Dûbele rôfmoard fan Nyegea

De dûbele rôfmoard fan Nyegea wie in rôfmoard op 25 novimber 1867 yn Fryslân. In âld boerepear waard fermoarde en berôve troch trije manlju, in heit, soan en neef. Sy waarden dêrfoar as earsten yn Nederlân feroardiele ta de libbenslange finzenisstraf.

Belutsen lju

bewurkje seksje

Slachtoffers

bewurkje seksje

It âlde echtpear Wietze Tjeerds Hiddema en Sietske Wopkes Sietzema, in folle neef en nicht fan elkoar, wenne yn in pleats oan de Hegewei yn Nyegea. It wiene sunige, begoedige boerelju, beide om de 70 jier hinne.

Lammert Teijes Dalstra (59 jier âld op it stuit fan de moard) wenne mei syn twadde frou en syn jongste soan Marcus Lammerts Dalstra (25 jier) yn it gebiet dat doe Surhústerfeanskeheide hiet; in heidegebiet westlik fan buordoarp Surhústerfean. De befolking wenne dêr earmoedich yn ienfâldige spitketen en libbe fan it turfstekken. De heit en soan wurken as lânarbeiders, mar moasten winterdeis bediele om troch de tiid te kommen.
Lammert Dalstra hie in neef, Auke Freerks Dalstra, de soan fan in âldere broer fan 32 jier. Dy neef wie yn 1861 tegearre mei syn heit feroardiele foar stellerij fan in ko. Syn heit hie fiif jier fêstsitten en Auke seis jier; hy kaam yn april 1867 frij en wenne dêrnei op De Houtigehage mei syn mem yn in earmoedige spitkeet.

Yn de hjerst fan 1867, it jier dat neef Auke frijkommen wie, besleaten de Dalstra's om it pear op jierren te berôvjen. Soan Marcus hie in pear jier earder by de buorman fan it pear Hiddema as feint wenne. Hy hie doe ek wol op de pleats fan it pear wurke en koe de pleats dus goed. Algemien wie bekend dat it pear begoede wie. It pear sûnder bern wenne allinnich en hie gjin feint of faam. It plan wie om te dwaan oft se in ko keapje woene om yn'e hûs te kommen. As de binnendoar wiene soene se it pear fermoardzje en berôvje.

Moandeitejûn 25 novimber 1867, mei nije moanne, dat in tsjustere jûn, rûnen de trije manlju nei de pleats fan it âlde pear yn Nyegea. Underweis praten se ôf, as de heit it ljocht dat er hie, útblaze soe, dat de soan en neef tagelyk de man en de frou smoare soene.

Underweis kamen se op 'e Hegewei, in kertier rinnen fan it hûs fan de Hiddemas, in tsjin man dy't harren goejûn sei. De heit sei nei it foarbygean tsjin de soan en neef: 'wat is dy hjir let'. De stammerjende en wat swiere stim fan de heit waard weromkend troch de grutsume man, dy 't ôfkomstich wie út de Surhústerfeanskeheide.

Doe't se by Hiddema oankommen wiene frege de neef, lykas ôfpraat, oft er in ko misse koe. Hiddema antwurde befêstigjend wêrnei't it âlde pear en de trije Dalstra's yn de stâl nei de ko seagen. Doe't de heit en soan nei de keap mei de frou wer nei bûten rûnen, bleau neef Auke mei de man yn de stâl praten. De heit rûn mei in ljocht foarop, folge troch de frou fan Hiddema en de soan. De heit blaasde syn lampe út en lykas ôfpraat wie foelen de oaren tagelyk de frou en de man oan.

Doe't Hiddema en de frou smoard wiene, giene de Dalstra's werom de pleats yn en stellen in gouden earizer, sulveren horloazjes en skjirren, jild, lapen stof en klean. De neef bewuolle it goud en sulver yn in reade doek en stuts ek in breames fan de tafel yn 'e bûse. De soan naam noch in stik spek mei út 'e foarriedkast. Doe giene se werom nei it hûs fan de neef.

