John Graham fan Claverhouse, 1e boarchgreve fan Dundee

John Graham fan Claverhouse, 1e boarchgreve fan Dundee, byneamd Bonnie Dundee (Glen Ogilvy, 21 july 1648Killiecrankie, 27 july 1689), wie in Skotsk ealman en militêr, dy't in oanhinger fan it Hûs Stuart wie. Op polityk mêd wied er konservatyf en yn religieus opsjoch episkopaalsk. Yn opdracht fan kening Jakobus VII die Dundee war om 'e presbyteriaanske rebûlje fan 'e Kovenanters te ûnderdrukken, wat him de bynamme Bluidy Clavers opsmiet. Doe't Jakobus yn 1688 by de saneamde Glorieuze Revolúsje ôfset waard troch syn dochter Marije II en har man Willem III fan Oranje, bleau Dundee syn kening trou en besocht er by de earste jakobityske opstân om 'e nocht en behâld Skotlân foar it Hûs Stuart. Want hoewol't er in oerwinning boekte yn 'e Slach by Killiecrankie, kaam er dêrby sels te sneuveljen, wêrnei't syn leger útinoar foel.

John Graham fan Claverhouse,
boarchgreve fan Dundee
militêr
persoanlike bysûnderheden
namme folút John Graham fan Claverhouse,
   1e boarchgreve fan Dundee
bynamme Bonnie Dundee
nasjonaliteit Skotsk
berne 21 july 1648
berteplak Glen Ogilvy (Skotlân)
stoarn 27 july 1689
stjerplak Killiecrankie (Skotlân)
etnisiteit Skotsk
wurkpaad
tsjinsttiid 16721689
yn tsjinst fan Skotlân
legerûnderdiel lânmacht
heechste rang generaal-majoar (sûnt 1686)
befel alle Skotske rezjiminten
konflikt(en) Tredde Ingelske Oarloch
Glorieuze Revolúsje
treffen(s) Slach by Drumclog
Slach by Killiecrankie

Libben en karriêre

bewurkje seksje

Jonkheid en oplieding

bewurkje seksje

Dundee waard yn 1648 yn Glen Ogilvy, deunby Glamis, berne as in telch út in mindere tûke fan 'e famylje fan 'e haadman fan 'e Clan Graham, dy't ôfstamme fan 'e Skotske kening Robert III. Hy wie de âldste soan fan sir William Graham fan Claverhouse en Madeline Carnegie, in dochter fan David Carnegie, 1e greve fan Southesk. Hy hie in jongere broer, David, en twa susters. Sawol hy as syn broer genoaten har oplieding oan 'e Universiteit fan St. Andrews, dêr't se yn 1661 allebeide ôfstudearren.

William Graham kaam yn 1652 te ferstjerren, doe't Dundee noch mar fjouwer jier wie. Hy en syn broer en susters waarden dêrnei fierder grutbrocht troch syn heite bruorren en oare famyljeleden. Yn 1660 waarden Dundee en syn broer David oansteld ta fertsjintwurdigers fan 'e stêd Dundee, nei alle gedachten op oantrún fan harren omke George Graham. Doe't er yn 1667 mearderjierrich waard, urf Dundee it famyljebesit Claverhouse, in state yn 'e neite fan 'e stêd Dundee, en sadwaande stied er oant syn ferheffing ta it boarchgreefskip fan Dundee, yn 1688, bekend as de 7de laird fan Claverhouse. Yn 1669 holp syn omke oan memmekant, David Carnegie, 2e greve fan Southesk, him oan in baantsje as kommissaris fan aksynzen en rjochter oer it greefskip Angus.

Militêre karriêre

bewurkje seksje

Yn 1672, doe't er 24 jier wie, sette Dundee útein mei in militêre karriêre, as twadde luitenant yn it Skotske rezjimint fan sir William Lockhart. Dat rezjimint hearde ta it korps fan James Scott, hartoch fan Monmouth (in bastertsoan fan 'e Ingelske en Skotske kening Karel II), en focht yn it Rampjier ûnder it befel fan 'e Frânske kening Loadewyk XIV mei tsjin 'e Republyk fan de Feriene Nederlannen.

