Rambo III
Rambo III is in Amerikaanske aksjefilm út 1988 ûnder rezjy fan Peter MacDonald, mei yn 'e haadrollen Sylvester Stallone en Richard Crenna. It ferhaal folget John Rambo, in âld-kommando út it Amerikaanske Leger en in feteraan út 'e Fjetnamoarloch, as er ûnder de Sovjet-besetting fan Afganistan nei dat lân ôfreizget. Dêr is syn freon en eardere kommandant Sam Trautman by in geheime misje om 'e Afgaanske mûdjahediin te befoarriedzjen, kriichsfinzen nommen troch de ûnmeilydsume kolonel Zajsen fan it Reade Leger. Rambo is wisberet om him te befrijen. Rambo III wie it trêde diel út 'e Rambo-filmsearje en folge as sadanich op Rambo: First Blood Part II, út 1985. De film stiet bekend om syn ekstreme geweld, alteast wat it tal tsjinstanners oangiet dat troch Rambo deamakke wurdt. Mei in budget fan tusken de $58 en 63 miljoen wie Rambo III doedestiden de djoerste film dy't ea makke wie. De film, dy't opdroegen is oan "it gallante folk fan Afganistan", krige mingde resinsjes fan 'e filmkritisy, mar wie in kommersjeel súkses yn 'e bioskopen. In fjirde diel út deselde filmsearje, mei as titel Rambo, kaam tweintich jier letter út, yn 2008.
Rambo III | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Peter MacDonald | |
produsint | Buzz Feitshans | |
útfierend produsint |
Mario Kassar Andrew G. Vajna | |
senario | Sylvester Stallone Sheldon Lettich | |
kamerarezjy | John Stanier | |
muzyk | Jerry Goldsmith | |
filmstudio | Carolco Pictures | |
distribúsje | TriStar Pictures | |
spilers | ||
haadrollen | Sylvester Stallone Richard Crenna | |
byrollen | Marc de Jonge Sasson Gabai Kurtwood Smith Doudi Shoua | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 25 maaie 1988 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | aksjefilm | |
taal | Ingelsk (ek wat Russysk en Pataansk) | |
spyltiid | 101 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $58-63 miljoen | |
opbringst | $189,0 miljoen | |
filmsearje | ||
filmsearje | Rambo | |
● foarich diel | Rambo: First Blood Part II | |
● folgjend diel | Rambo (film) |
Plot
bewurkje seksjeTrije jier nei syn misje yn Fjetnam hat feteraan út 'e Fjetnamoarloch en âld-kommando yn it Amerikaanske Leger John Rambo him nei wenjen set yn in boedistysk kleaster yn Tailân, dêr't helpt by de bou fan in nije stoepa. Dêrnjonken nimt er yn Bangkok diel oan wedstriden fan krabi krabong, in Taiske fjochtsport wêrby't de dielnimmers inoar mei twa koarte stokken te liif geane. It jild dat er dêrmei fertsjinnet, draacht er ôf oan it kleaster. Syn kalm fuortskolferjende bestean wurdt fersteurd as er besite kriget fan syn eardere oerhearrige en âlde freon kolonel Sam Trautman en CIA-man Robert Griggs, dy't op 'e Amerikaanske ambassade yn Tailân wurket.
Dy beiden besykje Rambo te rekrutearjen foar in geheime misje nei Afganistan, dêr't de Russysk-Afgaanske Oarloch oan 'e gong is. It Afgaanske ferset tsjin 'e besetting fan it lân troch de Sovjet-Uny, de mûdjahediin, kriget op in soad plakken de oerhân no't se troch de Feriene Steaten fan Stinger-antyloftdoelraketten foarsjoen wurde. Der is lykwols ien lyts part fan Afganistan, fuort tsjin 'e grins mei Pakistan oan, dêr't de pleatslike Russyske kommandant, in kolonel Zajsen, sa'n skrikbewâld fêstige hat, dat de Amerikaanske befoarrieding de mûdjahediin dêre net berikke kin. In misje û.l.f. Trautman moat dêr feroaring yn bringe. De kolonel wol Rambo graach mei hawwe, mar dy betanket foar de ear, sizzende dat "de oarloch foar [him] dochs ienris ôfrûn wêze moat."