In pear út Surhústerfeanskeheide dat nachts ûnderweis wie nei It Hearrenfean, seach by it hûs fan de neef dat de Dalstra's oer de heide harren rjochting oprinnen kamen. Ut eangst foar dronken manlju ferburgen de man en frou harren yn in groppe. Se seagen doe dat de manlju it hûs fan de neef yngongen en doeken foar de twa rútsjes fan de hutte hongen. Nijsgjirrich wurden kipe de frou troch de rútsjes en kende doe de heit, soan en neef werom, dy't se alle trije goed koe. Se seach hoe't it goud op'e tafel lein waard en hearde de neef sizzen: de âld duvel wie taai en myn earm docht noch sear. It pear hold lykwols alles stil oer dit foarfal, omdat de man foar syn wurk gauris nachts betiid oer de heide moast. Hy wie bang dat de Dalstra's him wat oandwaan soene as se der oer prate soene.

Yn it hûs fan de neef ferdielden de Dalstra's de bút. De neef hold in horloazje en in skjirre; de rest fan it goud en sulver namen de heit en soan mei. Se bedobben de bondel goud en sulver earst by it hûs fan de heit. Yn de hjerst fan 1869 soe it úteinlik troch de soan fuortsmiten wurde yn de wyk by syn heit. De omkesizzer liet fan in stik stof troch syn mem in ûnderbaitske meitsje. It bôlemes dat er fan 'e tafel raamd hie, hie in opfallende skonken heft mei de spreuk 'op koal en woarst folget grutte toarst'. In read blommedoekje joech er oan syn mem. Hy hold ek in duffels kammesoal, dat Hiddema sneins droech, en in swarte lange broek mei brede klepsluting. De soan liet fan in oar stik stof by in naaister ek in boarstrok meitsje. By it beteljen seach de naaister dat de oars sa earmoedige arbeider 50 gûne by har hie. It ûnderbaitsje soe er dragen bliuwe oant dat him yn 1870 troch in sipier yn de finzenis útlutsen waard. Fan it stik katoen makke syn mem in bêdlekken. It stik spek ieten de heit, mem en soan op.

 
Marcus Lambert Dalstra, 52 jier. Gefaarlik achte finzenen dy't frijkamen, waarden fan 1882 oant 1897 fotografearre en kamen yn it geheim register fan ûntsleine finzenen

De oare deis waard de moard ûntdutsen troch ien dy 't by it pear op besite kaam. De plysje fûn gjin spoaren fan in ynbraak en de liken en harren klean fertoanden net in soad geweldspoaren. De liken waarden foar seksje oerbrocht nei it algemien earmehûs yn Drachten. Dêr waard dúdlik dat it pear troch wurgjen deadien wie.

Nei de moard wiene der ferskate fermoedens oer de dieders, mar dy blieken by neier ûndersyk alhiel sûnder grûn. Twa fjildwachters ûnderfregen op 1 desimber 1867 ek de heit en de soan. Se woene hawwe dat se thús wiene op it stuit fan de moard en dat se gjin omgong mei de neef hiene. Der waard in beleanning fan 200 gûne útloofd foar tips yn it ûndersyk nei de moard, mar dat smiet neat op. Foar it gerjochtshôf soene letter wol minsken tsjûgje dat de Dalstra's yn de winter nei de moard gjin earmoed hiene lykas dêrfoar, en dat se alles betelje koene sûnder te boargjen.

Yn de winter fan 1869 beliende de nije freondinne fan de neef ferskate dingen dy't by de moard rôve wiene by in winkelman yn Drachtster Kompenije. Fanwege syn nije relaasje sette de neef syn mem it hûs út, wêrmei't se geroften fersprate dat er de moard dien hie. De winkelman hearde dizze geroften en fertelde oan oaren dat arbeiders lykas de neef ornaris net yn besit wiene fan ûnderbytsjes en broeken.

Op 31 maart 1869 waard it guod dat de freondinne fan de neef belein hie yn beslach naam troch de plysje. De plysje ûnderfrege de neef deroer, mar hy ûntkende dat it syn guod wie.

