Crow Creek Sû Stamme
De Crow Creek Sû Stamme (Ingelsk: Crow Creek Sioux Tribe) is in federaal erkende Yndiaanske stamme-organisaasje yn 'e Feriene Steaten, mei in eigen reservaat yn 'e steat Súd-Dakota.
Crow Creek Sû Stamme | ||
Ingelsk | Crow Creek Sioux Tribe | |
flagge | ||
algemiene ynformaasje | ||
lân | Feriene Steaten | |
steat | Súd-Dakota | |
haadkertier | Fort Thompson (Súd-Dakota) | |
etnisiteit | Westlike Dakota | |
ledetal | 3.400 (2013) | |
oprjochting | 1862 | |
status | federale erkenning | |
erkenning | Feriene Steaten | |
reservaat | ||
reservaat | Crow Creek Yndianereservaat | |
lokaasje | sintraal Súd-Dakota | |
oerflak | 508,3 km² | |
ynwennertal | 1.200 (2004) | |
offisjele webside | ||
www.crowcreekconnections.org | ||
kaart | ||
Lokaasje fan it haadkertier fan 'e stamme yn Súd-Dakota.
|
Algemien
bewurkje seksjeDe organisaasje, dy't oprjochte waard yn 1862, hat 3.400 leden, en it haadkertier is fêstige yn Fort Thompson (Westlik Dakota: Čuŋkičakse), yn Súd-Dakota. De leden besteane út etnyske Sû (Sioux), allegearre Westlike Dakota fan 'e Neder-Janktonai substamme fan 'e Janktonai. De Crow Creek Sû Stamme foarmet mei tsien oare Sû-organisaasjes de Feriene Sû Stammen.
Reservaat
bewurkje seksjeIt reservaat fan 'e Crow Creek Sû Stamme is it Crow Creek Yndianereservaat (Crow Creek Indian Reservation) fan sintraal Súd-Dakota, dat in oerflak hat fan goed 500 km², en dêr't yn 2004 likernôch 1.200 minsken wennen. Oars as de oare fiif Sû-reservaten yn sintraal en westlik Súd-Dakota, dy't oarspronklik diel útmakken fan it yn 1868 stifte Grutte Sû Reservaat, hat it Crow Creek Reservaat dêr altyd los fan bestien. Feitliks is Crow Creek âlder as it Grutte Sû Reservaat, mei't it al yn 1862 stifte is. Mei in eigen kasino en ferskate archeologyske opgravings lûkt Crow Creek in soad toeristen.
Keppelings om utens
bewurkje seksje● (in) Offisjele webside fan 'e Crow Creek Sû Stamme
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.
|