Yn 1674 tsjinne Dundee lykwols oan 'e oare kant yn 'e oarloch, en wied er kornet yn 'e liifgarde fan prins Willem III fan Oranje, de steedhâlder fan Hollân (dy't mei Karel II syn omkesizzer Marije Stuart troud wie). Der wurdt wol sein dat er dat jiers yn 'e Slach by Seneffe it libben fan 'e jonge prins rêden hawwe doe't it hynder fan dyselde op it moerassige slachfjild kaam te fallen, mar der bestiet amper bewiis foar dat ferhaal. Der wurdt spekulearre dat dizze rêding de reden wie foar Dundee syn befoardering ta kaptein. Yn 1676, nei't er meidien hie oan 'e mislearre belegering fan Maastricht, swaaide Dundee ôf en kearde er werom nei Skotlân. Willem III skreau dêrop in brief oan syn skoanheit Jakobus Stuart (de lettere kening Jakobus II en VII), dy't trouwens ek syn omke (want in broer fan syn mem) wie, wêryn't er Dundee oanrikkemandearre as ofsier.

Nei syn weromkear yn Skotlân waard Dundee troch Karel II oansteld as kaptein yn it Skotske thúsleger. Yn dy hoedanichheid waard er yn 1678 nei súdwestlik Skotlân ta stjoerd om dêr de hagepreken fan 'e presbyterianen te ûnderdrukken, dy't ferbean wiene ûnder de wetten wêrmei't Karel II yn Skotlân it anglikanisme ta steatsgodstsjinst besocht te meitsjen. Op 1 juny 1679 ûntdiek Dundee in hagepreek fan presbyteriaanske Kovenanters, wêrfan't de leden har daliks doe't se syn troepen oankommen seagen, yn slachoarder opstelden op in hichte dy't omjûn wie troch sompich ûnlân.

De measte histoarisy hâlde it derop dat de presbyterianen teminsten fjouwer kear sa machtich wiene as Dundee-en-dy, mar dochs gie de kaptein de striid oan. Nettsjinsteande it feit dat it him earst foar de wyn liek te gean, kearden de kânsen neitiid fluch, sadat Dundee dizze Slach by Drumclog ôfbrekke moast om him mei syn troepen gau-gau werom te lûken. Hy kearde doe werom nei Glasgow, en ferdigene dy stêd mei súkses tsjin 'e Kovenanters oant er op 3 juny weromroppen waard nei Stirling. Dêr waarden Dundee syn troepen fuortsterke mei de pleatslike milysje en twa rezjiminten dragonders ûnder befel fan 'e hartoch fan Monmouth. Yn in nij treffen yn 'e Slach by Bothwell Brig, op 22 juny, litten de Kovenanters in slimmen nederlaach.

Befoardering en ferheffing

bewurkje seksje

Yn 1680 waard Dundee troch it Skotske regear ôffurdige om nei Londen ta, dêr't er besykje moast en ûntpraat kening Karel II de duldsume hâlding dy't de hartoch fan Monmouth foar de radikale Kovenanters oer oannommen hie. Karel liket in beskate fassinaasje opfetten te hawwen foar de trouwe Dundee, dy't fan dat stuit ôf fluch opklom yn sawol it leger as de maatskiplike rangoarder. Begjin 1680 waard him de konfiskearre barony fan Patrick MacDougall fan Freuch taskikt, yn jannewaris 1681 folge troch de sheriffskippen fan Wigtown, Dumfries, Kirkcudbright en Annandale. Yn desimber 1682 waard er befoardere ta kolonel fan in nij Skotsk rezjimint, en doe't yn jannewaris 1683 de greve fan Lauderdale yn ûngenede foel, slagge it Dundee om dy syn Kastiel fan Dudhope en de titel fan konstabel fan Dundee te bemachtigjen.

 
De hjoeddeistige sydpoarte fan it Kastiel fan Edinburch, datearjend út 1735, mar op itselde plak as de foarrige sydpoarte, dêr't Dundee yn maart 1689 syn geheime moeting mei Gordon hie.

