Jackie Kennedy
Jackie Kennedy, berne as Jacqueline Lee Bouvier (útspr.: /'ʤækli:n li: 'bu:vjei:/; Southampton (New York), 28 july 1929 – New York (New York), 19 maaie 1994), wie in dochter út in foaroansteande Amerikaanske famylje út New York. Yn 1953 troude se mei John F. Kennedy, dy't yn 1960 presidint fan 'e Feriene Steaten waard. As first lady waard se in ikoan fan 'e Camelot-perioade fan it Kennedy-presidintskip. Op 22 novimber 1963 siet se njonken har man yn in iepen limûsine doe't dy yn Dallas deasketten waard. Fiif jier letter wertroude se mei de Grykske reder Aristoteles Onassis, mei wa't se troud bleau oant syn dea yn 1975. De lêste tweintich jier fan har libben makke se karriêre as redaktrise by in útjouwerij. Teffens droech se by oan 'e skiene keunsten en oan it behâld fan histoaryske arsjitektuer yn 'e Feriene Steaten. Hja ferstoar yn 1994 yn 'e âlderdom fan 64 jier oan kanker.
Jackie Kennedy | ||
politikus | ||
echte namme | Jacqueline Lee Bouvier Kennedy | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
bertedatum | 28 july 1929 | |
berteplak | Southampton (New York) | |
stjerdatum | 19 maaie 1994 | |
stjerplak | New York (New York) | |
dynasty | Kennedy-famylje (yntroud) | |
etnisiteit | Frânsk Iersk Ingelsk Skotsk | |
partij | Demokratyske Partij | |
First Lady fan de Feriene Steaten | ||
amtsperioade | 1961 – 1963 | |
foargonger | Mamie Eisenhower | |
opfolger | Lady Bird Johnson |
Libben
bewurkje seksjeJonkheid en oplieding
bewurkje seksjeJackie Bouvier waard yn 1929 berne yn Southampton, op Long Island, yn 'e steat New York, yn in maatskiplik fermidden dat ta de elite fan 'e Feriene Steaten hearde. Hja wie de dochter fan oandielehannelder John Vernou Bouvier III, byneamd "Black Jack" (1891-1957) en dy syn frou Janet Norton Lee (1907-1989). Se hie ien jongere suster, Lee Bouvier (letter Lee Radziwill), dy't berne waard yn 1933. Bouvier har âlden skieden yn 1940, en har mem wertroude twa jier letter mei Hugh Dudley Auchincloss jr., de erfgenamt fan 'e oaljemaatskippij Standard Oil, mei wa't se noch twa bern krige, Janet Jennings Auchincloss en James Lee Auchincloss. Oan har memmekant wie Bouvier fan etnysk Iersk komôf, wylst se oan har heitekant Frânsk, Skotsk en Ingelsk bloed hie. Oan beide kanten wie har famylje roomsk.
Bouvier brocht har bernetiid troch yn 'e stêd New York en yn East Hampton, op Long Island, dêr't de famylje in bûtenpleats hie. Nei de skieding fan harren âldelju wennen Bouvier en har suske Lee ôfwikseljend yn harren memme wenten yn McLean, yn Firginia, en yn Newport, yn Rhode Island, en by harren heit yn New York en op Long Island. Al hiel ier fette Bouvier in passy op foar hynsteriden, dat har hiele libben lang ien fan har leafste tiidferdriuwen bleau. Fan 1942 oant 1944 siet se op 'e Holton-Arms School yn Bethesda, yn Marylân, en fan 1944 oant 1947 gie se nei de Miss Porter's School, yn Farmington, yn Konnetikut. Yn 1947, it jiers dat se achttjin jier waard, "kaam se út", sa't dat neamd wurdt, as debutante (dat is sis mar in feestlike ynhuldiging, yn 'e mande mei oare fammen fan deselde jierren, wêrmei't oanjûn waard dat se fan dat stuit ôf "op 'e merk" wie foar in serieuze relaasje).