Dat, Trautman en syn ienheid sette sûnder Rambo mei de misje útein, wêrby't se stipe wurde troch de mûdjahediin. Koart nei't se út Pakistan wei de Afgaanske grins oerstutsen binne, rinne se lykwols troch ferrie yn in mûklaach fan 'e Russen. Ferskate leden fan 'e misje wurde deasketten foar't de rest him oerjout. Under de kriichsfinzenen is ek Trautman sels. Neitiid wurdt Rambo jitris opsocht troch Griggs, dy't him oer it lot fan syn freon fertelt en ek dúdlik makket dat de Feriene Steaten net nochris itselde risiko rinne wolle. Der wurdt sadwaande gjin rêdingsteam útstjoerd. Dêrop freget Rambo oft Griggs him Afganistan binnenloadse kin om Trautman te rêden. Griggs warskôget him dat er yn dat gefal folslein op himsels oanwiisd wêze sil, en dat de Amerikaanske oerheid, yn it gefal dat hy ek finzen nommen wurdt, ûntstride sil dat se sels mar fan syn bestean ôfwitte. Rambo antwurdet dat er dat wol wend is.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Wylst Trautman finzen sit yn 'e Russyske legerbasis fan kolonel Sergej Zajsen, dêr't er troch Zajsen en syn boal, sersjant Koerov, oan martelings ûnderwurpen wurdt, beävensearret de CIA Rambo syn reis nei Peshawar, yn Pakistan. Dêr oankommen, makket er kontakt mei Mûsa Ghani, in Afgaanske flechtling en in lid fan 'e mûdjahediin, dy't him as gids tsjinje sil om ûnopgemurken de grins oer te stekken. Sûnder dat Rambo en Ghani it witte, is Ghani syn assistint lykwols it lek yn 'e organisaasje en in ynformant yn 'e tsjinst fan Zajsen. Sadwaande is dy fan alle bewegings fan Rambo op 'e hichte. Ghani liedt Rambo fia omwegen nei in doarp oan 'e Afgaanske kant fan 'e grins ta. Dêr moetet er de pleatslike mûdjahediin, dy't ûnder lieding steane fan it doarpshaad Masûd. Hja binne lykwols huverich om foar Trautman, dy't se net kenne, de nekke út te stekken.
Wylst de striders noch yn berie binne, arrivearret Zajsen mei twa gefjochtshelikopters fan it Reade Leger by it doarp, dat er dêrnei mei de grûn lyk makket. In grut tal fan 'e mûdjahediin, mar ek froulju, bern en oare non-kombatanten, fine de dea. Rambo brûkt in stik loftdoelgeskut om, ta ûntsteltenis fan Zajsen, ien fan 'e helikopters del te heljen. Neitiid binne Masûd en de oare mûdjahediin dermei besteld om harren húshâldings yn feilichheid te bringen troch se te evakuëarjen nei oarekant fan 'e Pakistaanske grins.
Rambo wegeret lykwols en jou syn misje op. Mei inkeld Ghani en de tsienjierrige weesjonge Hamid (dy't temûk efter harren oan glûpt nei't Rambo him fuortstjoerd hat) ynfiltrearret Rambo ûnder beskûl fan it nachtlik tsjuster de Russyske legerbasis. Dêr pleatse hy en Ghani op ferskate plakken tiidbommen. Rambo wit troch te kringen oant yn 'e tsjerkers en kontakt te lizzen mei Trautman, mar Hamid lûkt by fersin de oandacht fan in bewekker en wurdt yn 'e skonk sketten, wêrnei't Rambo en Ghani har sûnder wat bedijd te hawwen mei de ferwûne jonge in wei út 'e basis fjochtsje moatte. Dat slagget harren troch de gaos dy't de ôfgeande tiidbommen feroarsaakje.
