Boskspringmûs

(Trochferwiisd fan Boskspringmûzen)

De boskspringmûs (wittenskiplike namme: Napaeozapus insignis) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e jerboä's (Dipodidae), de ûnderfamylje fan 'e springmûzen (Zapodinae) en it monotypyske (út ien soarte besteande) skaai fan 'e boskspringmûzen (Napaeozapus). Dit bistke komt foar yn eastlik Noard-Amearika, en stiet derom bekend dat er bjusterbaarlike fier springe kin, syn behindige postuer yn acht nommen. De boskspringmûs waard nei syn erkenning as soarte yn 1891 earst lange tiid beskôge as in lid fan it skaai fan 'e echte springmûzen (Zapus), mar út letter ûndersyk die bliken dat de ferskillen mei de oare soarten fan dat skaai op it mêd fan 'e dintale morfology en de opbou fan 'e earen sa grut wiene, dat de boskspringmûs yn in eigen skaai ûnderbrocht wurde moast.

boskspringmûs
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift kjifdieren (Rodentia)
famylje jerboä's (Dipodidae)
skaai boskspringmûzen (Napaeozapus)
soarte
Napaeozapus insignis
Miller, 1891
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

Fersprieding en biotoop

bewurkje seksje

De boskspringmûs libbet yn it sintrale eastlike diel fan Noard-Amearika. Yn Kanada komt er foar fan sintraal Manitoba fia sintraal en súdlik Ontario en hast hiel Kebek oant yn Nij-Breunswyk. Yn 'e Feriene Steaten libbet er yn it hiele gebiet fan 'e Grutte Marren en de noardeastlike Atlantyske kust, en dêrwei strekt syn areaal him fia de Appalachen út nei it suden oant yn Georgia. Boskspringmûzen jouwe de foarkar oan koele en wiete nullewâlden mei streamend wetter dat út it bosk wei nei greidlân floeit, en oan biotopen dêr't nullewâlden en greidlân inoar ôfwikselje en streamend wetter en tichte boaiemfegetaasje foarhâns binne.

 
De boskspringmûs fan deunby.

Uterlike skaaimerken

bewurkje seksje

De boskspringmûs hat trochinoar in kop-romplingte fan 9-9⅔ sm, mei in sturtlingte fan 11½-16 sm en in gewicht fan 17-35 g. De pels is op 'e rêch brunich oant dûnkerbrunich en op 'e fangen gielbrunich, wylst de bealch, de poaten en de punt fan 'e sturt wyt binne. Der sitte swartpuntige hierren troch de pels hinne dy't boskspringmûzen in wat rûchhierrich oansjen jouwe. Yn it súdlike part fan har ferspriedingsgebiet binne se dûnkerder fan kleur as yn it noarden. De sturt is tige lang en fan boppen dûnkerbrún en fan ûnderen krêmkleurich wyt, al is er mar krap mei hier begroeid. De efterpoaten binne folle langer as de foarpoaten, en meitsje dat de boskspringmûs as er kjel wurdt wol 3 m fier springe kinne.

Hâlden en dragen

bewurkje seksje

Boskspringmûzen libje òf yn in eigengroeven ûndergrûnske hoale, òf yn in nêst dat se oanlizze fan gers, reiden en blêden yn holle beammen of ûnder beamwoartels of rotsen. De mantsjes hawwe in territoarium fan 0,4-3,6 ha en wyfkes fan 0,4-2,6 ha, wêrby't inkeld de territoaria fan 'e tsjinstelde geslachten inoar oerlaapje. Boskspringmûzen hâlde in wintersliep dy't duorret fan septimber/oktober oant yn april, al wurde se eltse fjirtjin dagen eefkes wekker om har behoef te dwaan.

De peartiid rint fan maaie oant augustus, wêrby't it wyfke nei in draachtiid fan likernôch 29 dagen 2 of inkeld 3 kear jiers in nêst fan 3-6 keale, bline jongen te wrâld bringt. De fersoarging fan dy jongen wurdt dield troch it mantsje en it wyfke. De eachjes fan 'e jongen geane mei 26 dagen iepen en mei likernôch 30 dagen wurde se ôfwûn. De trochsneed populaasjetichtheid fan 'e boskspringmûs leit op 7½ de ha, al kinne der soms wol oant 59 eksimplaren de ha foarkomme. Boskspringmûzen binne omnivoaren en frette njonken in protte plantaardich guod en skimmels ek in soad ynsekten, larven en oar wrimelt. Har natuerlike fijannen binne ferskate soarten slangen, martereftigen as de Amerikaanske nerts en de wezeling, en fierders de reade lynks, it streekte stjonkdier en de eastlike skreau-ûle. De boskspringmûs hat in libbensferwachting fan uterlik 3-4 jier, al leit it gemiddelde om 'e 2 jier hinne en helje in protte eksimplaren sels dat lang net.

 
In troch in kat fongen en oanfretten boskspringmûs yn Fermont, mei in lineaal derby om 'e lichemsgrutte te bepalen.

Undersoarten

bewurkje seksje

By in ûndersyk út 1972 waarden der 5 ûndersoarten fan 'e boskspringmûs erkend:

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.