Fan 1947 oant 1949 studearre Bouvier oan 'e heech oanskreaune famkesuniversiteit Vassar College, yn Poughkeepsie, yn 'e steat New York, en dêrnei brocht se in jier troch yn Frankryk, dêr't se fia it bûtenlânske stúdzjeprogramma fan Smith College, te Northampton, yn Massachusetts, earst studearre oan 'e Universiteit fan Grenôble, yn Grenôble, en doe oan 'e Sorbonne, yn Parys. Nei't se yn 1950 yn 'e Feriene Steaten weromkeard wie, liet se harsels oerpleatse nei de George Washington Universiteit yn 'e Amerikaanske haadstêd Washington, D.C., dêr't se yn 1951 ôfstudearre mei in bachelorstitel yn Frânske taal- en letterkunde. Datselde jiers wie Bouvier har suster Lee slagge foar de middelbere skoalle, en om sawol it iene as it oare te fieren, brochten se mei har twaen de simmer fan 1951 troch mei in rûnreis troch Jeropa. Dy reis wie letter it ûnderwerp fan it iennichste autobiografyske boek (One Special Summer) dat ea fan Bouvier ferskynd is.
Houlik mei Kennedy
bewurkje seksjeTrouwerij en gesinslibben
bewurkje seksjeFan it neijier fan 1952 ôf wurke Bouvier as sjoernaliste-fotografe foar de krante de Washington Times-Herald, en letter begûn se ek kolleezjes Amerikaanske skiednis te folgjen oan 'e Georgetown Universiteit yn Washington. Yn dyselde snuorje wie se in fearnsjier lang ferloofd mei John G.W. Husted jr., in jonge oandielehannelder.
Under in formeel diner, yn maaie 1952, kaam hja yn 'e kunde mei John F. Kennedy (1917-1963), dat doe in Demokratysk lid fan it Hûs fan Offurdigen wie dy't kampanje fierde om senator te wurden. Se skeelden tolve jier, mar fielden har blykber daliks ta-inoar oanlutsen. Yn 't earstoan wie Kennedy tige besteld mei de ferkiezings, mar nei't er yn novimber in sit yn 'e Senaat wûn hie, waard harren relaasje serieuzer, en op 25 juny 1953 ferloofden se har. Bouvier en Kennedy trouden op 12 septimber datselde jiers by in roomske misse yn 'e Sinte-Marijetsjerke yn Newport, mei as foargonger Richard Cushing, de aartsbiskop fan Boston. Der wiene 700 gasten oanwêzich by de ynseinging fan it houlik yn 'e tsjerke en 1.200 by de dêropfolgjende brulloft. It nijtroude pear brocht de houliksreis troch op 'e San Ysidro Ranch yn Kalifornje, ear't se har nei wenjen setten yn McLean. Harren brulloft waard (ûnder de boppeklasse yn it Amerikaanske noardeasten) beskôge as it sosjale barren fan it jier.
De Kennedys, dy't in jiermannich letter ferhuzen nei Washington, D.C., krigen ferskate bern, al bleaune trageedzjes harren dêrby net besparre. Bouvier krige yn 1955 in miskream, en yn 1956 brocht se in deaberne famke te wrâld dat Arabella hjitte sillen hie. Yn 1957 folge in sûne dochter, Caroline Bouvier Kennedy, en yn 1960 in soan, de yn 1999 mei it fleantúch ferûngelokke John Fitzgerald Kennedy jr. Mar yn 1963 waard harren twadde jonkje, Patrick Bouvier Kennedy, fiif wiken te betiid berne en stoar twa dagen nei de berte.
