Wesley Snipes

Wesley Snipes (folút: Wesley Trent Snipes; Orlando, 31 july 1962), is in Amerikaansk akteur, filmprodusint en fjochtsportbeoefener fan Afro-Amerikaansk etnysk komôf. Hy briek yn 1989 troch mei syn byrol yn 'e honkbalfilm Major League en waard dêrnei fral bekend mei syn haadrollen yn aksjefilms as Passenger 57, Rising Sun, Murder at 1600 en U.S. Marshals. Yn 1998 spile Snipes it personaazje Blade, basearre op in stripfiguer út 'e stâl fan Marvel Comics, yn 'e fantasyfilm Blade, en sûnt is syn namme dêr ûnskiedber mei ferbûn. Yn 2008 waard er feroardiele foar belestingûntdûking, en fan 2010 oant 2013 siet er dêrfoar yn it tichthûs.

Wesley Snipes
Filmklapper.png akteur
Wesley Snipes yn 2009.
Wesley Snipes yn 2009.
persoanlike bysûnderheden
echte namme Wesley Trent Snipes
nasjonaliteit Flag of the United States.svg Amerikaansk
berne 31 july 1962
berteplak Orlando (Floarida)
etnisiteit Flag of the UNIA.svg Afro-Amerikaansk
jierren aktyf 19862010 & 2013 – no
offisjele webside
Wesley Snipes yn 'e IMDb

LibbenBewurkje

JonkheidBewurkje

Wesley Snipes waard yn 1962 berne yn Orlando, yn 'e Amerikaanske steat Floarida, as de soan fan Wesley Rudolph Snipes, in loftfeartboukundige, en dy syn frou Maryann Long, in klasse-assistinte. Hy groeide op yn 'e rûge New Yorkske borough The Bronx, dêr't er it grutste part fan syn middelbere-skoaltiid trochbrocht. Nei't er mei syn âlden weromferhuze wie nei Orlando, slagge er dêr foar syn eineksamens oan 'e Jones High School. Neitiid learde Snipes fierder oan 'e Steatsuniversiteit fan New York te Purchase en ek oan it Súdwestkolleezje yn Los Angeles.

 
Wesley Snipes dielt hantekenings út.

AktearkarriêreBewurkje

Doe't er 23 jier wie, waard Snipes ûntdutsen troch in agint út 'e filmyndustry wylst er meidie oan in wedstryd. Hy makke syn debút as akteur yn 'e film Wildcats, in Goldie Hawn-fehikel út 1986. Letter dat jier hied er in lyts roltsje yn 'e populêre plysjesearje Miami Vice, en yn 1987 spile er de aartsfijân fan popsjonger Michael Jackson yn dy syn troch topregisseur Martin Scorsese makke fideoklip Bad. Hoewol't er mei Bad de oandacht loek fan regisseur Spike Lee, dy't him frege foar in lyts roltsje yn syn komeedzjedrama Do the Right Thing, sloech Snipes dat oanbod ôf om ynstee de (gruttere) byrol fan Willie Mays Hayes foar syn rekken te nimmen yn 'e fermaaklike honkbalfilm Major League, mei Tom Berenger en Rene Russo yn 'e haadrollen. Mei dy film, dy't yn 1989 útkaam, briek Snipes troch.

Neitiid spile er û.m. de jazz-saksofonist Shadow Handerson yn Spike Lee syn Mo' Better Blues (1990) en in travestyt yn To Wong Foo, Thanks for Everything! Julie Newmar (1995). Teffens wied er te sjen yn in dramafilms as The Waterdance (1992) en komeedzjefilms lykas White Men Can't Jump (1992). Snipes waard lykwols fral bekend mei syn haadrollen yn aksjefilms, wêrûnder Passenger 57 (1992), mei Halle Berry; Rising Sun (1993), mei Sean Connery; Demolition Man (1993), mei Sylvester Stallone; Money Train (1995), mei Woody Harrelson en Jennifer Lopez; Murder at 1600 (1997), mei Diane Lane; en U.S. Marshals (1998), mei Tommy Lee Jones.

Yn 1997 wûn Snipes op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Feneesje de Coppa Volpi foar bêste akteur foar syn optreden fan dat jier yn 'e film One Night Stand. It jiers dêrop, yn 1998, belibbe er syn grutste kommersjele súkses mei de titelrol yn 'e fantasyfilm Blade, dy't basearre is op in stripferhaal fan Marvel Comics. It giet oer in "deirinner" (daywalker), in persoan mei de boppeminsklike krêften fan in fampier, dy't lykwols gjin fampier is, en krekt de striid oanbynt mei dy kweadaardige wêzens. Dy film wie sa súksesfol dat er it begjin fan in mediafranchise waard, mei it ferfolch Blade II dat yn 2002 útkaam, en diel trije Blade: Trinity út 2004.

