White House Down is in Amerikaanske aksjefilm út 2013 ûnder rezjy fan Roland Emmerich, mei yn 'e haadrollen Channing Tatum, Jamie Foxx en Joey King. De titel betsjut "Wite Hûs Ynnommen". It ferhaal giet oer plysjeman John Cale, dy't sawol de presidint fan 'e Feriene Steaten as syn eigen teenagedochter rêde moat fan in kliber terroristen as dy it Wite Hûs ynnimme. De film krige fan 'e filmkritisy mingde resinsjes en wie yn 'e bioskopen in beskieden kommersjeel súkses. White House Down wurdt gauris betize mei in oare film mei itselde útgongspunt (de besetting fan it Wite Hûs troch terroristen), Olympus Has Fallen, dy't in fearnsjier earder útkaam.

White House Down
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Roland Emmerich
produsint Bradley J. Fisher
Harald Kloser
James Vanderbilt
Larry Franco
Laeta Kalogridis
senario James Vanderbilt
kamerarezjy Anna Foerster
muzyk Thomas Wanker
Harald Kloser
filmstudio Columbia Pictures
Centropolis Entertainment
Mythology Entertainment
distribúsje Sony Pictures Releasing
spilers
haadrollen Channing Tatum
Jamie Foxx
Joey King
byrollen James Woods
Maggie Gyllenhaal
Jason Clarke
Richard Jenkins
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 28 juny 2013
foarm langspylfilm
sjenre aksjefilm
taal Ingelsk
spyltiid 131 minuten
budget en resultaten
budget $150 miljoen
opbringst $205,4 miljoen

Wylst de negroïde presidint fan 'e Feriene Steaten James Sawyer in kontroversjeel plan foarstelt om alle Amerikaanske troepen werom te lûken út it Midden-Easten, sollisitearret John Cale nei in baan by de Secret Service, in Amerikaanske plysjetsjinst dy't û.m. de befeiliging fan 'e presidint ta taak hat. Cale is in feteraan út 'e Oarloch yn Afganistan, dy't op 't heden wurket as lid fan 'e Amerikaanske Kapitoalplysje en yn dy hoedanichheid as liifwacht tafoege is oan Eli Raphelson, de foarsitter fan it Hûs fan Offurdigen.

Cale hat in alvejierrige dochter, Emily, út it op 'e klippen rûne houlik mei syn eks-frou Melanie. De relaasje tusken Cale en Emily is net optimaal. Om't it fanke obsedearre is troch polityk en oer dat ûnderwerp sels in amateur-sjoernalistyk YouTube-kanaal ûnderhâldt, nimt Cale har mei nei syn sollisitaasjepetear yn it Wite Hûs, sadat se dêr neitiid tegearre in rûnlieding folgje kinne. Hy hopet dêrmei kompinsearje te kinnen dat er dy wike de útfiering fan har skoalle fergetten is, wêrby't sy meidie oan it findelswaaien.

It sollisitaasjepetear blykt ôfnommen te wurden troch spesjaal aginte Carol Finnerty fan 'e Secret Service, mei wa't Cale jierren lyn op skoalle sitten hat. Hy stiet har noch klear foar de geast as in sympatike liddichgonger. Dat er syn hjoeddeistige baan krigen hat om't er yn Afganistan Raphelson syn omkesizzer út in brânend legerfiertúch rêden hat (ynstee fan troch fertsjinste op it eigentlike wurkmêd), befêstiget allinne mar har foarynommen oardiel oer him. Finnerty achtet Cale net geskikt foar de Secret Service en wiist syn sollisitaasje ôf. As se neitiid op 'e rûnlieiding geane, seit de bitter teloarstelde Cale tsjin Emily dat er noch weromhearre sil oer de sollisitaasje.

