Balch

(Trochferwiisd fan It Balchsân)

De Balch is in sânplaat dy't eastlik fan Skiermûntseach yn de Waadsee leit. It leit hast tsjin Skiermûntseach oan op, nei alle gedachten, it âlde plak fan it eilân Bosch. De Balch is likernôch 0,7 kante kilometer grut.[1]

De Balch

De sânflakte is nei alle gedachten om 1800 hinne ûntstien en stadichoan waakse. Oant yn de midden fan de jierren ’70 fan de 20e iuw wie it in keale, stowende sânplaat. Sûnt dat stuit wreidet de sânplaat him jierliks út nei it easten. Dêrtroch binne der al lytse dunen ûntstien en waakse der planten op de Balch. Lykas as in soad oare sânplaten binne op de Balch ek seehûnen te sjen. Op de sânplaat kinne skulpen en barnstien fûn wurde.

De sânplaat kin besike wurde mei de Balchekspres, in trekker mei in kapwein deroan. De sânplaat is net altyd berikber, by heech wetter stiet de Balch nammentlik folslein ûnder wetter.

Oant 1 jannewaris 2006 hearde de sânplaat ta de Grinslanner gemeente Iemsmûn, mar sûnt is de Balch ûnderdiel fan de gemeente Skiermûntseach. Dat is feroare omdat by in mooglike kalamiteit de gemeente Skiermûntseach better yngripe kin. Foar dizze grinskorreksje waard troch de gemeente Skiermûntseach en de provinsje Fryslân jild betelle oan de gemeente Eemsmond en oan de provinsje Grinslân. It gie om in bedrach fan €23.000 dat Skier oermakke hat nei Eemsmond, €13.970,- dat de provinsje oan Eemsmond joech en om €274.000 dat Fryslân oan Grinslân betelle.[2]

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. De Balg, Balgexpres (sjoen op 11 desimber 2009)
  2. Gemeentegrens Schiermonnikoog verlegd, WaddenZee.nl, 27 septimber 2009 (sjoen op 11 desimber 2009)
Fryske eilannen
 
 

Westfryske eilannen:
Noarderheaks - Teksel - Flylân - de Richel - it Gryn - Skylge - It Amelân - de Kalkman - Rif - Skiermûntseach - Simenssân - Rottumerplaat - Rottumereach - Suderdúntsjes
Eastfryske eilannen:
Boarkum - Kachelotplate - Lütje Hörn - Memmert - Júst - Norderney - Baltrum - Langereach - Spikereach - Wangereach - Minsener Each - Mellum
Noardfryske eilannen:
Helgolân - Jongnammensân - Knyp - Japsân - Sudereachsân - Noardereachsân - Noardstrân - de Halligen - Pälweerm - Oomram - Feer - Uthörn - Söl - Koardesân - Jordsân - Romeach - Mandeach - Faaneach - Langli
Ferdwûn: Bant - Bosk - Buise

  ·   ·