De koklasfazant (wittenskiplike namme: Pucrasia macrolopha) is in fûgel út it skift fan 'e hineftigen (Galliformes), de famylje fan 'e fazanteftigen (Phasianidae), de tûke fan 'e rûchpoathinnen (Tetraonini) en it monotypyske (út ien soarte besteande) skaai fan 'e koklasfazanten (Pucrasia). Dizze fûgel komt foar yn sintraal en eastlik Sina en yn 'e westlike Himalaya. Nettsjinsteande de namme is de koklasfazant mar út 'e fierte besibbe oan 'e echte fazanten (Phasianus) en hat er eins folle mear gemien mei û.o. de auerhin (Tetrao urogallus), de kuorhin (Lyrurus tetrix) en de kalkoen (Meleagris gallopavo). It earste nammediel, "koklas-", is in onomatopee (klankneibearing) fan it lûd dat dizze fûgel makket. Krekt as by de measte oare rûchpoathinnen is de seksuele dimorfy by de koklasfazant relatyf grut. De IUCN klassifisearret dizze soarte as net bedrige.

koklasfazant

hoanne

hin
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift hineftigen (Galliformes)
famylje fazanteftigen (Phasianidae)
skaai koklasfazanten (Pucrasia)
G.R. Gray, 1841
soarte
Pucrasia macrolopha
Lesson, 1829
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

Fersprieding bewurkje seksje

It ferspriedingsgebiet fan 'e koklasfazant is sterk diskontinu. Yn 'e westlike Himalaya komt dizze fûgel foar yn dielen fan eastlik Afganistan, noardlik Pakistan, Kasjmier, noardlik Yndia en westlik Nepal. Fierder nei it easten ta komt de koklasfazant pas yn noardlik Birma wer foar, en dêrwei rint it ferspriedingsgebiet nei it noarden en easten ta yn trije grutte parten fan sintraal en eastlik Sina, wêrby't yn it easten hast de kust fan 'e Eastsineeske See berikt wurdt en yn it noarden de súdlikste dielen fan Binnen-Mongoalje en Mantsjoerije.

 
In hoanne (rj.) en in hin fan 'e ûndersoarte gielnekkoklasfazant (Pucrasia macrolopha xanthospila).

Uterlike skaaimerken bewurkje seksje

De koklasfazant is in middelgrutte fûgel mei trochinoar in kop-sturtlingte fan 58–64 sm, wêrfan't de sturt 22–28 sm yn beslach nimt. It gewicht bedraacht foar hoannen 1.135–1.415 g en foar hinnen 1.025–1.135 g.

De hoannen binne op 'e rêch, wjukken en sturt oerdutsen mei in sulvergriis fearrekleed, mei in swarte streek yn 'e langte oer de midden fan eltse fear. It boarst, de bealch en de ûnderkant fan 'e sturt binne kastanjebrún. Hoannen hawwe ek it unike skaaimerk fan in swarte kop, mei oan wjerskanten in tige opfallend wyt plak op 'e fierders swarte hals. By de sintrale ûndersoarten wurde de swarte en wite flakken fan 'e hals skaat fan it griis fan it lichem troch in goudgiele of oranje 'halsbân'. Op it efterste diel fan 'e kop hat de hoanne in toef besteande út twa boskjes fan in stikmannich swarte fearren dy't likernôch 71/2 sm nei efteren ta fan 'e kop útstekke, sadat de fûgel wol útwindige earen liket te hawwen.

De koklasfazant fertoand gâns seksuele dimorfy. De hinnen ferskille net inkeld yn gewicht fan 'e hoannen, mar binne ek in stik lytser. Fierders binne se op 'e rêch, wjukken en sturt ljochtbrún mei wyt of krêm dertrochhinne, sadat se wol spikkelbûnt lykje. De kop is dûnkerbrún, mei wol deselde wite plakken oan 'e sydkant fan 'e hals dy't de hoanne ek hat. Krekt as de hoanne hat de hin in opfallende sturt, dy't folle langer is as er eins hoecht te wêzen.

Biotoop bewurkje seksje

Koklasfazanten binne in fûgelsoarte dy't benammen oanpast is oan it libben yn boskeftige biotopen. Se komme foar yn nullewâlden en mingde wâlden yn berchtmen, soms op tige steile berchskeanten. Wat hichte oangiet, binne se yn harren fersprieding it grutste part fan it jier beheind ta 2.000–4.000 m boppe seenivo, mar winterdeis sakje se ôf oant 1.600 m boppe seenivo en by swiere sniefal op dy hichte noch leger.

Hâlden en dragen bewurkje seksje

Koklasfazanten binne sosjale fûgels, dy't it hiele jier rûn yn pearkes of lytse famyljegroepen foarkomme. Se libje foar it meastepart oer de grûn, dêr't se foerazjearje en briede, mar de nachten bringe se sliepend troch op 'e tûke fan in beam of op in rotsrichel, it leafst ûnder in bekaping dy't wat smoute jout. De koklasfazant kin goed fleane en ferpleatst him bytiden op dy wize oer tsientallen kilometers. Dat is bysûnder foar in rûchpoathin, mei't de measte naust besibbe fûgelsoarten wol fleane kinne, mar dat it leafst net dogge en dêrom op 'e wjuk nea mear as koarte eintsjes ôflizze. Koklasfazanten binne ien fan 'e seldsume fûgels dy't geregeldwei berchop fljocht (ynstee fan berchôf) om oan gefaar te ûntkommen.