Underwilens wurdt Finnerty, dy't de hiele nacht al tsjinst hân hat, nei it sollisitaasjepetear troch spesjaal agint Martin Walker, it haad fan 'e Secret Service, nei hûs ta stjoerd foar wat wolfertsjinne rêst. Underweis nei hûs is se der tsjûge fan hoe't it Amerikaanske Kapitoal troffen wurdt troch in bomoanslach. Fan gefolgen wurdt it Wite Hûs hermetysk fan 'e bûtenwrâld ôfsletten en wurdt yn Washington, D.C. alle ferkear stillein. Finnerty jout har by foarsitter fan it Hûs fan Offurdigen Raphelson, dy't nei de presidint en de fise-presidint de trêde yn 'e line fan opfolging is yn it Amerikaanske steatsbestel. Sy en oare liifwachten eskortearje him nei in ûndergrûnsk kommandosintrum ûnder it Pentagon. Alvin Hammond, de fise-presidint, giet mei syn stêf oan board fan it fise-presidinsjele fleantúch Air Force Two om't er yn 'e loft mobiler en dêrom feiliger achte wurdt.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Yn it Wite Hûs wurde de dielnimmers oan 'e rûnlieding yn 'e Blauwe Keamer isolearre ûnder bewekking fan inkele Secret Service-aginten. Cale is dêr net bliid mei, om't Emily krekt foartiid eefkes nei it húske gien is, sadat er no fan har skaat is. Underwilens blykt de bomoanslach yn it Kapitoal mar in ôfliedingsmaneuver te wêzen as der in team fan terroristen fanwegen komt dat yn 't foar al yn it Wite Hûs trochkrongen wie. De terroristen steane û.l.f. in Emil Stenz, dy't in eardere kommando fan it Amerikaanske Leger is en ek foar de Amerikaanske ynljochtingetsjinst CIA wurke hat. Mank harren is ek de geniale hacker Skip Tyler, in âld-agint fan 'e feilichheidstsjinst NSA. Stenz en syn mannen falle de aginten fan 'e Secret Service en de oare ferdigeners fan it Wite Hûs yn 'e rêch oan en wurde harren oermânsk.

As de terroristen it Wite Hûs ynnommen hawwe, wurde de dielnimmers oan 'e rûnlieding yn gizeling nommen en ûnder bewekking steld fan 'e blanke supremasist Carl Killick. Cale wit lykwols te ûntkommen en giet op 'e siik nei Emily. Underwilens wurdt presidint Sawyer troch spesjaal agint Walker en syn mannen yn feilichheid brocht yn it Presidential Emergency Operations Center (PEOC), dat bestiet út in swierbefeilige bunker ûnder it Wite Hûs. Ienris dêr binnen sjit Walker al syn ûnderhearrigen dea, syn freon Ted Hope ynbegrepen. It docht bliken dat Walker ien fan 'e lieders fan 'e oanfal is en it team fan Stenz holpen hat om it Wite Hûs binnen te kommen. It liket Walker te dwaan te wêzen om wraak te nimmen foar de dea fan syn soan Kevin, in marinier, dy't in jier earder sneuvele is by in mislearre geheime operaasje yn Iraan dêr't presidint Sawyer opdracht ta jûn hie.

Cale wurdt efterfolge troch in terrorist, mar makket de keardel dea en nimt him syn fjoerwapens en syn portofoan ôf. Oer de radioferbining heart er hoe't Walker oan Stenz-en-dy oanwizings jout om yn 'e PEOC te kommen. Tsjin betterwitten yn folget Cale sels dy oanwizings en nimt Walker ûnder fjoer. Presidint Sawyer en Cale ûntkomme tegearre en nimme de lift nei de presidinsjele privee-residinsje op 'e boppeferdjippings fan it Wite Hûs. Walker lit Skip Tyler it definsjesysteem yn it PEOC hacke, mar hy hat ferlet fan 'e hânôfdruk fan presidint Sawyer om 'e koffer mei de nukleêre koades te ûntskoatteljen. It is dêrom saak dat de terroristen de presidint libben yn 'e hannen krije.

Underwilens hâldt Emily har op ferskate sideplakken efterinoar beskûl, wylst se de terroristen filmet mei har mobile tillefoan. Killick trappearret har lang om let en nimt har yn gizeling mei de oare dielnimmers oan 'e rûnlieding, mar net foar't Emily har filmkes upload hat nei har YouTube-kanaal. Yn 'e presidinsjele residinsje brûke Cale en Sawyer in satellyttillefoan om kontakt op te nimmen mei Carol Finnerty yn it Pentagon. Fan har hearre se dat de filmkes fan Emily viral gien binne en al troch miljoenen minsken besjoen binne. Finnerty en generaal Caulfield, de stêfsjef fan 'e Amerikaanske Striidkrêften, brûke de filmkes om 'e terroristen te identifisearjen.

