Flakte-Yndiaanske Gebeartetaal
Flakte-Yndiaanske Gebeartetaal (Ingelsk: Plains Indian Sign Language, PISL) is in gebeartetaal en eardere pidgintaal dy't foarhinne troch Yndiaanske befolkingsgroepen as lingua franca foar hannelskontakten brûkt waard yn 'e westlike Feriene Steaten, súdlik Kanada en in lyts diel fan noardlik Meksiko. Hoewol't de namme ferwiisd nei de Grutte Flakten waard dizze taalfoarm likegoed brûkt yn 'e Rocky Mountains, it Amerikaanske Súdwesten en Noardwesten en yn 'e nullewâldgurdle benoarden de Grutte Flakten. Yn Kanada, dêr't de oantsjutting "Yndiaansk" as kwetsend beskôge wurdt, sprekt men fan Plains Sign Talk ("Flaktegebeartepraat").
Flakte-Yndiaanske gebeartetaal | ||
algemien | ||
oare namme(n) | Plains Indian Sign Language, PISL, Plains Sign Talk | |
lânseigen yn | Feriene Steaten Kanada Meksiko | |
tal sprekkers | ûnbekend | |
taalbesibskip | ||
taalfamylje | ● gebeartetaal ● isolearre ● Flakte-Ynd. Gebeartetaal | |
dialekten | Navaho-Gebeartetaal, Swartfuotske Gebeartetaal | |
taalstatus | ||
offisjele status | gjint | |
erkenning as minderheidstaal |
gjint | |
taalkoades | ||
ISO 639-3 | psd |
Taalbesibskip en gebrûk
bewurkje seksjeFlakte-Yndiaanske Gebeartetaal is in foarm fan gebeartetaal dy't him yn isolaasje fan oare gebeartetalen ûntjûn hat. Dizze taalfoarm ûntstie as in pidgin en waard oarspronklik benammen brûkt as lingua franca by hannelskontakten tusken leden fan ferskillende Yndiaanske etnyske groepen dy't inoars (sprutsen) taal net machtich wiene. Letter die Flakte-Yndiaanske Gebeartetaal ek tsjinst as dôvegebeartetaal. It oantal hjoeddeistige brûkers fan dizze taalfoarm is ûnbekend, mar it is wol dúdlik dat it meastepart fan 'e brûkers no út dôven bestiet. Teffens binne der noch altyd guon hearrenden dy't Flakte-Yndiaanske Gebeartetaal as twadde taal brûke.
Taalgebiet
bewurkje seksjeTa it histoaryske taalgebiet fan 'e Flakte-Yndiaanske Gebeartetaal hearde hast de hiele westlike helte fan 'e Feriene Steaten, mei as eastgrins in baarjende line dy't fan noard nei súd rûn fan 'e kust fan 'e Michiganmar yn súdeastlik Wiskonsin troch noardwestlik Illinois, eastlik Missoury, eastlik Arkansas en sintraal Louisiana nei de kust fan 'e Golf fan Meksiko. Yn it suden rikte it taalgebiet oant yn Meksiko, mar yn it westen hearden it grutste part fan Kalifornje en súdwestlik Oregon der net ta. Yn it noarden besloech it taalgebiet fan 'e Flakte-Yndiaanske Gebeartetaal it súdlike twatrêde part fan 'e Kanadeeske provinsje Britsk-Kolumbia (útsein Vancouvereilân), hast hiel Alberta, Saskatchewan en Manitoba, en Ontario útsein it uterste suden fan dy provinsje. Ek hearden sintraal Kebek en súdlik Labrador derta.
De Yndiaanske folken wêrby't it histoarysk gebrûk fan 'e Flakte-Yndiaanske Gebeartetaal dokumintearre is, binne (ferdield nei wengebiet):
- Grutte Flakten: Arapaho, Arikara, Assiniboin (Assiniboine), Gro Wânt Gros Ventre), Hidatsa, Kajowa (Kiowa), Komantsjen (Comanche), Krieën (Crow), Mandan, Omaha, Osadzje (Osage), Oto, Pâny (Pawnee), Ponka (Ponca), Sarsy (Sarcee), Sjajinnen (Cheyenne), Sû (Sioux), Swartfuotten (Blackfeet), Witsjitta (Wichita).
