Grutte of Sint-Bavotsjerke (Haarlim)

De Grutte of Sint-Bavotsjerke is in oan 'e hillige Bavo wijd tsjerkegebou oan 'e Grutte Merk fan 'e Noardhollânske stêd Haarlim. De midsiuwske krústsjerke waard yn 'e perioade 1370 oant 1520 boud yn it âlde sintrum fan 'e stêd. It is in goatyske tsjerke, dy't in 78 meter hege letgoatyske houten fieringtoer op it snijpunt fan it middenskip en it dwersskip hat. Oarspronklik wie de Grutte of Sint-Bavotsjerke in roomske tsjerke en pas yn 1559 waard it de katedraal fan it doe oprjochte bisdom Haarlim. Mei de reformaasje waard de tsjerke geskikt makke foar de protestanske earetsjinst.

Grutte of Sint-Bavotsjerke
Lokaasje
lân Nederlân
provinsje Noard-Hollân
gemeente Haarlim
koördinaten 52° 22' N 4° 38' E
Tsjerklike gegevens
patroanhillige oarspr.: Bavo fan Gint
Arsjitektuer
boujier 1370-1520
boustyl gotyk
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 19264
Webside
Side Bavogemeente, Haarlim
Kaart
Grutte of Sint-Bavotsjerke (Haarlim-Sintrum)
Grutte of Sint-Bavotsjerke
 
Ynterieur.

De hjoeddeiske Bavotsjerke hie ferskate houtene en stiennene foargongers. Yn 1370 rekke de lêste foargonger troch in slimme brân skeind. Dy tsjerke, in yn romaanske styl boude parochytsjerke, waard doe wer reparearre. Tagelyk waard in nij goatysk koer tafoege, dat om en de by yn 1400 foltôge waard en ek tsjintwurdich noch stiet. De boumaster fan dat koer wie nei alle gedachten Engelbrecht fan Nijvel.

Under lieding fan de Brabânske arsjitekt Everaert Spoorwater waard yn 1445 útein set mei de bou fan 'e krusing en dwersskippen, dy't yn 1500 ree kamen. De âlde parochytsjerke wie al yn 1471 ôfbrutsen en fuort dêrnei waard in begjin makke oan 'e bou fan it skip. De foltôging fan it skip wie yn 1481 en twa jier letter koene ek de beide sydskippen oplevere wurde. De arsjitekt wie oarspronklik fan doel om in grutte westlike toer te bouwen, mar dat is der nea fan kommen.

In stiennen fieringtoer waard yn 1502 troch Cornelis de Wael, de boumaster fan 'e dom fan Utert, tafoege. De Wael ferstoar yn 1505 en waard troch Antoon I Keldermans opfolge. Al gau die lykwols bliken dat de fjouwer fieringpylders it gewicht fan 'e stiennen toer net drage koene, en dêrom waard er tusken 1514 en 1517 wer ôfbrutsen. Doe is der besletten om in 74 meter hege, mei lead beklaaide, houten fieringtoer te bouwen, dy't de foarm hat fan in iepen achtkant mei in iepen sipel as bekroaning. It ûntwerp fan dy houten konstruksje wie nei alle gedachten fan Michiel Bartssoen en waard nei syn dea foltôge troch Jacob Symons út Edam. De bou fan de toer hat twa jier duorre en kaam ree yn 1520.

Loftbôgen om 'e druk fan it gewicht fan it bouwurk oer te bringen nei de steunbearen ûntbrekke, alhoewol't de oansetten dêrfan wol oanwêzich binne. Se hoegden net boud te wurden om't der keazen waard foar in houten ferwulft ynstee fan in swier stiennen ferwulft. Nei alle gedachten doarden de bouwers it risiko fan sokke swiere konstruksjes op in slappe boaiem net oan. Ek wurdt der wol sein dat dat de ûnderfinings mei de skipsbou laat hawwe ta dit Nederlânske tsjerkeynterieur.

 
Houten stjerferwulft.
 
Detail koerhek.

Yn 1529 waard útein set mei it ynbringen fan in stjerferwulft yn it koer, dêr't men twa jier mei dwaande wie. Tusken 1535 en 1538 folge ûnder lieding fan Jacob Symons it ynbringen fan in houten stjerferwulft yn it skip.

