Ynstoarting fan it ynternasjonaal stelsel oan de ein fan de Brûnstiid

De ynstoarting fan it ynternasjonaal stelsel oan 'e ein fan 'e Brûnstiid wie in maatskiplike ynstoarting, útmûnjend yn in tsjuster tiidrek dat in oergongsperioade foarme fan 'e lette Brûnstiid nei de iere Izertiid, yn Mesopotaamje, de Levant, Anatoalje, de súdlike Balkan, de Kaukasus en it eastlike part fan Noard-Afrika. It wie in oergong wêrfan't histoarisy miene dat er hommels, gewelddiedich en kultureel fersteurend wie. In grut tal riken en dynastyen ferdwûn en de beskaving krige in rare tebeksetter. Histoarikus Robert Drews omskreau dit barren yn syn boek The End of the Bronze Age: Changes in Warfare and the Catastrophe ca. 1200 B.C. as "de slimste ramp út 'e Aldheid, sels noch jammerdearliker as de fal fan it Westromeinske Ryk." Wat de oarsaak wie fan dizze ynstoarting, is noch altyd net rjocht dúdlik. Historiografysk hat de ynstoarting foar problemen soarge by de datearring fan foarfallen út it twadde en trêde milennium f.Kr.

Ynvaazjes, ferneatigings en mooglike folksferhuzings ûnder de ynstoarting fan it ynternasjonaal stelsel oan 'e ein fan 'e Brûnstiid, om 1200 f.Kr. hinne.

Yn 'e heale iuw tusken likernôch 1200 f.Kr. en 1150 f.Kr. kaam ynienen de paleisekonomy fan 'e keninkriken fan 'e Myseenske Griken yn 'e krite fan 'e Egeyske See en de kusten fan Anatoalje útinoar te fallen, en feroare yn in kultuer fan lytse isolearre doarpkes yn wat de Grykske Tsjustere Iuwen neamd wurde. Fierder nei it easten ta kaam der in hommelse ein oan it Hettityske Ryk yn Anatoalje en de Levant, oan 'e Kassityske Dynasty fan it Babyloanyske Ryk yn Mesopotaamje, en oan it Nije Ryk yn Egypte. De Lûwyske steaten fan westlik Anatoalje rekken fragmintearre en it Hoerrityske keninkryk Oegarit en de Amorityske steaten yn 'e Levant waarden ferneatige, wat ta in perioade fan gaos yn Kanaän late.

Yn 'e earste faze fan dizze perioade waard frijwol eltse stêd tusken Pylos, yn Grikelân, en Gaza, oan 'e súdein fan 'e Levant, op gewelddiedige wize ferwoastge. In protte fan dy plakken rekken ferlitten en waarden net mear opboud, wêrûnder Mysene, it sintrum fan 'e Myseensk Grykske kultuer, de Hettityske haadstêd Ḫattuša, en Oegarit, it mulpunt fan it keninkryk mei deselde namme. Op 'e Peloponnesos allinnich al rekke 90% fan alle bekende bewenne plakken út dy tiid ferlitten, wat wiist op in mânske ûntfolking. It ferfal fan alle steaten en oerheden hie slimme fersteurings fan 'e hannelsrûtes ta gefolch en brocht it fermogen om lêze en skriuwe te kinnen yn it hiele gebiet oant it minimum werom.

Inkeld in pear machtige steaten, yn 't bysûnder it Assyryske Ryk yn noardlik Mesopotaamje, Elam yn wat no it súdwesten fan Iraan is, en Egypte (hoewol't dat slim ferswakke rekke), oerlibben de ynstoarting fan it ynternasjonaal stelsel. Tsjin 'e ein fan 'e tolfde iuw f.Kr. rekke lykwols ek de macht fan Elam yn it neigean nei't it ferslein wie troch Nebûkadnêzer I, dy't foar koarte tiid it Babyloanyske Ryk weroplibje liet foar't it der úteinlik ûnder strûpte nei in rige nederlagen tsjin 'e Assyrjers. Nei de dea fan Asjoer-bel-kala, yn 1056 f.Kr., rekke ek it Assyryske Ryk in iuw lang yn 'e nederklits en kromp it sterk yn. Tsjin 1020 f.Kr. liket Assyrje allinnich noch de direkt oangrinzgjende gebieten ûnder syn macht hân te hawwen; it goed ferdigene Assyryske heitelân kaam lykwols ûnder de ynstoarting fan it ynternasjonaal stelsel net oan serieuze bedrigings bleat te stean.

Stadichoan klûnteren de restanten fan it Hettityske Ryk tsjin 'e ein fan it tsjustere tiidrek gear ta lytse Syro-Hettityske steaten yn Silysje en de Levant, wêrfan't de befolking bestie út in miks fan Hettiten en Arameeërs. Tsjin 'e midden fan 'e tsiende iuw f.Kr. foarmen har yn 'e Levant fierders in rige lytse Arameeske keninkrykjes, wylst de Filistinen har nei wenjen setten yn súdlik Kanaän. De sprekkers fan Kanaänityske talen stiften yn dyselde snuorje de keninkriken Israel, Ammon, Moäb en Edom. Yn Anatoalje setten har de Frygjers, Simmearjers en Lydjers nei wenjen, en teffens ûntstie der yn eastlik Anatoalje en Transkaukaazje in nij Hoerritysk ryk, dat Oerartû hiet. Noardlik fan 'e Kaukasus waard troch de Georgjers it keninkryk Kolchis stifte. Fan 935 f.Kr. ôf reorganisearre it it Assyryske Ryk him en begûn it op 'e nij út te wreidzjen oer de omlizzende gebieten yn 'e foarm fan it Nijassyryske Ryk, dat bestie fan 911 f.Kr. oant 605 f.Kr.. It ferovere úteinlik in ûnbidich grut gebiet, dat him útstriek fan 'e Kaukasus oant Egypte en fan Syprus oant Perzje.

Underwilens ferskynden koart nei 1000 f.Kr. Iraanske folken as de Perzen, Meden, Parten en Sargaten for it earst yn it gebiet dat tenei Perzje neamd wurde soe. Dêr ferdreaune of assimilearren se eardere pre-Yndo-Jeropeeske folken lykas de Kassiten, de Hoerriten en de Gûty yn it noardwesten, hoewol't de dominânsje fan 'e Elamiten yn it súdwesten ûnoantaaste bleau en itselde gou foar de behearsking fan 'e súdkust fan 'e Kaspyske See troch de Manneeërs. Fierder nei it westen ta kaam nei it Oriïntalisearjende Tiidrek yn 'e Egeyske regio it Klassike Grikelân ta ûntwikkeling.

Ferklearring

bewurkje seksje

Foar de ynstoarting fan it ynternasjonaal stelsel oan 'e ein fan 'e Brûnstiid binne troch histoarisy en argeologen in grut ferskaat oan ferklearrings oppenearre, mar men hat it oer noch net ien iens wurde kinnen. Nei alle gedachten sille ûnderskate faktoaren in rol spile hawwe, lykas hommelse klimatologyske feroarings feroarsake troch grutte fulkaanútbarstings, ynvaazjes troch barbaren lykas de mysterieuze 'Seefolken', it effekt op 'e oarlochfiering dat útgie fan 'e fersprieding fan metallurgy op basis fan izer (ynstee fan brûns), en in ferskaat oan mislearrings fan politike, maatskiplike en ekonomyske stelsels.

Ynfloed op 'e historiografy

bewurkje seksje

Trochdat der út it tsjustere tiidrek dat op 'e ynstoarting fan it ynternasjonaal stelsel oan 'e ein fan 'e Brûnstiid folge, net folle ynskripsjes oerlevere binne, en trochdat der op sa'n soad plakken tagelyk in brek yn 'e line fan troanopfolging foarkaam, binne histoaryske foarfallen út it twadde en trêde milennium f.Kr. dreech te keppeljen oan moderne kalinderdata. Foar de historiografyske gronology fan de Aldheid yn it Midden-Easten hat dat laat ta it ûntstean fan ferskate konkurrearjende gronologyen. Pas frij resint hat út nij ûndersyk bliken dien dat de Middellange Gronology nei alle gedachten de juste is.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.