- Amerikaanske Noardwesten: Kajûs (Cayuse), Kalispel, Keur d'Alêne (Coeur d'Alene), Kûtenai, Nez Persé, Palûs (Palus), Plathollen (Flathead), Spokên (Spokane), Sanpoil, Umatilla.
- Amerikaanske Súdwesten: Apachen, Marikopa, Navaho (Navajo), Papago, Pima, Sûny (Zuni), Tiwa.
- Grutte Dobbe: Jût (Ute), Pajût (Paiute), Sjosjoanen (Shoshone).
- Kust fan 'e Golf fan Meksiko: Atakapa, Karankawa, Koähuilteken (Coahuiltecos), Tonkawa.
- Noarden en Grutte Marren: Dûnneza (Beaver), Huroanen, Kry (Cree), Odjibwe (Ojibwe of Chippewa).
Skiednis
bewurkje seksjeFanwegen it brekme oan skreaune boarnen út 'e tiid foarôfgeande oan 'e kolonisaasje fan Noard-Amearika troch de Jeropeänen is it ûnbekend wannear't de Flakte-Yndiaanske Gebeartetaal krekt ûntstien is. Mar de ierste beskriuwings fan 'e kontakten tusken de Spanjerts en de Yndianen fan 'e noardkust fan 'e Golf fan Meksiko, yn wat no Teksas is, meitsje gewach fan in folslein ûntwikkele gebeartetaal dy't by de earste ûntdekkingsreizen yn dat gebiet al yn gebrûk wie. Under dy beskriuwings binne reisferslaggen fan Álvar Núñez Cabeza de Vaca út 1527 en fan Francisco Vázquez de Coronado út 1541.
As gefolch fan in stikmannich faktoaren, net yn it minste plak de depopulaasje fan Noard-Amearika dy't it gefolch wie fan 'e oarloggen mei de blanken en de sykten dy't troch de blanken út Jeropa meibrocht waarden, naam it tal brûkers fan 'e Flakte-Yndiaanske Gebeartetaal fanôf de twadde helte fan 'e achttjinde iuw sterk ôf. Yn 1885 waard rûsd dat der doe noch mear as 110.000 lju wiene dy't dizze gebeartetaal machtich wiene, benammen mank de Swartfuotten, Sjajinnen, Lakota, Kajowa en Arapaho. Tsjin 'e 1960-er stie de Flakte-Yndiaanske Gebeartetaal frijwol op útstjerren.
William Philo Clark, dy't ûnder de oarloggen tsjin 'e Flakte-Yndianen yn it Amerikaanske Leger tsjinne, wie de auteur fan The Indian Sign Language, it earste wittenskiplike wurk dat oan 'e Flakte-Yndiaanske Gebeartetaal wijd wie, en dat yn 1885 yn 'e oarspronklike printinge publisearre waard. Dêrta heart in alomfetsjend leksikon fan gebearten, mei dêroan tafoege djipdollende kommentaren oer de skiednis en de ûnderskate kultueren fan 'e Yndiaanske folken dy't gebrûk makken fan sokke gebearten. Dit boek is noch altyd yn in nije útjefte beskikber.
Taalstatus
bewurkje seksjeDe Flakte-Yndiaanske Gebeartetaal wurdt brûkt yn 'e Feriene Steaten, Kanada en Meksiko, mar hat yn gjinien fan dy trije lannen in offisjele status, noch wurdt it earne erkend as minderheidstaal.
Dialekten
bewurkje seksjeDer binne twa ôfwikende dialekten fan 'e Flakte-Yndiaanske Gebeartetaal bekend, te witten Navaho-Gebeartetaal mank de Navaho fan it Amerikaanske Súdwesten, en Swartfuotske Gebeartetaal ûnder de Swartfuotten fan noardlik Montana en súdlik Alberta. Yn beide gefallen binne hjoeddeistige brûkersoantallen ûnbekend.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side. |