Dundee troude yn 1684 mei Jean Cochrane, in dochter út in fûleindige Konvenantersfamylje. Dat is opmerklik om't de presbyteriaanske Kovenanters him tsjin dy tiid fanwegen syn trou oan it Hûs Stuart begûn wiene te ferfijen. Nei syn dea soene partijige skiedskriuwers him de bynamme fan Bluidy Clavers (de "Bloedige Claverhouse") jaan omreden fan syn oandiel yn 'e ûnderdrukking fan 'e godstsjinstfrijheid yn Skotlân. Underwilens wie Dundee yn 1683 ek lid wurden fan 'e Skotske Ried fan Steat. Koart nei de dea fan Karel II, yn 1685, waard er dêr in hoartsje út set om't er it opnaam foar de rjochten fan 'e sljochtwei soldaat, dy't doedestiden min behannele waard. Yn maaie fan dat jier waard er lykwols op 'e nij lid fan 'e ried.

Yn 1686 folge syn befoardering ta generaal-majoar, en teffens waard er doe beneamd ta provoast (boargemaster) fan 'e stêd Dundee. Ien fan syn earste dieden yn dy hoedanichheid wie it ôfskaffen fan 'e deastraf foar dieverij yn it gebiet dêr't hy it foar it sizzen hie. Yn 1688 wie Dundee de ûnderbefelhawwer ûnder generaal James Douglas yn it Skotske leger dat nei Ingelân ta roppen wie om 'e fallende Stuart-dynasty te ûnderstypjen. Datselde jiers waard er troch kening Jakobus II en VII ferheft ta boarchgreve fan Dundee en krige er it oerbefel oer alle loyalistyske striidkrêften yn Skotlân.

Oarlochshannelings nei de Glorieuze Revolúsje

bewurkje seksje

Dundee kearde begjin 1689 werom yn Skotlân om yn syn hoedanichheid fan provoast fan Dundee diel te nimmen oan 'e gearkomste fan 'e Steaten fan Skotlân. Yn Edinburch sette er him daliks yn om 'e wifeljende hartoch fan Gordon, de kastlein fan it Kastiel fan Edinburch, moed yn te praten om 'e fêsting te behâlden foar de kening. Doe't de steategearkomste de kening en it Hûs Stuart fijannich bliek te wêzen, kaam Dundee mei it idee op 'e lapen om yn Stirling in rivalisearjende, jakobityske gearkomste byinoar te roppen, mar troch de wifelriedigens fan syn bûnsgenoaten rûn dat op 'e non.

Op 18 maart 1689 ferliet Dundee de Skotske haadstêd oan it haad fan in kompanjy fan fyftich dragonders dy't him persoanlik trou wiene. Koart nei't er ôfset wie, krige de steategearkomste it alarmearjende nijs te hearren dat Dundee sjoen wie wylst er tusken de rotsen troch nei de sydpoarte fan it Kastiel fan Edinburch klom om mei Gordon te oerlizzen. De opwining en betizing dy't dat opsmiet, stelde Dundee by steat en ûntkom oan 'e efterfolgers dy't syn willemityske tsjinstanners efter him oan stjoerden. Hoewol't er op 30 maart fanút syn kastiel te Dudhope in brief nei de gearkomste stjoerde, wêryn't er stelde dat er net de wapens opnommen hie en freedsum thús de berte fan syn earste bern ôfwachte, waard er yn Edinburch publyklik feroardiele as ferrieder. Ek syn besykjen om ûnder syn earewurd of in boarchstelling op frije fuotten te bliuwen, waard rislút fan 'e hân wiisd. Yn 'e twadde helte fan april besochten de willemiten him yn syn wenten te Dudhope en letter te Glen Ogilvy yn 'e hechten te nimmen, mar beide kearen wist er fluchfuotich de dûns te ûntspringen, en nei it foarfal yn Glen Ogilvy loek er him werom nei it noarden.

Hoewol't kening Jakobus II en VII yn Ingelân al yn 1688 ôfset wie, bleau Dundee syn foarst trou as oerbefelhawwer fan alle regearingstroepen yn Skotlân. Hy hyste by de stêd Dundee de Skotske keninklike banier yn wat wol de earste jakobityske opstân neamd wurdt, mar om't hy in fertsjintwurdiger fan it âlde rezjym wie, wiene it eins syn willemityske tsjinstanners dy't de opstannelingen wiene. Hoewol't er neitiid altyd mei de stêd Dundee assosjearre wurden is, hied er dêr net folle oanhing, om't er sjoen waard as de fertsjintwurdiger fan it arbitrêre bewâld fan in autoritêre monargy, dy't de âlde rjochten en privileezjes fan 'e stêd hieltyd fierder útholle. Dat, doe't er mei in lytse ôfdieling hynstefolk by de stêd weromkearde om dêr de jakobityske banier te hisen, ûntdiek er dat de poarten stevich tsjin him tichtdien wiene, wylst de muorren bewekke waarden troch willemityske soldaten. (Dêrfandinne dat er úteinlik op 'e saneamde Dundee Law, in fjild bûten de stêd, de banier hyste.) Oan 'e oare kant wie it sa dat de folle gruttere willemityske legermacht yn Dundee hoegenamt net besocht om Dundee oan te hâlden, wylst de willemityske ruterij dy't yn 'e stêd legere wie, op in letter stuit sels besocht en rin nei him oer.

