Auerhin
De auerhin[1] of auwerhin[2] (wittenskiplike namme: Tetrao urogallus) is in fûgel út it skift fan 'e hineftigen (Galliformes), de famylje fan 'e fazanteftigen (Phasianidae), de tûke fan 'e rûchpoathinnen (Tetraonini) en it skaai fan 'e auerhinnen (Tetrao). Dizze soarte is in stânfûgel, dy't foarkomt yn grutte dielen fan Jeropa en Noard-Aazje, mar net (mear) yn Nederlân. It is de grutste rûchpoathin fan 'e Alde Wrâld en nei de beide kalkoenesoarten ek fan 'e hiele wrâld. Krekt as by de measte echte fazanten bestiet der by de auerhin gâns seksuele dimorfy. De hoanne stiet bekend om syn ornate baltsgedrach, wêrby't er klepperjende lûden fuortbringt. De auerhin libbet benammen op 'e boskflier yn âldere nullewâlden. It is in omnivoar dy't behalven plantaardich guod ek ynsekten en oare wrimelt fret. De IUCN klassifisearret de auerhin as net bedrige.
auerhin | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
hoanne hin | ||||||||||||
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Tetrao urogallus | ||||||||||||
Linnaeus, 1758 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
It folsleine ferspriedingsgebiet. Fersprieding yn Jeropa. |
Namme
bewurkje seksjeIt wurd "auerhin" is in lienwurd út it Dútsk fan Auerhuhn. It soartspesifike diel fan 'e wittenskiplike namme Tetrao urogallus is foar in part in homofoan (uro-) fan it Dútske Auer-, en foar in part in oersetting (gallus is Latyn foar "hin"). Yn it Ingelsk wurdt dit bist in capercaillie (útspr.: [kæpəɹˈkeːli], likernôch: "kep-per-kee-ly") neamd. Dat is in ferbastering fan it Skotsk-Gaelyske capall coille, dat letterlik "wâldlânhynder" betsjut.
Taksonomy
bewurkje seksjeDe auerhin waard foar it earst yn 1758 wittenskiplik beskreaun troch de Sweedske biolooch Carolus Linnaeus yn 'e tsiende edysje fan syn gesachhawwende Systema Naturae. De neiste libbene sibbe fan 'e auerhin is de rotsauerhin (Tetrao urogalloides), dy't yn eastlik Sibearje foarkomt. Tegearre foarmje de beide soarten it skaai fan 'e auerhinnen (Tetrao).
Fersprieding
bewurkje seksjeDe auerhin komt foar yn grutte parten fan Jeropa. Der bestiet in grut oaniensletten ferspriedingsgebiet yn Skandinaavje en East-Jeropa, dat Noarwegen, Sweden en Finlân omfettet útsein it uterste noarden fan dy lannen, en fierders it hiele Baltikum en Wyt-Ruslân, it noarden en it sintrale diel fan Jeropeesk Ruslân, it noarden fan 'e Oekraïne en it súdeasten fan Poalen.
Yn 'e rest fan Jeropa is de fersprieding mear fersnipele. Yn Roemeenje en it oanbuorjende part fan 'e westlike Oekraïne komme auerhinnen foar yn 'e Karpaten, en yn súdlik Poalen en noardlik Slowakije libje se yn 'e Tatra. Se komme foar yn it Ertsberchtme op 'e grins fan Dútslân en Tsjechje, en yn dielen fan sintraal en súdlik Dútslân, lykas it Swarte Wâld en it Beierske Wâld. Fierders libje se yn 'e Alpen fan Eastenryk en Sloveenje yn it easten oant Frankryk yn it westen. Yn Frankryk besteane der ek populaasjes yn 'e Elzas, de Fogezen en de Sjuera. Op 'e Balkan komme se foar yn westlik Bulgarije en noardlik Grikelân en yn 'e Dinaryske Alpen en oanslutende berchtmen fan Kroaasje oant Albaanje. Folslein isolearre populaasjes besteane oan 'e Poalske Eastseekust yn Pommeren, yn noardlik Skotlân (reyntrodusearre), yn 'e Pyreneeën en oan 'e Noardspaanske kust yn Kantaabrje en Astuerje.
