Nijlemmer
Nijlemmer (ek wol Nijelemmer, Stellingwerfsk: Ni'jlaemer, Nederlânsk en offisjeel Nijelamer) is in agrarysk streekdoarp oan de Skipsleat west fan Wolvegea yn de gemeente Weststellingwerf.
Nijlemmer | ||
Brêge fan Jikke oer de Skipsleat | ||
Polityk | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Fryslân | |
Gemeente | Weststellingwerf | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 145 (1 jannewaris 2023)[1] | |
Befolkingsticht. | 8,49 km², wêrfan: - lân: 8,30 km² - wetter: 0,19 km² | |
Stêdekloft | 16 ynw. / km² | |
Oar | ||
Postkoade | 8487 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 52° 53' N 5° 57' E | |
Offisjele webside | ||
www.delamers.nl | ||
Kaart | ||
It doarp hat in losse bebouwing, in echte doarpskearn is der net en de measte pleatsen steane net oan de dyk, mar in stik it lân yn. By de Haadwei en Skipsleatwei lâns steane ferspraat mar in pear huzen.
Nijlemmer hat 145 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners.
Skiednis
bewurkje seksjeNijelemmer ûntstie yn de lette midsiuwen oan de súdkant fan de âlde Wardyk. Dy Wardyk stiet op de gritenijkaart fan de atlas fan Schotanus út 1716 en bochte troch it westen en noarden fan Weststellingwerf. Hy kaam út it suden fan Aldetrine en gie mei in bocht troch Aldlemmer en Nijlemmer en mei twa heakske bochten noch fierder nei it easten troch Nijeholtwâlde hinne om by Aldeholtwâlde wer in bocht nei it suden ta te meitsjen oan de westlike flank fan Teridzert ta.
Tsjerke
bewurkje seksjeOarspronklik hie Nijlemmer in eigen tsjerke, dy't foar de reformaasje oan Jehannes de Evangelist wijd wie. It wie in ienfâldich sealtsjerkje mei in houten klokkestoel oan de westlike gevel. It tsjerke stoartte by in swiere stoarm yn 1747 yn en waard doe ferfongen troch in klokkestoel.[3] De klokkestoel mei helmdak is oarspronklik út 1795 en is yn de rin fan de tiid in pear kear fernijd. De klok is yn 1599 getten troch Willem Wegewaert.
Turfstekkerij
bewurkje seksjeYn de Tegenwoordige Staat van Friesland waard yn 1788 skreaun: een Dorp van maatigen omtrek [...] ten Noordoosten van ‘t voorige [Oldelamer], aan denzelfden rydweg of Weerdyk gelegen. Door den zwaaren stormwind van den 12 December 1747, stortte hier een gedeelte der kerk in, die daarna voorts geheel is afgebroken. Weleer werd hier zeer veel turf gegraaven, en thans nog eenige, loopende de turf Wyken alle uit in de Kuinder. Ook loopt door dit Dorp de Schipsloot van en naar Wolvega.
Op de gritenijkaart yn de atlas fan Eekhoff út 1850 binne de spoaren fan de feangraverij te sjen. It gebiet noardwestlik fan de Skipsleat is ien fan de lêste yn kultuer brochte feangebieten fan Fryslân.
De arsjitekt Gerben Bergsma út Wolvegea tekene yn 1928 it ûnwerp foar it ekspresjonistysk-saaklike gemaal oan de Skipsleat. Ek makke hy de ûntwerpen foar in tal pleatsen fan ferskillende typen yn dat gebiet. Tsjintwurdich makket de iisklub fan Nijlemmer gebrûk fan it monumint.
Mienskip
bewurkje seksjeIt doarp hat in doarpshûs foar sosjale aktiviteiten lykas biljerten.
Strjitten
bewurkje seksjeBoelstrawei, Haadwei, Koaiwei, Skipsleatwei, Stadburen.
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Weststellingwerf | ||
---|---|---|
Doarpen en útbuorrens: Aldeholtpea • Aldeholtwâlde • Aldetrine • Aldlemmer • Blesdike • De Blesse • Boyl • Easterstreek • Finkegea • De Hoeve • De Langelille • Munnikebuorren • Nijeholtpea • Nijeholtwâlde • Nijetrine • Nijlemmer • Noardwâlde • Pepergea • Sânhuzen • Skerpenseel • Slikenboarch • Sonnegea • Spangea • Steggerda • Teridzert • Wolvegea | ||
Buorskippen: Boekelte • De Grêft • Rysberkampen • Skoattersyl (foar in part) | ||
· · |