First lady
bewurkje seksjeOp 3 jannewaris 1960 stelde Kennedy him kandidaat foar it presidintskip fan 'e Feriene Steaten. Fanwegen har swierwêzen en har eardere swierrichheden op dat mêd waard it Bouvier troch har dokters ferbean om aktyf oan 'e ferkiezingskampanje diel te nimmen. Fan harren hûs yn Washington út die se har bêst om har man te helpen troch brieven te beäntwurdzjen, reklamespotsje op te nimmen, ynterviews te jaan en in kollem (Campaign Wife) te skriuwen dy't yn ferskate kranten ôfprinte waard. By de seldsume kearen dat se yn it iepenbier ferskynde, makke se goed gebrûk fan har talekennis, troch Frânsk, Spaansk, Italjaansk en Poalsk te sprekken. Op 8 novimber 1960 fersloech John F. Kennedy by de ferkiezings syn Republikeinske tsjinstanner Richard Nixon. Goed twa wike letter, op 25 novimber, waard John F. Kennedy jr. berne. Op 20 jannewaris 1961 waard Bouvier, mei 31 jier, ien fan 'e jongste first ladys út 'e Amerikaanske skiednis, nei Frances Folsom (de frou fan Grover Cleveland) en Julia Gardiner (de frou fan John Tyler).
As presidintsfrou stie Bouvier bekend om 'e sosjale barrens dy't se yn it Wite Hûs organisearre, om 'e restauraasje fan it ynterieur fan it Wite Hûs, dy't yn har opdracht en ûnder har tafersjoch plakfûn, en om har goede smaak yn klean, kosmetika en hierdracht. Se waard al rillegau ta in moade-ikoan, en krige op dat mêd in wrâldwide ynfloed. Hoewol't se der gjin beswier tsjin hie om mei te wurkjen oan fraachpetearen of om te posearjen foar foto's, besocht se wol safolle mooglik privacy foar harsels en har bern te behâlden as mooglik wie. Trochdat se allebeide folle jonger wiene as dat wenst wie foar Amerikaanske presidinten en first ladys, en om't se foar de bûtenwrâld sa tige gelokkich lieken (en miskien ek wol, mei weromwurkjende krêft, troch hoe abrupt oft de idylle úteinlik fersteurd waard), ûntstie it byld fan it goudene pearke yn it Wite Hûs, dat letter nei in sitaat fan Bouvier sels wol oantsjut waard as "Camelot", ferwizend nei it mytyske kastiel fan 'e legindaryske kening Arthur.
Mar nettsjinsteande alle glitter en glamour wie net alles pais en free yn huze Kennedy. Yn it foarste plak kampte de presidint mei ûnderskate sûnensswierrichheden. Algemien bekend wiene syn rêchproblemen, dêr't er begjin jierren fyftich ferskate operaasjes foar ûndergean moatten hie. Mar dat er ek oanhelle wie mei oare sykten, waard sekuer geheim holden foar de media en it Amerikaanske publyk. Sa litte er oan 'e sykte fan Addison, in seldsume en potinsjeel libbensgefaarlike krupsje wêrby't it lichem te min fan 'e hormoanen kortisol en aldosteron oanmakket fanwegen in groanyske bynierskoarsynsuffisjinsje (oftewol: de bynierskoars docht net wat er heart te dwaan). Dêrnjonken hie Kennedy ek noch hypotyreoïdy, wêrby't de skyldklier te min hormoanen oanmakket. Dat er dy beide sykten hie, wiist derop dat er mooglik in djipper lizzende auto-ymmuniteitsstoarnis hie, dy't de dokters doedestiden noch net ûntdekke koene. Wat minder wie foar Bouvier, wie dat Kennedy ek wakker frousk wie, en ûnder harren trouwen omgie mei in hiele rige mêtresses. De bekendste dêrfan wie aktrise Marilyn Monroe, mar ek hied er, nei't der sein wurdt, in frijaazje mei aktrise en sjongster Marlene Dietrich, en boppedat sloech er om mei Bouvier har eigen parsefoarljochtster Pamela Turnure.
De moard op Kennedy
bewurkje seksjeOp 21 novimber 1963 ûndernamen de Kennedys in twadeiske rûnreis troch Teksas, wêrby't se de earste deis San Antonio, Houston en Fort Worth oandiene. Op freed 22 novimber fleagen se mei de Teksaanske gûverneur John Connally en de frou nei Dallas ta dêr't se rûnriden waarden yn in iepen limûsine, tusken in hage fan wiuwende boargers troch. Bouvier siet efteryn, fuort njonken har man. Se droech it troch de Zapruder-film ikoanysk wurde rôze mantelpakje mei in rôze tok. Om likernôch healwei ienen middeis pleatslike tiid, wylst se Dealey Plaza passearren, waard der in oanslach op 'e presidint dien, dy't trije kear rekke waard, wêrfan ien kear fataal yn 'e holle. Ek gûverneur Connally, dy't foàr Kennedy yn 'e auto siet, rekke swier ferwûne.
