Tusken-kapers

(Trochferwiisd fan Gaffi-stôk)

Tusken-kapers[1] of koartwei Tuskens, inkeltal: Tusken (útspr.: [ˈtʌskən], likernôch: "tas-kun"), binne in fiktyf ras fan humanoïde bûtenierdske wêzens út 'e Star Wars-franchise. Tusken-kapers, dy't ek bekend steane as it Sânfolk, binne lânseigen op 'e planeet Tatooine, dêr't se in nomadysk bestean yn 'e woastyn liede. It is ûndúdlik hoe't Tusken-kapers der eins útsjogge, mei't se har yn lange mantels klaaie en it gesicht bedekke mei wynsels dy't in sykhellingsmasker en eachbeskermers op har plak hâlde. It binne yn elts gefal sûchdieren ter grutte fan minsken. Men soe fan tinken hawwe kinne dat se wat wei hawwe fan kjifdieren, mei't dat ek it gefal is mei de Jawa's, de oare soarte yntelliginte wêzens dy't Tatooine fuortbrocht hat, mei wa't de Tusken-kapers neffens saakkundigen in mienskiplike oarsprong diele.

It kostúm fan in manlike Tusken-kaper mei in gaffi-stôk út 'e film Star Wars: Episode IV – A New Hope.

Tusken-kapers wurde yn 'e Star Wars-franchise ôfskildere as ksenofobysk en tige agressyf yn har omgong mei yntelliginte wêzens fan oare soarten, lykas minsken of Jawa's. De oantsjutting "Tusken-kaper" (Ingelsk: Tusken Raider) komt fan 'e oerfallen dy't se geregeldwei útfiere op oare wêzens. Nettsjinsteande dat binne se soms ree om kompromissen te sluten en gear te wurkjen mei oaren. It tradisjonele wapen fan Tusken-kapers is de gaffi-stôk, in striidgnodze, mar se beskikke ek oer âlderwetske projektylgewearen dy't se by har oerfallen bútmakke hawwe op oare soarten. Se hawwe de bantha, in grut bist dat foarkomt yn 'e woastinen fan Tatooine, domestisearre, en brûke se as ryddier en lêstdier. As se op it oarlochspaad binne, ride Tusken-kapers harren bantha's yn in inkele rige, sadat de spoaren inoar útwiskje en harren oantal ferburgen bliuwt.

Cosplay fan in Tusken-kaper.

Yn 'e Star Wars-franchise waarden Tusken-kapers alderearst yntrodusearre yn Star Wars: From the Adventures of Luke Skywalker, de ferboeking fan 'e earste Star Wars-film, dy't yn 1976 útkaam, in jier foàr de film. Se binne lykwols it bekendst út 'e films Star Wars: Episode IV – A New Hope (1977), wêryn't se yn 'e Jundlandwoastenij de jonge Luke Skywalker oerfalle en him bewusteleas slane. De slûchslimme Jedi-master Obi-Wan Kenobi jaget harren lykwols op 'e flecht troch de pearrop fan in kraytdraak nei te bearen. Yn Star Wars: Episode I – The Phantom Menace (1999) besjitte inkele Tusken-kapers de dielnimmers oan in Boontajûnklassiker, in race troch de woastyn. En yn Star Wars: Episode II – Attack of the Clones (2002) ûntfiere se Shmi Skywalker en mishannelje har sà dat se úteinlik oan har ferwûnings beswykt. Har soan, de Jedi Anakin Skywalker, wurdt dêrtroch ta razernij dreaun en slachtet in hiele clan Tusken-kapers ôf, wat in wichtige stap is by syn ferfal ta de tsjustere kant fan de Krêft.

Yn 'e tillefyzjesearje The Mandalorian moetet de haadpersoan Din Djarin yn 'e ôflevering Chapter 5: The Gunslinger in clan Tusken-kapers as er troch harren domein komt. Hy wit lykwols in wapene konfrontaasje foar te kommen troch yn ruil foar in fierrekiker frije trochtocht troch harren lân te keapjen. Yn 'e ôflevering Chapter 9: The Marshal wurkje de minsklike doarpelingen fan Mos Pelgo gear mei in clan Tusken-kapers om in kraytdraak te deadzjen dy't in gefaar foar harren allegear foarmet. Yn 'e searje The Book of Boba Fett is yn flashbacks te sjen hoe't de Mandaloriaanske preemjejager Boba Fett nei syn ûntsnapping út 'e sarlacc ferwûne yn 'e woastyn oantroffen wurdt troch in clan Tusken-kapers, dy't him fersoargje, mar dêrnei as slaaf foar harren wurkje litte. Hy wint syn frijheid en harren respekt as er in Tuskenbern rêdt troch in grut sânmeunster te deadzjen. Neitiid leare se him harren manear fan fjochtsjen en helpt hy harren by it bestriden fan in Pyke-misdiesyndikaat dat harren geregeldwei oanfalt.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Dizze oersetting oernommen út: Reynolds, David West, Star Wars: Episode I in Woord en Beeld, Londen, 1999 (Dorling Kinderley); Nederlânske oersetting: Willem Hurkmans, Fianen, 1999 (ECI y.g.m. Standaard Uitgeverij en Van Holkema & Warendorf), ISBN 9 06 09 14 287, s. 59.

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


bûtenierdsk libben út Star Wars
rassen fan yntelliginte bûtenierdske wêzens
Aki-Aki • Cereänen • Chagrianen • Dugs • Ewoks • Geonosianen • Gorax • Gunganen • Hutts • Iktotchi • Jawa's • Kaleesh • Kaminoänen • Kel Dor • Lanniks • Mandalorianen • Mirialanen • Mon Calamari • Nautolanen • Neimoïden • Palliduvanen • Pau'anen • Quermianen • Thisspiasanen • Tholothianen • Togruta • Toydarianen • Tusken-kapers • Twi'leks • Ugnaughts • Utai • Wisties • Wookiees • Zabraks
bûtenierdske floara en fauna
bantha • fathier • orbak • porg • rancor • sarlacc • tauntaun • vulptex • wampa