 
De grêftombe fan Bonnie Dundee yn 'e Sint-Bridestsjerke, by Blair Atholl.

Nei't er de banier hyst hie, reizge Dundee fjouwer moannen lang troch noardlik en sintraal Skotlân om lyksinnigen byinoar te bringen. Hjoeddeistige histoarisy binne dêrom fan betinken dat syn diplomatike fermogens teminsten likegrut west hawwe moatte as syn kundichheid as fjildhear. Benammen ûnder de Heechlânske clans wist er in protte jakobiten te mobilisearjen. Op 27 july 1689 focht Dundee syn gearskrape legerke de Slach by Killiecrankie út mei in folle gruttere willemityske legermacht dy't oanfierd waard troch generaal Hugh Mackay. Doe't de sinne ûndergie, late Dundee in oanfal fan 'e jakobityske ruterij by de heuvel del, dy't de yn benearing brocht willemityske legermacht de genedeklap joech. Dundee sels, lykwols, waard troch in musketkûgel fan 'e fijân ûnder syn boarstkuras troffen wylst er syn mannen oanfitere, en rûgele stjerrend fan syn hynder. Neffens it ferhaal soed er oan in jakobityske soldaat dy't him te help hastige, frege hawwe: "Hoe stiet it derfoar mei de slach?" Dêrop antwurde de man: "Goed foar kening Jakobus, mar it muoit my foar jins hearskip." Dundee syn lêste wurden soene doe west hawwe: "As it foar him goed giet, is it der foar my minder slim om." In koart brief oan kening Jakobus oer it ferrin fan 'e fjildslach, dat skreaun wêze soe troch Dundee, kaam letter oan it ljocht, mar wurdt tsjintwurdich algemien beskôge as in ferfalsking.

De Slach by Killiecrankie wie in ramp foar de striidkrêften fan it willemityske regear, mar troch de dea fan Dundee betsjutte it de ein foar it âlde rezjym yn Skotlân, mei't syn leger nei syn ferstjerren fuortteide as snie foar de sinne. Syn heldhaftige dea by in kavalerysjarzje waard neitiid it ûnderwerp fan ferskate leginden, wêrfan't de bekenste in lang mar fansels folslein falsk ferhaal wie dat optocht wie troch syn presbyteriaanske tsjinstanners. Dat woe hawwe dat er ûnkwetsber wie foar lead om't er syn siel ferkocht hie oan 'e duvel, en dat er úteinlik deade waard doe't in leaden kûgel ien fan 'e sulverne knopen fan syn jas troch syn hert dreau. Dundee syn stoflik omskot waard troch guon fertroulingen fan it slachfjild ôf droegen, nei de Sint-Bridestsjerke te Blair Atholl, dêr net fier ôf, dêr't er begroeven waard yn in tombe wêrfan't de tekst op 'e sark by fersin fernijt dat er 46 jier wie, wylst er yn wurklikheid mei 41 jier stoar.

Lang stie Dundee fral bekend as Bluidy Clavers, de wrede boal dy't de Skotske presbyterianen ferfolge hie. In ferske mei as titel Bonnie Dundee ("It Moaie Dundee") bestie al ear't er ferheft waard ta boarchgreve fan Dundee, en gie oarspronklik oer de stêd, en hielendal net oer de man. Pas doe't de ferneamde Skotske skriuwer en dichter sir Walter Scott yn 1828 in gedicht oer de man útbrocht ûnder dyseldichste titel (yn 'e betsjutting fan "Dy Goeie Alde Dundee"), begûn men dy namme stadichoan mar almar mear mei de boarchgreve te assosjearjen.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.