Bouvier miende earst dat se in auto mei in ploffende útlaat hearde, en besefte pas dat der sketten waard doe't Connally in gjalp joech. Sa't op film fêstlein waard troch ien fan 'e taskôgers, Abraham Zapruder, line hja nei har man ta, dy't doe al yn 'e hals rekke wie. In pear tellen letter foel it fatale skot. Wylst de sjauffeur fan 'e limûsine gas joech, klom Bouvier fan 'e efterbank ôf en kroep yn shock oer de kofferbak fan 'e auto. Har Secret Service-liifwacht, Clint Hill, dy't wylst de limûsine al fuortried ek op 'e kofferbak sprong om Bouvier en de presidint mei syn lichem te beskermjen (en letter foar syn moed ûnderskieden waard), tsjûge neitiid dat er tocht hie dat se besocht om in stik fan 'e holle fan har man te pakken, dat troch de kûgelynslach fuortspatten wie. John F. Kennedy stoar koarte tiid letter yn it Parkland Memorial Hospital te Dallas, yn oanwêzigens fan Bouvier.
Nei de dea fan har man wegere se de mei bloed besmodzge klean út te dwaan, en spiet it har dat se it bloed fan har hannen en har gesicht wosken hie. Se droech itselde rôze mantelpakje doe't se oan board fan Air Force One (it presidinsjele fleantúch) njonken fise-presidint Lyndon B. Johnson stie, wylst dy ynsward waard as presidint. Se sei tsjin Lady Bird Johnson, de frou fan 'e fise-presidint: "Ik wol dat se sjogge wat se Jack oandien hawwe." Bouvier wie aktyf behelle yn 'e plannen foar de begraffenis fan har man, dy't basearre waard op dy fan Abraham Lincoln, en plakfûn op moandei 25 novimber, op it Nasjonaal Begraafplak Arlington.
Widdosteat
bewurkje seksjeIn wike nei de moard op har man joech Bouvier in ynterview wêrby't se de ferneamde ferwizing nei Camelot makke. Nei't se it Wite Hûs foar de lêste kear ferlitten hie, frege se har Secret Service-sjauffeurs om tenei har rûtes sa út te stipkjen dat se de presidinsjele wente nea wer hoege soe te sjen. Bouvier en har bern setten har foar de winter nei wenjen yn 'e Washingtonske wyk Georgetown. Letter yn 1964 ferfear it gesin nei New York-Stêd, mei't Bouvier hope dat har bern dêr mear privacy gund wurde soe. Hja brocht in jier yn rou troch. Har dochter Caroline fertelde har learaars dat har mem geregeldwei gûle moast. Yn 'e jierren dêrnei wie Bouvier mar selden yn it iepenbier te sjen, en dan noch suver inkeld by gelegenheden ta eare fan har man silger, lykas de ynwijing fan it Britske tinkteken foar Kennedy, yn 1965, en de doop fan it Amerikaanske fleandekskip de USS John F. Kennedy, yn 1967.
Houlik mei Onassis
bewurkje seksjeDoe't yn juny 1968 har sweager Robert Kennedy fermoarde waard, begûn Bouvier yn 'e Feriene Steaten te eangjen foar har eigen libben en dat fan har bern. Dy noed om Caroline en John jr. wie sadwaande har foarnaamste driuwfear foar har wertrouwen, op 20 oktober 1968, mei Aristoteles Onassis (1906-1975), in 23 jier âldere, smoarrike Grykske reder, dy't har bern in thús om utens biede koe en oer de middels beskikte om harren te beskermjen. Dit houlik, dat ynseinge waard op Skorpios, Onassis syn privee-eilân yn 'e Ioanyske See, kaam Bouvier op in protte minne parse te stean, mei't men it yn Amearika net begriep. Se waard it doelwyt fan paparazzy sûnder skrupules, dy't har oeral efterfolgen en har de bynamme "Jackie O" joegen (O foar Onassis).
