize, mei as gefolch dat de keizerlike mozayklizzer Siroes, dy't de keizer ûnfolslein ynljochte hie oer de techniken fan it mozayklizzen en dêrby boppedat net alhiel earlik west hie, fan syn post ûntslein wurdt en dat Crispin foar him yn 't plak oansteld wurdt. Mei't Siroes in beskermeling wie fan Styliane Daleina, de dochter fan 'e fermoarde Flavius Daleinus, dy't troud is mei Leontes, de keizerlike strategos, liket Crispin mei syn earste dieden oan it Keizerlik Hof daliks machtige fijannen te meitsjen. Keizerinne Alixana nûget Crispin yn it iepenbier út foar in privee-audiïnsje letter dy jûn.
By dy privee-audiïnsje stiet Alixana der by Crispin op oan dat dy in mozayk mei ketterske eleminten meitsje sil yn har priveefertrekken, wêrmei't hja him danich yn it nau bringt. Hy wurdt rêden troch de oankomst fan 'e keizer, wêrnei't oan it ljocht komt dat de keizer en keizerinne al op 'e hichte binne fan it geheime boadskip dat Crispin foar keninginne Gisel oerbringe moat. It wurdt Crispin dúdlik dat Gisel op alle mêd (ûnderfining, subtiliteit, ynljochtings) hopeleas oertroffen wurdt troch it keizerspear, en dat der yn 'e fierste fierte gjin kâns bestiet dat Valerius Alixana oan 'e kant dwaan sil om mei Gisel te trouwen. De keizer fertelt Crispin dat er al in útnûging ferstjoerd hat oan 'e jonge keninginne om nei Sarantium te kommen. Hy is der nammentlik wis fan dat yn har ôfwêzichheid de troan fan it Antae-keninkryk grypt wurde sil troch in usurpator, wat it Sarantynske Ryk in ferlechje jaan sil om 'út namme fan 'e rjochtlike keninginne' Batiara te 'befrijen'. De privee-audiïnsje einiget dermei dat Crispin troch Valerius nei it nije Hillichdom fan 'e Godlike Wiisheid fan Jad brocht wurdt, dêr't Crispin yn 'e kunde komt mei Artibasos, de keizerlike boumaster, en foar it earst de koepel beächtsje kin dy't er fersiere moat.
Underweis fan it Hillichdom nei syn herberge wurdt Crispin oanfallen troch in seistal hiermoardners, mar hy oerlibbet it troch de help fan Carullus, dy't troch de keizer oansteld is as liifwacht fan 'e nije keizerlike mozayklizzer, en troch de tuskenkomst fan 'e ferneamde weinmenner Scortius. Dyselde hiene se deunby it Hillichdom troffen doe't er ûnderweis nei hûs wie nei in nachtlike românse mei in heechpleatste dame (nei't letter bliken docht Thenaïs Bonosa, de frou fan Plautus Bonosus, de master fan 'e Senaat). Hoewol't twa fan Carullus syn soldaten omkomme, wurde de hiermoardners sels allegear deade as Scortius syn selskipslju nei it gebouwekompeks fan 'e Blauwe partij liedt, dy't gjin ynkringers op 'e eigen gerjochtichheid duldet. Tsjin 'e moarntyd keart Crispin einlings werom nei syn herberge, dêr't er Styliane Daleina yn syn keamer ûntdekt. Hja wol him hawwe, mar fynt it fermaaklik as er har avânses ôfwiisd. Underwilens wurdt Kasia, dy't fereale op Crispin is, der troch de froulike stim yn syn keamer fan wjerholden om op syn keamersdoar oan te klopjen. Ynstee giet se dan nei Carullus ta, dy't by it gefjocht mei de hiermoardners ferwûne rekke is, mei as gefolch dat dy beiden in relaasje oangeane as Kasia foar it ferstân kriget dat Carullus fereale op har is.
