Sasquatch
In sasquatch (útspr.: ['sæskʷɔʧ], likernôch: "seskwotsj"), ek wol bigfoot (Ingelsk foar "grutfoet") neamd, is in mytysk wêzen dat oarspronklik út 'e folkloare fan 'e Yndianen fan dielen fan Noard-Amearika komt. Nei de kolonisaasje fan it kontinint troch de Jeropeänen rekke it wêzen út 'e Yndiaanske folkloare fermongen mei ideeën omtrint de wyldeman út it folksleauwe fan 'e kolonisten. Yn dy foarm kaam de sasquatch te hearren ta de hjoeddeistige folkloare fan 'e Feriene Steaten en Kanada. It wêzen wurdt foarsteld as in swierbehierre, rjochtop rinnende minskaap, dy't grutter fan stal is as de trochsneed minske.
Sasquatches wurde sterk yn ferbân brocht mei it Amerikaanske Noardwesten en mei de Kanadeeske provinsje Britsk-Kolumbia, en yn mindere mjitten mei de Amerikaanske steat Kalifornje (benammen it noardlike diel), de krite fan 'e Grutte Marren en de Kanadeeske provinsjes Alberta, Saskatchewan en Manitoba. In grut diel fan 'e Yndianen leaut oant hjoed de dei ta yn it bestean fan 'e sasquatch, en itselde jildt foar in oansjenlike groep fan kryptosoölogen, dy't it wêzen sjogge as de 'missende link' tusken de minske en iere minskeftigen. De oergrutte mearderheid fan 'e wittenskippers wiist it bestean fan 'e sasquatch ôf, en wyt 'waarnimmings' oan in kombinaasje fan foarynnommen waarnimmers, ferkearde identifikaasje fan 'gewoane' bisten, en hoaxes.
Beskriuwing
bewurkje seksjeLju dy't úthâlde dat se in sasquatch sjoen hawwe, beskriuwe it wêzen yn 'e regel as swierbehierre, rjochtop rinnend, tige spiersterk en lykjend op in minskaap, mei in lingte dy't fariëarret fan 1.80 m oant 2.70 m. Harren hierkleur wurdt omskreaun as swart, dûnkerbrún of dûnkerreadbrún. De ûnbidich grutte fuotprinten dêr't de Ingelske beneaming bigfoot fan komt, soene wol 60 sm lang en 20 sm breed wêze. Guon fuotprinten dêr't gipsen ôfjittings fan makke binne, omfiemje ek klau-ôfdrukken (wat it wierskynlik makket dat it eins in poatleast fan in bear is, mei't bearen fiif teannen mei klauwen hawwe).
Skiednis
bewurkje seksjeNeffens antropolooch David Daegling is it leauwen yn sa'n wêzen folle âlder as de beneaming bigfoot, en is de namme sasquatch, dy't fan Yndiaansk komôf is, dus in bettere oantsjutting. Ekolooch Robert Michael Pyle hat skreaun dat de measte minsklike kultueren wol folksferhalen hawwe oer reuzen, en dat de Yndiaanske folkloare omtrint de sasquatch yn dat ljocht sjoen wurde moat. In grut tal Yndiaanske folken leauden foarhinne yn it bestean fan sa'n wêzen, hoewol't se der elts in eigen namme foar hiene yn harren eigen taal. In soad fan dy nammen betsjutten rûchwei "wyldeman" of "hierrige man", hoewol't oaren te krijen hiene mei dieden fan 'e sasquatch, en dingen betsjutten as "oestersliner" of "beammeskodder".
Doe't it opperhaad Mischelle fan 'e Thompson-Yndianen út it binnenlân fan Britsk-Kolumbia yn 1898 in folksferhaal fan syn stamme oan 'e etnolooch en folklorist Charles Hill-Tout fertelde, neamde er de sasquatch by de namme yn syn eigen Salisjaanske taal, mei de betsjutting fan "wêzen mei it freonlike gesicht". De Lummy (Lummi), in Kust-Salisjaansk folk, neame de sasquatch yn harren ferhalen ts’emekwes. De beskriuwing dy't se fan him jouwe, komt fierhinne oerien mei oare beskriuwings fan it wêzen, mar rint útinoar, sels ûnder ferskillende Lummy-famyljes, oangeande details dy't te krijen hawwe mei iten en libbensgewoanten fan 'e sasquatch.