Yn Aazje hat de auerhin in grut, oaniensletten ferspriedingsgebiet dan him útstrekt fan 'e Oeral yn it westen oant de Transbaikal yn it easten. Behalven it grutste diel fan Sibearje omfettet dat ek de eastpunt fan Kazachstan, it uterste noarden fan Sinkiang-Oeigoerje en parten fan noardlik Mongoalje.
Yn Nederlân komt de auerhin al iuwenlang net mear foar. It eksimplaar dat yn 2020 dea oantroffen waard by Loo, yn Gelderlân, wie nei alle gedachten in bist dat út finzenskip ûntsnapt wie. Yn Belgje stoar de auerhin yn 1820 út as briedfûgel. Letter binne der eksimplaren útset yn 'e Ardinnen, dêr't yn 1932 noch in briedende populaasje bestien hawwe soe. Tsjintwurdich komt ek yn Belgje de auerhin net mear foar.
Uterlike skaaimerken
bewurkje seksjeDer is by auerhinnen gâns seksuele dimorfy, mei't de hoannen folle grutte binne as de hinnen. Sterker noch, de auerhin is ien fan 'e meast seksueel dimorfe fûgelsoarten dy't der binne, yn 'e mande mei beskate soarten fazanten en trappen. De hoanne fan 'e auerhin hat trochinoar in lingte fan 74–85 sm, mei in wjukspanne fan 90–125 sm en in trochsneed gewicht fan 4,1 kg. De grutste wylde auerhoannen kinne in lingte fan 1 m berikke, mei in gewicht fan 6,7 kg. It grutste eksimplaar dat ea yn finzenskip dokumintearre is, hie in gewicht fan 7,2 kg. De hin is folle lytser, mei in lingte fan 54–64 sm, in wjukspanne fan likernôch 70 sm en in gewicht fan 11/2–21/2 kg, mei in gemiddelde fan 1,8 kg. Dêrmei binne hinnen mar heal sa swier as hoannen.
Ek kwa uterlik ferskille de beide geslachten fan 'e auerhin tige faninoar. By de hoanne binne de fearren op 'e kop, rêch, wjukken en sturt dûnkergriis oant dûnkerbrún. Op it boarst hawwe se in metaaleftige tint dûnkergrien, en de bealch en de ûnderkant fan 'e sturt fariëarje yn kleur fan swart oant wyt, al neigeraden de ûndersoarte. Yn sintraal en eastlik Sibearje binne de hoannen op dy plakken suver folslein wyt, mar wat fierder westlik men komt, wat dûnkerder de kleur wurdt. Yn 'e Alpen, de Fogezen en de Pyreneeën binne auerhoannen op 'e bealch en de ûnderkant fan 'e sturt suver poer swart, mei inkeld in pear wite plakjes. Op harren waaiersturt hawwe hoannen lytse wite plakjes lykfolwêr yn harren ferspriedingsgebiet se wei komme. As ekstra pronk beskikke se oer fel reade "wynbrauwen" boppe de eagen, dy't eins lytse healrûne kammen binne.
De hin hat op 'e kop, rêch, wjukken en sturt brune fearren dy't yn 'e breedterjochting swarte en sulverne streken hawwe. Op 'e bealch en de ûnderkant fan 'e sturt hawwe hinnen in ljochtere kleur, bêzje oant krêm. Hinnen fertoane suver gjin regionale fariaasje kwa kleuring.
Beide geslachten hawwe in wyt plak op 'e wjukbôge. De poaten binne befearre, fral yn it winterhealjier, sadat se goed beskerme binne tsjin 'e kjeld. De teannen beskikke oer lytse útsteksels fan hoarnstof, dy't de fûgels effektyf in soarte fan snieskoech jouwe (dêrfandinne de namme 'rûchpoathinnen' foar de auerhin en in stikmannich besibbe soarten). De snaffel fan 'e auerhin is giel en stevich, en kin in duchtich wapen wêze.
Biotoop
bewurkje seksjeDe auerhin is in wâldfûgel, dy't libbet yn folwoeksen nullewâlden mei ferskate soarten beammen en in relatyf iepen blêdetek. Yn it leechlân waard sa'n soarte biotoop troch de iuwen hinne ûntwikkele troch it weidzjen fan fee tusken de beammen. Yn heuvellânskippen en by de râne fan berchtmen lâns, en ek yn 'e taiga fan it hege noarden, kamen sokke wâlden ta stân troch klimatologyske omstannichheden. De wâldflier moat fierders in beskate begroeiïng fan leechhout hawwe, mar moat net tichtbegroeid wêze. Jonge nullewâlden mijt de auerhin ek, om't dêr noch genôch fretten, noch genôch beskûl foar sa'n grutte fûgel is.
Hâlden en dragen
bewurkje seksjeAuerhinnen binne deidieren dy't it meastepart fan har libben op 'e wâldflier trochbringe. Dêr skarrelje se har kostje byinoar fan 'e strûken en tusken de ôffallen blêden en oar plantaardich materiaal. Se bringe de nacht troch yn in beam, mar oerdeis geane se yn it simmerhealjier inkeld yn beammen sitten as se fierder om har hinne sjen wolle of wannear't se ûnrie bespeure en fan 'e grûn ôf moatte. De hinnen bliuwe yn 'e briedtiid ek nachts op 'e grûn, wylst se by 't winter ek oerdeis mar komselden út 'e beammen komme. Printen yn 'e snie binne dêrom frijwol altyd fan hoannen. Auerhinnen binne gjin elegante fleaners omreden fan harren lichemsgewicht en de koarte rûne wjukken. By it opstiigjen produsearje se mei de wjukken in hommels, tongerjend lûd dêr't rôfdieren faak kjel fan wurde. By it eigentlik fleanen produsearje se in fluitsjend lûd.
De auerhin is yn syn hiele ferspriedingsgebiet in stânfûgel dy't it jier rûn yn deselde kontreien bliuwt. De hoannen fan 'e auerhin binne sterk territoriaal; de wyfkes folle minder. By 't maityd beslacht it territoarium fan in hoanne yn optimale omstannichheden 50–60 ha, en dat fan in hin sa'n 40 ha. De territoaria fan hoannen en hinnen oerlaapje inoar, mar dy fan bisten fan itselde geslacht net. By 't winter, as de fûgels yn berchtmen troch stoarm en snie twongen binne om in legere terreinhichte op te sykjen, sadat se tichter opinoar sitte, binne de territoaria fan needs lytser. Soms foarmje se winterdeis lytse kloften dy't yn groepsferbân foerazjearje, mar dy binne skaat nei geslacht, dus hoannen by hoannen en hinnen by hinnen.
Wannear't de peartiid foar de auerhin begjint, hinget ôf fan sokke faktoaren as it waar yn 'e maityd, de ûntwikkeling fan 'e fegetaasje en de hichte boppe seenivo. Oer it algemien kin lykwols sein wurde dat de peartiid duorret fan maart of april oant maaie of juny. Trijefearn fan dy snuorje wurdt yn beslach nommen troch de territoriale rivaliteit tusken de hoannen út oanbuorjende territoaria of hoannen dy't itselde baltsterrein brûke. Om yndruk te meitsjen op 'e hinnen pronkje de hoannen op in tûke yn in beam mei harren waaiersturt opset, de wjukken by it lichem wei holden en de kop omheech, wylst se harren aparte baltsliet sjonge. Dat bestiet út in rige dûbele klikken dy't wol wat wei hawwe fan it lûd fan in potsje tafeltennis. It giet stadichoan flugger oant it kulminearret yn in ploplûd as fan in koark dy't út in wynflesse komt, folge troch skraabjende lûden.
Tsjin 'e ein fan 'e peartiid arrivearje einlings en te'n lêsten de hinnen, oan wa't it meastepart fan it krewearjen fan 'e hoannen foarbygien is. It pronkjen en sjongen fan 'e hoannen giet dan fierder op 'e grûn, en as it allegearre de goedkarring fan in hin weidrage kin, folget de pearing, wêrby't de hin op 'e grûn lizzen giet en de hoanne der boppe-op klimt. As der mear hoannen oanwêzich binne, is it de heechste yn 'e pikoarder dy't pearje mei. Hinnen binne tige fetber foar steurings en naaie út by de minste of geringste oanwizing dat der in rôfdier of in minske oan komt. By hoannen is it krektoarsom: dy ferlieze yn 'e peartiid troch in oerskot oan it hormoan testosteron krekt alle natuerlike eangst foar minsken.
Likernôch 3 dagen nei de pearing begjint de hin mei it lizzen fan 'e aaien, wat 10 dagen duorje kin. In nêst kin 4–12 aaien befetsje, mar ornaris binne der likernôch 8. De hoanne hat nei de pearing neat mear mei it grutbringen fan syn neiteam te krijen. It brieden duorret 26–28 dagen, en de hin bliuwt dei en nacht op it nêst, dat se op 'e grûn makke hat. Oan it begjin fan 'e briedtiid binne de hinnen skrikfallich en springe se samar fan it nêst om beskûl yn 'e beammen te sykjen, mar tsjin 'e ein hawwe se troch gewenning leard om lytse fersteurings te duldzjen. Se komme nea mear as in oere deis fan it nêst om te foerazjearjen.
Nei't de aaien útkommen binne, bliuwe de piken yn 't earstoan noch folslein ôfhinklik fan 'e hin foar waarmte. Lykas alle nêstflechters hawwe auerhinpiken daliks al in eigen kleed fan dûns, mar se kinne noch net har eigen lichemstemperatuer (41 °C) op peil hâlde. Har fretten sykje se fan it begjin ôf al selsstannich, ûnder tafersjoch fan 'e hin. De piken frette benammen ynsekten, lykas eamels, toarren, rûpen en larven. Se groeie fluch en kinne mei 3–4 wiken al in bytsje fleane. Fan dy tiid ôf bringe se de nacht troch yn in beam. Mei 6 wiken kinne se har lichemstemperatuer regulearje, mei't it dûns ferfongen is troch it fearrekleed fan in adolesint. As se in fearnsjier âld binne ferfearje se op 'e nij en krije se har folwoeksen oansjen. Fan dy tiid ôf kinne hoannen en hinnen fan op ôfstân faninoar ûnderskaat wurde. Om begjin septimber hinne geane de piken by de mem wei, earst de hoannen en letter ek de hinnen.
Fretten
bewurkje seksjeDe auerhin is in omnivoar, dy't by't simmer en hjerstmis in tige ferskaat dieet hat, besteande út knoppen fan 'e bûk en de koetsebeibeam, blêden, beien (fral blebberbeien), gerzen en ynsekten en oar lyts wrimelt lykas spinnen, tûzenpoaten en wjirms. Winterdeis yt er benammen nullen fan konifearen, benammen fan soarten dinnen, spjirren en sulverspjirren. Om sokke taaie winterkost te fertarjen, hawwe auerhinnen ferlet fan gastroliten: lytse stientsjes dy't se trochslokke, wêrnei't se troch de nullen yn 'e mage te pletsjen helpe by de fertarring.
Natuerlike fijannen
bewurkje seksjeDe wichtichste rôfdieren dy't auerhinnen bejeie, binne de Jeraziatyske lynks (Lynx lynx) en de wolf (Canis lupus), hoewol't dy eins de foarkar jouwe oan wat gruttere proaien. De brune bear (Ursus arctos) snipt ek wolris in auerhin. Lytsere rôfdieren, lykas de foks (Vulpes vulpes), de stienmurd (Martes martes), de beamotter (Martes foina) en ek in omnivoar as it everswyn (Sus scrofa) binne benammen gefaarlik foar aaien en piken, mar net foar folwoeksen auerhinnen salang't se dy wache bisten net alhiel oer it mad komme. Wat rôffûgels oangiet, binne de keningsearn (Aquila chrysaetos), de hauk (Accipiter gentilis) en de oehoe (Bubo bubo) de wichtichste natuerlike fijannen fan 'e auerhin. De goesearn (Haliaeetus albicilla) hat it mear op wetterfûgelt foarsjoen, mar der binne dokumintearre gefallen út 'e kontreien fan 'e Wite See dat er ynstee de auerhin bejage.
Status
bewurkje seksjeDe auerhin hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen. Yn Jeropa allinnich al libje nei skatting 1,5–2 miljoen auerhinnen, hoewol't der oanwizings binne dat der in delgeande trend bestiet. Dizze fûgel is tradisjoneel jachtwyld yn frijwol syn hiele ferspriedingsgebiet, mar yn West-Jeropa hat er no frijwol oeral in beskerme status, yn Skotlân en Dútslân al sûnt mids 1980-er jierren. Yn guon lannen yn East-Jeropa kin oerbejaging pleatslik in bedriging foar populaasjes fan 'e auerhin ynhâlde.
Undersoarten
bewurkje seksjeDer binne 12 (stân fan saken yn 2024) erkende ûndersoarten fan 'e auerhin (Tetrao urogallis):
- Akwitaanske auerhin (T. u. aquitanicus) (de Pyreneeën)
- gewoane auerhin (T. u. urogallus) (Skandinaavje en Skotlân)
- grousnaffelauerhin (T. u. crassirostris) (de Alpen oant Estlân)
- Kantabryske auerhin (T. u. cantabricus) (Kantaabrje en Astuerje)
- Karelyske auerhin (T. u. karelicus) (Finlân en Kareelje)
- lonnbergauerhin of Lonnbergs auerhin (T. u. lonnbergi) (it Kolaskiereilân)
- Noardrussyske auerhin (T. u. obsoletus) (noardlik Jeropeesk Ruslân)
- Oeralauerhin (T. u. uralensis) (de Oeral en westlik Sibearje)
- pleske-auerhin of Pleske's auerhin (T. u. pleskei) (Wyt-Ruslân)
- rudolfauerhin of Rudolfs auerhin (T. u. rudolfi) (Bulgarije oant de súdwestlike Oekraïne)
- taczanowski-auerhin of Taczanowski's auerhin (T. u. taczanowskii) (sintraal en eastlik Sibearje, eastlik Kazachstan, noardlik Sinkiang-Oeigoerje en noardlik Mongoalje)
- Wolga-auerhin (T. u. volgensis) (sintraal Jeropeesk Ruslân)
De Kantabryske auerhin (T. u. cantabricus) is slim bedrige, mei in populaasje fan mar in seishûndert eksimplaren. Yn Skotlân waard de lânseigen populaasje tusken 1770 en 1785 útrûge troch oerbejaging en habitatferlies. Dat wie foar 't neist in trettjinde ûndersoarte, dy't lykwols útstoar foar't er wittenskiplik beskreaun wurde koe. De hjoeddeistige populaasje auerhinnen yn Skotlân is dêr letter út Skandinaavje wei reyntrodusearre.
Njonken de ûnderskate ûndersoarten fan 'e auerhin, besteane der ek hybriden fan 'e auerhin mei de kuorhin (Lyrurus tetrix). Sokke krusings ûnderskiede har fan 'e (gielsnaffelige) auerhin troch in swarte snaffel. Yn it Dútsk wurdt sa'n bist oantsjut as Rackelhuhn. Yn it easten fan it ferspriedingsgebiet fan 'e auerhin, yn Sibearje, komme ek hybriden foar fan 'e auerhin mei de nau besibbe rotsauerhin (Tetrao urogalloides).
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|