 
In hoanne.

Hoewol't se har ornaris ûnder it beskûl fan strewelleguod ophâlde, wat direkte waarnimming dreech makket, litte koklasfazanten harren oanwêzigens yn 'e briedtiid en op 'e nij hjerstmis blike troch lûde roppen krekt foar de moarnsdage. De fokalisaasje fan 'e hoanne fan 'e koklasfazant om syn territoarium te beskermjen, is "kok-kok-kok-kokras" of "kok-kok-kok-koklas", en op basis dêrfan is de oantsjutting "koklas-" ûntstien, dy't in onomatopee of klankneibearing is (ferlykber mei "koekoek"). De alaarmrop fan 'e hoanne is "kwak-kwak-kwak!" en dy't fan 'e hin is "kwy-kwyk! kwy-kwyk! kwy-kwyk!"

Koklasfazanten binne foar 't neist monogaam, mar mei in lichte niging nei polyandry. De peartiid falt tusken april en juny, wêrby't de hoannen in balts opfiere om yndruk te meitsjen op 'e hinnen. Dat dogge se troch om in hin hinne te draaien mei leadrjocht omheech wizende "ear"-fearren, útsprate waaiersturt, oer de grûn slepende wjukeinen en opsette halsfearren, sadat de wite halsplakken noch mear opfalle. As de hin passend ûnder de yndruk rekket en ree is foar neier ta-inoarkommen, giet se langút plat op 'e grûn sitten. De hoanne beklimt har en de pearing folget.

It nêst, dat de hin yn 'e grûn útskrabet, leit ferburgen ûnder leechgroei. De hin leit dêr 5–7 (of selden 8 of 9) aaien yn, mei in grutte fan 51 × 38 mm, dy't krêmkleurich binne mei in lichte readbrune bespikkeling. Oer de lingte fan 'e briedtiid ferskille de boarnen fan miening: guon hâlde út dat dy 26–27 dagen duorret, oaren sprekke fan 20–21 dagen. De piken binne nêstflechters, dy't it nêst ferlitte koart nei't se út it aai kommen binne. Se wurde grutbrocht troch beide âlderfûgels tegearre, yn 'e sin dat dy de piken begeliede, beskermje en tafersjoch hâlde, mar de piken fuorje harsels.

Fretten bewurkje seksje

It foerazjearjen fynt by koklasfazanten benammen moarns en jûns plak. Dêrby wrotte se op iepen plakken of lichtbegroeide dielen fan it wâld de grûn om op 'e siik nei fretten. It menu fan 'e koklasfazant is fierhinne herbivoar, mei gers, moas, de blêden fan rintfearren, nuten, beien, knoppen, bamboespruten en sied. Yn 'e waarmere moannen, dy't gearfalle mei de peartiid, de briedtiid en de tiid dat de piken grutbrocht wurde, wurde koklasfazanten sterk ynsektivoar, wêrby't se hast útslutend eamelders frette.

Status bewurkje seksje

De koklasfazant hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen.

 
In hoanne.

Undersoarten bewurkje seksje

Der binne 9 (stân fan saken yn 2021) erkende ûndersoarten fan 'e koklasfazant (Pucrasia macrolopha), ferdield oer 3 besibskipsgroepen:

  • westlike of Macrolopha-groep (ûnderskiedt him troch in dûnkerder fearrekleed)
    • gewoane koklasfazant (P. m. macrolopha) (de westlike Himalaya fan Yndia tusken de Kulludelling en Kumaon)
    • Kasjmierske koklasfazant (P. m. biddulphi) (Kasjmier en fierder nei it easten oant de Kulludelling)
    • Nepaleeske koklasfazant (P. m. nipalensis) (westlik Nepal)
    • westlike koklasfazant (P. m. castanea) (eastlik Afganistan en noardlik Pakistan)
  • sintrale of Xanthospila-groep (ûnderskiedt him troch in ljochter fearrekleed mei in goudgiele oant oranje halsbân)
    • gielnekkoklasfazant (P. m. xanthospila) (sintraal Shaanxi, westlik Hebei, súdeastlik Binnen-Mongoalje en súdwestlik Heilongjiang)
    • meyerkoklasfazant of Meyers koklasfazant (P. m. meyeri) (westlik en súdwestlik Sichuan, noardwestlik Yunnan, súdeastlik Tibet en it uterste noarden fan Birma)
    • readhalsbânkoklasfazant (P. m. ruficollis) (westlik Sichuan, súdlik Gansu en súdlik Shaanxi)
  • eastlike of Darwini-groep (ûnderskiedt him troch in ljochter fearrekleed sûnder goudgiele halsbân)
    • darwinkoklasfazant of Darwins koklasfazant (P. m. darwini) (súdwestlik Sichuan, Hubei, Zhejiang en Fujian; útstoarn yn noardwestlik Fujian en noardlik Guangdong)
    • joretkoklasfazant of Jorets koklasfazant (P. m. joretiana) (Anhui)

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side, en ûnder: Literatur en Einzelnachweise, op dizze side.