Nei't er Ghani opdracht jûn hat Hamid nei Pakistan te bringen, risselwearret Rambo foar in nije wraam op 'e basis fan Zajsen. Hoewol't er sels ek ferwûne rekke is, beklimt er in steil klif oan 'e efterkant fan 'e basis, dat de Russen ûnbeklimber achtsje en dêr't se sadwaande net folle patrûljearje. Sa wit Rambo de basis fannijs binnen te kringen, diskear by ljochtskyndei. Nei't er wer syn paad nei de tsjerkers socht hat, befrijt er Trautman en trije manlike en twa froulike Afgaanske finzenen. Sânresom stelle se de Mil Mi-24-gefjochtshelikopter fan Zajsen, dy't nei in syktocht nei Rambo en Ghani krekt weromkeard wie om te tanken. Hoewol't it tastel troch it loftdoelgeskut fan 'e basis sa skansearre rekket dat se der net fier mei fleane kinne, ûntsnappe se der wol mei út 'e basis. Ien fan 'e Afgaanske manlju rûgelet út 'e helikopter en falt te pletter, mar de oare fjouwer Afganen betankje Rambo hertlik en sykje nei de hurde lâning har eigen wei.
Rambo en Trautman flechtsje geandefoets troch de woastinige bergen fan eastlik Afganistan. As se in helikopter oankommen hearre, sykje se beskûl yn in stelsel fan grotten. Spetznaz-kommando's fan it Reade Leger, û.l.f. sersjant Koerov, efterfolgje harren dêre, mar Rambo beslûpt en deadet harren ien foar ien, wêrfoar't er syn jachtmês, pylk-en-bôge en syn bleate hannen brûkt. Rambo ferneatiget de helikopter fan 'e Russen troch der in pylk mei eksplosive lading op ôf te sjitten. Koerov is de lêste oerlibbene fan Russyske ienheid. Hy komt Rambo oer it mad, mar yn in man-tsjin-mangefjocht blykt er net tsjin dyselde opwoeksen, en Rambo hinget him op oan it tou dêr't er mei út 'e helikopter abseild wie, wêrnei't syn lyk útinoar blaasd wurdt troch de beide hângranaten oan syn gurdle dêr't Rambo de pinnen út lutsen hat.
Neitiid ferfetsje Rambo en Trautman harren flecht nei de Pakistaanske grins, mar mei it doel yn sicht wurde se dêr opwachte troch de hiele legermacht fan Zajsen, besteande út ynfantery, ferskate pânserfiertugen, in tank en Zajsen syn lêste Mil Mi-24-gefjochtshelikopter. De beide mannen reitsje besingele, mar binne net fan doel om har oer te jaan, mei't se witte wat harren yn finzenskip fan Zajsen te wachtsjen stiet. Se wurde rêden as hûnderten leden fan 'e mûdjahediin, oanfierd troch Masûd, út Pakistan wei de Afgaanske grins oer komme en in kavalery-oanfal op hynders útfiere tsjin 'e Russyske troepen. Zajsen lit syn mannen halje-trawalje in heale slach draaie om 'e nije driging tsjin te kearen.
Dêrop falle Rambo en Trautman harren yn 'e rêch oan. Mei in granaatwerper skeakelje se ferskate pânserfiertugen út. Hoewol't er op 'e nij ferwûne rekket, slagget it Rambo om 'e Russyske tank te kapen. Zajsen falt mei syn helikopter de tank oan, wylst Rambo út 'e tank wei weromsjit op 'e helikopter. De fjildslach berikt in hichtepunt mei dat healwize duël tusken in tank en in gefjochtshelikopter en twa mannen dy't beide fan gjin wiken witte wolle. Uteinlik komt it ta in fysike botsing tusken de tank en de leechfleanende helikopter. De helikopter ûntploft, wêrby't Zajsen omkomt. Rambo rêdt it libben derôf troch de swiere bepânsering fan 'e tank. Neitiid betankje Rambo en Trautman de mûdjahediin. Masûd biedt Rambo in plak yn syn leger oan, mar Rambo betanket dêrfoar. Wylst hy en Trautman yn in Jeep de Pakistaanske grins oer ride, seit Trautman tsjin him: "Ik jou it net graach ta, mar neffens my binne we slop oan it wurden."