Tsjin dy tiid wie Snipes ek úteinsetten mei it produsearjen fan films, en hoewol't (of miskien wol omdat) er as produsint by it meitsjen fan Blade: Trinity belutsen wie, ûntstie der rûzje tusken him, filmstudio New Line Cinema en regisseur David S. Goyer. Snipes hold út dat syn salaris nea folslein betelle wie, dat er mei opsetsin bûten de casting fan 'e oare akteurs holden wie, en dat de byldtiid fan syn personaazje sûnder syn goedfinen beheind wie yn it foardiel fan syn tsjinspilers Ryan Reynolds en Jessica Biel. It spul rûn sels út op in rjochtsaak, al koe de ûnienichheid letter sust wurde, sadat it úteinlik binnenskeamers ta in (geheim holden) skikking kaam.

 
Wesley Snipes mei syn frou Nakyung Park, yn 2009.

Nei't Snipes syn finzenisstraf útsitten hie, makke er yn 2014 in comeback as Doc Death yn 'e aksjefilm The Expendables 3. Hy spile ek akteur en regisseur D'Urville Martin yn 'e biografyske film Dolemite Is My Name, mei Eddie Murphy yn 'e haadrol as komyk Rudy Ray Moore. Yn 2021 wurke Snipes op 'e nij gear mei Murphy, doe't er de rol fan 'e antagonist generaal Izzi spile yn 'e komeedzje Coming 2 America.

FjochtsportBewurkje

Snipes is in ekspêr yn ferskate fjochtsporten. Syn training dêryn begûn er doe't er tolve jier wie. Hy hat in fyfdegraads swarte bân yn shokotan-karate en in twaddegraads swarte bân yn hapkido. Fierders is er ek traind yn 'e Brazyljaanske fjochtsport/dûnsfoarm capoeira en ferskate oare dissiplines, lykas de Sineeske fjochtsport kung fu en de Brazyljaanske foarm fan jiu jiutsu. Mei syn broer runt Snipes in bedriuw dat befeiligingsminsken en liifwachten traind foar filmstjerren en oare pommeranten, ûnder de namme Amen-Ra, wat ek de namme is fan syn eigen filmstudio.

PriveelibbenBewurkje

Snipes waard kristlik grutbrocht, mar bekearde him yn 1978 ta de islaam. Tsien jier letter, yn 1988, kearde er him ek fan dy godstsjinst ôf. Der binne oanwizings (lykas de namme fan syn bedriuwen en de nammen fan syn bern) dat er him oanlutsen fielt ta it kemetisme, it Egyptyske heidendom.

Snipes wie fan 1985 oant 1990 troud mei April Dubois, mei wa't er in soan krige, Jelani Asar Snipes (1988). Yn 2003 wertroude Snipes mei de keunstskilderesse Nakyung "Nikki" Park, mei wa't er fjouwer bern hat: soan Akhenaten Kihwa-T Snipes, dochter Iset Jua-T Snipes (2001), soan Alaafia Jehu-T Snipes (2004) en soan Alimayu Moa-T Snipes (2007). It gesin wennet in diel fan 'e tiid yn Park har heitelân Súd-Koreä, dat Snipes syn "twadde thúslân" neamd hat.

 
Wesley Snipes yn 2014, by de premiêre fan The Expendables 3.

BelestingûntdûkingBewurkje

Op 12 oktober 2006 waarden Snipes, Eddie Ray Kahn en Douglas P. Rosile oanklage foar gearspanning om it regear fan 'e Feriene Steaten te bestellen (troch mei ferfalske gegevens oanspraak te meitsjen op foar miljoenen oan belestingweromjeften), it willensmoeds opjaan fan falske gegevens en seis ûnderskate gefallen fan belestingûntdûking. Yn reäksje hold Snipes út dat er in net yn 'e Feriene Steaten wenjend bûtenlanner is, hoewol't er yn wurklikheid sawol de Amerikaanske nasjonaliteit hat as yn 'e Feriene Steaten wennet. Fierders bewearde er dat der in foarbyld fan him makke waard fanwegen syn ferneamdens.

Nei in rjochtsaak dy't twa jier duorre, waard Snipes úteinlik op 1 febrewaris 2008 frijsprutsen fan 'e oanklachten fan gearspanning en it willensmoeds opjaan fan falske gegevens, mar skuldich befûn oan trije fan 'e seis gefallen fan belestingûntdûking. Op 24 april 2008 waard er sadwaande feroardiele ta trije jier finzenisstraf. (Syn mei-fertochten Kahn en Rosile waarden op alle punten skuldich befûn en krigen tsien, resp. fjouwer en in heal jier sel.) Yn heger berop waard it fûnis befêstige, wylst it Amerikaanske Heechgerjochtshôf Snipes syn berop net yn behanneling nimme woe. Snipes melde him dêrom op 9 desimber 2010 by de plysje en brocht krapoan twa en in heal jier troch yn in federaal tichthûs yn Pennsylvania. Hy kaam op 2 april 2013 omreden fan goed gedrach betider frij.

