Grut Frysk Diktee

(Trochferwiisd fan Frysk diktee)

It Grut Frysk Diktee is in dikteewedstryd yn de Fryske taal. It diktee wurdt tradisjoneel ôfnommen yn de Steateseal fan it Provinsjehûs.

Yn 2006 wie it diktee fan Hindrik Sijens. De winner fan de finale fan it Grut Frysk Diktee wie Fedde Dykstra fan Wurdum. Winner by de bekende Friezen wie kranteman Sietse de Vries. It diktee waard fuort útstjoerd troch Omrop Fryslân, oer de radio en it ynternet. It wie dit jier foar it earst mûglik en doch oer it ynternet mei mei it diktee. Winner fan de ynternetdielnimmers wie Gerrie Tichelaar fan Easterbierrum.

Mei 8,5 flaters wie Swaan Postma-Vondeling út Eastermar de winner. It diktee fan 2008 wie skreaun troch Hindrik Sijens, taalkundige by de Fryske Akademy. Fan de 27 dielnimmers wienen der gjin pommeranten by. De dielnimmers neamden it diktee makliker as oare jierren.[1]

Yn 2010 waard it diktee foar de tsiende kear holden. It tema fan it diktee wie muzyk. Skriuwer fan de tekst wie Piter Wilkens (dy't it diktee net sels yn de Steateseal foarlies).

Foar it jubileum dienen ek pommeranten mei lykas skriuwers, politisy en sjoernalisten. By de pommeranten wienen de steateleden Pytsje de Graaf (FNP) en Johannes Kramer (FNP), sjoernalisten Gerbrich van der Meer (Frysk Deiblêd) en Femke de Walle (Omrop Fryslân), kabaretier Ruurd Walinga, sjonger Gurbe Douwstra, skriuwers Lida Dykstra, Hylke Speerstra en ynstitútsdirekteuren Geart de Vries (Histoarysk Sintrum Ljouwert), Henk Wilbers (Cedin), en Reinier Salverda (Fryske Akademy). By de pommeranten wie skriuwster Lida Dykstra mei 8,5 flaters winneres.

De yn 2010 27-jierrige André Looijenga út Grins (berne yn Tersoal) wie mei fiif flaters de winner fan it tsiende Grut Frysk Diktee. By it diktee fan 2010 sloegen Grinzer studinten foar master op.[2]

It diktee fan 2012 wie skreaun troch kabaretier Rients Gratama, dy't it diktee sels ek foarlies. Pommeranten by it diktee fan 2012 wiene Wiebe Wieling, Remon de Jong, Sytse Broersma, Eric Ennema, Geart de Vries, Ate Grypstra en Ferdinand de Jong. Nei 2010 waard André Looijenga ek yn 2012 winner fan it Grut Frysk Diktee mei fjouwer flaters. Ate Grypstra wûn by de pommeranten. Hy hie ek fjouwer flaters yn it diktee makke. [3]

De Omrop Fryslân-presintatrise Karen Bies wie de skriuwster fan it Grut Frysk Diktee fan 2014, dêr't 32 minsken oan meidiene. It diktee mei as tema 'It doarpsfeest' waard ek troch Karen Bies foarlêzen en wie live op de tillefyzje te sjen. It wie de tredde kear dat der ek pommeranten meidienen oan it diktee, ûnder oaren de aktrise en sjongeres Tet Rozendal, LC-sjoernalist Asing Walthaus, FNP-Steatelid Annigje Toering en Oeds Westerhof fan Kulturele Haadstêd 2018.

It Grut Frysk Diktee waard foar de tredde kear wûn troch André Looijenga, hy makke seis flaters. By de pommeranten wie Omrop Fryslân-presintatrise Tiete Sijens de bêste. Sy hie acht en in heale flater.[4]

It Grut Fryske Diktee fan 2015 waard skreaun troch skriuwer Ferdinand de Jong en foarlêzen troch Omrop Fryslân-presintatrise Karen Bies. Ferdinand de Jong gie ûnder de titel ‘Ien foar it ôfwennen’ mei syn tekst yn op de oanpassing fan de stavering dy’t begjin 2015 ynfierd waard.

Fan de 35 dielnimmers dy’t harren kwalifisearre hiene, kaam Jan Ybema mei 12 flaters as bêste út de bus. De earste priis bestie út in ‘Gouden dakje’ en in pinne mei ynskripsje. Twadde en tredde wienen Jacob Krol fan Winsum en André Looijenga fan Grins mei respektyflik 12,5 en 13 flaters. Njonken de 35 kwalifisearre dielnimmers diene der ek in oantal bekende Friezen mei, lykas telefyzjekok Reitse Spanninga, sjongeressen Iris Kroes, Elske DeWall en Griet Wiersma, en Jannewietske de Vries en Lutz Jacobi út de polityk. Fan de bekende Friezen makke skriuwer Willem Schoorstra it diktee it bêste mei 13,5 flaters. Hy krige foar dy prestaasje it ‘Laaien dakje’.[5]

Yn 2016 waard it Grut Frysk Diktee foar de fjirtjinde kear holden. De tekst fan it Grut Frysk Diktee is skreaun troch skriuwer/sjoernalist Sietse de Vries en hie as tema generaasjeferskillen. Mei tsien flaters hat Fedde Dijkstra út Wurdum it diktee wûn. Twads waard Tineke Hoekstra fan Noardburgum mei in heale flater mear. De winner fan ferline jier, Jan Ybema, einige mei alve flaters op it tredde plak. Der diene 45 minsken mei, wêrûnder tsien bekende Friezen, lykas keatser Chris Wassenaar en presintatrise Welmoed Sijtsma. Fan harren wie aktrise Tamara Schoppert mei 22 flaters de bêste.[6]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Omrop Fryslân: Doarpsskriuwster wint diktee 15-04-2010
  2. Frysk Deiblêd: Winner Frysk diktee: ‘Ik haw it mysels oanleard’ 21-04-2010
  3. Omrop Fryslân: Grinzer wint Frysk Diktee wer
  4. Omrop Fryslân: Looijenga wint opnij diktee
  5. Omrop Fryslân: Jan Ybema wint Grut Frysk Diktee
  6. Omrop Fryslân: Fedde Dijkstra wint Frysk diktee