Nei de dea fan syn soan Alexander, dy't yn jannewaris 1973 by in fleantúchûngemak om it libben kaam, begûn it mei Onassis syn sûnens yn it neigean te reitsjen. Hy stoar op 15 maart 1975, yn 'e âlderdom fan 69 jier, te Parys oan sykhellingsswierrichheden. Om't se de Amerikaanske nasjonaliteit beholden hie, wie Bouvier har rjocht op syn beërf ûnder de Grykske wet tige beheind. Nei in twa jier duorjende juridyske striid mei Onassis syn dochter Christina, liet se har úteinlik ôfkeapje foar $26 miljoen, wêrby't se ôfseach fan lykfol hokker oanspraak op 'e rest fan 'e Onassis-neilittenskip.
Lêste tweintich jier
bewurkje seksjeNei it ferstjerren fan har twadde man kearde Bouvier foargoed nei de Feriene Steaten werom. No't de bern wat âlder wiene, besleat se om wer in eigen libben op te bouwen, en om't se altyd aardichheid hân hie oan skriuwen en literatuer, naam se yn 1975 in baan oan as redaktrise by de útjouwerij Viking Press. Yn 1978 brocht Viking lykwols it boek Shall We Tell the President? fan skriuwer Jeffrey Archer út, dat yn in fiktyf takomstich Amearika spile dêr't har sweager Ted Kennedy presidint wie, en dêr't in moardoanslach op dyselde plannearre waard. Hoewol't Viking-baas Thomas H. Guinzberg foarôf mei Bouvier oerlein hie, besleat se nei in negative resinsje yn 'e New York Times, dêr't yn suggerearre waard dat sy de hân yn it boek hân hie, om fuortendaliks ûntslach te nimmen.
Dêrop fûn Bouvier inselde soarte baan by in oare útjouwerij, Doubleday, dêr't se ûnder in âlde freon, John Turner Sargent sr., kaam te wurkjen. Under de boeken dy't hja dêr besoarge, wie de roman The Wedding (1995), fan 'e Afro-Amerikaanske skriuwster Dorothy West, dy't letter ferfilme waard ta in minysearje mei Halle Berry yn 'e haadrol.
Bouvier wenne fan 'e midden fan 'e jierren santich ôf ôfwikseljend yn New York, it bûten fan 'e Kennedys yn Hyannis, yn Massachusetts, en op it fakânsje-eilân Martha's Vineyard, foar de kust fan Massachusetts. Fan dyselde tiid ôf hie se gedoente mei Maurice Tempelsman, in Belgyske yndustrieel en diamantehannelder dy't al lang by de frou wei wie, mar foar de wet noch troud wie. Mei him gie hja om oant har ferstjerren, tweintich jier letter. Njonken har wurk by de útjouwerij sette Bouvier har yn dy tiid ek tige yn foar it behâld histoaryske arsjitektuer, lykas dy oan Lafayette Square, yn Washington, D.C., en de Grand Central Terminal, in spoarstasjon yn New York-Stêd. Oan har dea ta bleau se in favoryt ûnderwerp fan 'e paparazzy.
Ferstjerren
bewurkje seksjeYn jannewaris 1994 waard by Bouvier non-Hodgkinlymfoom fêststeld, in foarm fan kanker. De dokters wiene yn 't earstoan optimistysk oer har kânsen, en har dochter Caroline beprate Bouvier om op te hâlden mei smoken (foartiid lege se trije pakjes sigaretten deis). Mar de kanker bliek in agressive foarm te wêzen, tsjin april moasten de dokters har opjaan. Mids maaie ferliet se it sikehûs om har lêste tiid thús, yn har hûs yn New York, troch te bringen, en de oare deis, op 19 maaie 1994, stoar se dêre yn har sliep, omjûn troch famylje en freonen. Se waard begroeven njonken John F. Kennedy op it Nasjonaal Begraafplak Arlington, fuort bûten Washington, D.C., yn Firginia. Se waard 64 jier.
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Bibliography, op dizze side.
|