Uitwierde
Uitwierde (Grinslânsk : Oetwier; histoarysk: Uitwierda), is in doarp dat yn de gemeente Iemsdelta leit. Uitwierde leit yn de provinsje Grinslân. Yn 2022 hie it doarp sa’n 60 ynwenners. It doarp leit hast tsjin de bebouwing fan Delfsyl oan. Sa’t de namme al oanjout, is it doarp op in terp ûntstien. (wier betsjut terp).
Uitwierde | ||
Tsjerke fan Uitwierde | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
provinsje | Grinslân | |
gemeente | Iemsdelta | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 60 | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 53° 20' NB, 6° 54' EL | |
Kaart | ||
Kaart | ||
Lokaasje fan Uitwierde yn de eardere gemeente Delfsyl |
Op de terp stiet de tsjerke fan Uitwierde út 1839. Earder stie der in midiuwske tsjerke, dy by it belis fan Delfsyl (1813-1814) sa skansearre rekke dat it ôfbrutsen wurde moast. De oarspronklike toer út it begjin fan de 13e iuw is wol bewarre bleaun.
Yn de omkriten fan it doarp ha twa borgen (frysk foar borgen =?) stein: Betingeheem en Ringenum.De hjoeddeiske gebouwen yn Uitwierde binne frij resint. Sawol by it belis fan Delfsyl yn 1813-1814 as yn de Twadde Wrâldoarloch rekke it doarp swier skansearre. De terp is frijwol noch yntakt. Tot 1935 hie Uitwierde in eigen spoarhalte oan de spoarline Grins - Delfsyl.
Oan de noardwestlike kant fan de terp leit de Uitwierdermar.