Rolferdieling
bewurkje seksje- haadrollen
personaazje | akteur/aktrise |
John Rambo | Sylvester Stallone |
kolonel Sam Trautman | Richard Crenna |
- byrollen
personaazje | akteur/aktrise |
kolonel Aleksej Zajsen | Marc de Jonge |
Mûsa Ghani | Sasson Gabai |
Hamid | Doudi Shoua |
Robert Griggs | Kurtwood Smith |
Masûd | Spiros Fokas |
sersjant Koerov | Randy Raney |
Joeri | Shaby Ben-Aroya |
Tomask | Marcus Gilbert |
Nissem | Alon Abutbul |
Rahim | Mahmoud Assadollahi |
Chalid | Yosef Shiloach |
Produksje en distribúsje
bewurkje seksjeProduksje
bewurkje seksjeDe earste ferzje fan it senario fan Rambo III waard skreaun troch Harry Kleiner, dy't û.m. ek it skript foar Red Heat makke hie. Syn ferzje fan Rambo III waard lykwols ôfwiisd troch haadrolspiler Sylvester Stallone, dy't troch syn ûnmisberens (om't nimmen oars de rol fan John Rambo spylje koe) grutte ynfloed op 'e produksje útoefene. De úteinlike ferzje fan it senario waard skreaun troch Stallone sels en Sheldon Lettich. De film soe oarspronklik regissearre wurde troch Russell Mulcahy, mar nei't de opnamen al in pear wiken oan 'e gong wiene, waarden dyselde en ferskate oare leden fan 'e filmcrew ûntslein en ferfongen omreden fan in yngeand mieningsferskil mei Stallone. It probleem waard yn 2006 troch Stallone sels yn in fraachpetear sa beskreaun:
"[Mulcahy] gie twa wiken foar my nei Israel mei de taak om inkele tsientallen gemien útsjende Russyske soldaten te casten. Dy keardels moasten [it filmpublyk] de grize oer de grouwe gean litte. Doe't ik op 'e filmset oankaam, waard ik dêr opwachte troch in stik as fiifentweintich blonde, blau-eagige knappe jonges dy't wol lieken as wiene se ôfwiisd foar in surfwedstryd. No is it sa dat Rambo net benaud is fan wat wjerstân, mar om oanfallen te wurden troch in espel trêderangs modellen soe wolris syn ein wurde kinne. Ik lei myn teloarstelling út oan Russell [Mulcahy], en dy wie it hielendal net mei my iens, dat doe haw ik him en syn leger siden sokken it gat fan 'e doar wiisd."
It plak fan Mulcahy waard ynnommen Peter MacDonald, dy't earst de assistint-regisseur west hie. Dy funksje hied er ek hân by it foargeande diel Rambo: First Blood Part II en in grut tal oare films, dat hoewol't Rambo III syn debút as regisseur wie, hied er in protte ûnderfining. As produsint wie Buzz Feitshans by it projekt belutsen foar de filmstudio Carolco Pictures fan Mario Kassar en Andrew G. Vajna, dy't sels as útfierende produsinten tafersjoch oer de hiele produksje hiene. Foar Rambo III wie in budget beskikber fan $58 oant 63 miljoen; dêrmei wie it yn 1988 de djoerste film dy't ea makke wie. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan John Stanier, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Jerry Goldsmith.