Guon regionale farianten fan 'e sasquatch namen in mear driigjende foarm oan. Sa wiene de stiyaha of kwi-kwiyai in ras fan by nacht aktive wêzens, dy't brûkt waarden as berneskrik. Bern waarden ek warskôge om dy nammen net te brûken, mei't de wêzens dat hearre koene en dan by nacht kamen om de útsprekker fan 'e namme te ûntfieren, wêrnei't hy of sy soms deade waard. Yn 1847 die de kolonist Paul Kane ferslach fan Yndiaanske folksferhalen oer de skoocooms of skookums, in ras fan kannibalistyske wyldelju dat op 'e fulkaan de Mount St. Helens libbe, yn it suden fan Washington.
In minder driigjende fariant fan 'e sasquatch waard yn 1840 dokumintearre troch de protestantske sindeling Elkanah Walker, ûnder de Spokên (Spokane) en harren buorfolken, op it plak dêr't no de stêd Spokane leit. De Yndianen fan dy krite seine dat der reuzen wennen yn 'e bergen dêromtrint, dy't soms omleech kamen om salm út 'e netten fan fiskers te stellen. Yn 'e 1920-er jierren skreau de Yndiaanske agint J.W. Burns de folksferhalen op fan 'e Tsjehalis (Chehalis of Sts’Ailes) en oanbuorjende folken fan Britsk-Kolumbia, en publisearre dy yn in rige krante-artikels. De Tsjehalis holden út dat sasquatches wier bestiene en wiene misledige as blanken har fertelden dat dat net sa wie. Yn syn artikels, dy't yn 1940 werpublisearre waarden, brûkte Burns foar it earst de oantsjutting "sasquatch", dy't er ûntliende oan it Halkomelem-wurd sásq’ets (IPA: ['sæsq’əts]). Dy beneaming rekke letter ynboargere en wurdt tsjintwurdich teminsten likefolle brûkt as it Ingelske bigfoot.
Waarnimmings
bewurkje seksjeLikernôch in trêdepart fan alle bewearde waarnimmings fan in sasquatch binne yn 'e Amerikaanske steaten Washington en Oregon en it suden fan 'e Kanadeeske provinsje Britsk-Kolumbia. De oare bewearde waarnimmings binne ferspraat oer de rest fan Noard-Amearika, útsein it Arktyske noarden en de woastinen fan it Amerikaanske Súdwesten. Bûten it Amerikaanske Noardwesten en Britsk-Kolumbia wurde de measte bewearde waarnimmings dien yn 'e krite om 'e Grutte Marren hinne en yn it Amerikaanske Súdeasten. It debat oer de echtheid fan 'e waarnimmings berikte yn 'e 1970-er jierren in hichtepunt en wurdt sjoen as it earste gefal fan pseudowittenskip dat yn Noard-Amearika rûnom bekend rekke.
Hoewol't inkele antropologen, lykas Grover Krantz en Jeffrey Meldrum, ferkearre hawwe dat se leauwe dat sasquatches wier besteane, beskôget it oergrutte part fan 'e serieuze wittenskippers it leauwen yn it bestean fan it wêzen as in gefal fan kryptosoölogy. Der besteane ferskate ferklearrings foar de oanhâldende waarnimmings fan in sasquatch. Yn it foarste plak moat dêrby tocht wurde oan de ynfloed fan 'e folkloare omtrint de sasquatch op 'e Noardamerikaanske kultuer: de minsken dy't de waarnimmings dogge, wólle graach leauwe dat se in sasquatch sjoen hawwe, en de winsk is yn sokke gefallen faak de heit fan 'e gedachte. Wittenskippers geane derfan út dat it by in protte fan sokke waarnimmings giet om misidentifisearre bisten of poatprinten fan bisten, yn 't bysûnder fan 'e Amerikaanske swarte bear (Ursus americanus).
Dêrnjonken binne sawol wittenskippers as lju dy't leauwe yn it bestean fan 'e sasquatch it deroer iens dat der gauris grapmakkers oan it wurk binne dy't in hoax útfiere, wêrby't 'bewiismateriaal' foar it bestean fan 'e sasquatch fabrisearre wurdt. It ierst bekende foarbyld dêrfan wie de saneamde Jacko-affêre, wêrby't yn súdlik Britsk-Kolumbia yn 1884 in "aap-eftich wêzen" fongen wêze soe. Dat waard doedestiden troch ferskate pleatslike kranten daliks al beskôge as in optocht ferhaaltsje. Nettsjinsteande tal fan berjochten dat it kadaver fan in sasquatch fûn wie, is der nea sa'n stoflik omskot beskikber steld oan renommearre wittenskippers. It ûntbrekken fan lykfol hokker fysyk bewiismateriaal, fan bonken oant hier oant kjitte, is it wichtichste argumint tsjin it bestean fan 'e sasquatch.