De oare deis giet Crispin nei in badhús ta, dêr't er yn 'e sauna opsocht wurdt troch de strategos Leontes, dy't him ûnderstiet oer it mozayk foar op 'e koepel. Leontes blykt der tige rjochtsinnige opfettings oer it jaddisme op nei te hâlden, en fynt bygelyks it ôfbyldzjen fan Jad sels in foarm fan godslastering. Foar't er fuortgiet, warskôget Leontes Crispin dat in oare saunabesiker in hiermoardner is dy't in dagge ûnder de soal fan syn foet ferburgen hat, wêrmei't er Crispin krekt genôch tiid jout om 'e oanfaller bewusteleas te slaan, hoewol't er fierder sels gjin finger útstekt. Letter dy deis giet Crispin op besite by Zoticus syn dochter Shirin, dat de meast foaroansteande dûnseresse fan har tiid yn Sarantium blykt te wêzen, ferbûn oan Griene partij. Hja hat ek ien fan de meganyske fûgels fan har heit dy't Crispin yn syn holle hearre kin.
Underwilens giet Vargos, dy't him skuldich fielt dat er feilich op ien ear lei wylst syn freonen de ôfrûne nacht foar har libben fochten, op ûndersyk út om derefter te kommen wa't de hiermoardners op Crispin ôfstjoerd hat. Uteinlik ûntdekt er dat Pronobius Tilliticus dêrfoar ferantwurdlik wie. Troch de lette oankomst fan Crispin yn Sarantium wie nammentlik oan it ljocht kommen wat Tilliticus ûnderweis nei Varena allegear útheefd hie, mei as gefolch dat er út 'e koerierstsjinst ûntslein wie. Ynstee fan te beseffen dat er dat allegear oan himsels te witen hie, joech er Crispin der de skuld fan en besocht er dy skuld te fereffenjen troch hiermoardners op syn 'fijân' ôf te stjoeren. Neitiid wurdt Tilliticus in each útstutsen en de noas ôfsnien en út Sarantium ferballe. Hy rekket dêrnei sljochtsinnich, dwaalt nei de provinsje Soriyya (Syrje) en hâldt dêr't desennialang as klúzner op in rotspylder yn 'e woastyn ta. Meitiid wurdt er beskôge as in profeet, sadat er nei syn dea hillich ferklearre wurdt.
Yn Batiara hat keninginne Gisel ûnderwilens mei de help fan 'e algemist Zoticus temûk fuort witten te glûpen, en se is no ûnderweis nei Sarantium sûnder dat har fijannen dêr weet fan hawwe. Pardos, in eardere learling fan Crispin, is oanwêzich yn it hillichdom fan Varena as dêr troch in espel eallju fan 'e Antae in oanslach op Gisel dien wurdt. De frou dy't dêr fermoarde wurdt, blykt lykwols Gisel har âlde minne te wêzen, dy't mei in wale foar bearde dat se de keninginne wie. Zoticus hat yn 'e tuskentiid in brief fan Crispin ûntfongen wêryn't dy út 'e doeken die wat der mei Linon bard is. De âldman beseft dan dat er mis west hat mei syn besieljen fan fûgels, en nei't er Gisel op wei holpen hat, set er mei al syn meganyske fûgels útsein ien dy't er oan syn dochter Shirin jûn hat, ôf nei Sauradia, dêr't er de sielen weromjout oan 'e wâldgod en by wize fan bestraffing syn eigen dea fan 'e zubir akseptearret.
Yn Sarantium fynt Crispin in nije reden om te libjen troch syn wurk oan 'e koepel fan it Hillichdom fan 'e Godlike Wiisheid fan Jad, dat er komt te sjen as syn kâns op ûnstjerlikens. Hy hat in ûntwerp makke wêryn't de stêd Sarantium en de ruïnes fan Rhodias (basearre op Rome) foarkomme. Boppe Sarantium foeget er in ôfbylding fan Jad Sels ta. Mei't it leauwe yn Heladikos, de soan fan Jad, ta ketterij ferklearre is, lit er de loft boppe Rhodias leech, in foarm fan missend lykwicht dêr't men dochs Heladikos yn sjen kin (de tsjerklike autoriteiten merke dat net op). Op it sintrale diel fan 'e koepel makket Crispin in ôfbylding fan 'e skepping fan Jad, mei alderhanne bisten. It sintrale plak wurdt dêrby ynnommen troch in ôfbylding fan in reuseftige bizon... Sailing to Sarantium einiget as Crispin fan syn steger ôf fier ûnder him in frommeske stean sjocht ta wa't er him ûnwjersteanber oanlutsen fielt. (Yn Sailing to Sarantium wurdt yn 'e midden litten wa't dat is, mar yn it ferfolch, Lord of Emperors, docht bliken dat it de keizerinne Alixana wie.)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |