Auli‘i Cravalho
Auli‘i Cravalho (útspr.: [aʊ'li:ʔi krə'vɑ:ljo:], likernôch: "au-lii-y kruh-vaal-joo"; Kohala (Hawaï), 22 novimber 2000) is in Amerikaansk aktrise, sjongster en muzikante fan Hawaïaansk komôf. Se waard benammen bekend troch har fertolking fan 'e titelrol yn 'e Disney-tekenfilm Moana, en spile letter as Lilette Suarez yn 'e dramasearje Rise, de dramafilm All Together Now fan Netflix en de romantyske komeedzje Crush.
Auli‘i Cravalho | ||
akteur | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Auli‘i Cravalho | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 22 novimber 2000 | |
berteplak | Kohala (Hawaï) | |
etnisiteit | Iersk Hawaïaansk Portegeesk Portorikaansk Sineesk | |
jierren aktyf | 2016 – no | |
prizen | Annie Award 2016 Teen Choice Award 2017 | |
offisjele webside | ||
Auli‘i Cravalho op Twitter |
Libben en karriêre
bewurkje seksjeJonkheid en oplieding
bewurkje seksjeCravalho waard yn 2000 berne yn Kohala, op it eilân Oähû yn 'e Amerikaanske steat Hawaï. Se is fan mingd etnysk komôf, mei Hawaïaansk, Portegeesk, Iersk, Portorikaansk en Sineesk bloed. Se waard yn it stedsje Mililani grutbrocht troch har mem, Puanani Cravalho, en genoat middelber ûnderwiis op 'e Kapālama-kampus fan 'e Kamehameha Schools.
Aktearkarriêre
bewurkje seksjeYn 2015, doe't se fyftjin jier wie, hearde Cravalho dat The Walt Disney Company op Oähû audysjes hold foar in Hawaïaanske stimaktrise dy't har stim liene koe oan it titelpersonaazje yn 'e nije jûnfoljende tekenfilm Moana. Yn 't earstoan wie se sels net fan doel om audysje te dwaan, om't se ek heard hie dat dêrfoar al withoefolle oanmeldings dien wiene fia YouTube. Mar doe't se troch in talintescout ûntdutsen waard op in goeddiedichheidsevenemint, fitere dy har oan om ek in oanmelding yn te tsjinjen. Disney befêstige letter dat Cravalho de alderlêste fan 'e hûnderten gadingmaksters wie dy't har oanmelden hiene foar de audysjes.
De kar foel lykwols op har en sa waard sy de stim fan Moana yn 'e film mei deselde namme, dy't yn 2016 yn 'e bioskopen útbrocht waard. Foar dy rol wûn Cravalho yn 2016 de Annie Award yn 'e kategory bêste stimaktrise yn in lange tekenfilm, in priis dy't se diele moast mei Ginnifer Goodwin foar dy har rol yn Zootopia. Yn 2017 wûn Cravalho foar Moana ek de Teen Choice Award foar bêste trochbraak fan in stjer.
Yn febrewaris 2017 waard bekendmakke dat Cravalho cast wie foar de fêste rol fan Lilette Suarez yn 'e dramasearje Rise. De earste ôflevering fan dy tillefyzjesearje waard op 13 maart 2018 op 'e Amerikaanske tillefyzjestjoerder NBC útstjoerd. Op 15 maaie fan dat jier waarden de útstjoerings lykwols stopset fanwegen te lege sjochsifers.
Yn 2017 wie Cravalho op 'e nij yn rol fan Moana belutsen by de koarte tekenfilm Moana: Gone Fishing. Yn novimber fan dat jier makke se sels bekend dat se op 'e nij de stim fan Moana ynsprekke soe yn 'e tekenfilm mei deselde namme foar de earste yn it Hawaïaansk neisyngronisearre filmferzje aller tiden. De Hawaïaanske ferzje fan Moana gie op 10 juny 2018 yn 'e bioskopen op Hawaï yn premiêre. Yn 2018 hie Cravalho ek in cameo as Moana yn 'e nije Disney-tekenfilm Ralph Breaks the Internet.
Fierders stie Cravalho datselde jiers yn New York op 'e planken mei in rol yn it toanielstik Have a Nice Day, dat off-Broadway spile. Yn 2019 hie se in gastrol yn in ôflevering fan 'e tillefyzjesearje Weird City. Teffens spile se dat jiers de haadrol fan Ariel yn The Little Mermaid Live!, in live- en live-action konsertferzje fan The Little Mermaid, dy't op 'e Amerikaanske tillefyzje útstjoerd waard troch it tillefyzjenetwurk ABC.
Cravalho spile ek yn 'e dramafilm All Together Now, dy't yn 2020 foar Netflix makke waard. Fierders wie se yn 2022 te sjen yn 'e romantyske komeedzje Crush, dy't fia de streamingtsjinst Hulu útbrocht waard. Yn 2023 sil de tekenfilmsearje Hailey's On It! op 'e tillefyzje komme, wêryn't Cravalho de titelrol spilet.
Priveelibben
bewurkje seksjeYn april 2020 kaam Cravalho út 'e kast as biseksueel. Yn juny 2021 makke se buorkundich dat se talitten wie ta de Universiteit fan Columbia yn New York, en dat se fan doel wie om miljeuwittenskippen te studearjen.
Filmografy
bewurkje seksjeFilmografy as aktrise | |||
jier | titel | rol of funksje | opmerkings |
---|---|---|---|
films | |||
2016 | Moana | Moana | as stimaktrise yn 'e Ingelsk- en Hawaïaansktalige ferzjes Annie Award foar stimakteur yn in lange tekenfilm Teen Choice Award foar bêste trochbraak fan in stjer nom. Teen Choice Award foar bêste aktrise yn in fantasyfilm nom. Kids' Choice Award foar bêste 'frijannen' (mei Dwayne Johnson) |
2017 | Moana: Gone Fishing | Moana | as stimaktrise; koarte film |
2018 | Ralph Breaks the Internet | Moana | as stimaktrise; cameo |
2020 | All Together Now | Amber Appleton | |
2022 | Crush | A.J. Campos | |
2022 | Darby and the Dead | Capri Donahue | |
20?? | Mean Girls: The Musical | Janis Sarkisian | |
tillefyzje | |||
2018 | Rise | Lilette Suarez | fêste rol |
2019 | Weird City | Rayna Perez | gastrol; ôfl. Go to College |
2019 | The Little Mermaid Live! | Ariel | live konsertregistraasje; tillefyzjespecial |
2019 | Elena of Avalor | Veronica | as stimaktrise; gastrol; ôfl. The Last Laugh |
2022 | Harmonious Live! | harsels | live konsertregistraasje; tillefyzjespecial |
2022 | Maui Shark Mystery | fertelster | |
2023 | Hailey's On It! | Hailey | as stimaktrise; fêste rol |
2023 | The Power | Jos Cleary-Lopez | fêste rol |
fideospultsjes | |||
2019 | The Sims 4 | Nalani Mahi‘ai | as stimaktrise; Sims 4: Island Living Gameplay Trailer |
2022 | Disney Dreamlight Valley | Moana | as stimaktrise |
2023 | Ark 2 | Meeka | as stimaktrise |
fideoclips | |||
2018 | Live Your Story | harsels | fideoclip foar Walt Disney Records |
Keppelings om utens
bewurkje seksje- (in) Auli‘i Cravalho op Twitter
- (in) Folsleine filmografy fan Auli‘i Cravalho yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|