FilmografyBewurkje

Filmografy as akteur
jier titel rol of funksje opmerkings
tillefyzje
1984 All My Children Marty gastrol; ôfl. #1.3877
1986 Miami Vice Silk gastrol; ôfl. Streetwise
1987 Vietnam War Story Bookman gastrol; ôfl. An Old Ghost Walks the Earth
1989 A Man Called Hawk Nicholas Murdock weromkearende rol; ôfl. Choice of Chance en A Time and a Place
1989 The Days and Nights of Molly Dodd Hood gastrol; ôfl. Here's Why You Should Always Make Your Bed in the Morning
1990 H.E.L.P. plysjeman Lou Barton weromkearende rol; 6 ôfl.
1996 America's Dream George Du Vail tillefyzjefilm
1997 Happily Ever After: Fairy Tales for Every Child de Rottefanger fan Hamelen as stimakteur; gastrol; ôfl. The Pied Piper
1998 Masters of the Martial Arts Presented by Wesley Snipes    n.f.t. as presintator; ek tillefyzjeprodusint; tillefyzjespecial
1998 Futuresport Obike Fixx ek tillefyzjeprodusint; tillefyzjefilm
2000 Disappearing Acts Franklin Swift ek tillefyzjeprodusint; tillefyzjefilm
2001 Dr. Ben n.f.t. tillefyzjeprodusint; tillefyzjefilm
2003 The Bernie Mac Show Duke gastrol; ôfl. Bernie Mac Rope-a-Dope
2015 The Player Johnson weromkearende rol; 9 ôfl.
2019 What We Do in the Shadows Wesley gastrol; ôfl. The Trial
2021 Paper Empire Damon Moore weromkearende rol; 4 ôfl.
2021 True Story Carlton weromkearende rol; 7 ôfl.
films
1986 Wildcats Trumaine
1986 Streets of Gold Roland Jenkins
1987 Critical Condition ambulânsesjauffeur
1989 Major League Willie Mays Hayes
1990 King of New York resjersjeur Thomas Flanigan
1990 Mo' Better Blues Shadow Handerson
1991 New Jack City Nino Brown
1991 Jungle Fever Flipper Purify
1992 The Waterdance Raymond Hill
1992 White Men Can't Jump Syd Deane
1992 Passenger 57 John Cutter
1993 Boiling Point spesjaal agint Jimmy Mercer
1993 Rising Sun ynspekteur Web Smith
1993 Demolition Man Simon Phoenix
1994 Sugar Hill Rome Skuggs
1994 Drop Zone U.S. marshal Pete Nessip
1995 To Wong Foo, Thanks for Everything! Julie Newmar Noxeema Jackson
1995 Money Train plysjeman John Robinson
1995 Waiting to Exhale James Wheeler cameo
1996 The Fan Bobby Rayburn
1996 John Henrik Clarke: A Great and Mighty Walk n.f.t. as filmprodusint; dokumintêre
1997 Murder at 1600 resjersjeur Harlan Regis
1997 One Night Stand Max Carlyle
1998 U.S. Marshals Mark J. Sheridan / Mark Roberts / Mark Warren   
1998 The Big Hit n.f.t. as filmprodusint
1998 Down in the Delta Will Sinclair ek filmprodusint
1998 Blade Eric Brooks / Blade ek filmprodusint
1999 Play It to the Bone fan op earste rige cameo
2000 The Art of War spesjaal agint Neil Shaw ek filmprodusint
2002 Liberty Stands Still Alex / Joe
2002 Zig Zag Dave Fletcher
2002 Blade II Eric Brooks / Blade ek filmprodusint
2002 Undisputed Monroe "Undisputed" Hutchens ek filmprodusint
2004 Unstoppable spesjaal agint Dean Cage
2004 Blade: Trinity Eric Brooks / Blade ek filmprodusint
2005 7 Seconds Jack Tulliver direkt-op-fideo útbrocht
2005 The Marksman Enter "The Marksman" Painter direkt-op-fideo útbrocht
2005 Chaos Lorenz / Jason York direkt-op-fideo útbrocht
2006 The Detonator spesjaal agint Sonni Griffith direkt-op-fideo útbrocht
2006 Hard Luck Lucky direkt-op-fideo útbrocht
2007 The Contractor spesjaal agint James Jackson Dial direkt-op-fideo útbrocht
2008 The Art of War II: Betrayal spesjaal agint Neil Shaw direkt-op-fideo útbrocht
2009 Brooklyn's Finest Casanova "Caz" Phillips
2010 Game of Death spesjaal agint Marcus Jones direkt-op-fideo útbrocht
2012 Revelations of the Mayans: 2012 and Beyond n.f.t. as filmprodusint; dokumintêre
2012 Gallowwalkers Aman direkt-op-fideo útbrocht
2014 The Expendables 3 Doctor "Doc" Death
2015 Chi-Raq Sean "Cyclops" Andrews
2017 The Recall The Hunter ek filmprodusint
2017 Armed Response Isaac ek filmprodusint; direkt-op-fideo útbrocht
2019 Dolemite Is My Name D'Urville Martin
2020 Cut Throat City Lawrence
2021 Coming 2 America generaal Izzi
20?? Back on the Strip Luther "Mr. Big"
fideoklips
1987 Bad Mini Max fan Michael Jackson, regissearre troch Martin Scorsese
fideospultsjes
1994 Demolition Man Simon Phoenix live-action
2011 Julius Styles: The International Julius Styles as stimakteur

Keppelings om utensBewurkje

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.