Yn in artikel yn 'e krante USA Today ferwurde soölooch John Crane it sa: "Bigfoot bestiet net. Der is nea bewiismateriaal beskikber makke foar ûndersyk behalven spul dat dúdlik fabrisearre is." In oar argumint tsjin it bestean fan 'e sasquatch is dat it wêzen yn in regio libje soe dy't tige ûngebrûklik is foar in grutte net-minsklike primaat (ntl. in tuskenbeiden breedtegraad op it noardlik healrûn), wylst alle bekende minskapen yn 'e tropen fan Afrika en Aazje libje.
Identiteit
bewurkje seksjeLju dy't folhâlde dat de sasquatch wol deeglik bestiet, oppenearje gauris de teory dat it gean kin om in reliktpopulaasje fan 'e Gigantopithecus, in iere foarâlder fan 'e minske, mear yn it bysûnder fan 'e soarte Gigantopithecus blacki. Hoewol't alle fossilen fan Gigantopithecus yn Aazje fûn binne, hat anatoom en primatolooch Geoffrey H. Bourne de stelling op 't aljemint brocht dat Gigantopithecus, krekt as in grut tal oare soarten bisten, skoan fia de lânbrêge troch de Beringstrjitte Noard-Amearika berikke kinnen hat. Mei't der fan Gigantopithecus inkeld kaken en tosken weromfûn binne, is syn foarm fan fuortbeweging ûnwis, hoewol't saakkundige Matt Cartmill de kâns dat Gigantopithecus rjochtop rûn, tige lyts achtet, om't rjochtoprinnen ien fan 'e skaaimerken fan lettere minskeftigen is.
Primatolooch John R. Napier en antropolooch Gordon Strasenburg hawwe mei dêrom in soarte fan Paranthropus foarsteld as mooglike kandidaat foar de identiteit fan 'e sasquatch, lykas Paranthropus robustus, dy't in gorilla-eftige plasse hie mei in bonkekaam der boppe-op, en dy't rjochtop rûn. It probleem dêrmei is dat fossilen fan Paranthropus inkeld yn Afrika fûn binne. Oare minskeftigen dy't neamd binne as mooglike kandidaten foar de identiteit fan 'e sasquatch, binne Meganthropus út Aazje en Homo heidelbergensis en de neändertaler út Jeropa, nettsjinsteande it feit dat der gjin inkeld fossyl fan dy soarten yn Noard-Amearika fûn is.
Yn 2013 karde ZooBank, in renommearre non-gûvernemintele organisaasje dy't nije wittenskiplike nammen oan bisten tawiisd, de registraasje goed fan 'e namme Homo sapiens cognatus foar de sasquatch. It fersyk dêrta wie yntsjinne troch dr. Melba S. Ketchum, haad fan it Sasquatch Genome Project, dy't troch de measte oare soölogen net as in serieuze wittenskipster beskôge wurdt. ZooBank, in organisaasje dy't ûnderdiel útmakket fan 'e Ynternasjonale Kommisje oangeande Soölogyske Nomenklatuer (ICZN), krige op dat beslút in protte krityk. Yn in ferwar skreau ZooBank: "ZooBank en de ICZN beoardielje net it bewiis foar de legitimiteit fan 'e organismen dêr't de nammen op fan taspassing binne – dat leit bûten ús foech en om dat te dwaan heart by it wurk fan 'e relevante taksonomysk/biologyske mienskip (yn dit gefal: primatologen). Doe't H. s. cognatus registrearre waard, krigen wy dêr fansels in protte fragen oer. Wy ûndersochten de yntsjinne beskriuwing en registraasje fan dizze namme nei ús bêste kinnen, en ynsafier't wy bepale koene, wiene alle easken foar it oannimmen fan 'e nije namme ferfolle. Sadwaande hawwe we op 't heden gjin reden om 'e wittenskiplike namme ôf te wizen. Dat seit NEAT oer de legitimiteit fan it takson – it hat der inkeld en allinne mei te krijen oft de oanfraach neffens de regels yntsjinne wie."
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|