Dei fan it Waad
De Dei fan it Waad (Nederlânsk en offisjeel: Dag van het Wad) is in festival dat sûnt 2009 elts jier yn it lêste wykein (nettsjinsteande de namme) yn juny of it earste wykein yn july holden wurdt. Dêrby wurdt fierd dat It Waad yn 2009 opnommen waard op 'e Wrâlderfgoedlist fan 'e UNESCO. Op 'e dagen (sneon en snein, en faak ek al op freed) fan 'e Dei fan it Waad wurde oeral op It Waad eveneminten organisearre dy't de Waadsee as tema hawwe.
Dei fan it Waad Dag van het Wad | ||
plak en tiid | ||
lân | Nederlân | |
provinsjes | Fryslân Grinslân Noard-Hollân | |
plak | ferskaat | |
datum | it lêste wykein yn juny of it 1e wykein yn july | |
bysûnderheden | ||
oanlieding | It Waad opnommen op 'e Wrâlderfgoedlist fan 'e UNESCO | |
soarte evenemint | festival | |
bestean | 2009 – no | |
offisjele webside | ||
www.dagvanhetwad.nl |
Organisaasjes en aktiviteiten
bewurkje seksjeYn 2018 diene bygelyks oan 'e Dei fan it Waad mei: it Natoerynformaasjesintrum Balchsân yn De Helder; it museum en seehûne-opfangsintrum Ecomare op Teksel; it Waadsintrum en See-akwarium De Noardwester op Flylân; VVV Skylge; VVV It Amelân; it besikerssintrum fan it Nasjonaal Park Skiermûntseach en de VVV Skiermûntseach; it Ofslútdyk Waad Sintrum yn Koarnwertersân; de VVV Harns; it Kweldersintrum Noarderleech yn Hallum; it Waadbelibbingssintrum De Noardhoarn yn Holwert; It Garnalefabryk yn Moddergat; de haven fan Lauwerseach; en it MuzeeAquarium yn Delfsyl.
Belangstellenden koene doe ekskurzjes meitsje nei de sânbank It Balchsân by De Helder en oer it Waad sels fan ferskate plakken op 'e Waadeilannen ôf. Ek koene se te garnalefiskjen gean út De Oever wei, in selfy meitsje by de Walfiskfontein yn Harns, op rûnlieding gean troch it Noarderleech by Hallum, de terp fan Hegebeintum besichtigje, stegerfiskje yn Lauwerseach en op 'e seedyk sliepe yn it Grinslânske Noardpoldersyl. Yn Peazens-Moddergat wurdt fierders sûnt 2017 yn it ramt fan 'e Dei fan it Waad de Dei fan de Fiskerij holden.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|