W. Richard West sr.

W. Richard West sr. (folút: Walter Richard West sr.; ropnamme: Dick; Darlington Agintskip (Oklahoma), 8 septimber 1912 – ? (Feriene Steaten), 3 maaie 1996) wie in Amerikaansk keunstner en ûnderwizer fan etnysk Sjajinsk komôf. Hy wurke as keunstskilder en teffens as byldhouwer en wurdt beskôge as ien 'e ynfloedrykste Yndiaanske keunstners fan 'e tweintichste iuw. West wie de heit fan abbekaat en museumdirekteur W. Richard West jr.

W. Richard West sr.
keunstner
persoanlike bysûnderheden
echte namme Walter Richard West sr.
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 8 septimber 1912
berteplak Darlington Agintskip (Oklahoma)
stoarn 3 maaie 1996
stjerplak ? (Feriene Steaten)
etnisiteit Súdlik Sjajinsk
wurkpaad
wurksum as keunstskilder, byldhouwer,
ûnderwizer
jierren aktyf 19361996
offisjele webside
n.f.t.

Libben en karriêre

bewurkje seksje

Jonkheid en oplieding

bewurkje seksje

West waard yn 1912 berne yn in tipy by it Darlington Agintskip, yn it westen fan 'e steat Oklahoma, as de soan fan Lightfoot West en Rena Flying Coyote (ek wol bekend as Emily Black Wolf). Syn âlden hearden beiden ta it folk fan 'e Súdlike Sjajinnen. West syn Sjajinske namme wie Wapa Na’a, dat "lichtfuottich draver" betsjut. As bern waard er nei de Yndiaanske Kostskoalle fan Concho yn Concho (Oklahoma) stjoerd, en letter folge er de middelbere skoalle oan it Haskell Ynstitút yn Lawrence, yn 'e oanbuorjende steat Kansas, dêr't er yn 1935 syn diploma helle.

Neitiid ûnderhold West himsels as oaljewurker yn Oklahoma, mar syn pasje wie keunst. Ien fan West syn earste keunstlearaars wie de Súdlike Arapaho-skilder Carl Sweezy. Fan 1936 oant 1938 learde er fierder oan it Bacone Kolleezje yn Muskogee, dêr't er les krige fan 'e foaroansteande Kriik-Pâny-Witsjitta-keunstner Acee Blue Eagle. Yn 1941 behelle West oan 'e Universiteit fan Oklahoma in bachelorstitel yn 'e skiene keunsten, dy't er yn 1950 omsette yn in mastergraad.

Yn dy snuorje wied er in learling fan 'e Sweedske keunstner Oscar Jacobson, dy't ek it saneamde Kajowa-Fiiftal begelate. Letter soe West sizze dat de aktive stipe fan Jacobson foar him fan krúsjaal belang wie as tsjinwicht foar it rûnombywêzige rasisme dat doedestiden oan 'e universiteit hearske. Yn 1941 en 1942 hold West yn Phoenix ta, yn 'e súdwestlike steat Arizona, dêr't er fresko's learde te skilderjen fan Olle Nordmark. Neitiid studearre er fierder oan 'e Noardeastlike Steatsuniversiteit, de Universiteit fan Tulsa en it Redlands Kolleezje.

Yn 1941 sette West mei syn earste baan as dosint útein oan 'e Yndiaanske Skoalle fan Phoenix, mar fan 1942 oant 1946 ûnderbriek er syn karriêre om tsjinst te nimmen by de Amerikaanske Marine. As matroas focht er yn 'e Twadde Wrâldoarloch yn Jeropa. Nei't er ôfswaaid wie, ferfette er syn learaarsfunksje oan 'e Yndiaanske Skoalle fan Phoenix, wêrnei't er fan 1947 oant 1970 foarsitter wie fan 'e keunstfakulteit fan it Bacone Kolleezje. Fan 1970 oant 1977 joech er les oan it Yndiaanske Juniorkolleezje fan Haskell. Fan 1979 oant 1980 wied er as emearitus-perfester noch belutsen by it Bacone Kolleezje. Mei syn keunstûnderrjocht beynfloede West tûzenen keunstners, wêrfan't in grut diel fan Yndiaansk komôf wie. Guon fan syn learlingen dy't letter sels ferneamd waarden, wiene Joan Hill, Enoch Kelly Haney, Johnnie Tiger, Sharron Ahtone Harjo en Virginia Stroud.

Njonken syn ferskate funksjes yn it ûnderwiis wie West sels ek allegeduerigen yn 't spier as keunstner. Hy wie in master fan it tradisjonele Yndiaanske flat style-skilderjen, dat weromgiet op 'e piktografyske en ferheljende aspekten fan 'e iere hûdskilderings fan 'e Yndiaanske folken fan 'e Grutte Flakten. Flat style-skilderings wurde faak brûkt om lânseigen dûnsen en seremoanjes en de Yndiaanske skiednis wer te jaan. Sadwaande foarme de Sjajinske kultuer ien fan 'e wichtichste ûnderwerpen fan West syn wurk.

Fan in folslein oare styl en foarm wie syn Indian Christ-rige, dy't bestie út wielderige, allegoaryske oaljeferveskilderijen fan ferhalen út it Nije Testamint fan 'e Bibel, mar dan mei Yndiaanske personaazjes en it lânskip fan 'e Súdlike Flakten as eftergrûn. Nei eigen sizzen woe West mei dy skilderings de universaliteit fan it kristendom útdrukke. Dêrnjonken makke er ek abstrakte en yn hege mjitte stylearre keunstwurken fan oaljeferve, wetterferve, tempera en gouache. Hy yllustrearre fjouwer boeken en wie ek aktyf as byldhouwer, wêrby't er mei sawol hout as metaal wurke.

Yn 1941 waard West troch it Amerikaanske Ministearje fan Publike Wurken frege om in muorreskildering te meitsjen op it postkantoar fan Okemah. Hy wûn twa grutte prizen fan it Philbrook Museum of Art, en yn 1964 waard him troch deselde ynstelling de Waite Phillips Outstanding Indian Artist Award takend. Yn 1962 krige West in earedoktoraat fan it Eastlik Baptistekolleezje yn St. David's (Pennsylvania), en yn 1976 krige er noch ien fan 'e Baker Universiteit yn Baldwin City (Kansas). Fan 1979 oant 1980 hie West in sit yn 'e Ried foar Yndiaanske Keunsten en Ambachten. Wurk fan West is opnommen yn 'e kolleksjes fan û.o. it Bacone Kolleezje, it Buro fan Yndiaanske Saken, it Denver Art Museum, it Museum fan Noardlik Arizona, it Philbrook Museum of Art en de bibleteek fan 'e Universiteit fan Oklahoma.

Priveelibben

bewurkje seksje

Yn 1940 troude West mei de blanke Maribelle McCrea, dy't fan Skotsk komôf wie. Mei syn twadde frou, Rene Wagoner, troude er yn 1970. West krige twa soannen, de lettere abbekaat en museumdirekteur W. Richard West jr. en James Lee West.

W. Richard West sr. stoar op 3 maaie 1996, yn 'e âlderom fan 85 jier.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.