Fan maart oant maaie 1869 arbeide de neef by in boer op De Rottefalle. De neef besocht him te oertsjûgjen om him in aliby foar de jûn fan de moard te jaan, mar de boer woe der neat fan witte.

Op in jûn yn oktober 1869 gie de neef nei de winkelman om it beliende guod werom te krijen. De winkelman wegere, as er earst it jild weromkrige. De neef sei dat de winkelman dat sawiesa net koe omdat er it guod oan de plysje jûn hie en dat it de winkelman opbrekke soe. Dêrnei gie er lilk fuort. Op 2 desimber krige de winkelman it guod werom, mar de neef kaam net mear om it werom te keapjen.

Nij ûndersyk

bewurkje seksje

Yn juny 1870 joegen de hieltyd swierdere fermoedens oanlieding ta in nij ûndersyk yn it hûs fan de neef. Trije fjildwachters troffen allinnich syn freondinne yn de hutte. Se liet in breames sjen mei in selsmakke heft. Nei fierder sykjen waard yn in kleankist it byhearrende heft fan bien mei spreuk fûn.

De frou dy't nei de moard Dalstra's yn it hûs fan de neef sjoen hie, krige gewissewroech en fertelde yn july 1870 - likernôch twa jier nei de dea fan har man - oan de broer fan de fermoarde frou wat se dy nacht sjoen hie.

Dat late derta dat op 16 augustus 1870 hússikingen dien waarden. Yn de hutte fan de neef waard in gewear, twa pistoalen en in lommerdbriefke fûn. Yn it earmhûs waard by de mem fan de neef it doekje mei reade blommen yn beslach nommen. Mei it lommerdbriefke dat fûn waard by de bank fan liening yn Drachten it duffels kamisoal yn beslach naam.

De heit, soan en neef waarden diskear troch de rjochter-kommissaris as tsjûge heard. De neef woe no hawwe dat it beliende guod fan him wie, mar dat er al lang yn besit wie fan dit guod. De klean waarden lykwols herkend troch ferskate minsken as dy fan Hiddema. De heit en soan bewearden wer dat se thús wiene ûnder de moard en fan de moard neat wisten. Trije dagen letter gie de heit lykwols út eigen beweging nei de plysje. Hy erkende no dat syn soan en neef yn syn wenning it plan fan de moard makke hiene en weromkommen wiene mei de bút, mar hy ûntkende by de moard oanwêzich west te hawwen. Doe waarden de heit, soan en neef fêstset. Nei in pear ûnderfregingen kaam de soan úteinlik ta in folsleine skuldbekentenis. De neef bleau ûntkennen en de heit bleau de soan en neef de skuld jaan.

Feroardieling en graasje

bewurkje seksje

Foar it provinsjaal gerjochtshôf yn Fryslân waarden de Dalstra's op 8 maart 1871 as earste Nederlanners feroardiele ta de libbenslange finzenisstraf. Dy straf wie op 17 septimber 1870 ynfierd en wie ek fan tapassing op misdriuwen dy 't dêrfoar dien wiene.

It gerjochtshôf formulearre it sa:

"Condemneert de schuldig verklaarden [..] alle drie tot een confinementopsluiting in een huis van reclusie en tuchtiging, ieder voor den tijd van zijn leven lang, om aldaar door zijn arbeid zijn onderhoud te gewinnen."

De heit en neef giene noch yn kassaasje tsjin it fûnis, mar dat waard troch de Hege Ried ôfwiisd. De Dalstra's sieten har straf út yn de finzenis fan Ljouwert.

Heit Lammert ferstoar yn 1885 yn de âlderdom fan 77 jier yn de finzenis. Soan Marcus krige yn 1892 graasje fan keningin-regintes Emma; syn straf waard omset yn in finzenisstraf fan 25 jier en hy kaam yn 1894, doe't er 52 wie, frij. Hy ferstoar yn 1911. Ek Auke, de neef, krige graasje, mar hy kaam earst yn 1906 yn de âldens fan op 71 jier frij nei 35 jier finzenisstraf. Hy ferstoar yn 1919 yn it earmhûs yn Drachten.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: