Kwartels
De kwartels (wittenskiplike namme: Coturnix), ek wol de echte kwartels neamd om se te ûnderskieden fan 'e ûnechte kwartels (Synoicus), foarmje in tûke fan 'e klasse fan 'e fûgels (Aves), it boppeskift fan 'e goes- en hineftigen (Galloanserae), it skift fan 'e hineftigen (Galliformes), de boppefamylje fan 'e fazantfûgels (Phasianoidea), de famylje fan 'e fazanteftigen (Phasianidae), de ûnderfamylje fan 'e echte fazanten (Phasianinae) en de tûke fan 'e kwartelfûgels (Coturnicini). Dit skaai omfettet seis soarten, wêrfan't ien relatyf resint útstoarn is. De bekendste soarte is de (gewoane) kwartel (Coturnix coturnix), dy't ek yn Fryslân libbet. Kwartels komme foar yn Jeraazje, Afrika, Austraalje en foarhinne ek Nij-Seelân. Nochris fjouwer útstoarne soarten dy't foarkamen op 'e eilannen fan Makaroneezje yn 'e Atlantyske Oseaan binne bekend troch fossilen.
kwartels | ||
In harlekynkwartel (Coturnix delegorguei). | ||
Taksonomy | ||
ryk: | dieren (Animalia) | |
stamme: | rêchstringdieren (Chordata) | |
ûnderstamme: | wringedieren (Vertebrata) | |
klasse: | fûgels (Aves) | |
ûnderklasse: | moderne fûgels (Neornithes) | |
tuskenklasse: | nijkakigen (Neognathae) | |
boppeskift: | goes- en hineftigen (Galloanserae) | |
skift: | hineftigen (Galliformes) | |
boppefamylje: | fazantfûgels (Phasianoidea) | |
famylje: | fazanteftigen (Phasianidae) | |
ûnderfamylje: | echte fazanten (Phasianinae) | |
tûke: | kwartelfûgels (Coturnicini) | |
skaai: | kwartels (Coturnix) | |
Garsault, 1764 | ||
Taksonomy
bewurkje seksjeIt taksonomyske skaai fan 'e kwartels waard yn 1764 yntrodusearre troch de Frânske ealman en biolooch François Alexandre Pierre de Garsault. De wittenskiplike namme fan it skaai, Coturnix, is it Latynske wurd foar de (gewoane) kwartel (Coturnix coturnix). It skaai omfiemet teminsten 12 ûnderskate soarten. Dêrûnder binne 5 libbene soarten, 1 resint útstoarne soarte (de Nijseelânske kwartel), en 6 fossile soarten. Dy lêsten komme út Makaroneezje, de eilannen yn it eastlik-sintrale part fan 'e Atlantyske Oseaan, te witten: de Azoaren, Madeara, de Kanaryske Eilannen en de Kaapverdyske Eilannen. Se binne nei alle gedachten weiwurden trochdat de minske him op dy eilannen fêstige.
Foarhinne waarden ek de blauwe kwartel (Synoicus adansonii), de brune kwartel (Synoicus ypsilophora) en de Sineeske dwerchkwartel (Synoicus chinensis) ta it skaai fan 'e kwartels rekkene, mar dy soarten binne op basis fan DNA-ûndersyk út 2009 oerpleatst nei it skaai fan 'e ûnechte kwartels (Synoicus).
Omskriuwing
bewurkje seksjeKwartels libje yn pearkes of lytse sosjale kloften en foarmje foar de fûgeltrek gruttere swaarmen. Net alle soarten binne trekfûgels, mar wol binne se allegearre by steat om tige fluch op te fleanen om oan gefaar te ûntsnappen. Oars as soarten út nau besibbe skaaien út 'e tûke fan 'e kwartelfûgels (Coturnicini) strike kwartels net del yn beammen. Ynstee libje se op 'e grûn, dêr't se in grut part fan harren tiid besteegje oan foerazjearjen nei sieden en lyts wringeleas dierte. Karakteristike habitats foar kwartels binne greiden, flakten, iggen fan rivieren dy't beseame binne mei leech strewelleguod, en ikkers beplante mei nôtgewaaksen. Harren wichtichste natuerlike fijannen binne ferskate soarten haukfûgels.
Soarten
bewurkje seksjeLibbene en resint útstoarne soarten
bewurkje seksje
|
Fossile soarten
bewurkje seksjeFan 'e eilannen fan Makaroneezje yn 'e Atlantyske Oseaan binne de folgjende fossilen bekend:
- Azoreeske kwartel (Coturnix alabrevis) †
- Kaapverdyske kwartel (Coturnix centensis) †
- Kanaryske kwartel (Coturnix gomerae) †
- Madearakwartel (Coturnix lignorum) †
Dêrnjonken binne restanten weromfûn fan noch trije oare kwartelsoarten fan Makaroneezje, dy't omreden fan harren fragmintaryske steat lykwols gjin eigen wittenskiplike namme krigen hawwe. It giet dêrby om Coturnix sp. A fan it eilantsje Bugio by Madeara, Coturnix sp. B fan Santa Maria yn 'e Azoaren en Coturnix sp. C fan Graciosa, ek yn 'e Azoaren. Troch it ûntbrekken fan folsleine skeletten fan dizze fossilen is it net mei wissichheid te sizzen dat it gjin ôfwikende eksimplaren binne fan 'e fjouwer boppeneamde útstoarne Makaronezyske soarten of fan 'e gewoane kwartel (Coturnix coturnix), dy't ek op 'e eilannen fan Makaroneezje foarkomt.
Oare fossile soarten binne:
- Coturnix gallica út it Lette Oligoseen oant it Lette Mioseen fan it Ibearysk Skiereilân en Midden-Jeropa
- Coturnix donnezani út it Iere Plioseen oant it Iere Pleistoseen fan Jeropa
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|