Mei tillefoanyske begelieding fan Finnerty witte Cale en Sawyer de kelder fan it Wite Hûs te berikken, dêr't se ûntsnappe wolle fia de geheime tunnel dy't John F. Kennedy oanlizze litten hat om syn mêtresse Marilyn Monroe nei binnen te smokkeljen. As de tunnelyngong lykwols (troch Tyler) foarsjoen blykt te wêzen fan in springstoflading, bedarje se ynstee yn 'e garaazje, wêrnei't se besykje te ûntsnappen yn 'e presidinsjele limûsine. It slagget harren lykwols net fan it hiem fan it Wite Hûs ôf te kommen, dat troch de terroristen hermetysk ôfsletten is. Nei in efterfolging troch Stenz en syn mannen yn twa SUV's, slacht de limûsine úteinlik oer de kop yn it presidinsjele swimbad. Mei Stenz en Walker op 'e hakken ûntkomme Cale en Sawyer nei in berging by it swimbad, dêr't ek in tank mei butegas yn stiet. As it gebouke ûnder fjoer nommen wurdt troch ien fan 'e frustrearre terroristen, giet it yn syn gehiel mei in reuseftige ûntploffing de loft yn.

Mei't de ûntploffing te sjen is op 'e bylden fan alle kameraploegen dy't op 'e eskalearjende sitewaasje by it Wite Hûs ôf kommen binne, wurdt oannommen dat Cale en presidint Sawyer omkommen binne. Dêrop wurdt it 25e Amendemint oan 'e Amerikaanske Grûnwet yn wurking steld, dat bedoeld is om it presidintskip fan 'e Feriene Steaten oerdraachber te meitsjen oan in opfolger as de presidint sels net mear by steat is om syn funksje út te oefenjen. Fise-presidint Hammond wurdt sadwaande ynsward as presidint. Cale en Sawyer hawwe de ûntploffing lykwols oerlibbe troch te ûntkommen fia in twadde geheime tunnel fan it Wite Hûs nei de berging by it swimbad (dy is oanlein yn opdracht fan Gerald Ford, dy't der in hekel oan hie om fotografearre te wurden troch de parse as er yn syn swimbroek nei it swimbad rûn).

Hammond jout opdracht om kommando's fan it it Amerikaanske Leger mei trije helikopters in wraam op it Wite Hûs dwaan te litten. As Cale dat ûntdekt, besiket er om 'e nocht en hâldt de oanfal tsjin, mei't er earder sjoen hat dat de terroristen beskikke oer loftdoelraketten. Hy komt lykwols te let, en de helikopters wurde delsketten, wêrby't alle ynsittenden omkomme. Tyler hackt ûnderwilens it systeem fan NORAD, de Amerikaanske loftferdigening. Op befel fan Walker lansearret er dêrnei op ôfstân in raket út in legerbasis yn Piketon (Ohio), dy't Air Force Two treft. It presidinsjele fleantúch stoart del en alle ynsittenden, ûnder wa presidint Hammond, komme om. Dêrop wurdt yn it kommandosintrum ûnder it Pentagon foarsitter fan it Hûs fan Offurdigen Raphelson ynsward as presidint fan 'e Feriene Steaten. Syn earste die yn dy hoedanichheid is om 'e Amerikaanske Loftmacht befel te jaan it Wite Hûs te bombardearjen.

As Stenz foar it ferstân kriget dat Emily dejinge is dy't de fideo's nei YouTube opladen hat en dat se boppedat de dochter is fan 'e man dy't presidint Sawyer bûten berik fan 'e terroristen hâldt, bringt er har by Walker yn it Oval Office. Dy makket oer it lûdsprekkersysteem fan it Wite Hûs bekend dat er Emily deasjitte sil as Cale de presidint net oan him útleveret. Cale hat ûnderwilens Sawyer op in sideplak efterlitten om op 'e siik te gean nei Emily. As er it drigemint fan Walker heart, wol er himsels oerjaan, mar presidint Sawyer is him foar troch sels nei it Oval Office te gean. Walker easket fan him dat er de nukleêre koades aktivearje sil, mar Sawyer wegeret dat, ek as Walker op 'e nij Emily in pistoal tsjin 'e holle oan set.

Underwilens stekt Cale ferskate keamers fan it Wite Hûs yn 'e brân by wize fan ôfliedingsmaneuver, wêrnei't er ferskate terroristen ombringt en de krigele toergids Donnie Donaldson opdracht jout om 'e gizelders yn feilichheid te bringen. Sels rekket Cale yn gefjocht mei Stenz, dy't er úteinlik oermânsk wurdt troch him in gurdle mei hângranaten om 'e hals te wuoljen en by ien de pin derút te lûken sadat Stenz syn holle fan syn liif blaasd wurdt. Sawyer besiket Walker te oermasterjen, mar dy sjit him foar de eagen fan Emily del, sleept him nei de koffer ta en brûkt syn hân om 'e nukleêre koades te ûntskoatteljen. Hoewol't dat eins net kinne moatte soe, blykt Walker dêrnei oer in wurkjende koade te beskikken om it Amerikaanske nukleêre wapenarsenaal te aktivearjen. Dat docht er mei de atoombommen oan board fan 'e USS Albuquerque yn 'e Perzyske Golf, wêrnei't er Teheran en in stikmannich oare Iraanske stêden opjout as doelwyt.

Ear't Walker lykwols de kearnraketten lansearje kin, riidt Cale mei in pânsere SUV fan 'e Secret Service it Oval Office binnen en trochsingelet him mei kûgels troch him ûnder fjoer te nimmen mei it swiere masinegewear dat op it dak fan 'e auto montearre is. Cale, dy't troch Finnerty warskôge is oer it hannen wêzende bombardemint op it Wite Hûs, stjoert Emily nei bûten ta wylst er sels op 'e siik giet nei presidint Sawyer. Ynstee dat se sa hurd mooglik sa fier mooglik fuort draaft, pakt Emily in presidinsjele standert út it ferrinnewearre Oval Office en giet dêrmei op it gazon fan it Wite Hûs stean te swaaien. Har mem Melanie, dy't fia it nijs gewaar wurden is dat har dochter ien fan 'e gizelders yn it Wite Hûs is en dêrom dêrhinne gien is, sjocht har en draaft nei har ta, folge troch Donnie Donaldson en oare boargers. De piloaten dy't it bombardemint útfiere moatte, sjogge alle boargers by it Wite Hûs en wegerje it bombardemint troch te setten, ek al hâldt presidint Raphelson fêst oan syn befel ta it bombardemint. Underwilens ûntdekt Cale yn it Oval Office dat Sawyer net dea is, mei't de kûgel fan Walker opfongen is troch syn bûshorloazje, dat ienris fan Abraham Lincoln wie.

Nei't Cale mei presidint Sawyer nei bûten kommen is, biedt Finnerty oan Cale har ûntskuldigings oan oer de ôfwiisde sollisitaasje, mei't se dêr oerdúdlik hielendal mis mei wie. Ien ding is har lykwols noch net dúdlik: hoe't Walker oan 'e lansearkoade foar de nukleêre wapens kaam. Har wurden bringe Cale op in idee. Mei help fan Finnerty kriget er Raphelson, dy't noch altyd ûnder de yndruk ferkeart dat Sawyer dea is, safier dat dy tajout dat Walker de koade fan him krigen hat. It docht bliken dat Raphelson in strieman fan it korrupte Amerikaanske militêr-yndustrieel kompleks is, dat út noch yn gjin frede yn it Midden-Easten hawwe wol, om't dêrtroch de wapenferkeap kelderje soe. Cale seit dat er útbringe sil wat Raphelson dien hat, mar dy hunet dat Cale neat is en hysels de presidint fan 'e Feriene Steaten. Wa tinkt Cale no eins dat de minsken leauwe sille. Op dat stuit komt Sawyer foar it ljocht, dy't alles heard hat. Hy neamt wat der bard is in mislearre steatsgreep en lit Raphelson arrestearje foar heechferrie.

Neitiid beneamt Sawyer Cale ta spesjaal agint fan 'e Secret Service mei ferantwurdlikheid foar de befeiliging fan 'e presidint. Hy en Emily geane mei yn 'e presidinsjele helikopter Marine One, dy't it selskip nei it sikehûs bringe sil foar de medyske fersoarging dêr't de presidint ferlet fan hat. Emily har mem bliuwt op it gazon fan it Wite Hûs efter mei Donnie Donaldson, dy't har mei út freget op in ôfspraakje. Oan board fan 'e helikopter komme berjochten binnen dat de regearings fan ferskate lannen posityf reägearre hawwe op it fredesplan fan Sawyer.

Rolferdieling

bewurkje seksje
 
Channing Tatum.
 
Jamie Foxx.
 
Joey King.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise   
Kapitoalplysjeman John Cale Channing Tatum
presidint fan 'e Feriene Steaten James Sawyer Jamie Foxx
Emily Cale Joey King


byrollen
personaazje akteur/aktrise
haad fan 'e Secret Service Martin Walker James Woods
Secret Service-aginte Carol Finnerty Maggie Gyllenhaal
Emil Stenz Jason Clarke
foarsitter fan it Hûs fan Offurdigen Eli Raphelson Richard Jenkins
toergids Donnie Donaldson Nicolas Wright
generaal Caulfield Lance Reddick
Skip Tyler Jimmi Simpson
Carl Killick Kevin Rankin
fise-presidint Alvin Hammond Michael Murphy
Melanie Cale Rachelle Lefevre
assistinte fan 'e fise-presidint Jenna Bydwell Jackie Geary
Motts Falk Hentschel
Kapitoalplysje Kellerman Matt Craven
Secret Service-agint Ted Hope Jake Weber
fise-presidinsjele stêfsjef Wallace Peter Jacobson
Muriel Walker Barbara Williams
first lady Alison Sawyer Garcelle Beauvais
Roger Skinner Andrew Simms
Conrad Cern Kyle Gatehouse
Secret Service-agint Ryan Todd Vincent Leclerc
kaptein Paul Hutton Anthony Lemke
Bobby Patrick Sabongui

Produksje en distribúsje

bewurkje seksje

White House Down waard regissearre troch Roland Emmerich nei in senario fan James Vanderbilt dat yn maart 2012 troch Sony Pictures oankocht wie foar $3 miljoen. As produsinten wiene Vanderbilt, Bradley J. Fisher, Harald Kloser, Larry Franco en Laeta Kalogridis by it projekt belutsen foar de filmstudio's Columbia Pictures, Centropolis Entertainment en Mythology Entertainment. Foar de film wie in budget beskikber fan $150 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Anna Foerster, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Thomas Wanker en Harald Kloser. De opnamen foar White House Down setten yn july 2012 útein en fûnen plak yn 'e studio's fan La Cité du Cinéma, yn it Kanadeeske Montreal.

Distribúsje

bewurkje seksje

De distribúsje fan White House Down waard fersoarge troch Sony Pictures Releasing, de distribúsjepoat fan Sony Pictures, dat de memme-ûndernimming fan Columbia Pictures is. De film gie op 28 juny 2013 yn premiêre en waard op 5 novimber fan dat jier útbrocht op dvd en blu-ray.

Fan 'e filmkritisy krige White House Down mingde resinsjes. Sa parte Roth Cornet fan IGN de film 6,5 ta op in skaal fan 1 oant 10. Hy konkludearre: "White House Down eidet op frijwat ûnnoazele wize nochris terrein oer dat eardere aksjefilms al behannele hawwe, mar as jo ree binne om mei (of sels út) te laitsjen, kin [de film] dochs in tige fermaaklike ûnderfining wêze.

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat White House Down in midsmjittich goedkarringspersintaazje fan 52%, basearre op 199 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[De produksje] profitearret fan 'e gemy dy't der tusken de haadrolspilers bestiet, mar regisseur Roland Emmerich smoart de film mei plotklisjees en knoffelich montearre aksje." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet White House Down in goedkarringspersintaazje fan 52%, basearre op 43 resinsjes.

White House Down brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $73,1 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $132,3 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $205,4 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $150 miljoen betsjut dat in winst fan $55,4 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.