Opnamen
bewurkje seksjeDe opnamen foar Rambo III fûnen yn 1987 plak yn Tailân, Israel en Arizona. De sênes dy't yn Tailân spylje, waarden ek echt yn dat lân opnommen. De sêne mei de krabi-krabongwedstryd (it stôkfjochtsjen) waard troch regisseur MacDonald sels filme mei in hânkamera. De rest fan 'e film, dy't yn Afganistan spilet, soe yn Israel opnommen wurde, mar dêr wiene sa'n soad beheinings oangeande wêr't wol en wêr't net filme wurde mocht, dat de produsinten en Stallone úteinlik besleaten dat it ûnwurkber wie en de hiele produksje weromhellen nei de Feriene Steaten. Dêr waard fierder filme yn 'e woastyn fan Arizona, dêr't earder ek al omsjoen wie nei gaadlike filmlokaasjes. In kloft fan likernôch 250 lju dy't yn har frije tiid belutsen wiene by it neispyljen fan fjildslaggen út 'e Amerikaanske Boargeroarloch waard (mei in protte nocht) ynset as figuranten foar de gefjochten tusken de Russen en de Afganen.
Regisseur MacDonald sei yn in fraachpetear yn 2013 oer de opnamen fan Rambo III: "Ik haw omraak besocht om it personaazje fan Rambo in bytsje te feroarjen en fan him in kwetsbere en humoristyske persoan te meitsjen. Ik haw dêr folslein yn faald."
Distribúsje
bewurkje seksjeDe distribúsje fan Rambo III waard fersoarge troch TriStar Pictures. De film gie op 25 maaie 1988 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde yn maaie 1988 by platemaatskippij Scotti Bros. Rambo III waard yn 'e 1980-er jierren útbrocht as VHS-keapfideo en kaam op op 23 novimber 2004 foar it earst út op dvd en op 23 maaie 2008 foar it earst op blu-ray.
Untfangst
bewurkje seksjeFan 'e filmkritisy krige Rambo III mingde resinsjes. Gene Siskel fan 'e Chicago Tribune joech de film in tomme omheech, mar fan Roger Ebert fan 'e Chicago Sun-Times krige de film in tomme omleech, hoewol't er dêroan taheakke dat de film ûnderhâldend wie en levere wat er yn 'e oanbieding bewearde te hawwen. Yn The New York Times moast Janet Maslin neat fan Rambo III hawwe.
Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Rambo III in ûndergemiddeld goedkarringspersintaazje fan 39%, basearre op 36 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Yn [dizze film] is de rjochtdei hâldende held fier ôfdwaald fan it ta neitinken stimmende drama dêr't de franchise mei begûn – en al like fier fan aksjefilmfermaak fan kwaliteit." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Rambo III in goedkarringspersintaazje fan 36%, basearre op 15 resinsjes.
Geweld
bewurkje seksjeYn 1990 helle Rambo III it Guinness Book of World Records as de gewelddiedichste film aller tiden, mei 221 geweldsdieden, teminsten 70 eksploazjes en mear as 108 personaazjes dy't sichtber deamakke waarden. (De fjirde film út 'e searje, Rambo, út 2008, gie dêr noch rom oerhinne mei 236 lju dy't sichtber deamakke waarden.)
Resultaat
bewurkje seksjeOpbringst
bewurkje seksjeRambo III brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $53,7 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $135,3 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $189,0 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $58 oant 63 miljoen betsjut dat in winst fan teminsten $126 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Yn 'e Amerikaanske bioskopen ûnderfûn Rambo III frijwat konkurrinsje fan Crocodile Dundee II, dat dêr yn deselde snuorje draaide.
Rambo III wie in kommersjeel súkses, mar lang net sa grut as de foargeande film út 'e searje, Rambo: First Blood Part II, út 1985. De produsinten wiene sadwaande danich teloarsteld en der kaam fuort gjin ferfolchfilm mear út. Pas yn 2008 soe in nije Rambo-film útbrocht wurde, mei as titel koartwei Rambo. David Morrell makke in ferboeking fan Rambo III, dy't ek Rambo III hjit.
Prizen
bewurkje seksjeSylvester Stallone 'wûn' mei Rambo III de Golden Raspberry Award foar minste akteur. De film waard ek nominearre foar de Golden Raspberry Awards foar minste film, minste regisseur, minste byrol fan in akteur (Richard Crenna) en minste senario.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |
Rambo (filmsearje) | |
---|---|
First Blood (1982) • Rambo: First Blood Part II (1985) • Rambo III (1988) • Rambo (2008) • Rambo: Last Blood (2019) |