Oant de reformaasje stiene der fjouwer bychtstuollen en wie de tsjerke njonken it haadalter yn it koer nochris twaëntritich alters ryk. Op 6 maart 1573, ûnder it belis fan Haarlim waarden dy roomske oantinkens út 'e tsjerke ferwidere. It ynterieur fan 'e tsjerke rekke op 29 maaie 1578, op de hjeldei fan it Hillich Sakramint, mei help fan it leger fan de Republyk slim skeind troch kalvinisten. By it geweld waard ek de pastoar fan 'e katedraal om it libben brocht. Foar de wissigens liet de stêd dêrnei de tsjerke slute en wer letter waard it gebou oerdroegen oan 'e kalvinisten.

De preekstoel is 17e-iuwsk mei âldere dielen fan foar de reformaasje. Ut 'e roomske tiid stamme de koerbanken (1512), dy't fersierd binne mei grappich houtfykwurk, en de koperen lessener mei in fûgel dy't in pilekaan foarstelle moat (1499) en it koerstek (1509-1517).

Lofts fan it oargel stiet de Hillige Geastbank út 1470 (ek "Bôlebank" neamd fanwegen it feit dat eartiids by dy bank bôle oan earmen utdield waard). Tusken de doopkapel en de Hillige Geastbank stiet de 15e-iuwske kiste, dêr't eartiids û.o. de stedsrjochten fan Haarlim yn bewarre waarden. By de doopkapel (dy't nei de reformaasje brûkt waard as grêfkapel fan 'e boargemastersfamylje De Raet, is in kanonskûgel ynmitsele ta oantinken fan 'e Spaanske belegering yn 1572-1573).

De trije skippen dy't yn 'e tsjerke hingje datearje út de 16e en 17e iuw. De skippen binne modellen fan skippen dy't eartiids oan it Spaarne boud binne, en binne jûn troch it Skippersgilde.

Yn 'e tsjerke lizze likernôch fjouwerhûndert sarken. Op in soad sarken binne hûsmerken en wapenskylden ynbeitele. Yn it koer is it grêf fan 'e keunstskilder Frans Hals te finen. Oare grêven fan ferneamde persoanen binne dy fan 'e tsjerkeynterieurskilder Pieter Saenredam en de skriuwer Willem Bilderdijk, dy't as lêste yn 'e tsjerke te rêste lein is.

 
It Müller-oarge.l
 
Oargelbyld Kening David.

It haadoargel waard yn 1738 troch Christian Müller foltôge. It mei blêdgoud dekorearre houten oargelfront, dat bekroane wurdt mei it wapen fan Haarlim, waard makke troch Jan van Logteren. It ynstrumint wie by de oplevering it grutste oargel fan 'e wrâld. It ynstrumint hat 62 registers en likernôch fiiftûzen pipen.

Ferneamde komponisten lykas Felix Mendelssohn Bartholdy en Georg Friedrich Händel spilen op it ynstrumint, en yn 1766 soe de doe noch mar tsien jier âlde Wolfgang Amadeus Mozart dat ek dien hawwe.

Eigner fan it oargel is de gemeente Haarlim. Oargelisten wurde troch it stedsbestjoer oansteld.

Njonken it haadoargel hinget der yn it koer noch in lyts swellenêstoargel.

De klokken fan 'e foargeande tsjerke kamen yn 1429 yn in grutte frijsteande klokkestoel efter it koer fan 'e tsjerke te hingjen. Dat klokhûs waard yn 1804 ôfbrutsen om 'e kas fan 'e stêd Haarlim te spekken. De klokken binne doe ferkocht.

Yn de fieringtoer hinget in 4900 kilogram swiere klok út 1503 fan 'e jitter Geart fan Wou. It karriljon fan 'e tsjerke bestiet út 47 klokken, wêrfan't 10 yn 'e jierren 1661-1662 getten waarden en 37 yn 1968.

De twa klokken Pyt en Hein datearje út 1562 en tsjinnen om oan te jaan dat it tiid wie de stedspoarten te sluten. Neffens de Leginde fan it Haarlimske Skyld waarden de klokken by de ferovering fan Damiate, ûnder de Fyfte Krústocht meinommen troch Haarlimske krúsfarders. Yn 1732 waarden se op 'e nij getten troch de Amsterdamske jitter Jan Albert de Grave. It klippen fan 'e beide klokken fynt noch jimmeroan eltse dei tusken 21:00 en 21:30 oere plak ta oantinken fan 'e ferovering fan Damiate op 25 augustus 1219.

Fierders binne der noch trije liedklokken út 1686, 1667 en 1965.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Nederlânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: [1]